image eppie dam 'genede moat ik neat fan ha'

Poëzy

Ien oersetting fan Dèr Mouw en ien eigen sonnet

Eppie Dam - Fers2, nû. 4.20, 16 desimber 2018

➰➰

’k Bin Brahman. Mar we sitte sûnder faam.

Ik doch yn hûs allinnich wat ik kin:

’k smyt smoarch wetter fuort en helje skjin;

mar ’k ha gjin skûldoek; gjin servetsje naam.

Sij seit dat dat gjin wurk is foar in fint.

En ’k fiel my helpleas, skurf en ûnbekwaam

as sij myn lang bewende santekraam

betsjoent mei wat se kôket yn har elemint.

En altyd eare ik Him dy’t him ûntjout

ta feeëry fan wrâld en keunst en witten:

as sij my jout myn pantsje havermout

en ’k sjoch de barsten yn har koatsjes sitten

dan fiel ’k deselde adoraasje brânen

foar Stjer, Bach, Kant, en har ferylte hannen.

Genede moat ik neat fan ha

mar twa fammen laitsje my ta

Ik, gjin Brahman, tink himels oer myn faam.

en stroffelje oer wurden sa’t ik bin,

it maklik praten stadichoan benaam.

Sij seit dat ik as dichter gâns oerwin.

Ik fiel my helpleas, skurf en ûnbekwaam

want sij berêdt myn siel en santekraam,

dêr’t ik úteinlik noch sa’n jern bij spin.

En altyd eare ik him, dêr op it hout,

it summum west fan tsjinstberhyd en lijen:

as hij de grutste griemer al ferjout

dan is yn ’t libben alles goed te krijen

en folgje ik it spoar fan tolve mannen,

ús lot yn Martha’s en Maria’s hannen.

Dizze fersen binne op fideo foardroegen op de boekpresintaasje Dof fiolet is ’t west. 16 sonnetten fan Dèr Mouw op 15 desimber 2018 yn Tresoar. It earste sonnet is in oersetting fan Johan Andreas dèr Mouw, it twadde is in eigen sonnet. Haye Bijlstra makke de fideoopnamme fan de foardracht.

Mear fan Eppie Dam

stik foar stik ik in mins hat sân gesichten / in dichter ken se út ’e holle
Dèr Mouw, [Neist myn pendule] Neist myn pendule sit, yn konsintraasje / fergien, de iisfûgel fan Van Hoytema
Dèr Mouw, Dof fiolet is ’t west Dof fiolet is ’t west en pearzich griis. / Noch rin ik troch it swier beripe gers
Kavanagh, De lange tún It wie de tún fan de gouden appels, / In lange tún tusken it spoar en de wei;
Stiengrize grûn O stiengrize grûn fan Monaghan, / De laits fan myn leafde hast meinom;
Monaghans hichten Monaghans hichten, / Jim ha my makke ta de man dy’t ik bin
Gedichten fan Eppie Dam: Jûn ha wij yn Idzegea Jûn ha wij yn Idzegea it ljocht útswaaid / en koe mei koarting fan de hjerst
Gedichten fan Eppie Dam: En doe it siikmeitsjend Frysk Ik woe de deis nei Grins wer sûnder kop/ en starte moarns – it wie in oer of seis
Gedichten fan Eppie Dam: Animal Farm &slquo;Franciscus’ Ik bin net de grutste draver,/ net de grutste draver fan ’e stâl
Oersetting fan Brodsky: In mich Tewylsto songst, is de hjerst al oanbrutsen./ In spoen hat de kachel oanstutsen.
1 2 3 4 5