friduwih riemersma image

Hee, harkje nei myn politike aginda!

Oer De trekker fan Troje fan Hein Jaap Hilarides

Friduwih Riemersma - Fers2 nû. 3.12, 18 juny 2017

Troaje’ is sa’t jo witte de meast ûnrjochtfeardige oarloch yn de westerske wrâldskiednis. Neffens de leginde útlokt troch it ûntfieren fan Helena, neffens Sappho gjin kidnap mar gewoan it frijwillich fuortgean by de man dy’t Helena har styfheit foar har útsocht hie, Menelaos, om by har geleafde jonge, kreaze Paris te wêzen, wie hoe dan ek de casus belli flintertin. Dy wie noch tinner as de net-besteande weapons of mass destruction dy’t fan de Golfoarloch in ‘just war’ makken, nammentlik it weromheljen fan it wiif fan Menelaos. De politike gefolgen fan de oarloch wiene kolossaal. Ilium wie mei de grûn allyk makke. De befolking wie foar it allermeaste part dea of slaaf. Ek hongen de Griken, hoewol’t Homearus as it sintraal motyf fan de Ilias de eare delset, net sa oan har eargefoel dat se trochgiene mei iepen striid te fieren, mar ynstee dêrfan it Trojaanske hynder brûkten. Yn ’e tsien jier dat se Troaje belegeren miste boppedat it doel dêr’t alle Grykske legeroanfierders har mei-inoar oan ferbûn hiene: is Helena ea ophelle? Of sil Hein Jaap Hilarides dat no noch dwaan, op ’e trekker?

Op it earste gesicht noch net. Dizze roman hat alle begjinners­flaters dy’t mar mooglik binne: (inter alia) swak plot; minne aksje-ferhaal-dialoochferhâlding; infodumping, ek yn de dialogen, en dêrunder sidenlang skiedkundige trivialiteiten en founding myths fan Fryslân; info dump ek yn de dialogen, dus/en swakke dialooch; minne opbou (exposition nimt de helte fan it boek); iepening mei in plof! grut drama! sadat dêrnei alle krûd fersketten is en de lêzer him in harsenatrofy ferfeelt; minne karakterbeskriuwing, tige ferfeelsume, foar de plot tige ûn­needsaaklike psychologyske útinoarsettingen fan “inerlik bewustwêzen” fan twa puberjonges, wat sa problematysk is just om’t it ynderlik is, dat der bart neat foar de lêzer, en in ekstra marteling om’t de manlike adolesinsje­faze de meast deadlik uniformearjende fan it minskelibben is, dirigearre troch biology en popkultuer; ûnoannimlik ferhaal—hoesa gjin plysje, lit stean oanhâlding en ynfersekering­stellen, nei in gewelddiedige dea ûnder fertochte omstannichheden en sûnder tsjûgen—mar tagelyk foarsisber ferhaal; net-ûnderstypjende en betsjuttingsleaze sydlinen; fierstente folle útlis, benammen nei de dialogen fan wat der sein is, op it driuwerige ôf; ûnpersoanlike, ynformearjende taal mei berneboeksintsjes lykas “Der waard oanbelle. Clara gie it trepke del. Hy gie by Tsjitske en Joost Jan sitten”; planteit klisjees, lykas “As ik alles yn ’t foar wist, hoegde ik it net mear te dwaan”; en eigentlik neat foar de lêzer dat him belûkt by it ferhaal of dat syn emosjonele reaksje útlokket.

Koartsein, dit boek is fassinearjend op de manier sa’t in hûn op in spegelglêde parketflier fassinearjend is. Lês it. Boppedat wie L. Ron Hubbard ek in strieminne skriuwer mar wol miljonêr & populêr: it giet net om ’e foarm mar om ’e ynhâld.

Dy ynhâld is de coming of age fan in nuodlik-selsbewuste twalinghelte dy’t swier wrakselet mei leafdes, tuskentroch de Fryske striid oppakt en wer delleit, efkes EU-lobbyist foar it boerebedriuw is en him dan tsjin Europa keart, dêr wat op werom komt en Fryslân wer tsjinje wol, mar mislearret as heitelânsheld en him úteinlik opnij smyt op in ûnferstannige leafde.

