image koart ferhaal friduwih riemersma

Koart proaza

Grutte hearskip gûlt net

Friduwih Riemersma - Fers2 5.18, 17 novimber 2019

Heity gûlde.” Myn broer, boppe my yn it steapelbêd, hie okkerdeis ús mem ompraat om him net langer te bestopjen: ien kin net samar, goed nei syn achtste jierdei, mem, de âldste soan fan it hearskip tusken de tekkens tropje. Hja hie noch net tsjirpt fan Oant moarnier! of hy soe ien foet helpleas oer de klif bongelje litte. Mar ik, ekstra stiif bestoppe, koe net iens tinke oan fuotsoal kiteljen. Myn broer wist of dat wol, of dat er dochs sterker wie. In liger wie er ek, en elkenien wist dat. “Heity gûlde,” werhelle er, mei klam op beide wurden.

“Ik bin net dôf!” sei ik.

“Ik seach him gûlen.”

“Liichbist liichbist drek út rist.”

“It is wier. It is in feit.”

“Do bist in liger da’s in feit.”

“Harkje. Heit gûlde, mei triennen en… wist wol… rare minen meitsjen.”

“Lit my dyn eagen sjen.” As er liigde waarden myn broer syn eagen glûperich slangegrien. Ek dat wist elkenien. Wannear’t er ús spoekige eange ferhalen fertelde dy’t wy net leauden, seine dat er it allegearre optocht, of lit ús oars dyn earlik-eagen sjen, woe er nea syn pet ôf dwaan, en no, sels yn ’e simmerskimer fan ús keamer, fansels soe er net lije wolle dat ik syn eagen seach.

Hy hie syn foet sa hurd opankere dat ik der kjel fan waard. Ik tocht net dat it grappich wie. “Triennen kinst ek krije fan prûsten. Triennen telle net.”

“As immen deagiet, prûstest net: do gûlst. Is no ienkear sa.”

“Gjinien gie dea.” Gewoanliks kringele ik yn myn sintimeters frije romte tusken de lekkens oant ik myn bleate skonken oplûke koe. Mar akselderij fielde net goed as jo oer earnstige saken redendielden.

“Likegoed gûlde er.” Myn broer lei ek stil. Syn foet wie net werom oer de klif dûkt. “’t Is my ynmoed, dy triennen… nei ûnderen… yn syn burd falle en wist wol… dat gûlgesicht, ik seach dat echt.”

“Nee hielendal net, hâld dy de harsens.”

“Woesto myn eagen sjen?”

“Nee!” It grutte hearskip gûlt net.

Earder publisearre op Ars Legendi

Mear fan Friduwih Riemersma

I hate to say I told you so Oer Kulturele autonomy fan Pier Boorsma
De macht fan de harker: It oeuvre fan Jaap Veenstra Yn 1986 komt der in lyts read dichtbondeltsje út
Unwittenskiplik en propagandistysk Skôging fan De Friese identiteit volgens het Fries burgerpanel
Oer de biografy Stel, jo skriuwe in biografy, oer de Fryske beweger Jelle Hindriks Brouwer. Jo ha noch nea in biografy skreaun
Us eangst om it doel nea te berikken Besprek fan De Fries die in de toekomst sprong fan Huub Mous: Sjarmant is de irony dat er nostalgysk is oer in beweging dy’t besocht alles nij te meitsjen.
Wachtsje op de lêste debutant? Untjouwingen yn it útjaan fan Frysktalige poëzij, 2005-2016
Wolkom yn Fryslan! Noch leit de oprôle fûst fan ’e buorren/ driigjend tsjin harren sûnder hûs en hiem.
Mear en better skreaun Frysk: Troch social media en Google Translate!
Us taalbehearsking Gewoanlik wurde surveys, oftewol enkêtes, brûkt om te sjen oft in feroaring súksesfol wie en dat hat de Fryske Akademy dan ek dien.
Taalatlas 2015 De Provinsje liicht mei de Taalatlas 2015 himsels en oaren foar
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15