name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

Haadstik noch sunder titel

Sjieuwe Borger - Fers2 nû. 3.1, 15 jannewaris 2017

 

sjieuwe borger image

 

 

Dêr ite wy,’ sei Ljudger. Hy wiisde nei in wyt sauze hûs mei in úhingboerd dêr’t ‘De Utdaging’ op stie. Der stiene lju mei bakken patat yn de hân foar harren motorfytsen. Se laken lûd en hiene him al aardich rekke. Ljudger die de wein op slot.

‘Feitlik soe ik dat net dwaan moatte,’ sei er sêft. ‘Dat makket har erchtinkend. Dêrmei litst sjen dat datst net by harren hearst, omdatst sels erchtinkend dochst, en dat wylst dy wol ta-eigenje wolle. Mar ik wol myn arkbak net wer kwyt.’ Hy die de jas oan en rûn de kliber yn de mjitte. Sybren makke in spurt en wie by Ljudger.

‘Do beskriuwst it as gong it om in boek fan Stephen King,’ sei er. ‘Children of the Corn.’

‘Ken ik net, ik lês net boeken dêrst neat fan leare kinst,’sei Ljudger. ‘It kostet my tefolle tiid.’

Guon foar de kafetaria koene him.

‘Hey Ljudger, wat bringt dy hjirre?’

‘Stelst dyn freon oan ús foar?’

‘Wat seist?’

‘Litst dyn feintsje sjen?’

‘Nee, juh. Dit is Sybren. We komme krekt út de stêd en ha honger,’ sei Ljudger. Se stiene no rjocht foar de mannen dy’t om harren hinne krongen. Se hiene allegearre swarte learzens oan en swiere swartlearene jekkers mei in protte ritsen deryn.

‘De earst kommende kears stel ik him oan jimme foar, mar lit ús der no mar troch,’ lake Ljudger.

‘Ja, lit De Boer mar skowe,’ rôp ien fan de jekkers gnizend. Se wykten út inoar en makken de doar fan de kafetaria frij. Sybren seach oer it skouder hoe’t de jekkers har nei inoar tabûgden en mei inoar tuten. Hy kearde him om en wie yn in snústerige romte mei in fitrine, dêr’t allegearre soarten snacks yn leine. Dragers gûnzen boppe it itensguod. Yn de efterwand fan de romte siet in doar mei in gerdyn derfoar.

 

Ljudger lei de earm op de toanbank. Hy stiek in sigaret oan en helle de fingers troch it hier. Hy beseach himsels yn de spegel oan de muorre neist de doar. Hy trommele mei de jiskepanne op de toanbank. Der kaam ien oan. In slûnzich wiif ferskynde efter it gerdyn wei. Se loek har lippen ta in soarte gegniis, it grimas fan in deasketten soldaat. Se plante de koarte fingers op de heupen en seach him ferwoeden oan ûnder har tinner wurdende hier wei oan. Se wie in jier of fiifensechstich santich, like fet as har klean, boarsten en kont foar trije, se stonk nei gemiene oalje, godtank oars hie se nei harsels stonken.*

‘Do bist it wer,’ sei se.

‘It is in hoart lyn,’ sei Ljudger.

‘Wat moatst? Wolst fan de jiskepanne ôfbliuwe.’

‘Ok, salang’t der famylje wennet kom ik hjir, doch ús no mar twa patat stooffleis en twa bier, wy binne der wol oan ta.’

De slûns ferdwûn efter it gerdyn. Se hearden patat siizjen yn it fet en de rikjende walmen kamen harren yn de mjitte. De man oan it iennige taffeltsje yn de kafetaria foel no pas op. Hy hie in smoarge overall oan. Hy haffele, sa’t it like, mei smaak oan in hinnepoatsje. It hinneboarst lei op de panne foar him. Hoeden naam er in slok út syn blikje bier.

