Ik woe in lytse Marseillaise

Eppie Dam - Fers2 nû. 2, 16 jannewaris 2015

Ik woe in lytse Marseillaise,

om mins en mienskip no oerein,

mar koe de wurden amper lêze

yn wazen ús temjitte slein.

En noch sil ik yn tûzen bochten

om kûgels en skerpsliperij

te liif mei dy grize meldij:

de frijheid fan geast hjir befochten.

Dy’t fan de wierheid alles witte,

se lizze dij koelbloedich plat,

kalkoenrop âljend troch de strjitten,

sa fol de hals fan eigen god.

Mar hoe nimst dôve lju geweken

dy’t meane mei blaffer en swurd;

se hawwe de gek mei dyn wurd,

feroarje fraach- yn útropteken.

Ik woe in lytse Marseillaise

doe’t ik weromkaam fan in plein,

om net alhiel ûntdien te wêzen,

noch wittend fan in âld refrein –

om bliuwend foar ’t ferstân te krijen:

hoe’t nearzich tsjuster ús ek socht,

wij hâlde ’t mei de stêd fan ljocht

en neat bringt de tongen ta swijen!

12 jannewaris 2015

Je suis Charlie Hebdo

Yva Hokwerda - Fers2 nû. 2, 12 jannewaris 2015

hast it oer my útstoart

dit lead, lead, lead út ’e namme fan

dyn leauwen

om myn leauwen

---

al ús hurde miene te witten, is,

is as it yn inket skriuwen fan ús

minskestreken mei fierstente

hurde ballpoints en koperen kûgelark

---

mei dochs fan ús beiden it leauwen oerein bliuwe

as in oan elkoar betekenjen fan bylden

mei it sêfter potlead

dat fan it wurd dat komt fan de foarrinner,

de leadstift

lit ús betinke: it tekenpotlead fan de tiid fan no

is fan grafyt en klaai yn hout

en in Frânske útfynst foar de gollens fan it gom

wy kinne net sûnder

om it setten fan sketslinen

yn it grutte tsjutten

7 jannewaris 2015

‘Charlie Hebdo’

Kronyk fan in diskusje

Friduwih Riemersma - Fers2 nû. 2, 16 jannewaris 2015

Earst wie der fersleinens oer de ûnfoegens en it ûnbegryplike fan it geweld.

Men sei dat net fergetten wurde moast dat it om eksessen gie, dy’t der altyd wêze sille om’t der altyd tusken de miljarden minsken dy’t har oanpasse kinne guon wêze sille dy’t dat net slagget en waans gedrach de juridyske grinzen en de morele regels oer giet.

Oaren wiisden op de opstannen yn 2005 fan de twadde generaasje ymmigranten yn de Parise banlieues en hoe dom oft Sarkozy dat oanpakt hie, en op it feit dat just Sarkozy it ûntjilde moast yn satiryske oanfallen fan Charlie Hebdo, wat de gewelddied ekstra bitter makke.

Wer oaren foegen der oan ta dat tolerânsje net goed is foar kulturele minderheden: wa’t tolerearret sjocht ommers de te tolerearjen situaasje in begjinsel as negatyf. Wy moatte ta nei echte ynklusiviteit.

Jûns kamen der 150 minsken byinoar op de Dam yn Amsterdam, meast skriuwers en cartoonisten. Har hert gie út nei de kollega’s, de libbene en de deade.

Rutte hastige him om it minsklik drama te politisearjen. Mar och Rutte. Yn de praktyk sil syn hâlding tsjinoer minskerjochten wol net feroarje, want keapmansbelangen geane altyd foar, hoe dubieus it binnenlânsk belied fan de hannelspartner ek is.

It waard nacht, it waard moantiid. En doe stiene de white knights op, de helden dy’t komme om de wrâld te rêden, de belegere foarfjochters dy’t stride foar in heger doel, de belangeleazen dy’t in machtsoername tefoaren komme sille.

Dat Frankryk in histoarysk probleem hat mei it oplizzen fan syn republikeinse weardesysteem op de tanimmend ferskate populaasje en dat it Frânske ideaal fan in unifoarme, sekuliere Frânske identiteit foar hieltyd mear wriuwing soarget ûnder de 8 oant 10 prosint moslims yn de Frânske befolking, mei oare wurden dat geweld lykas ’Charlie Hebdo’ hjir net barre kin, like har optimismebias.

De frijheid fan mieningsutering, in universeel minskerjocht, stie op it spul, warskôgen se.

Al gau stoarme hast elkenien de barrikade op foar it behâld fan de frijheid fan mieningsutering.

De pear stimmen dy’t fregen wat dy frijheid dan feitlik ynhold waarden net mear heard. As gie it net om Plato’s parrhessia, it rjocht om álles te fertellen en net inkeld de wierheden dy’t de polityk en de kultuer oplizze. As gie it der net om dat wy net iens ferklearje kinne wêrom’t de driuw om de wierheid te fertellen bestiet, behalve as maatskiplik konformisme, sadat paradoksalerwize it befreegjen fan ús de-wierheid-fertelle-wollen riskant is—dus it befreegjen fan de wierheid fan it rjocht op frije mieningsutering séls.

As gie it der net om dat de fertochten fan de gewelddie har kwetst fielden troch it ôfbyldzjen fan Mohammed, dy’t yn it foarste plak hielendal net ôfbylde wurde mei, as in baarch, seinen inkelden.

Religy hie der net folle mei te krijen seinen oaren. Gjin imam sil it geweld sjen as jihad, want it is in persoanlik ôfrekkenjen en gjin strategyske striid foar religieuze frijheid, dus der binne gjin martlers. Ek de santich maagden binne benammen it resultaat fan westersk kultureel foaroardiel. De koran spesifisearret it oantal maagden yn it paradys net en ek steane hja klear foar alle manlike moslims en net inkeld foar martlers.

Opnij waard it nacht en dei en nacht en dei. Parallel oan it rimpeleffekt fan de gewelddie wie der in rimpeleffekt yn de diskusje.

Sa no en dan, sizze guon, sette grutte wurden as terreur, ôfslachting en bomdriging de wrâld wer yn beweging mar hieltyd flugger wurdt it stil.

Mar oaren sizze: litte wy it net ferjitte.