Wu & Mac, Aggie van der Meer

Koart ferhaalsyklus

BV Ho Wu en Misty Mac

Aggie van der Meer - Fers2 nû. 3, 29 jannewaris 2015

His in gnoe, losrekke fan ’e keppel.

Nachts as de wolven gûle komt Misty Mac op ’e siken. Tinkt er oan alles wat er net begrypt of wêr’t er heechstens it begjin fan in fermoeden fan hat. Hy soe it gelok neame kinne. En in gerêststelling. Al wit er net krekt foar hokker eangst er gerêststeld wurde wol.

Jûns, as Ho, wurch fan ’e hektyk fan ’e merke, him freget nei syn tinzen hat er soms de wurden net. Net slim. Ek as de gnoe sliept en Pergolesi him troch de sigarereek hearre lit, witte se wêr’t it om giet.

Skerpt er syn earen. Wol er witte of it de tromslaggers binne op de tinnen fan de timpel dy’t er heart, of oft it de fiere echo is fan it oerbegjin dy’t de takomst ropt en iepenteart.

As dat syn eangst is hat er te dwaan.

*

Ho Wu hie dy moarn oan syn mem tocht. Samar. Skrander hie se west, leaf, hoeden, bang om skeind te wurden. Se hie it opjûn om by de tiid te bliuwen. Syn heit wie ophâlden har werom te heljen. Hy fuorre har yn har eigen wrâld, in ferlitten bosk dêr’t de foarâlden har spultsjes dienen. Hy neamde har syn doke. Se wienen der wolkom, syn heit en hysels. Namen wat te drinken mei, praten wat, telden de oeren, tochten oan de saak dy’t der net ûnder lije mocht.

De saak hie har rêding west, har libben wurden. It wie syn libben bleaun. Hy tocht dat syn heit altyd fereale bleaun wie, dat yn it ferlitten bosk de leafde syn gerak noch krigen hie.

Hy rêdt him sûnder bosk. Sûnder dat ferline. As Mac der nei freget komt er noch op de nammen fan in pear foarâlden, de frije kant neist, wat allinnich de ryksten en dy mei lef har permittearje koenen.

Lef hat er meikrigen, de rykdom hat er sels foar soarge. Dêrtroch kin er no gewoan sizze wat er tinkt, dwaan wat er wol. Net ien makket him wat. Hy sjocht dat de ierde fersoarge wurdt en like hurd tamtearre. As it sa útkomt seit er der wat fan, docht wat, mar hâld wyls de beursberjochten wol yn ’e gaten. Sûnder jild ferdwynt it teater dêr’t de stikken op spile wurde moatte. Komme der gjin robots om it wurk oer te nimmen, de bearen fan ’e dyk te hâlden en ús by de tiid. Ja, mem, sa is it.

Op ’e syk nei de beste ynvestearring

Aggie van der Meer - Fers2 nû. 5, 28 febrewaris 2015

Nee, Mister Ho Wu en Misty Mac, “diesseits Markt und Staat”, misse se net: de ienselligen. Net dy sûnder, en net dy mei in kearn, de ynskiklike dielers en dejinge dy’t pearje: de achteleaze en de sinnige frijers. It is as mei it ûntbrekken fan in antwurd op de fraach nei de trou fan de blaumiezen op Corsica: wat men net wit dat deart jin net. Wat se wol witte, Ho Wu en de Great Big Mac, is moai genôch en mear as de measte oaren oankinne. Lykas de measte oaren ek net takomme oan alle saken wêr’t Wu en Mac har fierders mei dwaande hâlde. Stjoere se net, oerdeis of nachts, in miljard of wat de wrâld yn, op ’e syk nei de bêste ynfestearring? Wit de trochsneed boarger, de túntsjesitter, de strjitsjefeier, wat dat opsmyt oan nij jild en ferlet fan jild, oan gelok en ferlet fan gelok? Sette se de earmen fan geast, ta har wolfeart en foldwaning, net achter de knoppen fan har masines? Steane se de ûngeloksfûgels net te wurd en ferjouwe se har net yn ’t foar? Mar de karyoten? Nee. In gemis? Ek net. Jawis, se ha fan de dodo’s heard, de helhûn en de hillige kat – wie dat net yn Egypte? – en yn har kantoar hinget de taspraak fan in yndiaan út Seattle. Mar sawol mei de pro- as de eukaryoten, ha se neat, al woenen se noch sa graach.

Meitsje jim oer ús foaral gjin soargen, sizze se, wy binne sa al gelokkich genôch. Soenen se noch gelokkiger wêze as se wisten fan dy eukaryoten, frege Mac him ôf. No, nee, seit Wu. Soenen se dêr it iene achterhoedegefjocht nei it oare mei winne? Loadse se dêr it skip mei jild har wetters mei yn? Se witte wêr’t de prizen falle en de moaiste fûgels mei de hân te fangen binne.

Jawis, se binne net fan stien, se hawwe net allinnich har ûnstilber ferlet, har ûngeduerigens, se hawwe potjandoarje ek as minsk en as man noch hiel wat te bieden. Nee, se komme net tekoart. As se har sêfte kanten ynsette, krekt op ’e tiid de klyster fluitsjen hearre of it Angelus yn ’e fierte, libje se even op. Foaral Mac stiet wolris even yn berie, lykas earder dy Gorter foardat er it rút ticht die. Dan fielt Mac dat him wat singeliers troch it sin gien is, dan heart er wat, wat er daliks net thús bringe kin, wat net ien oars heart. Eat út in oare laach. Mear witte? Hmm, Mac alteast fersmyt it daliks net.