‘Goejûn, bêste man,’ begûn Ljudger. Hy seach op fan syn panne en kôge fierder op syn hinnepoat.

De man naam him betinklik op efter de dûnkergiele glêzen fan fan syn bril. Se gongen grif al in tiid mei en hiene yn it ferline de eigenskip hân dat se ferkleuren neffens sterkte fan it ljocht dat der trochgong.

‘Lekker ite, bêste man,’ hold Ljudger oan.

‘Hat in mins dan nea ris rêst. Tryntsje,’ rôp er nei it gerdyn.

It wiif treau it gerdyn fansiden, skowe woe net mear, en pakte in sigaret út de jiskebak. Se blies de reek oer de toanbank, dat Ljudger en Sybren meismookten.

‘Smakket it, Sjouke?’ sei se tsjin har klant.

‘Mh. Ik fyn him wat flau, hast de sâltpot yn de kast litten? Hy kôge oan it útein fan de hinnepoat, dêr’t er siskjend lucht mei ynsûge. Hy draaide it bonkje yn it rûn en lei it op de râne fan de panne.

‘Dy piken binne net mear wat se wiene, yn myn jonge jierren koest wol in oere dwaan oer in poat, it like wol hurdhout. Dit roait nei neat.’

‘Dy piken komme fan de batterij,’ sei Tryntsje en se wiisde dat út. ‘Wat foar de dea is kinst ophelje by it fabryk yn de Mieden, Sjouke. Se frieze se yn, noch gjin seis wiken âld. Ik helje ien kear wyks in lading op. Skande om se nei Sumar te bringen.’

‘Ja, skande,’ sei Sjouke, wylst er nei syn hinnepoat seach. ‘Mar dit is om te sûgjen, doch my mar in sâlte hjerring.’ Hy seach op fan de poat nei Ljudger en Sybren. It like as hiene syn finsters har fertsjustere, út dûmens om it foer dat Tryntsje him foarset hie. Ynstee fan de nije standertpyk joech se him sâlte hjerring.

‘Sjochst derút as in De Boer,’ sei Sjouke tsjin Ljudger. Syn eagen seagen Ljudger út in net te befiemjen swartens oan en kleuren sels efter it giel fan syn finsters noch swarter. Hy fage him de lippen skjin mei in papierke en dronk wer út syn blikje.

‘Dat komt wol út,’ sei Ljudger. ‘Myn heit komt hjir wei.’

‘Fan wa bist ien?’

‘Fan Klaas.’

‘Is dy net ferhuze?’

‘Ja, fiifentritich jier lyn. Wy sliepe by in omme.’

‘Wa, Jan of Johannes.’

‘Dat wit ik net!’

‘Soa,’ sei Sjouke, ‘dan moatsto Ljudger wêze.’ Hy krige it pikeboarst, sette it tusken de tosken en sûge it fleis fan de bonken.’ Doe kaam er oerein. Se hearden doppen yn de bûsen fan syn overall rinkeljen.

‘Hoefolle krigest fan my, Tryn?’ Frege er.

‘Patat en in heal hoantsje, dat is € 7,50.’

Sjouke helle de pong tefoarskyn en rekkkene ôf.

‘Ik gean nei de tinte, mar earst effen ûnder de brûs,’ sei er en loek de doar efter him ta. De learene jekkers sieten op de motorfytsen dy’t se mei in protte leven draaie lieten. Sybren seach Sjouke tusken harren troch hinnegean. Se wykten foar him út inoar. Hy stapte yn in reade folkswein golf, liet de auto fûl oplûke, blauwe reek kaam út de útlit. Sybren tocht dat er him lûd skatterjen hearde doe’t er troch de bocht kriemde.

 

‘Dy dêr, dy wie lytsfeint by ús pake,’ wiisde Ljudger him nei, en hy kearde him nei de slûns dy’t kleardernôch efter it gerdyn stie. Wêr bliuwt ús bestelling?’ Rôp er.

