
Grand tour
Foar Geertje en Sieger
God brekt ûnrjochtfeardige rjochters de nekke,
tocht de mem. En liet har soan gean op grand tour.
Op dy dei fan ’e Heare waaide it oer de jikkers,
it stode de bouwen oer, de wite sleatsflear
bûgde djip foar de oantrún út it noarderhêf.
In gystene grûnsee rûn hast de kearing oer;
de poarte fan ’e stins hie stoarm tsjin, foarfêst.
Dochs wol ik winskje, God, as it heal kin,
jo lieten myn soan Itaalje sjen, sa bea de mem.
Sjocht er dy sinne net, sil er him oait noch sjen?
En doe’t de soan it hiem fan syn neiste sibben,
it oerkommelingsgea fan syn jonkheid ferliet,
op it fjurrichst hynder fan stâl de wrâld yn ried,
liet er it út ’e loften drek en dridze reine.
Net folle letter skreau se, ta seine, har brieven
fol mei hinderpeallen foar kweade aksjes
en fermoanningen, om net as in sloffe smarpot
te libjen, sûnder tuchtmaster, mei de dieven.
Om avensaasje mei de eksersysjes te meitsjen
en net yn in minne reputaasje te reitsjen,
mar te learen mei de Grutten om te gean;
grutsk op komôf, eare te hawwen fan kreaze klean.
Sjoch Itaalje, jonge, skreau se, en reizgje dêr om,
sadree’t de loft skjin is en de pest op reis werom.
Mar wachtsje dy foar de djippe dronk,
mij de ferflokte tabak, en slach acht op it
roomske kwea. Dêr’tst licht troch tadwaan fan
ferkeard selskip al in reis fan krigen hast?
O, mem, sa skreau de soan nei in jier werom,
it giet min mei my; kaptalen haw ik ferbrast,
in slimme sykte ha ’k skipe, ús erfskip ferpatst;
en gjin rigel om by te skriuwen yn ’e annalen
is my bybleaun út myn dogen, dat ik fierder ferdom.
O, mar mem, ik sil jo neame, wêr’t ik mar kom,
ik sil jo earje yn myn lieten en ferhalen!
Mar de dei fan ’e Heare kaam dy’t se freze.
It begûn net mei hoannekraaien yn it hôf
of it ratteljen fan ’e amers, in gichel fan ’e faam.
Dêr oan de foet fan ’e achthoekige toer
trochbruts, sa’t men letter hearde fan ’e wacht,
gjin rôt de brede, blakstille omsingeling,
gjin hûn dy’t de stilte briek nei neare nacht.
De poartedoarren kriisden iepen, in wolkom,
tagelyk in ôfskie – seis hynders foar de baar
en in burdman, klaaid yn ’t swart op ’e bok.
Oan de kym kamen frjemde fûgels oan ’e loft
en it like, yn ’e fierte stie in heabult yn ’e brân.
Rouwe gie om yn ’t hiele rânelân.
Har soan, har soan! – wie fan syn grand tour werom.
Yn syn lêste brief nei hûs, op ’t omskot fûn,
skreau er: ‘Mem, men hat my goeried jûn:
wol ik de sinne kommen sjen, de nije moarn,
dan moat ik fierder, fierder nei it Grikelân!
No bou ik my in skip, dat ’k aanst yn ’t wetter lit,
om ûnder seil te gean nei ’t aventoer,
nei Atene, Sparta – mei myn lêste stoer!’
Mear fan Abe de Vries
Atsee Nee, de boarnen binne net ienriedich oer / Hoe’t it teneate gong en wa’t net woe |
Foar Rink, no’t er in stien krije sil Trêdzje skulpebrekkend fierder nei it easten/ oer de âld spoardyk, de ûngediene achterkant |
Omkearing fan fabels Dit binn’ de dagen net fan ’e doarpen yn ’e omkriten./ Fierder as it stoart wankt, op ’e hast bouripe blabze, |
Minder minsken foar mear literatuer Demokratisearring en Fryske literatuer, 1960-1975 |
Wachtsje op de lêste debutant? Untjouwingen yn it útjaan fan Frysktalige poëzij, 2005-2016 |
Wolkom yn Fryslan! Noch leit de oprôle fûst fan ’e buorren/ driigjend tsjin harren sûnder hûs en hiem. |
De gek mei Prokrustes: Literatuer en identiteit yn de 19e ieu Vooraanstaande Friesche schrijvers zijn haast alle uit het midden van het (boeren = plattelands-)volk voortgekomen… |
Unsichtberheid troch utsluting Dat Joke Corporaal har dissertaasje út 2009 oer Anne Wadman yn it Nederlânsk publisearre, liket in opmerklik feit … |
Fan Europeeske oriïntaasje nei streekkultuer? Het rode tasje van Salverda fan Goffe Jensma is it sa njonkelytsen hast klassyk te neamen essay oer de konstruksje fan Fryske identiteiten… |