De iene han yn ’e side en de oare oan de Sig Sauer

Aggie van der Meer - Fers2 nû. 7, 29 maart 2015

Mearkes, seit Ho Wu, se hawwe har funksje, jawis, mar krekt as mei alle oare ferbylding is it saak en pas op. Traapje de wolf, foaral dy yn skiepsklean, op tiid op ’e sturt. Mij him net. Gjin beskamsumer wolf as in sêftsedige flaaiker. Wy, as sakelju, helje se der daliks út. Mac faak noch justjes earder as ik. De slimsten binne de bidders, de smekers, de omearmers, mei har kliemerige stimkes. Hâld op, man. Dan de betûften. Dy meist net ûnderskatte. Dy kinne net oer har ferlies. Bite, as it wêze moat, troch hûd en hier. Behappe seis geiten yn ien haal. En dan noch neignoarje oer dy iene dy’t ûntkommen is om de handel te ferblaaien. Nee, jou my mar in native wolf. Prachtich, sa’n alfamantsje. Ien dy’t der kalm by “De Izeren Locomotief” yn rint, mei de iene hân yn ’e side en yn ’e oare in Sig Sauer. Hurde tsjinstanner, de kaarten op tafel en A is A. Oan inoar weage.

Mar kom by mister Ho Wu oan mei in drôf jammerjende wolf, de kop achteroer, yn in kâlde nacht yn de steppe fan Siberië, of de triennen komme him yn ’e eagen. Dan, it giet je troch alles hinne, dan fielt Ho Wu, heechachte ûndernimmer, nei de eagen sjoen en wend dat der bûgd wurdt by it knipperjen fan syn fingers, him in bern. In bern dat nettstjinsteande it bikkelhurde, opslorpjende sakelibben, syn gefoelichheid hâlden hat. Jawis, dêr is er tankber foar. Wa of wat hy tankber is? Muoilik, muoilik, miskien dat Mac der wat oer sizze kin. Mac dy’t leaut dat der wat is, dy’t dagen hat dat er ferlet hat fan in oare diminsje fan it deistich genot yn al syn fasetten, mar der ek net rjocht de fingers achter krije kin. Mear in gefoel, seit Mac. Ek sakelju moatte soms tajaan dat net alles yn nullen en ienen te fangen is. Neat op tsjin salang’t it net in gewoante wurdt, in aardichheidsje bliuwt, dat lykas yn in nacht op de steppe, of ergens op in hege berch, even de trekken krije kin fan in fisioen.

No, ja, sa.

Ho Wu en Misty Mac: De Masai

Aggie van der Meer - Fers2 nû. 8, 12 april 2015

De Masai bewarje de ierde, lykas kapitein Zhou Hong Wei syn kalmte.

‘De âlde man fan Hemingway ha se der noch krekt yn begrave kinnen,’ seit Mac, ‘yn de snie op ’e Kilimansjaro.’

Hat Wu wat mist?

Eins al, seit Mac. It is ien fan dy dagen dat de gnoe yn Mac him net bedarje lit. De blauwe.

De wytsturtgnoe hâldt him yn ’t generaal wat mear tebek.

Wêr it oer gie? Oer de snie op de Kilimansjaro dy’t al ieuwen de berjochten byhâldt oer de skiednis fan it waar. Der is no dus in tekoart oan snie. In drama. Net minder as in drama.

‘In lyts eintsje dan,’ seit Wu, as Mac de apparaten yn ’e wachtstân set en in ein rinne wol. Dochs net om dy snie?’

‘Ja,’ seit Mac, ‘al om dy snie.’ Om fan Wu net mear te fergjen as nedich is, hâldt er de gnoe der bûten.

Dus rinne se no lâns it strân wêr’t earder in healwoeksen ingel besocht hie de see yn in kûltsje te skeppen.

Se hawwe de ferkearde skuon oan en it begjint Wu al gau wat yn te baarnen.

‘Kâld genoch,’ seit Wu.

‘Tink oan de Masai, Wu,’ seit Mac. ‘Altyd nimme dy de tiid en skowe se de besluten foar har út, want altyd binne der de geheimen, tûzen ljochtjierren wei.’

‘En de brân yn har lea,’ seit Wu.

‘En de brân yn har lea,’ seit Mac.

‘En de soarch om har fee.’

‘En de soarch om har fee.’

De Masai bewarren de ierde, lykas kapitein Zhou Hong Wei syn kalmte.

‘En se sitte mei har goaden,’ seit Wu.‘Dat is fansels altyd wer in saak fan ôfwachtsjen. Hoe fier wienen hy en Mac kommen mei sok ôfwachtsjen? Sa mâl wie it net dat sy stadich de measte taken fan dy stymske en ritige goaden oernamen, dochs? En hearst har dêr oer? Komt it noch yn har op ergens in finger foar te stekken? Hawwe se taslein doe’t wy har ynruilen foar Monsanto? Ferdogge se har asem tsjin Bayer mei syn wûndergif? Wêrom soenen se noch langer: sy krije yn in jier safolle luzen net plat as Bayer yn ien nacht. Se hâlde de tsjerken net fol en wat ha se langer mei guon dy’t mei alle wille wer ketters ferbaarne?

Wu tinkt dochs net dat se ûnder it neilbiten it soer net krije kinne en dan hjir en dêr wat strûpen sette?

‘Se ûntkomme ús noch,’ seit Mac, ‘se litte it der net by, wraaksuchtich as se binne.

As Mac noris in draak opliet? ‘ûnnoazelwei by de noas lâns freegje hoe’t it der op ’e Olympus om en ta giet? Oft se de dagen wat omkrije. Nachts noch wat puf ha? Soks? Alle romte,’ seit Wu. Hysels set no ôf nei kantoar. ‘Who owns de future,’ seit Wu. As Mac antwurd krijt, kin er dat even nei Wu whatsappe.

*

De flijer dêr’t de draak yn rook fan nektar en hilligens letter mei weromkomt, set de saak op skerp:

Wat sette jim yn? De tiid fan optelle en ôftrekke mei de wiete finger is foarby.

Ha se dêr fan nullen en ienen heard? whatsappt Wu werom.

Foardat se der op ierde grip op hienen, spilen sy der al mei.

Freegje nei har betingsten. Wu koe der no net langer mei sitte.

Dat litte se oan ús oer.

