“It kaam earder ek al foar dat skoallen net genôch oan it Frysk diene, ek al hiene sy der gjin ûntheffing foar.” —Sietske Poepjes, FD, 30 septimber 2017, 1 (dêrom krije se dy no wol)

Opiny

Groeimodel bestiet hielendal net en is desastreus as it der komt

Friduwih Riemersma - Fers2 3.15, 1 oktober 2017

Groeimodel moet niveau van Fries op basisscholen vooruithelpen”, suggerearret deputearre Sietske Poepjes yn de it Friesch Dagblad fan sneon 30 septimber. Dat ‘groeimodel’ bestiet net. Poepjes wol fan no ôf wurkje oan in ‘groeimodel’, stiet der dan ek by.

Earst, wat Poepjes wol docht der net ta. In deputearre is útfierder fan belied, gjin wetjaande macht, en Poepjes sit noch mar oardel jier en nei komt de ferkiezingen net werom om reden fan ympopulariteit, falend belied en te min oan respekt foar demokrasy; it giet derom wat de boarger wol. Boppedat kin Poepjes wolle wat se wol, mar it ‘groeimodel’ is al fêstlein yn de beliedsregel foar ûntheffingen.*

Sa’t it fêstlein is, dat is net bêst. As der in ‘groeimodel’ yn it ûnderwiisbelied skreaun wurdt op de manier sa’t no it doel is, dan kin dat de Fryske taalbehearsking net foarúthelpe. Yn ’e beliedsregel stiet nammentlik loud & clear: “In de scholen die gevestigd zijn binnen het Friese taalgebied, en waar het Fries een dagelijkse omgangstaal is, wordt gestreefd naar een groeimodel.” (7, myn kursyf, fr) Deistige omgongstaal neffens de meast resinte Taalatlas, bedoelt de provinsje. (beliedsregel, 11) Lykwols befettet de Taalatlas Frysk—dy’t neffens it ekspertkomitee fan it hânfêst minderheidstalen inkeld jilde mei as globale yndikaasje mar net as feit—gjin oersjoch fan Frysk as deistige omgongstaal. “De Fryske Taalatlas geeft een overzicht van het beheersingsniveau en het gebruik van de Friese taal onder de inwoners van Fryslân.” (beliedsregel, 11, myn kursyf, fr) De gemeenten dêr’t respondinten sizze dat hja it Frysk aardich behearskje binne Ferwerderadiel, Dantemadiel, Tytsjerksteradiel, en Littenseradiel. (Taalatlas 2015, 20-3) Wurdt dus neffens de beliedsregel yn alle oare gemeenten net stribbe nei in ‘groeimodel’?

Dat de dielûntheffingen helpe om in ‘groeimodel’ op te stellen, sa’t Poepjes seit, betsjut dat oerienkomstich de ferskate beliedsstikken op it mêd fan Fryske taal, de ûntheffingen dy’t no jûn wurde oan alle skoalmienskippen en skoallen—ek de saneamde trijetalige skoallen of scholen die in ontwikkeling zijn om een drietalige school te worden” (beliedsplan, 2) krije in ûntheffingsprofyl—brûkt wurdt as ‘nulmjitting’. It doel fan it groeimodel is “foarútgong” (Friesch Dagblad, 30 sept. 2017, 31), oftewol minder ûntheffingen: “in scholen in die gebieden hoeft bij voorkeur niet iedere vier jaar opnieuw dezelfde ontheffing te worden verleend.” (beliedsregel, 7) In konkreet doel mist. Fisy mist ek. De reden fan it ûntheffingsbelied is dat “scholen gemakkelijker aan de kerndoelen Fries kunnen voldoen”. (taalplan.frl) Belied is ferfongen troch burokrasy.

Wat it berik fan it takomstich ‘groeimodel’ oanbelanget, dit. De ûntheffingen wurde jûn op grûn fan twa kritearia: it plak dêr’t de skoalle stiet en wat in skoalle sels tinkt yn de takomst oan it Frysk dwaan te kinnen (beliedsplan, 12). Op dit stuit hawwe al santich persint fan de skoallen yn it basisûnderwiis in dielûntheffing foar it Frysk krigen. Foar in grut part sille dat skoallen wêze dy’t net yn Fryskrike gemeenten stean. It groeimodel sil just skreaun wurde foar de skoallen yn Fryskrike gemeenten. Dat komt der op del dat it groeimodel him rjochtet op ’e tritich persint basisskoallen dy’t gjin ûntheffing hat en al Frysk jouwe. De doelgroep is net de santich persint dy’t just groeie moat. Kin Poepjes dat útlizze?

De oare skoallen moatte sels in taalbeliedsplan skriuwe oangeande it Frysk. Dogge dy skoallen dat net dan kinne regionale skoalbestjoeren dêrop oansprutsen wurde, seit Poepjes, en dy kinne de skoalbestjoeren ferplichtsje ta in taalplan. Mar der is gjin inkelde garânsje dat regionale skoalbestjoeren dat dwaan sille. It beliedsplan befettet gjin twangmiddel, nee, mar dat is net om’t Poepjes ‘dêr net foar kiest’ (Friesch Dagblad, 30 sept. 2017, 1). Dat in groeimodel, dat “het wenkend perspectief vormt” (Uitvoerings­plan Hert Holle Hannen, 5), as it der komt folslein útgiet fan de frijwillige meiwurking fan ’e skoallen (Friesch Dagblad, 30 sept. 2017, 31) is net ynjûn troch betrouwen mar ûnmacht.

