image

Koart ferhaal

Heavens wat is it libben goed

Friduwih Riemersma - Fers2, 24 jannewaris 2021

De beammen efterhûs wiuwe ûnferskillich as âlderwenst, op ’en heechst fjouwer beaufort. Likegoed bedobbet Julie har jonges­kapsel ûnder de hierlak en ankeret har tsjerkehuodsje deryn mei in hânfol spjelden. Jo kinne mar better goed taret wêze op ús lokale the end is nigh-preek. Wy libje yn ’e eintiid, elke sneins wer. De moanne is read kleure fan it bloed. Wy hawwe de bergen opiten. Alright, ik haw hjir dochs sels as jonkje yn ’e minen wurke, in lytse fyftich jier lyn, en foarsein dat it ea op wêze soe, tinkend dat ik myn tiid wol duorje soe. Dêrnei streamde de Wharfe oer op in manier dy’t se apokalyptysk neamden. Mar bidde helpt net. Ik gie de ekoramp-tsjinstesektor yn, kocht Segway op, stipe skjinne doelen. Se sjocht my oan yn ’e spegel.

Ik skodzje myn wjerskyn. “Ik sil no earst de fisken te fretten jaan.”

“Bêst darling. Goeie reis.”

Hin? Wêr is se mei de holle? Nei’t se boppe it pantsje mei myn jierdeistaart winkte dat de fersekering it trijedûbele betellet as ik deagean op in sakereis, haw ik dêr flink yn snoeid. My bounty is as boundless as the sea, dear Juliet. As ik betink dat ik noch in tút jaan wollen hie ûnder it huodsje is se de doar al út, myn dappere Julie dy’t foar itselde sûnder my libje kin, gis ik wol ris.

Yn ’e keuken is no net ien chef of feint dy’t aye aye cap’n! bûcht mar him amper stjoere lit. Wat wit de baas yn syn miljonêrsploanje no fan keuken. As ’t moat oerlizze se mei Julie. Kjifdierûntmoediging. Mienst net, hie ik sein. Julie lake mar it wie sa: fan hjoed ôf moast de doaze cheerios efter mûsfrije stielen skodoarren. Hokker hiene se net seind. Dat dyn ‘goede reis’ begjint hjir by de Gordon-Jimifoto, dêr’t ik him krekt ferteld haw dat ik berne bin yn ’e keuken en hy skuort him de bûsen út, Gordon. It wie it sikehûs yn Leeds en/mar sûnt de besite fan Gordon ite wy fegetarysk. Us fisken ek. Net de gewoane, mar de donkere, swietere Honey Nut-fariant, hie ik op in jûn útfûn, dêr skeaten se op ôf mei koi-karperlike besieling. It brocht my mei myn memmeynstinkt sawat yn ekstaze har it iten swolgjen te sjen dat ik foar myn fuotten struide. Wêr yn ’e goedichheid hawwe se de doaze delset?

Efter it stiel wjerkeatst in potskuorre betonflier, ronfelleas as in swarte poel, in labyrint fan ûnskeinbere foarriedamers, pûden en kartons, yn in rigoreus ljocht, mar freedsum. Kniperje dyn eagen mar, do Noach by de poarte. Sjochst hoe’t ek dyn útfiningen guon libben útferkarde? Unrânt dat de wetters opjeie: sorry gjin plak yn ús heech & droech. Tel derby op dat net de fynst sels, fan dyn alias supersânsek om de hieltyd drystere oerstreamingen mei te kearen, fertuten docht. Want humanitêre tapassingen binne mar in patetyske slútpost, is ’t sa net? Dêrom dyn noaskjen nei aardige ûnmisbere military use hannel—tink derom. In keukenkarre nimt de frije rin. In steapel doaskes dûkt nei de grûn. “For god’s sake,” soe mem suchte ha, mar ik kin alles.

