image Gjin sjueryrapport foar de Gysbert Japicxpriis 2021

Opiny

Nei oanlieding fan dit stik publisearre Tresoar op 16 novimber de sjuerytaspraak, holden op de priisútrikking. Fers2 hat alle dokuminten oer de priistakenning en -útrikking 2021, en dêrby it sjueryrapport, ‘wobt’ by de provinsje Fryslân.

Gjin sjueryrapport

foar de Gysbert Japicxpriis 2021

De sjuery fan de Gysbert Japicxpriis foar Fryske literatuer kin seis wiken nei it bekendmeitsjen fan it winnende wurk gjin rapport sjen litte fan hoe’t hja ta har kar kommen binne. Der bestiet gjin prize­reglemint dat ta in rapport ferplichtet. In deugdlik sjueryrapport is in sine qua non foar it prestiizje fan de priis.

Friduwih Riemersma - Fers2 7.5, 12 novimber 2021

De saaklike 16 wurdsjes fan Tresoar juster kamen as in skok. Der is gjin sjueryrapport fan de Gysbert Japicxpriis “beskikber op dit stuit. It is meikoarten te lêzen by Sirkwy.” De belangrykste literêre priis foar Fryske literatuer is dit prizejier, 2021, kommen sûnder sjueryferantwurding. Al seis wiken lyn, op 30 septimber, is Gysbert Japicxpriis takend. Seis dagen lyn waard er útrikt. Papier­tekoart, in berucht gefolch fan de Covid-19-pandemy, is net de oarsaak. Want it sjueryrapport ferskynt digitaal. It uploaden fan in rapport op it ynternet kostet in heale sekonde. En Sirkwy is Tresoar syn eigen webside; se kinne derop sette wat en wannear’t se wolle. Mar in reden foar it net “beskikber” stellen fan it sjueryrapport jout Tresoar net. De datum dat der in sjueryrapport komt, jouwe se likemin.

Dêr komt by, de Dichter fan Fryslân wûn de priis. De provinsje is eigner fan ’e Gysbert Japicxpriis, likegoed as eigner fan de Dichter fan Fryslân. Liket dat net fertocht op provinsjaal sels-lokwinskjen mei syn ynstitút fan Dichter fan Fryslân? Hoe faak bart it ek net dat bygelyks it bêste proefskrift fan it akademysk jier bepriizge wurde sil, mar de universiteit, tsjint­wurdich in kommersjeel bedriuw, hat allang keazen foar it proef­skrift dat polityk it glêdst en yn ’e media it spektakulêrst is, sadat klinkende nammen socht wurde inkeld om de priis te pimpen: in kompetinte mar ympotinte sjuery? Foar it sjuerylid dat it net snapte, dat de taak útfiert dêr’t er foar frege is, dus ûnbetelle alle tesissen analysearret, skriftlik hifket en sa ta in ûnderboude kar komt dy’t net de pre­fabrisearre kar fan de universiteit is, wurdt in oplossing fûn. Sst!

Mar foar konkelfoezerij is hjir gjin bewiis. Oan ’e iene kant, jawis, in sjueryrapport is in hurde betingst foar in ûnderskieding foar in bûtenwenstige prestaasje en tagelyk in logysk gefolch fan it earlik en saakkundich takennen derfan. Ommers sjueryleden hearre al it kandidearre wurk systematysk en sa objektyf mooglik te beoardieljen. Se besjogge it ûnpartidich, ûnôfhinklik en neffens deselde helder formulearre mjitstêven en ferlykje dan al it wurk meiinoar en komme op dy manier ta in kar fan ien of mear keunst­wurken dy’t treflike kwaliteit hawwe. Fan dy diskusje en de beslút­foarming fan de sjuery is it sjueryrapport in oersjoch. It rapport it dus net in taheakjen oan it ‘eigentlike’ sjurearjen, mar de organyske frucht derfan: it is in gear­fetting fan de evaluaasje-oantekens fan alle sjueryleden apart en fan de notulen fan har plenêre oerlizzen. Hat de sjuery sels it oarderjen & ynsieden fan it hiele pak oantekens ta in rapport net oan tiid, dan docht in sekretaris dat, of yn ús gefal in amtner. Dy skriuwe alle dagen rapporten en hawwe it samar klear.