Ho Wu en Misty Mac: De aventoerkapitalisten en Abraham Kuyper

Aggie van der Meer - Fers2 nû. 9, 26 april 2015

In ienfâldich itentsje,’ seit Wu. ‘Net te útwrydsk. Dêr laitsje sokken om. Dat hat de skyn fan moaipraterij. It hoege gjin knuffelmaten te wurden, Mac. Wy sette gewoan de klokken even lyk.’

Twa aventoerkapitalisten dus. Kin Wu it oan dat Mac by sokke manlju tinkt oan de heechste bieders dy’t yn Kanses in noashoarn delsjitte meie?

‘Amper,’seit Wu. Hy fielt him dochs al net noflik. Al in moai skoft het. Eins fielt er him as Napoleon op Elba. It hie de kop opstutsen doe’t se de lêste kear yn London wienen. Op Heathrow hie er besocht it te pakken te krijen, mar pas thús, foldien, jawis, goed iten, prima saken dien, hoegde net better, wist er wat der gnabbe oan syn rêst. Wat der al langer gnabbe: hy fielde him as Napoleon op Elba. ‘Ja, lit dy Leonard Cohen him mar even stilhâlde. Nee, it hat net te krijen mei dy tastân oan de Berezina. Jaja, slim genôch.’

‘It hie noch slimmer kinnen,’ seit Mac, ‘as in pear ferdwaalde Friezen, wat oan ’e lette kant, dat wol, net noch in soarte brêge oer dy Berezina pionearre hienen.’

Wu suchtet. ‘Ja, goed, in segaar. Nee, net wer dat rút iepen.’

‘Dus gjin Berezina.’

‘Nee en fan Waterloo hie er noch gjin aan. Kinst dy dochs wol yntinke, Mac, dat in man fan syn kaliber de dagen net trochbringe koe mei streekjes sette en de oeren telle oant er wer in stikje bôle krige? Sa’n ien moat der út, de kerte flerken, oangroeid wer, útslaan, tsjin bliedens ta by de traaljes op.’

‘Ja, en?’

‘As wy ús blik net ferbreedzje, Mac, as wy ús as in pear muontsen op in berch tahâlde, ús seiningen telle, omdat wy witte dat it iten ús dêr wol brocht wurdt, dan misse wy de boat. As wy net mear los komme út it tinken dat fjouwer allinnich de útkomst wêze kin fan twa kear twa, dan binne wy der oan ta om nei de kosten fan in bridge-kursus te fernimmen. Of net? Of net, Mac?’

In bridgekursus soe Mac sa gau net opkomme. Leaver soe Mac him, as se safier wienen, ynformearje litte oer de omgong mei de magyu-ko, dy’t massearre wurdt wilens er nei muzyk harket.

‘Japan, grif,’ seit Wu.

‘Japan, ja,’ seit Mac.

Omdat der fier yn ’e omkriten gjin restaurant te finen wie dat him oan no ta de hannen doarde te baarnen oan it tarieden fan it fleis fan de magyu-ko – mynhear Ho Wu heart it as earste as se de stap weagje – wurdt it De Jachthôf. Wol sa rêstich.

De twa aventoermannen hawwe it tydstip fan oankomst yn ’e Hôf sa útfigelearre dat de hearen Wu en Mac, twa pleatslike pommeranten, net op it idee hoege te kommen dat der oan de goedwilligens fan har besikers ek noch in soarte fan ferlet te pas komme soe.

De begroeting, fan wjerskanten, net iens al te ôfhâldend, neat op it spul, gjin gefaar te duchtsjen, sette de toan dy’t allinnich even hapere doe’t Mac de hearen frege wêr’t it neffens har oan lizze koe dat de Súd-Koreanen sa fan Abraham Kuyper hâlde. Dat wie doe’t mynhear Pompe ta wie oan it opljichtsjen fan in tipke fan de toverdoek dêr’t de Aziaten ûnder leinen te wachtsje om saken mei har te dwaan. De Aziaaten yn in algemien, de Súd-Koreanen yn it bysûnder. Gâns rendearjend. It slagge mynhear Pompe – de kaai fan de City yn &lrsquo;e bûse – sa gau net om Abraham Kuyper te plak te krijen yn in antwurd dat alle fierdere fragen oerstallich meitsje soe. Syn kompaan, mynhear Split, rêde him: de hearen Wu en Mac hienen nei alle gedachten yn har konneksjes mei Azië ek al fêst stelle kinnen dat fraach en antwurd foar westerlingen allinnich nei te kommen wienen as it oer jildsaken gie?

Wu hie even knikt. Jawis.

Fierder wie alles hiel freonlik ferrûn.

Foaral Split wie amikaal, mar it wie Pompe dy’t Wu it winske ynsicht bea yn in wrâld dy’t dy fan har, as se de beakens net fersetten, mei hûd en hier fersline soe. Al ferge it Pompe sân dagen yn ’e wike, dei en nacht, om syn jachtynstinkt op skerp te hâlden. Dat alteast wie syn idee. Split gie wolris even op ’e automatyske piloat. En hie Pompe syn akwarium net? Ja, Pompe hie syn akwarium. Pompe hie fan de fisken opstutsen dat de betûfsten yn it generaal sels wurkjende wei foar neiteam soargje. ‘Kleare natoer,’ sei Pompe.

*

Mac seach jûns noch krekt dat Wu even de holle skodde doe’t hy hoeden in draakje opliet.

Ho Wu en Misty Mac: Swypslach

Aggie van der Meer - Fers2 nû. 10, 10 maaie 2015

Wu wie net fan doel om de ynformaasje oer taks-rulings oan ’e kant te lizzen fanwegen it driigjende útstjerren fan it kuorhin.

‘Goed,’ sei Mac. Mar as it om it porsleinhin gie, hie hy, mei klam, foar in lytse time-out pleite. Oft it útsteld wurde koe oant jûn? ‘It is mei saken as taks-rulings en lyksoartige dingen altyd wer in kwestje fan hurry or wait en hjoed stiet alles yn it teken fan hurry. Ien misse slach, krekt even te let en, do witst it Mac, slaan wy ússels foar de kop.’