It klokslaan fan ’e Saint Mary lavearret my temjitte ûnder de turkoaizen loft mei poeierwolkjes. Wêr’t Rupert sa gau weikomt mei ien fan myn griene learzens yn ’e bek, wit ik net. Ein septimber, fris, mar it reinwetter hat ús hiem noch net omtsjoend yn in Waterloo dêr’t inkeld de wellies fiktoarje bringe kinne, Rupy. Ik sjoch him faker dêr’t ik him net hear te sjen, en dan fansels hippelewipje, om syn baaske hinne springe, posityf tinke, always being nice as kontrôlemiddel. Lêsten stie er mei de smoarge modderpoaten tsjin it bêd oan en hoarte oan myn kessen. Los! Rupy! del, dea. Moarns sei Julie fan braaf yn ’e kennel ju: dat ik it dreamd hie. Yn dreamen begjinne ferantwurdlikheden, hie ik besocht my derút te swetsen. Have it your way darling. Se nimt de dingen sa’t se komme, oant yn ’e himel. De flauwe noardwester blaast no it beierjen fan my ôf. Ik haw har net sein dat ik moarnier mei in oerladen aginda nei Leeds airport moat.

By ferlitten túnark lâns. Foarby de lisbêden yn de blikke dy’t se útwreidzje soene, dy’t op dit stuit in grien bûsdoekje op in asfalt­flakte is. Westoan nei de garaazje jinsen. De boumasters hiene gjin needsaak sjoen om de funksjes te klusterjen of yn tichte folumes ûnder te bringen, sjoen de natuerlike omkriten út de buorren fan in ôfhandich doarpke en de histoaryske arsjitekturale ienfâld bla bla. Ik hie frege oft de leaflike Wharfe oer ús hinne lantsjepikke soe, want hoesa wie de boel oars ferlitten, hjirre oan ’e skerpe bûtenbocht fan de meander, mei in pearhûndert meter east de ôfbroazele klif, trettjin meter steil omdel sadat Rupert, doe noch in pup, net los omskarrelje koe. Julie hie gau sein dat hûn útlitten goed foar myn embonpoint wie, de skat. Ik haw in segway út it fabryk helle.

In all-terrain model foar de baas. Ik lûk de oplaadstekker derút. Sa’n batterij moat himsels fan de stroom ôfslute kinne, allang nammers, mar DARPA hat de memo net krigen, letterlik. Haw ik ús Jason oerdroegen: a. it opladen, b. blabze, stobben, flintstiennen, knibbelheech wetter, any lânskiplike hetsige wûne nimt er as in keardel, mar ien lyts nuet doaske meinimme, ho mar Jase, zero transportfunksjonaleit, de seggie. Dan mar de cheerios by it revers fan myn jaske yn.

“Joehoe, ik kin alles! Oh why must I feel this way? (Hey, must be the honey!) Rupy!”

Mar sa te sjen haw ik Rupert fuortdreamd. In griene lears leit sprekkend midden op ’e brêge. Opkrije kin net, want mei in grouwe lears yn ’e bûse reitsje ik út lykwicht en lit de seg him net mear bestjoere. Lizze litte kin ek net. It personiel dat him tsjinkomt sil tinke oan in ûnbegryplik drama. Altyd fleurich, ús baas… in poerbêste fint… miljoenen donearre oan ’e mienskip hjir… en oan de ynfalide feteranen… en no dit… Och suïside past hielendal net by my, freegje Julie mar. Dy lears dêr yn de rivier soale kin ek net, ommers wy adfertearje in ultraduorsume estate. Doe’t se hjir bouden fûnen se oan ’e wâl in lyk. Hy lei mei in strop om ’e nekke oan in beam, poerneaken. Sels de trouring hie er ôfdien. It nuverste wie it steapeltsje treftich optearde klean op de pakjedrager fan syn fyts. Elke reis hat sa syn ambiguïteit. Ik kear om nei de lears en lit him oer de reling yn it wetter glydzje.

Heavens wat is it libben goed. De Wharfe leit hjir sa breed as Godzilla lang is en ferrifeljend kalm, lyk nei de daam. It brommen fan de segway ferdwynt foar in eagenblik ûnder it massive blok white noise fan it delstoartende wetter, mar myn cheerios hear ik ratteljen. Ik hingje nei it westen oer en nei foaren. Rodeo! Mei tweintich kilometer it oere flean ik by de brêge del, rjochtsôf en it minybrechje oer nei ús wettertimpelke. In staltsje mei in dakje. Der ôf springe as it misbeteart. Wy kinne seggie wol misse mar binne mei Jimi hjoed noch net klear. Kont nei efteren no, no! Smyt de seg yn syn efterút. Ik kwak tsjin in pylder oan. In pear einen fleane op. Bloed dript op myn broek. Ik hie Julie noch tasein om in helm.