It gerdyn gong iepen. It wiif kaam dertroch mei twa pannen dêr’t in dampende, dûnkere protte mei patat op lei.

Se smiet de pannen op de toanbank

‘Hjir is’t, dat is € 10,-.’

‘Sjouke waard besteld as lytsfeint, by de âlde Ljudger. Hy wie 14 jier, doe.’

‘Owh, dat wie jong.’

‘It kaam mear foar, mar de measten stjoerden de bern doe al nei de ambachtskoalle. Guon sels nei de HBS, mar by Jouke thús wie dat oars. Sjouke syn mem ferwachte de twadde komst fan Christus.

Wêrom soest leare as it Keninkryk der Himelen op kommende wei is? Sjouke mem wie, is – se idder noch- docht neat oars as prate oer de werkomst fan de Heare. Yn alle gefal, Sjouke gong nei de sande klasse mei syn heit, de grutfeint, oan de slach as lytsfeint by Ljudger de Boer. It soe tydlik wêze, want Sjouke hie oare plannen, hy soe farre. Steane hy en syn heit in kear te wachtsje op de bus, siicht er sa mar ynienen yn inoar. Kroandea… Doe is Sjouke bleaun, by myn pake, dat,’ besleat Ljudger en hy biet in patatsje ôf, dat er yn de massa stipt hie. ‘Tsjong, dat smakket heftich.’

‘It is ekstra krûde.’

Sybren beseach de swarte slurry op it board. It wie likernôch sa swart as Sjouke eagen. Hy dipte it patatsje yn de massa en helle in deade drager omheech.

‘Witst dat de feesttinte dit jier ferpleatst is? Frege Ljudger.

‘Nee juh, mar kinst my sizze wat foar fleis dit is?’

‘Gjin idee, mar it smakket. Fynst ek net?’

‘Ik moat effen nei de wc,’ sei Sybren. Hy fielde de mage opkommen en seach om him hinne.

‘Dy is bûtendoar,’ wiisde Ljudger. Sybren stoarte him troch de doar, der út. De learene jekkers wiene fuort. Hy rûn nei de sydkant fan it gebou, liet de patat en de massa fan de panne yn de pot gliidzej en loek troch.

Ferromme kaam er de kafetaria wer yn

‘Wat hiesto ynienen in haast,’ sei Ljudger.

‘Ik hold it net mear en ik haw myn patat mei saus falle litten, ‘tomme.’

‘Ik bestel noch ien foar dy.’

‘Fyn’k hiel aardich fan dy, mar tanke. It rûkte my ek wat te sterk.’

Ljudger hie syn panne behimmele, fage de resten mei de wiisfinger by inoar en slikke him ôf. Hy lei it jild op de toanbank en krôke.

‘Wy sette ôf nei de feesttinte, Tryntsje,’ rôp er. Efter it gerdyn hearden se it lûd fan de tillefyzje.

Ljudger stapte yn de wein en helle in flesse rûkersguod út it dashboardkastke. Hy bespuite himsels en miste Sybren dêrby ek net. Sybren begûn te hoastjen.

‘Sil my nij dwaan wat de jûn ús bringe sil,’ sei Ljudger en hy wâde it gaspedaal yn. De auto skeat nei efteren.

‘Hoe koest dy motormannen eins?’

‘Ik trof harren yn de sauna, ik wie der mei in freondinne.’

‘Yn de sauna?’

‘Ja. Soest se ris sjen moatte sûnder learene jekkers.’

 

Op de greiden tusken it grien riisde de tinte op. Derfoar stiene hamboargerkreamen en biertinten dêr’t de ynwenners fan it twillingdoarp har tegoed diene. Ljudger sette de auto op de stoepe fan de trochgeande wei dy’t W mei D ferbûn.

‘Ik pak effen in snack,’ sei Sybren. ‘Ik bin noch hieltiten roppich.’

‘We treffe inoar yn de feesttinte,’ sei Ljudger.