‘Treast miskien, dat ek rotten spyt ha as se in ferkearde beslissing nommen ha,’ sei Mac, ‘dus… ’

‘Wat dus?’

‘Goed yn ’e pas mei de natoer,’ sei Mac, ‘ferfelend, mar ek gerêststellend.’”

Krekt doe, oan tafal koe hast net tocht wurde, naam in hiele swik strieljagers har loftrom minutenlang yn beslach. ‘Ek gerêststellend,’ sei Wu, ‘the sound of freedom. The Americans are in this theatre en dat sille wy witte. Wat oars as dy rotten fan dy.’

‘Ek in gerêststelling ja.’ sei Mac.

De jûn, yn earsten reservearre foar it porsleinhin, en mei fertraging op gong kommen, rûn nei wat sykjen, dochs noch út op in fingeroefening close-harmony-sjongen.

It porsleinhin, hie Mac sein, hie dêrom in spesjaal rjocht op fierder bestean yn har dreven, omdat it mar ien kear yn ’e twa wike fan him hearre liet. En it bysûndere wie, dat it dan klonk as in swypslach. Noch in gelok dat Mac, no’t it porsleinhin har drige te ûntfallen, in bandsje besette kinnen hie dêr’t dy swypslach sa lûpsuver op te hearren wie dat oannommen wurde koe dat gewoane stjerlingen it yn it echt nei alle gedachten sa noait belibje soenen.

‘Dat se it ûntdutsen, dit twawyklikse ritueel is hast noch ferwûnderliker as it ritueel sels, sei Wu. ‘Moai stikje research.’ Om de sfear no net te bedjerren frege er mar net oft dat lûpsuver, as begryp, hjir no wol op syn plak wie.

‘Pompe en Split, ús aventoerkapitalisten, Wu,’ sei Mac, ‘soenen dy noch wolris oan it ferwûnderjen takomme? En hoe slim is it as se dat misse.’

‘Twa fragen. Dêr hast oer neitocht,’ sei Wu, ‘dat is de gnoe yn dy. Dy’t der fansels by wie doe’t de earste aap, ien dy’t op sprong stie om, samar te sizzen, oerein te kommen en syn wyfke mei nije eagen beseach. Fernuvere oer safolle moais. En Adam wurden, of Eva,’ Wu hie no de guit te pakken, ‘de swypslach hearde fan ús hin, of de klyster en dat besocht nei te dwaan. Net minder wêze wolle.’

‘En dus it praten begûn.’ Wu hie Mac no hast even by de strôt.’

‘Wat in mooglikheden.’

‘En hâlden en kearen.’

‘In kerf yn in beam, in A en in E en de poëzy sette útein.’ Al hie Mac wat dat oanbelange ek fan dy jonge heard dy’t it bosk útkaam en rôp: in wolf, in wolf. Der wie gjin wolf. Guon wolle ha dat dat it begin wie fan it dichtsjen.’

‘Leau mar net dat ús Pompe en Split har yn dit soart fernimstichheden fertiizje litte. Dy hâlde har fêst oan de grutte linen. As se dêr de swypslach al hearre witte se net wat se hearre.’

“Miskien ferwûnderje se har dêr dan dochs even oer.’

‘Miskien, ja.’ Wu tocht net dat se it oars misten.

Ho Wu en Misty Mac: Muzen

Aggie van der Meer - Fers2 nû. 11, 25 maaie 2015

Gjin wurd,’ seit Wu. It pukkeltsje op syn kin – in tear punt – set op ta in pioen op springen. It idee dat it har yn har kantoar, de djoere architektenhân – net oerdiedich, mear te fielen as te sjen – mei syn woldiedige sfear, de útsochte ljochtfal, de apparatoer, design en tarist op de easken fan moarn, en, as iennige dekoraasje, de yntocht fan Jezus yn Brussel fan Ensor – foar elke besiker in ferrassing, krekt omdat net ien dat ferwachtet, mar har der wol om komplimentearret – dat it har krekt yn dat kantoar oerkomt dat se mûzen ha.

‘No even de kop der by Mac en gjin praat oer de natoer dy’t as wy net oppasse de saak wer oernimt.’

‘De oaljefant dy’t it ferliest fan in knappe swarm muskiten,’ seit Mac.

‘Mac!’ ropt Wu. Hy ferneart it no net dat er langer terge wurde.

‘Noch even wat út it lêste ûndersiik oangeande mûzen,’ seit Mac, ‘miskien dochs handich om te witten. De fraach wêr’t wy as ferantwurdlike ûndernimmers by in mûzepleach foar komme kinne te stean is dy nei de soart mûzehûshâlding wêr’t wy hjir mei te krijen ha. It is bygelyks sa, Wu, dat yn in famylje dêr’t de heit út it sicht is, troch sleauwens, oerhoer of slimmer, it de mem net slagget om de jonges derûnder te hâlden. De te ferwachtsjen gefolgen meie dan noch net útiten wêze, guon saakkundige ûndersikers doare op it útbrekken fan in mûzereboelje al fergif yn te nimmen. Nee, in remeedzje hawwe se noch net.

‘Jou my in segaar,’ seit Wu. ‘Of nee, we nimme in konjakje en helje dan even it ferstân derby. Oan no ta hawwe wy it dêr altyd noch mei rêden.’

Se nippe, se stymje, de kalmte is op kommende wei.

‘Gjin wurd nei bûten,’ seit Wu.

‘Goed,’ seit Mac.

‘Pompe hie in pleachdierebedriuw foarkomme litten,’ seit Wu.

‘Mei blindearre auto’s,’ seit Mac.

‘Tûk, fansels,’ seit Wu. ‘Gnoes, Mac, gean der mar fan út dat dy slij binne op mûzen.’