Lit ús oerein klauwe. De wolken litte de sinne efkes sjitte oer Avalon, it is suver waarm, en slokke him dan wer op. Foar it timpelke rimpelet no it wetter. It ratteljen fan de cheerios as it Sesam Iepenje foar myn wite en oranjereade koiboys: it is gjin magy mar pavlov. Oanleard roppich wachtsje se. Se wolle út de hân wol ite. Doe’t myn wurkers de oarder foar de UNMIK op ’e tiid leveren, haw ik se mei syn allen nei Benidorm stjoerd as bonus. Ik tear de doaze iepen, de artifisjele huningrook slacht my temjitte.

“De iennichste fiskesoarte dy’t net fjochtet, no jonges?”

Smats smats.

Gleiche Löhnung, gleiches Essen, war’ der Krieg schon längst vergessen.”

Lyk ûnder myn skuon driuwe se, foaroan Johnny mei de sulveren kop, goodness maat bist groeid fan ’t simmer. Ik nim in hantsjefol klibberige cheerios. De mjitske swietens reizget my fan ’e snijtosken nei de harnkiezzen, in timperjende pine. De probate ferdôving is meastal mear fan it guod. Ik tropje de mûle fol. Earjuster tsien miljoen ekstra oermakke nei it mienskipsfûns. Us jonges binne grut en ús fammen rêde har, sei Julie; de fisken hawwe yn werklikheid nea honger hân. Jo ite oant de doaze leech is.

“Tajûn, it is beslist jumjumjum Johnny! De tosken stekke jo, mar kin ’t skele? Ik bliuw dyn practical chap, is ’t net sa?”

Mastermoraliteit dochs, wannear’t ik de sânsekken tsjin wetter slyt oan fjochtersbazen yn in woastyn? Om’t se sa skjin en net-fersmoargjend binne? Want gjin rizel plestik yn myn sânsekforti­fikaasjes, US Army, NATO: gjin rotsoai te rakken nei jim útmars. It folk rêdt syn kont skoan mei jim kilometers efterlitten bolwurk yn har gea. Of as ik op ’e knibbels moat om de plakhannen ôf te spielen? Do Johnny, swimst ja swimst! yn myn gotspe! Wat ha wy it goed.

“Rupy!” Ik gean stean, stopje de lege doaze efter it revers en krij de segway by ’t hânfet. “Let’s go with the flow, Rupert.”

De hûn trippelet de brêge oer de Wharfe op en bilet. West stiet in fisker yn in wâdpak, in libbennet op ’e rêch. Hy skuort oan in angel. Leau it of net sei Julie: de oerfloed oan wylde beekforel behimmeljen is ferantwurdlik ekotoerisme. Segway is al eko genôch sei ik, please gjin fiskers oer ús hiem. It waard in hiel Dasein dêrbûten. Wy krigen har net fuort. Ik kocht twá angels. “Koestdy!”

“Praat net mei my oer de effen grûn fan ’t libben, Rupy. As hearskjen in nommele die is, dy’t ús heechste minsklike jeften ûntjout en sjen lit, in treast wêzen dêr’t jo, witst noch? Mochtest mei foar in fûstfol hûnetrúkjes. Dêr’t jo de ridderoarder foar op ’t boarst skikt krije, gâns militêr beleane yn dit boargerlik keninkryk, dan sil dochs…”

It kolossale beammefront gûnzet op my ôf. Sa’t de ivige iik en es har dwers troch it wâld in wei nei de sinne ta wrotte, cheers! Myn kaprjocht om ymportearre frjemdsin te kapjen, boek en hynste­kastanje en sels rodondendron, ha wy nea brûkt. Lit se mar moai om romte fjochtsje.