Al leit it ferlies fan ûnskuld as in min wei te kôgjen kwabze oer de roman hinne yn de foarm fan weromkommende paragraafkes oer it—lang ferlitten—paradys fan de bernetiid, de haadtema’s binne macht en grutskens. Lykas in iernjoggentjinde-ieusk oarlochs­ferhaal romantisearret De trekker de striid, mei ideeën fan gloarje, eare, patriottyske plicht en aventoer. Folken bekon­kurrearje inoar natuerlikerwize. It prinsipe is dat de trou oan jins heitelân en identiteit in primêr part fan jins hiele identiteit is. Dy nasjonalis­tyske etyk moat, sa docht geandewei bliken, bloedserieus nommen wurde—ferwachtsje gjin spat humor yn dit boek—hoe min oft de komplikaasjes fan sa’n etyk yn dizze tiid ek oertocht en útlein binne. De face value-likenis mei Reinder Brolsma, fanwegen de kluten swiere klaai dêr’t alle oare Fryske symbolyk as fansels yn stykjen bliuwt, rint dêrop al dalik mis. De yntelliginte patos en detaillearre behanneling fan Frysksinnigens by Brolsma kontrastearret mei it kompromisleaze delkwakken fan de Fryske idealen yn De trekker, om te begjinnen om’t it measte orakeljen fan de karakters oer de Fryske saak syn beslach krijt ûnder ynfloed fan liters alkoholika.

De striid om de macht spilet him foar it meastepart ôf tusken de protagonist Friso en syn twalingbroer. Ienris de Hielke en Sietse-ienriedigens fan geast ferlitten—de kameleon is no de supermasine fan de titeljaande trekker—folget de ferhâlding fan de twaling de Kaïn en Abeltrope. Fan harren skepper en ynspirator, heit, dy’t, slein troch Kaïns hân, oer it ferhaal hingjen bliuwt as boere­skikgoadin en snoade fersprieder fan it wurd fan Fryske striid, is Friso de net-keazen soan. Friso respektearret heit wis net minder as syn broer docht. Ek streame heite krêften fan Frysk foarfjochter­skip egaal nei it neiteam. Mar it is Friso dy’t lutsen wurdt nei de tsjustere kant fan it moderne libben. Ja jakkes.

Mar “De jonges út ’e stêd hienen oare humor. Hoe’t er ek besocht om him der tusken te jaan, it slagge net.” It essinsjeel ferskil tusken de plattelâns- en stedsminske leit fêst: “Friso sei dat keunst foar ien dy’t op it plattelân opgroeid wie net nei te kommen wie.” Dêrom kin de stedske keunstmjittigens net korrumpearje, ek al komt de konstruksje fan it stedske persoanlikheidsstereotype foar it provinsjale persoanlikheidsstereotype oer, fuort út de steds-plattelânsdichotomy fan it tradisjoneel konservatisme, mei de stedskarakteristiken dy’t dêr typysk by hearre. “De stêd is op alle ding ôfrjochte. Mar it lân is bot en plomp en sljocht.” Yn sa’n setting komme de plattelânsjonges nei in flirt mei de stêd altyd werom. Coming of age is needsaaklikerwize coming home. Ek hjir komt Friso yn it slothaadstik wer thús út syn metropoal fan macht en korrupsje, as wie it de gewoanste saak fan ’e wrâld, foar sljocht konformisme oftewol in geregeld libben. En net allinnich Friso; sjogge wy net yn alle Fryske dénouements it stichtsjen fan in húshâlden op in bank fan Ikea en it ritme fan de Rolling Stones, of slimmer, The Cure? It idealisearre harmonieus werom yn ’e tiid is populêr by Fryske skriuwers fan Ale van Zandbergen oant Piter Boersma—op it ritme fan Mahler; don’t try this at home.

De superioriteit fan it boerelibben woartelet yn syn natuerlikheid, wylst de stêd arrogant is. “Mem kaam út de stêd Grins. … De pleats wie foar har net hillich. Se wie faak ûnwennich nei it stedske libben. Der wienen mear dingen op ’e wrâld as de pleats en it lân. Dat mem wat út ’e hichte die …” Mei dat agrarisme hingje de tradisjonele wearden gear. Mem hâldt mear fan de earstberne Friso. De frou is thús: “‘En wêr is Andrea?’ ‘Yn ’e hûs,’ sei Hero. ‘Mei it iten oan ’e gong.’” Famyljetrou sprekt fansels: “Likegoed hie mem har skoanheit oant syn dea ta fersoarge, want beppe wie der betiid by wei rekke.” Der is patriottisme, lokalisme/regionalisme en sels pastorale poëzij, “Yn blaubeiere lân hinget in tinne wâle / Sinne tsjin graubyntich skimer oan.” Foar safier’t de tydlik ûntaarde Friso dizze wearden fan hierarchy, tradysje en organyske ienheid oanfjochtet tsjinnet dat de befêstiging fan dyselde wearden. Friso seit fan it is net sa → de oaren sizze dat it wol sa is → Friso twivelet oan wêr’t er niis noch yn leaude: “‘As Europa de grins foar goedkeape lânbouprodukten út bygelyks Afrika net ticht hâldt, stiesto der hiel oars foar mei it bedriuw.’ … ‘Wy bringe klauwen fol jild nei Brussel en wat krije wy werom?’ … ‘Hum, hum.’ Mear kriich Friso net oer de lippen. It siedsje fan de ûnrêst wie plante.”