‘Gean dêr mar fan út, Wu,’ seit Mac, ‘mar safier gean ik net dat ik se fret…’

Krekt dan hearre se de famylje, mei of sûnder heit.

Lang om let docht it bliken dat it de argyfkast is dy de mûzeheit syn poesemûske oanbean hat. De argyfkast as ûmjouwing, de doas mei de dokumintaasje oer de Europeeske oarloggen yn it bysûnder. De Slach oan de Marne, lykas de Tocht nei Chattum binne al fierhinne oanfretten, wylst Waterloo praktysk folslein fergnabbe is.

‘Gjin histoarysk besef,’ seit Mac.

‘Mar goochem genôch om te flechtsjen as de need oan de man komt, de lefferts, de proletariërs,’ seit Wu. ‘Wat, Mac, moatte wy trouwens yn it tiidrek fan TTIP, apps, wrâldomfiemjende kontakten en drones dy’t allang, om sa mar te sizzen, de grûn ûntstigen binne, mei Waterloo en sokke foarfallen?’

I took my gun and vanished, sjongt Leonard Cohen.

‘Lit him mar even,’ seit Wu.

‘Lit him mar even, ja,’ seit Mac.

Ho Wu en Misty Mac: Bison

Aggie van der Meer - Fers2 nû. 13, 20 juny 2015

In bison is sawat twa kear sa grut as in ko en like falsk as in grizzly,’ seit Mac.

‘Moai,’ seit Wu. Te betiid, tinkt Mac. Wu is noch net oan in bison ta. Se binne dan wol op fakânsje en sels yn Dallas, of all places, en komt dan ek in sakeman net ûnwjersteanber op bisons? Nee, net ûnwjersteanber. It Hilton hat al wer in moai skoft lyn de oalje de rook fan de prairy oernimme litten en is no in destination in itself wurden. Yn it Fairmont, justjes djoerder, mar wol mei 20% koarting, hie it net oars west.

It is jûn, noflik ja, near ja, en, nee it swimbad hie har likegoed net karre kinnen, al kinne se beide en foaral hy, Mac, neier besjen oan alle kanten noch altyd mei glâns trochstean. Al hielendal yn Texas.

‘Ik sjoch út nei de Great Plains, it âlde prairylân, Wu.’

‘Hm,’ seit Wu, ‘op ’e siik grif nei de wylde man yn himsels, dy’t hy der te faak der ûnder hâlde moat? Dêr prakkesearje ik de lêste tiid geregeld oer, Mac, hoe bisto eins yn myn libben kommen? Hoe koe in losrinnende gnoe in opkommend, gâns ûnthjittend bedriuw yn drave sûnder net te ferhelpen skea oan te rjochtsjen. Wa hie tinke kinnen dat in jier of wat ferlyn in ûndernimmer, tûk sis mar, slagge al, type dreamde skoansoan, of net, Mac in earste klas paadfiner yn genede oannimme soe? Dat dyselde twa no as bruorren nei Amearika reizgen om de geast fan de bisons opit spoar te kommen.’

‘Wolst it der oer ha?’

‘Eins al, mar net mei de hiele skepping derby.’

‘It wie jim mem, in prinses foar dy hie se opjûn. Dus wêrom dan mar gjin prins?’

‘No net oer ús mem. Do witst, Mac, dêr kin ik net oer.’

De triennen dy’t Wu sa gau net ynsloke kin heint de iistee reewillich op. Mac leit de hân by Wu op ’e knibbel.

‘In prins,’ seit Wu, ’earme mem.’

In fredich momint.

Ergens, fermoede se, giet no, bûten har om, de Texaanske sinne ûnder.

Ho Wu en Misty Mac: Rapunzelseks

Aggie van der Meer - Fers2 nû. 14, 3 july 2015

Rapunzelseks?’ seit Wu, ‘Heart der by my no in gefoelige in snaar op te spyljen? Hear ik no animearre te wêzen? Nee, Mac, der giet my gjin ljocht op. Nee, Mac, ik bin hielendal net benijd en, nee Mac, ik kin dy net helpe. It is dat wy fia ús kommissjonêr yn Parys hjoed krekt in geweldige slach slein ha, oars hie ik it dêr net allinnich jûn, mar ek de rest fan ’e wike net oer ha wollen. Rapunzelseks. Of kom ik dy no op it sear, Mac?’

Mac hat Wu wolris faker heard en wachtet wol oant Wu ûntdutsen hat wat Pompe mei de bûtenkategoary foar hat en, wichtiger noch, Wu him losskuorre kin fan syn multitasken.

‘Trouwens, dat multitasken, – dat mei ik dy net ûnthâlde, Wu – de earsten binne der wilens achter dat it multitasken syn bêste tiid al wer hân hat. Neffens de trendwatchers driget it multitasken oan syn eigen súkses te sink te gean. It seit hiel wat ta, mar by neier besjen smyt it te min op. It is pynlik, mar der moat tajûn wurde dat troch it multitasken it rendemintstinken yn in doalhôf belânje kin, om it mar húslik te sizzen. As altyd binne it de goochumsten ûnder ús, dy’t de dwaalwegen sjogge en doare ta te jaan dat de lêste, noch net folslein útroege neandertalerspoaren yn ús koppen, net helendal lykop gean mei ús apparaten. De apparaten binne ús yn it generaal faak noch te gau ôf. En as der yn dy fjilden wat haperet wurdt de ekonomy ûnnedich ûnderstek dien en, kinne de goede sommen dêr’t ek wy it fan ha moatte, Wu, net mear makke wurde. Dat is de gedachte. Begrypst it Wu?’

‘Hat it miskien mei dy seks te krijen dat de gnoe no ferdwaald is? Te stomp rûn yn in fata morgana? Is it gjin idee om oan in soart mankearre kabouterkes te tinken? Of, wa wit, oan in nij merk klapbonbons? Rapunzelseks, je kin der fergif op ynnimme dat it hiel wat oars is as in normaal mins betinke?’