“Dan sil dochs elkenien besykje en hearskje: yn ’e dreechste omstannichheden, oer it grutste territoarium, oer de measte oaren? Hearskjen is oerhearskjen. Sa wie it yn ’e klasse fol machismo doe’t ik fan skoalle moast om oan it wurk, Rupy. Op jo fyftjinde tinke jo fan, fierderop yn it grutteminskelibben komt der ferfining, of sokssawat. Ha nee! Hie ik net krekt alles leard wat wrâldwiis wie?”

Mei de swarte pipekrolearen der efteroan spurt syn tinne, wite lyfke foar my út, oer de brêge rjochtsôf om east, om my it rivierpaad te wizen. As hie ik net eigenhannich dêr it grêfke dobbe. En Joanne gûle, myn stoere lang folwoeksen leave famke, gûle, gûle om har—no ja.

“Al foar myn fyftichste, Rup, betocht ik dat, as in man inkeld in rasjonele man fan de wrâld wurdt as er it gelok hân hat om te waaksen yn in doarp dat him syn jeften tastiet, en dy sels oanmoediget, dat sa’n man altyd yn ’e skuld bliuwt by dy mienskip dy’t him yn ’e omhegens treaun hat, en sa syn hiele minsklikens mooglik makke. De inkeling is altyd ûnderhearrich oan de ploech. Mar doe’t ik dy âld-soldaten seach sûnder skonk, sûnder each, oan ’e nekke ta ferlamme senyl yn in Leeds United-himd: hie nee sein. Dy ielmis fan my sil it net lykmeitsje.”

Bop, bop, falle de earste ikels. En de pup mar hinne en wer jaskje. Lofts en rjochts fan ’e tsjillen wylde knyflok, útbloeid mar noch net fuortstoarn oant de grûn. Har stank! En ik yn it minst net fernimme dat it asfalt dien is en de modder begûn ûnder de grou-robbelige, breedlippich rûge off-road-bannen fan myn stil-stabile segway. Jimme hawwe goud yn hannen, hearen fan definsje. Sa goed is it libben! Hear de miggesnappers! Jongestiid fan ’e fûgelkes, fûgelke fan myn jongestiid. Ynienen fleagen se oeral yn ’e hûs. Saaiden del op ús protsje húsrie en joelje út dy lytse lonkjes. Mem woe sels it húskerútsje ticht. Om ’e nocht, mar op in moarn ferskynden se net mear. Us pake wie op wrâldreis gien. Well then, ik song altyd as jonkje. Suver as in ingelke. Sjong ik noch?

“Net sa sleau, Rupy, boppe alles út. Ommers no sjonge se stiif troch, de miggesnappers. Want in taastber rôfdier lykas seggie of do jouwe se neat om. Mar ien skiterich spjochteftich skaad oer it bosk hinne en deadse stilte! En à propos, Jimi hat mar ien patint, foar in dinkje tsjin it wetter, wat in abslút apolitike fijân is, wat him net yntimidearje lit mei knallerij, mar dokter Alfie Nobel hat hûnderten patinten, dynamyt lang net de iennichste foar de oarlochsyndustry. Dat it is gjin ferlyk. Yn de Daily Idiocy sette dat der bloed klibbet oan de winst, ergo, oan ’e woldiedigens: in leagen.”

In tinken, hie sweetheart Julie sein, in wier of net wier: spagetty groeit oan beammen?—oy. Hjir, no, komme de beammen tichter opinoar. It paad stjit oer har stobben, mar is breed genôch dat Rupert neist de seg rinne kin. It ferskil tusken Heel! en Wheel! heart syn hûneferstân ommers net en op in dei hoegde er net mear oan ’e line. Rjochts tusken ’e tûken troch glinsteret no en dan de Wharfe op út syn kleau fan meters en meters smoarchwite dolomite kalkstien. De oare kant hat hast gjin delskot. In kuierder dêr yn ’e greiden sjocht skean omheech yn ús rjochting. Mar do kinst leagenjen fele noch daaie?

“Nee. Ik wie aardich en hoeden. En ik krige altyd gelyk.”

