abe de vries - rink

Foar Rink, no’t er in stien krije sil

Abe de Vries - Fers2 nû. 2.17, 6 novimber 2016

Trêdzje skulpebrekkend fierder nei it easten

oer de âld spoardyk, de ûngediene achterkant

fan de arbeidershuzen bylâns, fermôge,

bryksakke túnstekken, dy’t oerhingje

as obers yn ’e kroech oare kant de sleat –

                ferdwyn dan

foarby de reiden lange skaden yn

fan iken en iperen wachters.

Dan komst út by de potskippersfeart

en sjoch, in útwrydsk ljocht falt dêr

út ’e krocht op in rychje stiennen,

nederich op ’e grûn. Yt de toarnbeien

en de roazebottels, wês sels de plestik roas,

de stoer foar it oergean, it wachtsjend papier.

Byneed: yt stien

om in namme op te dollen út in terp,

in fûstbile út it sân, in lyk út it fean.

Om in doel treffende pylkpunt fan ’e pinne

yn tiids fitrine en faaks

om in swolch út it bûsfleske.

Dy’t bedobbe leit ûnder in stobbe

wurdt aansens ûnder stjurre magma wei

mei ’t kommen en bliuwen yn letters en sifers –

               ferdwyn dan

mei in boek wer ûnder de bûken,

no’t it beskreaun is, net sa’tst kaamste,

mar oer de gieltsjes en troch it izeren stek,

de kronkeldyk mar op, oan wjerskanten wylgen.

Mear fan Abe de Vries

It Russyske haadstik Ferfryskingen: Brodsky syn
‘Cape Cod’, fers I
It Russyske haadstik Ferfryskingen: Mandelstam syn ‘Tristia’
‘Foar ús tiden net mear te brûken’ De beoardieling fan njoggentjinde-ieuske Fryske literatuer foar it Fryske folk yn 1950
Fernijing en ferballing Fryske poëzij yn it Friesch Volksblad, 1876-1882. Poëzij wurdt estetisearre sielkunde om 1900 hinne …
Tsjinwynkronyk 2018 #4 It fjirde en lêste fearnsjier fan it kulturele haadstêdklapstik wurdt it stadich dúdlik dat it aansen om is, sûnder ‘legacy’, sûnder …
‘Tsiere, haspelje, iggewearje’ It Fryske toaniellibben yn Amsterdam, 1885-1900, #2:
De toanielmasters
‘Tsiere, haspelje, iggewearje’ It Fryske toaniellibben yn Amsterdam, 1885-1900, #1: De ferieningen
Brekkend! Webside Beammeboek stilset In moanne lyn koene wy de webside fan de nijste kanon­assimblaazje, Salang’t de beam bloeit, al net fine.
Twataligens op ’e planken Yn de Fryske diglosse taal­sitewaasje fan 1880 brûkten se de minderheids- en de steatstaal neistinoar op ’e toanieljûn.
De frijtinker fan Ferwert: Pieter Westra Foar in grut part moat de Fryske njoggentjinde-ieuske parse­skiednis noch skreaun wurde …
1 2 3 4 5 6 7 8 9