It konflikt tusken Friso en syn twalingbroer is dus in skyn­konflikt. It is in konflikt dat inkeld bestiet binnen it tradisjona­listysk konservatisme dat de stêd-plattelân­dichotomy en it berteplak as beskiedend foar it wêzen fan de minske as aksioma’s stelt. Mar wa’t it wiere antagonisme ynstee fan yn de broer yn Friso sels siket, yn de foarm fan krêfteleazens of twivelmoedigens of oare jammer­dear­like symptomen fan ûn-Fryskheid, fynt neat. Friso is stikken minder neuroatysk as alle froulike personaazjes, mar dat is net it punt. Dat Friso syn libbenspaad net simpel fan Fryslân nei Fryslân rint is de útkomst fan doelberette, net yrrasjonele beslissingen: it gefolch fan syn yndividuele eksistinsje.

Yndividualisme is lykwols in non-issue. “Dêr dochsto as yndividuele boer neat oan,” seit earne in boerelieder, wat tsjutte soe op fersmiten fan yndividualisme. “As gefolch fan it kapitalisme wie it yndividualisme yn it westen yn alle lagen fan ’e maatskippij trochkrongen”, kin likegoed pro- as antyliberalisme wêze. De tredde en lêste kear dat ‘yndividu-’ neamd wurdt, as it petear giet oer “it gelok fan de frijheid fan it yndividu”, komt de lêzer net te witten wat der sein wurdt, want “eins hienen se it oer it ferskil tusken fan it libben genietsje of oars gjin kar hawwe as it lijen fan it libben oer je hinne komme litte.” Dy twa falle gear (kin elke psychiater jo fertelle), mar wat it yndividualisme oangiet, de besibbe sintrale modernliberale wearden fan lykweardichheid en sosjale foarútgong komme net op it aljemint. Ekonomyske foarútgong wol, en radikaal ôfwizend: “allegear stean se ûnder druk fan it ekonomysk foarútgongstinken. As dy beweging net in ho taroppen wurdt, ferdwynt de plattelânskultuer.”

Konservatisme is de simpele foarkar foar dingen sa’t se binne. Konservativen respektearje dêrom elites en ynstitúsjes. Hja hâlde net fan revolúsjes. Mar yn De trekker is der sa’n ôfgriis fan hoe’t de wrâld no is dat Friso sawat letterlik werom yn de tiid giet, krektsa’t it reaksjonisme dat wol en besiket, mei ien emosjoneel lotterjende opstân en de reeëns om geweld te brûken om it ideaal te berikken: Friso werhellet it boereprotest dat heit goed in generaasje earder late. As om it bedragen Fryslân te rêden sil Friso’s sepiakleure trekkertocht nei Brussel. Net bygelyks konservative groeiende somberte oer moderne ûntjouwing bringt de—yndie aggressive—revolte fan Friso op gong, mar in apokalyptysk ynsjoch—“Wy wurde digitale geasten”—plus in idee fan akute needsaak ferfrissele mei in fisioen fan eartiids: “Wy wolle dat ús folkslibben suver bliuwt yn taal en kultuer.

Reaksjonisme karakterisearret him troch de iensidige seleksje fan wat oan libbensfeiten nei foaren brocht wurdt. Om de reaksjonêre fisy op in ideaal ferline te stypjen is in enoarme hoemannichte pseudoskiednis en mienskiplike fantasy nedich. “It Frysk is de pylder fan de Fryske ekonomy, en net oarsom” (wie it mar wier, dan hie de politike wil om de taal te rêden der sûnder mis wol west). “De EU is grûne op de basiswearde: wat ha ik mienskiplik mei in oar?” (de Europeeske Uny is in set fan hannels­ferdraggen). “Neffens it Europees Handvest voor regionale talen of talen van minderheden wie er [de minister] lykwols ferplichte om de wet oan te nimmen” (net de minister mar de folksfertsjintwurdigers nimme wetten oan; eksterne klups kinne soevereine steaten net twinge om wetten oan te nimmen).

