image koart ferhaal friduwih riemersma

Koart proaza

Grutte hearskip gûlt net

Friduwih Riemersma - Fers2 5.18, 17 novimber 2019

Heity gûlde.” Myn broer, boppe my yn it steapelbêd, hie okkerdeis ús mem ompraat om him net langer te bestopjen: ien kin net samar, goed nei syn achtste jierdei, mem, de âldste soan fan it hearskip tusken de tekkens tropje. Hja hie noch net tsjirpt fan Oant moarnier! of hy soe ien foet helpleas oer de klif bongelje litte. Mar ik, ekstra stiif bestoppe, koe net iens tinke oan fuotsoal kiteljen. Myn broer wist of dat wol, of dat er dochs sterker wie. In liger wie er ek, en elkenien wist dat. “Heity gûlde,” werhelle er, mei klam op beide wurden.

“Ik bin net dôf!” sei ik.

“Ik seach him gûlen.”

“Liichbist liichbist drek út rist.”

“It is wier. It is in feit.”

“Do bist in liger da’s in feit.”

“Harkje. Heit gûlde, mei triennen en… wist wol… rare minen meitsjen.”

“Lit my dyn eagen sjen.” As er liigde waarden myn broer syn eagen glûperich slangegrien. Ek dat wist elkenien. Wannear’t er ús spoekige eange ferhalen fertelde dy’t wy net leauden, seine dat er it allegearre optocht, of lit ús oars dyn earlik-eagen sjen, woe er nea syn pet ôf dwaan, en no, sels yn ’e simmerskimer fan ús keamer, fansels soe er net lije wolle dat ik syn eagen seach.

Hy hie syn foet sa hurd opankere dat ik der kjel fan waard. Ik tocht net dat it grappich wie. “Triennen kinst ek krije fan prûsten. Triennen telle net.”

“As immen deagiet, prûstest net: do gûlst. Is no ienkear sa.”

“Gjinien gie dea.” Gewoanliks kringele ik yn myn sintimeters frije romte tusken de lekkens oant ik myn bleate skonken oplûke koe. Mar akselderij fielde net goed as jo oer earnstige saken redendielden.

“Likegoed gûlde er.” Myn broer lei ek stil. Syn foet wie net werom oer de klif dûkt. “’t Is my ynmoed, dy triennen… nei ûnderen… yn syn burd falle en wist wol… dat gûlgesicht, ik seach dat echt.”

“Nee hielendal net, hâld dy de harsens.”

“Woesto myn eagen sjen?”

“Nee!” It grutte hearskip gûlt net.

Earder publisearre op Ars Legendi

Mear fan Friduwih Riemersma

Wa is wa? Yn Omstreken fan Eppie Dam
In sjarmante mjuks fan kontradiksjes In Memoriam Josse de Haan, 20 January 1941 - 31 October 2020
Adieu oan in humanistyske dichter In Memoriam Jaap Veenstra, 17 March 1959 - 31 October 2020
Ensafh docht literere priis sunder sjueryrapport Alwer in nije literêre prizespûster yn ’e Fryske belletry.
Keunst om ’e keunst Keunst om ’e keunst is ûnmooglik, ûntminskliket en neutralisearret de ynhâld fan keunst.
Help mem, der sit in korona under myn bed! Fryske kranten yn panyk smite literatuersjoernalisten derút?
Rely hat us by de poat De literêre priis hat sels gjin skyn fan earlikheid
Déjà lu Fjoertoer yn it wâld fan Arjan Hut
Nije bylden! & de rol fan de keunstner
“Wa is dy wite man?” Lilkens om ‘Floyd’ bemantelet handich ús eigen rassistysk geweld
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15