image

Ferlet fan Frysk

In Deltaplan foar it Frysk kin net ophâlde nei de paragraaf ûnderwiis. It komt oan op in belied dat soarget foar ferlet fan it Frysk.

Friduwih Riemersma & Abe de Vries - Fers2 nû. 11, 27 maaie 2015

Yn it nije provinsjale koalysjeakkoart fan CDA, VVD, SP en FNP wurdt in Deltaplan Frysk oankundige. Deltaplan is in dûbelsinnige namme: tusken it oanrikken fan dat plan, mei fan 1937 ôf in hieltyd driuwender warskôging foar in katastrofe, en it begjin fan de Deltawurken yn 1953 siet, yndie, in katastrofe. It Deltaplan Frysk sil de posysje fan ús twadde rykstaal fersterkje. It sil dat dwaan troch mear Frysk yn it ûnderwiis te bringen. En miskien ek troch it befoarderjen fan it Frysk praten by de oerheid sels? Want de provinsje jout it goede foarbyld, seit it akkoart. Dat lêste falt lykwols noch te besjen.

De provinsje wiist derop dat er de ferantwurdlikheid foar de Fryske taal en kultuer dielt mei de ryksoerheid, en dat ek de gemeenten wetlike ferplichtingen hawwe oangeande it Frysk. Mar it liket derop dat it Frysk foar de provinsje benammen lúkse is en gjin needsaak. It koalysjeakkoart seit bygelyks dat der, ynstee fan mear dosinten Frysk, fergese ‘digitale learmiddels’ komme moatte. It heger ûnderwiis moat ‘folge wurde kinne’ en de provinsje sil ûndersykje hoe’t it Frysk yn it fuortset ûnderwiis in populêrder karfak wurde kin. Fan Fryske kultuer is fierder hielendal gjin sprake.

Lit ús no efkes nei Klaske Sipma sjen. Dat is in mûtel jongfaam fan 17 jier; se sit op it athenaeum fan in skoallemienskip yn Ljouwert en se docht aansen eksamen yn ûnder mear it Frysk. Wêrom? De trochsneedlearling makket de kar foar fakken om’t se it leuk fynt, mei de learaar praat hat en tinkt dat se der letter wat oan hat. Klaske mei graach ris in Frysk gedicht lêze – keunst yn har eigen memmetaal rekket har op ien of oare manier djipper. Op har skoallemienskip, dêr’t sa’n 1500 learlingen omstappe, binne der nóch fiif dy’t ek eksamen Frysk dwaan sille. Yn hiel Fryslân binne dat der in lytse fyftich.

In lytse fyftich. Wylst yn de provinsje mear as de helte fan de ynwenners it Frysk sprekt en hast alle ynwenners it Frysk ferstean.

In nij taalplan is dus heechnedich. Mar Klaske freget har ôf oft dat der wol foar soargje sil dat der takom jier mear Frysk keazen wurdt. Neffens har sil de provinsje neitinke moatte oer de fraach oft de meartalichheid, dy’t gâns sosjale en persoanlike foardielen ha soe en dus al jierren it beliedsútgongspunt is, wol foldocht. Meartalichheid is neffens har nammentlik in oar wurd foar taalûnderdrukking.

Yn Europa is meartaligens de noarm, allyksa yn Fryslân,’ seit de provinsje. Dat kloppet: it taalferskaat op ierde is grut en der binne yn de wrâld mear meartalige as ientalige minsken. Likegoed liedt dy sitewaasje op ûnderskate wizen ta taalbelied. Nim it kanton Bern yn Switserlân. Dêr is net inkeld it waarberjocht yn it Bärndütsch; op alle nivo’s fan it sosjale libben is dy taal trochfierd, fan de jisketsjinst oant de rjochtbank. De twadde offisjele taal yn Bern is it Frânsk – net it Hochdeutsch. Dan is der ek noch it Standertswitserk: dat is de ûnderwiistaal. Dy lykberjochtiging fan ûnderskate talen yn Bern liedt lykwols net ta mear analfabetisme of sosjale ôfbraak of it fuortfloeien fan kultureel kapitaal.

De provinsje Fryslân seit, as soe dat logysk wêze: ‘Wy sette dêrom fol yn op meartalich ûnderwiis.’ Mar dat is hielendal net sa fanselssprekkend, want Bern hat dat net. Dat taalferskaat sawat synonym is mei minne ekonomyske prestaasjes is ien fan de krêftichste klisjees yn de polityk. In oare, nea ûndersochte platitude is dat it Ingelsk de ‘tool’ is foar befrijing fan minderheden yn de mondiale mienskip. Dêrom moat elkenien perfoarst Nederlânsk en Ingelsk leare. Mar der wurdt net by sein dat inkeld it learen fan de mearderheidstaal as twadde taal al deselde ekonomyske efficiency jout as ientalichheid. Der is dus sprake fan in kar troch de provinsje, fan in ideologyske kar. Yn de Fryske praktyk komt meartalich ûnderwiis ommers del op in hiel lyts bytsje Frysk en in bulte Nederlânsk (en Ingelsk). De wize sa’t hjir ‘meartalichheid’ brûkt wurdt as legitimaasje foar net-Frysk ûnderwiis is oars net as in manoeuvre dy’t it Nederlânsk neist it Frysk ferankeret op syn dominante en optwingerige plak. Meartalichheid betsjut by ús deagewoan: sa min mooglik Frysk.