Sybren stapte yn de rige foar de hamboargerkream. Hy wearzge as er tocht oan de blaumich yn it triedsjefleis. Dan hie er in hamboarger foar kar ynstee fan in ambachtlik produkt út de krite, tocht er. Hy seach nei de grûn foar him. De gasten hjir yn de rige hiene klompen mei in learke oer it krop. Der stiene ôfbyldingen op, in doarp mei in tsjerke, in Frysk hynder, al foel op dat de measten foarsjoen wiene fan in pear streken en stippen dy’t de skyn opwekten dat de klompen skuon wiene. De klompen wiene oars as de klompen dy’t men as souvenir kocht. Sokke klompen wiene noch funksjoneel. Sybren koe it him rjocht yntinke: dizze klompen wiene moai, se hiene yndie wat fan djoere op mjitte makke skuon, der’t studinten in pear banken foar betellen. Fierder rûnen de feestgongers der neffens de moade fan it plattelân by, net hiel oars as dy yn de stêd, tocht Sybren. Spikerbroeken, shirts of boesgroentsjes mei in print en dêrop faak in learene jekker, as meast ûnderskiedend stik.

Sybren krige syn broadsje hamboarger mei it blikje bier en gong it feestterrein op. De haad-act begûn om 21.00 oere lies er op it billboard. Hy boksele nei de râne fan it greidelân en bewûndere de elzen, bjirken, en leger har ûntjaande toarnbeistrûken en hopwynsels en joech him doe nei de feesttinte dêr’t tsjerkemuzyk ynsette. Yn de tinte spriek in man op it poadium de kliber ta. Hy hie in sliterich wat glimmend, swart pak, mei in wat fergiele boesgroentsje oan mei in froede grize strik. Syn ferskining hie neat fan de minsken yn de feesttinte. It wie net liker as seach er de feesttinte as in hûs fan God. De kliber swei, de holle sûnder útsûndering foardel. De man gong oer ta in gebet, dat elkenien meipreuvele, kristen of heiden, en hy frege de Heare God om in goede rispinge, meidat it siedzjen syn doel hawwe soe. Doe joech er har de sneinshilliging yn omtinken en dat it feest om 00:00 oere oer wêze soe. Hy tanke de taharkers en winske elkenien in goejûn. Op it poadium ferskynde in oar efter de mikrofoan.

‘Tige tank, dûmnei,’ rôp er de preker nei. ‘Guon sjogge jo moarn by de gearkomste.’ Hy wachte oant dûmnei ferdwûn wie en eage op syn snoadfoan.

‘Leave minsken, de bar giet no iepen.’

Sybren hearde it ruozzemuozjen om him hinne. Klepperjend beweegden de klompen oer de houten barten fan de feesttinten nei de bar dy’t oer de folsleine langte fan de feesttinte oanlein wie. Fammen mei koart pofmoude himdsjes stiene te taapjen. Harren ploaide rokjes hongen kein oer de knibbels en se hiene lakskuon mei gaspen oan. Se seagen der yn har formalisearre moadieuze kekenens namste oantrekliker út, tocht Sybren oer, as om jin te nûgjen. Mar dat koe allinne mar opkomme by in bûtensteander. Hjir moast it sa wêze, wiene se it wend, elke okkaazje frege hjir om in eigen dracht. Hoewol, beskôge men it sa, dan moasten dy froulju der op in feest fan it siedzjen natuerlik fruchtber útsjen. Yn har blûskes, dêr’t de boarsten har net riede lieten en de rokken dy’t har om de glêde heupen spand sieten, wiene se de dream fan elke man. De kliber ferkrong him oan de bar en de barkeepsters waarden wei efter de toarstigen. Doe’t omtrint elkenien oan de bar in bestelling opnimme liet ferskynde Ljudger yn Sybren syn eachweiding. Hy stie neist de dragende mêst mei de earm om in blondine