‘Ho,’ seit Mac. ‘It kin likegoed in grap wêze as in bedriging,’

‘En wêrom gjin net te missen kâns?

‘Ja, wêrom net.’

‘No even de kop derby. Dy sûnder de neandertalerspoaren. Of wat makket it ek út.’

‘De dames Tromp?’

‘Ja, de leave dames Tromp. Blinder, Mac, hoe lang ha wy dy al ferwaarleaze.’

‘En wie der ek mar wat op oan te merken, de lêste kear?’

‘Amper.’

‘Amper, ja.’

‘Wie it net foaral Toke?’

‘Nee, mear dy oare, kom hoe hjit se sa gau. Dy mei dy earm.’

‘Earm?’

‘Dêr hie se wat oan, moast mijd wurde.’

‘No even trochpakke, Mac,’ seit Wu. ‘Dy namme komme wy wol wer op. En dat mei dy earm sil yntusken wol oer wêze.’

*

Ja, de dames, binne thús. Nee, ha tafallich gjin oare gedoente. Ja, se hâlde fan ferrassingen. Mearkes? Ha se ek altyd mâl op west.

Ho Wu en Misty Mac: Palmoaljeplantaazje

Aggie van der Meer - Fers2 nû. 15, 4 septimber 2015

Wu & Mac, Aggie van der Meer

It wie fansels in boppeslach.

‘Mei in raffelrantsje,’ seit Mac.

‘Wat no wer?’ Wu byt yn ien knak syn segaar middentroch. Ajakkes.

*

Mac stymt. Mac hat de strik foarwei, de skouders oplutsen, set mei de rêch nei Wu ta, docht twa skeppen sûker yn ’e kofje dy’t er dernei net opdrinkt. De tekens stean dan wol net hielendal faai, kantroerend wie it al.

Hie Mac it der net mei iens west? Ja, Mac hie it der mei iens west. Mac, mei syn holle yn oare gewesten, hie him troch de loftspegelingen, troch it oprizen fan gouden bergen en troch it felle oanstean fan Wu, yn ’e sek naaie litten. Mac seit net dat dy gouden bergen as se echt goochum west hienen, har man yn Parys net samar carte blanche jûn hienen, noch wol wat heger west hawwe koenen as de flinke hichte wêr’t Wu har no te pronk sette wol: twa oankommende durfkapitalisten nei har earste triomfen. Mac seit ek net dat er him yn ’e sek naaie litten hat.

‘Kom Mac,’ seit Wu wilens er mei hast boppeminsklike ferduldigens de lêste sprútsjes tabak út syn mûle besiket te krijen, ‘wy nimme der ien op, of in pear, dat komt ús no wol ta en asto fan dysels no ris oer it sket sjen meist, in knappe stamper dy wat liket, silst sjen datst dan wer hiel oars tsjin dy hiele plantaazje oansjochst.’

‘Ien dan,’ sei Mac.

‘Wat sit dy no eins dwers,’ seit Wu fersoenlik.

Mac swijt.

‘Kinst dochs net sizze, Mac, dat ús man yn Parys slûchslim de wetten oertrêde hat? Al hat er se miskien wol omsile. Omsile, wa dy’t saken docht en der bliuwe wol, docht dat net. Leau mar, Mac, dat Pompe en syn maat it amper ha kinne dat wy in Palmoaljeplantage yn Sulawesi foar grou jild ferkocht ha foardat wy him earst sels hoegden te keapjen. Wier in boppeslach. Smakket dat net nei mear, Mac? Mac?’

‘Wat tinksto, Wu, komme wy nei ús boppeslach noch oan ’e wolven ta, dy’t gûle yn de nachten fan Siberië?’

Wu jit har nochris yn. ‘Miskien,’ seit er, ‘moast mar werris in draakje oplitte.’

Ho Wu en Misty Mac: Heit

Aggie van der Meer - Fers2 nû. 15, 19 septimber 2015

Oft it út kaam? Nee, it kaam net út. It kaam hielendal net út. Allinnich al de ûnrêst op ’e beurzen, tillefoantsjes oer en wer mei har mannen yn de City en Parys, koartsein alles op haren en snaren, easken permaninthar omtinken. Mar seinen se ‘nee’. Nee, se seinen net ‘nee’ en dus soe de heit fan Wu op besite komme. As teminste Mac der ek by wêze koe, hie heit sein, want hoe âld ek, en ferjitlik by gelegenheden, hy moete noch altyd graach singeliere minsken. As wie it mar om de geast werris even te skerpjen. Nei in goed petear, saaklik en privee, woe er har dêrnei yn in renommearre restaurant in prima miel iten oanbiede. No, wie dat net wat? Ja, dat wie wat.

Hy kaam mei de taksi, wat in sakeman komt net mei de bus, lykas ien dy’t krekt in luchtdrukgewear kocht hat dat net docht. Hienen sy in fyts? Wu net, mar Mac hie in racefyts. Goed, seit heit, in racefyts en dan sa’n bypassend pakje oan, dat kin. Echte ûndernimmers ha gjin gewoane fyts, dy rinne of nimme de auto.

Se begûnen mei kofje, konjak en havana’s. En mei de petearen. Ja, heit wie noch hecht, net mear sa gelokkich as earder doe’t syn frou noch benei te kommen wie yn har bosk wêr’t se fertize wie, mar hy oant de lêste dei mear as wolkom wie. Mac struts him even oer de rêch doe’t it ferlies him even te pakke hie. Goed, moai, moat kinne. Wu miste mem ek altyd noch.

*

Se wie túk ja, en losjes. Heit hie wol begrepen dat er no net de lof sjonge moast fan it noflike libben mei in reewillige frou dy’t wist wat wille wie. En dus freget er nei de saak. Koenen se de ûntwikkelingen wat byhâlde. Mac hie der soms wol oan.

Dan lûkt er him foar in wike yn Afrika werom, seit Wu, telt it ôfnimmende tal gnoes, sjocht dat ek de Masai har slinger net mear ha en komt dus werberne werom.

