image koart ferhaal friduwih riemersma

Koart proaza

Grutte hearskip gûlt net

Friduwih Riemersma - Fers2 5.18, 17 novimber 2019

Heity gûlde.” Myn broer, boppe my yn it steapelbêd, hie okkerdeis ús mem ompraat om him net langer te bestopjen: ien kin net samar, goed nei syn achtste jierdei, mem, de âldste soan fan it hearskip tusken de tekkens tropje. Hja hie noch net tsjirpt fan Oant moarnier! of hy soe ien foet helpleas oer de klif bongelje litte. Mar ik, ekstra stiif bestoppe, koe net iens tinke oan fuotsoal kiteljen. Myn broer wist of dat wol, of dat er dochs sterker wie. In liger wie er ek, en elkenien wist dat. “Heity gûlde,” werhelle er, mei klam op beide wurden.

“Ik bin net dôf!” sei ik.

“Ik seach him gûlen.”

“Liichbist liichbist drek út rist.”

“It is wier. It is in feit.”

“Do bist in liger da’s in feit.”

“Harkje. Heit gûlde, mei triennen en… wist wol… rare minen meitsjen.”

“Lit my dyn eagen sjen.” As er liigde waarden myn broer syn eagen glûperich slangegrien. Ek dat wist elkenien. Wannear’t er ús spoekige eange ferhalen fertelde dy’t wy net leauden, seine dat er it allegearre optocht, of lit ús oars dyn earlik-eagen sjen, woe er nea syn pet ôf dwaan, en no, sels yn ’e simmerskimer fan ús keamer, fansels soe er net lije wolle dat ik syn eagen seach.

Hy hie syn foet sa hurd opankere dat ik der kjel fan waard. Ik tocht net dat it grappich wie. “Triennen kinst ek krije fan prûsten. Triennen telle net.”

“As immen deagiet, prûstest net: do gûlst. Is no ienkear sa.”

“Gjinien gie dea.” Gewoanliks kringele ik yn myn sintimeters frije romte tusken de lekkens oant ik myn bleate skonken oplûke koe. Mar akselderij fielde net goed as jo oer earnstige saken redendielden.

“Likegoed gûlde er.” Myn broer lei ek stil. Syn foet wie net werom oer de klif dûkt. “’t Is my ynmoed, dy triennen… nei ûnderen… yn syn burd falle en wist wol… dat gûlgesicht, ik seach dat echt.”

“Nee hielendal net, hâld dy de harsens.”

“Woesto myn eagen sjen?”

“Nee!” It grutte hearskip gûlt net.

Earder publisearre op Ars Legendi

Mear fan Friduwih Riemersma

Fryslan as failed state De reden dat eartiids it najonalistysk sentimint fan fraternité, frij oer te setten as ‘mienskip’, sa súksesfol om him hinne sloech …
Skiuwersboun skrast lid om drege briefkes In flash drama- In dierbere freon, yn in ûnmooglike situaasje. De koele fraach ‘is der wat datst witte wolst’ …
Iepenbiere romte Werom nei it merkeplak fan eartiids… It bart gewoan wêr’t jo neist steane.
Postma yn ’e Proustgreep Fan alle Fryske akademisy meitsje jo mei Goffe Jensma oan jo side de bêste kâns op winnen yn in pub quizz …
Loaiïngea I, II en III De ûnferwacht kâlde, wiete Marchwyn liet amper ta om op fuotten it alderearste paad fan myn libben del te gean.
De Fryske kristenen en de literêre kanon Dat de literêre kanon fan de wite kristlike mannen foar de wite kristlike mannen is, jildt tsjintwurdich as in klisjee.
Keunstners? “Yn Fryslân is elkenien in dichter,” is in húsrieme skimp fan ús mem.
Agatha’s briefkeunst Alde emails smite jo fuort, mar âlde brieven dat is in hiel oar ferhaal.
Groeimodel bestiet hielendal net en is desastreus as it der komt “Groeimodel moet niveau van Fries op basisscholen vooruithelpen”, suggerearret deputearre Sietske Poepjes
Keunst yn it Friesch Dagblad It trochgeande lytser wurden fan de romte foar keunst yn de media is net unyk foar Fryslân. Oeral op ’e wrâld …
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15