Want it ûnderwiisbelied Fryk, dêr’t ‘it ramt fan yn beweging is om’t it ûnderwiisfjild beweegt’ (beliedsregel, 11), befettet gjin fêst en dúdlik eindoel: “het lange termijndoel is dat de meeste Friese scholen zoveel mogelijk kerndoelen van het van Fries weten te realiseren.” (Uitvoerings­plan Hert Holle Hannen, 5, myn kursyf, fr) Net allinne falt der sûnder doel neat ôf te twingen, mar jo kinne skoallen sels net oertsjûgje om mei te wurkjen, as jo net fertelle kinne wêrfoar.

Mei dêrtroch is in taalbeliedsplan in papieren kwestje: “Er is een format taalbeleidsplan beschikbaar. Daarnaast kunnen individuele scholen ondersteuning van taalcoördinatoren krijgen bij het opstellen/invullen van een taalbeleidsplan en het jaarlijks evalueren van de uitvoering van het taalbeleidsplan.” In skoalle is dus “foarútholpen” as it in taalplan op papier hat dêr’t in taalkoördinator nei sjoen hat. Oft it Frysk yn de klasse better is en de learlingen mear Frysk leare, dat wurdt hielendal net bedoeld mei “foarútgong” en “groeimodel”.

Wat noch dúdliker sjen lit dat it ûnderwiis yn it Frysk fan in etysk en fisionêr nivo weisakke is yn in neoliberaal auditkultuerke is dat der “een provinciaal dekkend netwerk van taalcoördinatoren in Fryslân” (beliedsplan, 12) komt. Oer in ‘dekkend netwurk’ fan Fryske faklearkrêften gjin wurd. Want de beliedsregel giet net om de praktyk. Mar it werklik groeien fan it ûnderwiis yn it Frysk kin ûnmooglik syn beslach krije as der gjin goeie learkrêften binne. In groeimodel dat de learkrêften bûten beskôging hâldt kin net oars as misbeteare. It is no al desastreus.

Dat it ‘groeimodel’ dêrom hifke wurdt troch de wei fan selsevaluaasje is dus gjin wûnder. De skoalynspeksje hifket nea nij ûnderwiisbelied. “Met de Inspectie van het Onderwijs zal ten tijde van de uitvoering van het ontheffingsbeleid afstemming zijn over welke scholen welke profielen hebben.” Op it “netwerk van taalcoördinatoren [kunnen] de scholen een beroep … doen bij het opstellen en evalueren van taalbeleidsplannen.” (beliedsplan, 12) Tafersjocht op it ûnderwiis yn it Frysk as gehiel, en op—wat it doel fan ûnderwiis doch is—hegere taalbehearsking fan de Fryske skoalbern, is der net. Dat it goed giet mei de taalbehearsking docht derút bliken, seit de deputearre (Beändering skriftlike fragen FNP, 21-12-2016, 2), dat de skoallen de kearndoelen Frysk helje. Dy kearndoelen dy’t de skoallen, by it ferplicht oanfreegjen fan de ûntheffing, sels kieze.

Funest is ek it útgongspunt dat learlingen har skoallibben lang op ien plak wenje en dat skoallen ûnferoarlike feiten binne. Dat is ûnsin want bern ferhúzje en skoallen (en gemeenten) fusearje. In learling kin fan de iene op ’e oare dei syn ûnderwiis yn it Frysk ferlieze. Mar dat telt net, neffens it beliedsplan. Rampsaliger kin it net.

Poepjes, ferantwurdlik foar de posysje fan de Fryske taal en foar it fuortbestean fan de Frysk troch der goed ûnderwiis yn te jaan, o! en net te ferjitten ferantwurdlik foar it útfieren fan de minskerjochten dy’t sûnder mear ta goed ûnderwiis yn de memmetaal ferplichtsje, sketst yn it fraachpetear mei it Friesch Dagblad in byld dat sa dizich, ferhoaljend en roaskleurich is, dat hja har dochs echt wol in lyts bytsje skamje mei. Foei, jokkebrok.

Provinsje Fryslân, Beleidsregel voor het verkrijgen van ontheffing voor het vak Fries in het primair en voortgezet onderwijs, Provinciaal Blad, Nû. 3671, 26 juny 2015.

Mear fan Friduwih Riemersma

De treastpoezen fan it Frysk (it frysk is sa hoopfol en de minsken snappe it net)
Fatale Gysbertstrategyen of, de lang ferfleine lúkse fan jin ôffreegjen foar wa’t of, de lang ferfleine lúkse fan jin ôffreegjen foar wa’t in Fryskliterêre priis feitlik is
As elkenien in priis krijt is dy weardeleas en it Hânfêst is min foar keunst
Gjín oankundiging Gysbert-sjuery … eh Provinsje?
Jou dat bern in iisko It prestiizje fan in literêre priis berêst op bekwame nominaasjes
Neiklinke yn in taalfakuüm Blaumelly fan Abe de Vries
Heavens wat is it libben goed Dalik oan ’e kant skood troch de Relysjuery!

De sosjale kosten fan fergriemen It neoliberalisme lit jo foar alles opdraaie
Net langer lulle no Wite mûle, swarte molke fan Elmar Kuiper
Pidgin X in rassistysk-nasjonalistysk plan
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15