Apart, seit heit, mar goed, noait weromskrikke foar nije weachstikken, fynsten, en ûnbepryplike gokjes. It gelok is der foar dejinge dy’t de noch net betrêde spoaren sjocht, de lûden fan de ljurken net fertiist mei dy fan de sirenen en de rook wit fan in goed brette hazze. Dât lêst wie wat oars, seit er.

Ek moai, seit Wu.

Dat wol, seit heit, en och wat tsjokt it. Hy kin sizze wat er wol. Hy hie dizze hiele saak fan ’e grûn ôf, op setten mei lef, mei mem en sûn ferstân. Mar altyd, seit er, mei de les fan de Grykse tragedy’s foar eagen: wachtsje je foar oermoed, ferblining en misrekken. Dat hie him der trochskuord. En sjoch it resultaat. As Mac freget oft er oait wolris tocht om de hiele brot der by del te goaien, wurdt it tiid foar it restaurant.

Se rûke de hazze al. Mac, seit Wu, is oan it útsykjen hoe goed er him fiele sil as er fegetarier wurdt, mar hy is der noch net út.

Ho Wu en Misty Mac: De net te underskatten Gertrude Bell

Aggie van der Meer - Fers2 nû. 19, 1 novimber 2015

Gjin rocket science,’ seit Wu, ‘mar ik leau net dat ik my fersin as ik achter en mids alle net by te hâlden ûntwikkelingen in nij soart konservatisme opkommen sjoch. In soart tsjinkrêft. Om steande te bliuwen, sis mar.’

Yn alle gefallen is Gertrude Bell, is de net te ûnderskatten Gertrude Bell, wer út de ferjitnis helle.’ Seit Mac. ‘Om te begjinnen.’

Gertrude Bell, Mac, wa’t dat ek wêze mei, is te licht om as bewiis foar myn stelling gewicht yn ’e skaal te lizzen,’ seit Wu. ‘As dyn Gertrude Bell by my net wat opropt, lust of lêst, ropt it by net ien wat op. By hast net ien. Dit om it oersichtlik te hâlden.’

‘Okee,’ seit Mac, ‘mar it komt har ta om yn it ferbân fan opkommend konservatisme neamd te wurden.’

Asto net fan har ôfstappe kinst, regelje dan in kongres oer dy Bell. Soargje foar in Glossy. Gjin crowdfunding, Mac. Dat is it lêste. Dan identifisearrest do dy mei al dy streamingen dy’t earst jierren mei elkoar prate, dan alles út hannen jouwe, dy hannen dêrnei ophâlde en as se dan net genôch yn binnenkrije de boel ôfsizze. As echte gnoe, Mac, witsto it: gjin aventoeren sûnder datst der sels by bist en soargje dat dy neat ûntkomt. En dus Mac noch net iens it foardiel fan de twifel foar dy TTIP en, slimmer noch, dy ISDS.’

‘Mar sizze wy “Nee” omdat yn Canada in man yn in overall en in pet op by in sleat ropt dat der gjin fisk oerbliuwt as TTIP syn tentakels útslacht. Soks?’

‘Ho,’ seit Wu,’ no net fan dat populêre praat, Mac. ‘Dêr hearre wy min oer te kinnen.’

Okee, Wu, wy kinne ús net troch in man yn overall yn Canada fan dat TTIP ôfmeitsje. Mar dy tentakels fiel ik oankommen en wêrom soe in Kanadees yn in overall myn mindere wêze. TTIP giet ús boppe de holle, spilet him ûnder wetter ôf, mar dêr hat dy man gelyk oan: TTIP is in haai, klear om ús op te fretten, as wy him net op ’e tiid foar it fizier ha en libben yn hannen krije. Dan is er jild wurdich. Dan kin er jild wurdich wêze. Binne wy der sels by. Dan kinne it wat oars wêze. Sa.

Se sitte oan har konjakje en foardat de twadde sigaar ta jiske ferwurden is, ha se – de ûndernimmersgeast wer op dreef – nei inoar de man yn Parys en dy yn Londen belle foar in wykein op ’e hei yn Hotel Erica by Norg, dêr’t foar de leafhawwer, dy’t it needsaaklike petear oer de TTIP even te folle is, ek noch in stikje oerbosk te finen is. ’En miskien wol te keap.’

Oft er jage wurde kin? Mac sil der nei fernimme, alhoewol’t de gnoe yn him net fan doel is it op in akkoartsje te goaien.

*

By Erica en omkriten komt stadichoan in woldiedige kalmte oer har hinne. Oer alle fjouwer. Net yn itselde tempo. Net even djip. Dy út Londen wit net oft er it knyntsje dat him hast foar de fuotten rûn wol ûnder skot nommen hie, hie er syn ‘38 by him hân.

Mei wat gelok kinne wy fannacht de earste wolven gûlen hearre,’ seit Wu. ‘Se binne ûnderweis nei dizze dreven. In gûlende wolf, is bûtenwenstich gelok, wer witte wêr’t wy stean, is hast even reitsje oan de ivichheid.’ Net ien sjocht syn triennen.

En wat mei dat getik wêze,’ seit dy út Parys. ‘Dat is in spjocht,’seit Mac. Dy komt sa oan ’e kost,’ seit Mac. In wûnder as je it goed beskôgje. En praktysk.

*

Letter ûnder de wûnderbaarlike stjerrehimel, helder as kristal, it útspansel even rekke troch in foarbyfleanende ûle, komme de ferhalen fan doe’t se bern wienen, bliid wienen mei wat der wie. Net opseagen fan in spjocht, bang wienen foar wolven dy’t sels âlde beppes opite koenen.

Prate oer TTIP soe no in flok wêze.

Gertrude Bell? Wa’t it ek is, lit har mar komme.