Jo tinke dat it ûnnedich is om te sizzen dat hûndert jier werom yn ’e tiid de problemen net oplost. Doe wie der ommers oare ellinde, tinke jo, lykas it útrûpeljen fan de lânarbeiders op it Bilt, dêr’t De trekker situearre is, as gefolch fan de almacht fan boeren. Deselde macht, jo tinke fan dat snappe se wol, dy’t no yn ‘Europa’ lizze soe en dy’t Friso werom helje wol út Brussel: “Wy rammelje oan de keatlings fan de macht.” Mar jo tinke nayf. Trump is keazen om syn reaksjonêre aginda. Ek yn ’e reaksjonêre polityk yn De trekker is it grutste probleem it weimuozjen fan de werklike kwestjes. Foar hoefier wolle wy ússels bygelyks sjen as rasjonele ynstruminten foar materiële wissens? Want “Europa leit ús dingen op dy’t te’n koste gean fan de lytse mienskip, fan ús eigenheid”, mar gie Friso syn protest tsjin sintralisearre macht? Of dochs om jild? “Normaal bewurken se de weet-ikkers mei harren ark, no gienen se foarop yn ’e striid foar harren eigen brea.” Hoe’t jo de trijehûndert siden Trekker ek filterje en klassifisearje, it wêrom fan it ferset wurdt net dúdlik. It probleem is dat dat yn it reaksjonêre tinken ek hielendal net hoecht. De apokalyptyske beneiering makket in konkreet motyf oerstallich.

Dizze roman is min om deselde reden as dat de romans fan Ayn Rand en L. Ron Hubbard min binne. It is net perfoarst sa dat in roman net it plak is om te preekjen; George Orwell syn Animal Farm is lang net it iennichste foarbyld fan in morele allegory dêr’t it de lêzer folslein dúdlik fan is dat alle figueren skoepen binne om in beskaat etysk punt te meitsjen. Jo meie feilich oannimme dat Hubbard like hertstochtlik oertsjûge wie fan meta-empiryske wittenskip en Rand fan it egoïstysk kapitalisme as Orwell fan it militante antyfassisme. In fûl leauwe fan de skriuwer yn syn saak is in needsaaklike betingst foar in goede ideologyske roman. Genôch is it lykwols net.

Sels as de lêzer it boek lêst om de ideology (lykas Rynk Bosma, dy’t yn syn besprek foar de Moanne amper op ’e ynhâld en net op de foarmaspekten yngiet: “Hilarides hat it allegear moai foarm jûn”Rynk Bosma, ‘Trekker en Troje tsjinoer elkoar’, de Moanne, 8 juny 2017 <http://www.demoanne.nl/trekker-en-troje-tsjinoer-elkoar/> [krigen 9 juny 2017].) sil dy lêzer op in stuit meiskuord wurde wolle yn it libbene barren en hy wol it mystearje rûke en it switklamme sigen fan suspense fiele. Ideologysk fjoer nimt it plak fan skriuwtechnyk net yn. It preekjen moat yn lykwicht brocht wurde mei it ferhale­fertellen, oftewol mei it sketsen fan libbensechte situaasjes. Mar Rand, Hubbard en Hilarides hawwe it sa drok mei it bringen fan it boadskip, mei har twingende didaktyk en har hillige preek, dat se ferjitte om nei de wrâld te sjen en om de werklike minske ris te observearjen. En it foarbyld lei dochs foar it gripen: Troaje. Dat wolle wy just noch altyd lêze om’t de—bline—Homearus mear die as inkeld roppe fan ‘Hee, harkje nei myn politike aginda!’

Noaten

  1. Rynk Bosma, ‘Trekker en Troje tsjinoer elkoar’, de Moanne, 8 juny 2017 <http://www.demoanne.nl/trekker-en-troje-tsjinoer-elkoar/> [krigen 9 juny 2017].

Mear fan Friduwih Riemersma

Feteraan finzen yn ’t ferhaal De koma-korrektor fan Baukje Zijlstra
Se kin wis skriuwe mar se hat it te drok Kultuerpolityk, Sirkwyseksisme en Fryske frouljusliteratuer
Gjinien sprekt wierheid tsjin macht De tsjûgen fan de macht fan Aggie van der Meer
Grutte hearskip gult net Koart ferhaal
De Wuttelhaven del tritich jier letter
Pleit foar in planeet mei in keunstprinsyp Stienkeal fan Elmar Kuiper
Eare oan Aggie van der Meer dy’t de Gysbert Japicxpriis fertsjinnet
De ienheid yn diggels del De koart ferhaalsyklus Ho Wu en Misty Mac van Aggie van der Meer
Rinne yn it Waling Dykstra-wurdboek Synonimen, hast-synonimen en presisearringen fan rinne
Bus Ien foar ien skoot ús mem de kofjekopkes en pantsjes oan ’e kant en dêr stiet er, de geheimdoaze
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15