Dêrom binne de Fryske taal en kultuer folle better ôf mei ientalich ûnderwiis. It brûken fan de eigen taal, ek yn it ûnderwiis, is ommers in belangryk minskerjocht. It is troch taal dat wy ússels en oaren identifisearje en dat wy kommunisearje en tinke. Taal is in teken fan identiteit. It ûnderdrukken fan in taal liedt ta ûnfrede en konflikt. It rjocht op it brûken fan de eigen taal is yn Nederlân wol wetlik fêstlein, mar de letter fan de wet bliuwt betsjuttingsleas as er net aktualisearre wurdt, dat wol sizze, sûnder ôfstimming op it safolle mooglik deistich brûken fan it Frysk, thús mar ek op alle maatskiplike nivo’s.

De Baskyske oanpak fan normalisaasje fan it sprekken fan de minderheidstaal, it Euskera, soe ek as model tsjinje kinne foar Fryslân. Yn Baskelân kin men kieze út trije ûnderwiisfoarmen: Baskysk inkeld as fak, ûnderwiis heal-om-heal yn it Spaansk en it Baskysk, en ûnderwiis yn it Baskysk mei Spaansk as fak. De lêste foarm is dêr hiel populêr. Dat komt net allinne om't it taalbelied dêr demokratysk ta stân kaam is en sadwaande in breed draachflak hat. Ek wurde alle oerheidsfunksjonarissen toetst op behearsking fan it Baskysk. Boppedat slute hieltyd mear private organisaasjes en bedriuwen har by dy ynset foar it Baskysk oan sadat yn alderhanne banen dêr’t kontakt is mei it publyk, lykas it ûnderwiis en de media, easke wurdt dat de wurknimmers it Baskysk brûke. ‘Wy moatte gean fan Baskysk hat ferlet fan dy nei: ik ha ferlet fan Baskysk,’ seit dêr de steatssiktaris fan Taalbelied.

By ús moat it útgongspunt fan belied wurde: ‘Freegje net watsto dwaan kinst foar it Frysk, mar wat it Frysk dwaan kin foar dy.’ Om te begjinnen moat ientalich, Frysk of Nederlânsk, ûnderwiis ynfierd wurde, sadat men kieze kin foar de eigen taal. Nim dêrnei de yn in útjefte fan de provinsje, Taal fan it hert (2004), proklamearre twatalichheid yn Fryslân serieus: ‘Dat betsjut dat it Frysk rûnom praat wurdt en brûkt wurde kin.’ Al alve jier is dat op de measte plakken yn Fryslân, ynbegrepen it ûnderwiis, hielendal net it gefal. It libben hâlden fan it Frysk fereasket dat der ferlet is fan it Frysk yn Fryslân. In Deltaplan foar it Frysk hâldt dêrom net op nei de paragraaf ûnderwiis. Taalnormalisaasje ferûnderstelt dat Klaske Sipma en dy oare 47 skoalbern dy’t dit jier Frysk eksamen dien hawwe – en dyjingen dy’t, ûntmoedige troch de Fryske ideology fan ‘meartalichheid’, gjin Frysk keazen – net sûnder maatskippij kinne dêr’t it Frysk brûken noarm en eask is. Dêr’t it Frysk net rûnom brûkt wurde kin, mar rûnom brûkt wurdt.

Mear fan Abe de Vries

Kaleidoskopyske blik op it resinte Fryske fers Nije poëzyblomlêzing!
Adieu oan in humanistyske dichter In Memoriam Jaap Veenstra, 17 March 1959 - 31 October 2020
Twa flearen
De dobbe in dobbe, dêr’t ûnderwetter­sliners -/ gjin swimbad foar doekje-derom-winers
Oan Sulpicia Sulpicia, kom nei dy ûnheilsnacht/ Wer feilich nei dyn haven ta
‘As der ris in jongfaam opstie’ Waling Dykstra en froulike skriuwers yn de Fryske literatuer
In ko ferkeapje yn ’e sted Ljouwert Ik haw myn kobist fêstbûn oan in appelbeam …
Dan koe se in man út it plak keare Tusken de memorabele frouljusfigueren yn de literatuer yn Nederlân soe ek maklik de Fryske Haitskemoai fan Waling Dykstra stean kinne.
It Russyske haadstik Ferfryskingen: Brodsky syn
‘Cape Cod’, fers II
Dan wer koekút, dan wer nachtegeal Literatuer, as estetysk oardere tekst, omfiemet neist de sjenres poëzij en proaza, mei alle sub- en mingfoarmen dy’t dêrby hearre, ek it liet.
1 2 3 4 5 6 7 8 9