Oan ’e oare kant, hoe ûnûntkomber oft in sjueryrapport ek ûntstean moatte soe yn saakkundich, profesjoneel keunstsjurearjen, de Gysbert Japicxsjuery hat net in eksplisite, formele opdracht krigen om in skriftlik ferslach te skriuwen fan syn seleksjeproses. De Gysbert Japicxpriis hat nammentlik gjin reglemint. Neat ferplichtet de sjuery om syn beslútfoarming skriftlik te ferantwurdzjen.

De Gysbert Japicxpriiseigner, de provinsje Fryslân, hat gjin inkelde regel ynsteld foar de sjuery. Dat is it him krekt. Hifket de sjuery net al it wurk, dan kin net ien der wat fan sizze, want nearne stiet dat dat moat. Lêst de sjuery sels net al it wurk, dan kin noch gjinien der wat fan sizze—dat de sjuery it wurk hifkje soe lei trouwens nea foar de hân, want gjin fan de trije sjueryleden hat ferstân fan literatuer. Literatuer artistyk beoardielje dogge jo net út ’e losse pols.

Dêrmei binne wy yn maart dit jier nei de provinsje gien. It gie/giet ús om it ôfkealle draachflak fan de Gysbert Japicxpriis. Us doel is in priis dy’t better better droegen wurdt, troch de skriuwers likegoed as troch it publyk. Om de priis mear draachflak te jaan wolle jo witte: wat hawwe de skriuwers en it publyk dêrfoar nedich? De skriuwer wol earnst nommen wurde. Dat hâldt yn, proses­mjittich, dat der op in serieuze manier nei syn boek sjoen wurdt. In serieuze manier is, earst, dat fan tefoaren bekend is wêr’t de sjuery nei sjen sil. Oftewol, oan hokker kritearia oft in boek foldwaan moat, dat moatte se oankundigje. Twad, serieus is dat de sjuery syn oardiel skriftlik en dúdlik beargumintearret oan de hân fan in beskate checklist, lykas dat in skripsje beoardiele wurdt op de universiteit. De iene kandidaat moat net oars behannele wurde as de oare.

It publyk hat ek wat nedich. Want jo wolle de Fryske taal en literatuer tagonkliker meitsje: jo wolle dat it publyk mear Fryske boeken lêst. Dêrfoar is nedich, earst, in yndirekt proses: as de priis in grutter draachflak krijt, stjoere mear skriuwers yn—op ’t heden wolle in stikmannich skriuwers de Gysbert net op har CV hawwe om’t de rook fan partidigens stridich is mei de yntegriteit fan de keunst. En benammen set in priis mei draachflak in standert foar goeie literatuer, sadat de kwaliteit fan de boeken omheech giet. Twad promoatsje jo de boeken, allegearre, net allinnich it winnende boek mar ek de shortlist en eventueel longlistboeken, troch in serieuze beoardieling. De beoardielingskwaliteit fan de sjuery giet omheech, ha wy sein, mei in list fan generike hifkingskritearia.

Mar wat de provinsje mei ús advys die is oan de provinsje. Boppedat, as de provinsje de sjuery al hifkingskritearia jûn hat, witte jo noch net wat de sjuery dêrmei dwaan woe of koe. Ommers in listke fuotbaloertrêdingen makket fan my gjin EK-skiedsrjochter. Dat nimt tsien jier trening, likefolle as literatuerkritikus.

En wêr’t wy yn maart net oan ta kamen, wat wy net sein ha tsjin de provinsje, blykt no in fatale ommisje: it feit dat it betrouwen yn de sjuery syn kwaliteitsoardiel ek, of just, ôfhinget fan transparânsje oer syn beoardieljen. Ferantwurdzjen fan jo beoardieling, dy’t gien is neffens in bekende rige kritearia, is echt wat oars as rjocht­feardigjen fan jo kar efterôf, “meikoarten”.

In sjuery moat net inkeld foar de rjochter korrupsje ûntkenne kinne mei bewiis. In sjuery moat sels de skyn fan partidichheid, lit stean fan korrupsje, wjerstean as tefal. De sjuery moat sa wurkje dat it deagewoan net by jo opkomt dat der wol ris oare belangen jilde koene as de skjintme fan de keunst en de lêzers fan tsjinst wêze en dy dêrby belûke. Dat is wêr’t keunstprizesjuerys ynternasjonaal tige hurd oan wurkje: earlik, transparant en oanspraaklik wêze, wylst se it ljocht skine litte oer de keunstners har optimale wurkwizen.