Spyt-spyt-spitigernôch, sir? jotskje ik. Lofts, op in wat iepen plak, dêr’t dochs net ien komt, stiet it wythouten krúske. Syn halsbân deromhinne. As de âlde sibben fan ’e stam fiele dat de dea deroan komt doarmje hja fuort nei in efterôf plakje. Joanny fûn him, opkrolle yn ’t leechhout. Gjin himel te sjen. It bosk spûnzet it brommen fan de segway op.

“Samar, want hy hie net iens in hûn of wiif, bern, beppe thús om te hoedzjen, oan it krús hingjen gean, tsjin jo natuer yn, om’t heit it wol, dat is sykje de selsopoffering, apport! Lary, Rup. Da’s hiel wat oars as tafallich krekt, oardel jier nei myn eftertúnútfining, nei myn humanitêre patint, dy Rumsfeld, We know where they are en oarloch ferklearje. Dom ja. Wat der is hawwe jo yn de hân, wat der net is net. Mar ferriking, ryk oan in leag—Rupy! Rupy!”

Ynienen harket er dan net mear. It bosk is tsjok hjir en de ûndergroei striidt om ljocht. De wyldernis drukt it paad ticht nei de rivier ta, mei rjochts fan my in stripe fan net mear as twa meter dêr’t it hout tinner is, om’t it skraachoan hâld hat op ’e râne fan de klif. Hieltyd wer, likernôch op ditselde plak, is Rupert fuort. Mar hjoed riid ik myn seggie fierder. Alle fiif de bern útflein en Julie hat har dreamhûs en de hûn fynt it paad wol werom.

“Rupy! Sjuch ris: it wie amper in bycht! Nim Sundance Kid op ’e ôfgrûn boppe de rivier, yn ’e fal rûn, gjin kant op kinne. Utsein it wetter yn, seit Butch. Mar de Kid nee nee nee, net it wetter. En jout dan ta: I can’t swim! Dat Butch laket en laket, Rupy, it echoot tusken de rotsen en mei rjocht, wat in sissy. Ha, net ik! Ik spring deryn, hup seggie! Skuor by de beam lâns. Skerp nei rjochts. Ik kin aaaalles!”

Maaie 2019

Ald-koalemynwurker, ûndernimmer en goeddogger James William ‘Jimi’ Heselden gie dea op 26 septimber 2010.

Mear fan Friduwih Riemersma

Any other outcome I refuse It ôfslútpraatsje fan kulturele haadstêddirekteur Van Bekkum
Brekkend! Webside Beammeboek stilset In moanne lyn koene wy de webside fan de nijste kanon­assimblaazje, Salang’t de beam bloeit, al net fine.
Froulju ‘heechliterer’ skriuwe litte is befestigjen fan de wite manljuskanon De minyreboelje om it boeke­wiketema ‘Moeder de vrouw’ liet sjen hoe’t de gender gap yn de literatuer weiwiuwd wurde koe as feministyske drokte om neat.
Tsjinwynkronyk 2018 #3 It tredde fearnsjier fan it kulturele haadstêdfoarfal ken it morele lok fan prachtich simmer­waar en toeristesprieding …
Tsjinwynkronyk 2018 #2 It twadde fearnsjier fan it kulturele haadstêdfeest, it maityds­seisoen, is wannear’t de ferdivedaasjeflaggen plante wurde moatte yn it kulturele wapenkamp
Pentastich foar A De dichter syn frou / Draaft oer de krytstreek
Sekssênes út Bist al hast klear? ‘Hin, midslibbenkrisis? Jong jonkje foar derneist om de takom njoggenentritich jierren kinky te meitsjen, sportwein en tada! Keunstfraude!’
‘Ik stean der net yn, do wol?’ Oer Salang’t de beam bloeit: Koarte skiednis fan de Fryske literatuer
Sekssênes út Bist al hast klear? Hy hat de royale selswissens en body-mass-index fan in tweintiger mei tefolle jild.
Sekssênes út Bist al hast klear? By de ljedder op. Hy boppe, ik ûnder. It glêzen plafon soe ek yn it tsjerkje fan Mullum net trochbrutsen …
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15