Keunstprizesjuerys soargje, om it prestiizje fan de priis ûnbe­kladde te hâlden, dat it sjueryrapport foar elkenien te sjen is op it stuit dat se de winner oankundigje. Se soargje dat jo it fine op de webside fan de priis sels; net op dy fan in tredde partij lykas Tresoar want hoe sit it mei belangeferfrisseling? Transparânsje—en iepen koöperaasje—is it fûnemint ûnder it draachflak fan de priis. In sjueryrapport dat net iepenbier “beskikber” is stiet gelyk oan: gjin sjueryrapport.

Dat de provinsje hat wat út te lizzen en bart dat net fluch dan keallet it draachflak ûnder de Gysbert fierder ôf. De sneak peeks, de saneamde sitaten út it sjueryrapport foar de parse, dy’t bewize moatte dat in sjueryrapport bestiet, hawwe spitigernôch just net dy yndruk makke. Se lykje clickbaity, paksty!-sjoernalistyk: “Deze dichter vindt zichzelf bijna bij alle gedichten opnieuw uit, zoals hij dat eerder ook al deed bij al zijn bundels.” Wat moatte jo tinke fan in sjuerytaspraakje dat stiif stiet fan lichemsleaze superlativen dy’t nearne begryplik nei ferwize, as in efterflap op speed. Dat kin allinne mar—wat no bart—befêstigje dat de Gysbert Japicxpriis gjin ferlet hat fan útlis oan it lêzersfolk: dat er ‘boartersguod foar úslju’ is.

Beskiedend foar de betrouberens fan in sjueryrapport is syn libbene konkreetheid. Wat jo wolle is in blik op de echte, rûge oantekens dy’t de sjueryleden makken doe’t se by de strofe kamen mei de beppe yn it bosk, de groulike slachtosken ûntbleate en it tupperwaretromke mei de hamburgers ploft foar it lyrysk ikje har riboskjende knibbels; hoe’t se dêrtroch troffen waarden om’t se it foar har seagen, sa sterk byldzjend as it wie, mar tagelyk meinommen waarden troch oare rigels yn in hiel oare bondel, dêr’t de obsedearre kaptein mei bionyske lea lang om let in harpoen fjurje sil nei de wite walfisk, syn alter ego, en de jambyske linen driuwe de weagjende obsesje, ensafuorthinne.

Dy konkrete foarbylden meitsje it proses fan de sjuery ynsichtlik. Se oertsjûgje. Mar boppe-al litte se de lêzer sjen wat in spannend avontuer oft it yngeand lêzen fan ús Fryske literatuer is, om’t dy literatuer sels fol gêsting sit en draaikolken en ûnferwacht stille doarpspleintsjes dêr’t wat stedsdokes flirte. It liket derop dat de sjuery dat nea ûntdutsen hat—of it “meikoarten” noch ûntdekke moat.

Mear fan Friduwih Riemersma

Se kin wis skriuwe mar se hat it te drok Kultuerpolityk, Sirkwyseksisme en Fryske frouljusliteratuer
Gjinien sprekt wierheid tsjin macht De tsjûgen fan de macht fan Aggie van der Meer
Grutte hearskip gult net Koart ferhaal
De Wuttelhaven del tritich jier letter
Pleit foar in planeet mei in keunstprinsyp Stienkeal fan Elmar Kuiper
Eare oan Aggie van der Meer dy’t de Gysbert Japicxpriis fertsjinnet
De ienheid yn diggels del De koart ferhaalsyklus Ho Wu en Misty Mac van Aggie van der Meer
Rinne yn it Waling Dykstra-wurdboek Synonimen, hast-synonimen en presisearringen fan rinne
Bus Ien foar ien skoot ús mem de kofjekopkes en pantsjes oan ’e kant en dêr stiet er, de geheimdoaze
Joke Corporaal har ûntmoedigjen fan de froulike skriuwers 1:4 Gysbert Japicxprizen
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15