Ho Wu en Misty Mac: CoCo

Aggie van der Meer - Fers2 nû. 20, 15 novimber 2015

Wu & Mac, Aggie van der Meer

CoCo, Wu, hasto dêr de finger al op lizze kinnen? It neisjen kinnen op de haadsinnen dy’t ús it paradys oanbiede en de bysinnen dy’t ús der wer útjeie? Of kin it lije dat wy CoCo even lizze litte omdat wy no earst mei dy Magda Smink yn it lyk komme moatte?’

CoCo? Wu flokte. En knap ek. Soe er der wat kreas by rinne dan moast er wol de hiele jûn syn búk ynhâlde. It waard tiid, hie Mac al faker sein, dat se har werris yn it útgeanslibben presintearren. Smid fan Smid & Co hie him der alris op oansprutsen. Smid wie net de iennige dy’t har mist hie op de plakken wêr’t se har as ûndernimmers ris yn in kulturele setting moetsje koenen. Wichtich, Mac, hie Smid sein. Everhardes Smid, dêr hie it er dus oer. Ja, ja, dat hie Wu al begrepen. Wat in lêbbige man. In konsert fan Mozart dus, om de skea wat yn te heljen. Kleine Nachtmusyk en sa. No, geweldich.

As er de rits no tichtkrige… CoCo, Contingent Convertible Capital Instruments, nimme wy in frisse dei foar, Mac. Mar even in tipke, foar as straks Smid of Barendrecht der oer begjint en do net oer it waar hoechst te begjinnen: as ûndernimmers skine wy troch CoCo yn ’e sek naaid te wurden. De ING hat De Haach in brief stjoerd en omdat se dêr net rjocht begrepen wat de ING der mei foar hie, mar se besletten hienen de banken wer blyn te fertrouwen, wat miskien ek mar it bêste is, hat ien – se sykje noch út, wa, dat kin dus even duorje – der in stimpel op set. In man, dy’t altyd al in tsien hie foar algebra, taskerpe op ynklaaide ferlikingen, wol se ha, tûk dus en links fansels, hat de saak oan it rôljen brocht. Heisa, dêr binne se yn De Haach glei op.

En dan dy Magda Smink, read my lips, Mac. Dy Magda is brisant. Kin gefaarlik wurde. Magda hat de handichheidsjes fan it bedriuwslibben yn grutte letters op de tsjerkedoarren spiekere. Nee, wy ha der daliks net mei te krijen, of se soenen yn De Haach de sliep echt út ha moatte. Nee, dy Magda kinne se yn De Haach net oan. Te heech peil. In frou ek noch. Mâlder moat it ek net wurde. Lit Magda los, jûn, Mac. Fynst wol wat op.

*

De entree yn de konsertseal wie woldiedich. Fûstkje, hân op ’t skouder, luchttuten, rook fan súkses en bearen op ’e dyk. Magda Smink gûnze om, besette de heechste rangen.

*

Oant it ljocht dôve, wijde stilte, ferwachting. De rits hie it hâlden.

De nachtmuzyk naam Wu mei nei soargeleaze flakten, dêr’t nachtegealen songen en Mac tocht dat er wist oft er leaude.

Kleare earmoede, sei Mac, hy liet mar werris in draakje op.

Ho Wu en Misty Mac: Neef Fredrik

Aggie van der Meer - Fers2 nû. 21, 28 novimber 2015

Oft er fan ’e middei ek even oan komme kin: neef Fredrik is oan ’e tillefoan.

Neef Fredrik, de skerpskutter. Blinder, dy komt net samar. Ja, Mac, lit him mar komme. Dêr skowe wy Luxleaks foar oan ’e kant.

Neef Fredrik hie in pear redenen hân om mei de trein te kommen, sei er: hy wie net yn optima forma, hy siet mei in gewissekonflikt – dy twa hienen nei alle gedachten mei inoar te krijen - en, hy, no’t er dochs by harren wie, har opstelling as regel wurdearre koe en op ’e hichte wie fan har foarried alkoholika, fan doel wie flink yn te nimmen.

De begroeting hie freonlik west, waarm sels, Wu hie der tsjin alle wensten yn ek noch in pear tuten oan weage. No, no. Daliks los of earst even oan ’e tee? As neef Fredrik it foar it sizzen hie dan begûnen se rêstichoan mei in wyntsje, geskikt as ynlieding op it petear dat er graach mei har ha woe. Ja, sy wienen de earsten en, as it ferrûn lykas er ferwachte, ek de lêsten dy’t er yn syn problemen behelje woe. Foaral ek omdat er ferwachte dat syn problemen dy fan harren net hinderlik ûntrinne soenen.

‘Begrepen,’ sei Wu.

‘Begrepen,’ sei Mac.

Se klonken, se stutsen in sigaar op.

In sigaar, yn hast tsien jier wie er net oan in sigaar takommen, neef Fredrik. Ferduld, ja, in sigaar opstekke, dat like neef Fredrik krekt no, op dizze middei, hast in died fan moed en faderlânsleafde. ‘Jou my in sigaar,’ sei er,’ jou de skerpskutter in sigaar.’

Wêr’t se de besite oan te tankjen hienen? It hie te krijen mei neef Fredrik syn berop en de algehiele tastân yn ’e wrâld. Dy soe har ek wol net befalle?

Wu wie noch net safier dat er alles op ien bult fage. ‘Je sille mar in oester mei in moai swikje pearels oer de holle sjen.’

‘It is mar krekt fan hokker kant en mei hokker yntinsje jo sjogge,’ sei Mac.

‘Wachtsje even,’ sei neef Fredrik, oer hokker kant en yntinsje hawwe wy it hjir?’

‘Dy fan Mac,’ sei Wu. ‘Mac is wat in sofist, in fernimstige tinker op ’e syk nei de wylde man yn himsels. Yn syn gefal blykt dat in gnoe te wêzen.’

‘In gnoe?’ sei neef Fredrik en wipte mei syn skuon.

‘In gnoe, ja,’ sei Wu.

Neef Fredrik hie it mei dy gnoe daliks net foar de geast, ‘mar sa te sjen hat de saak der net ûnder te lijen,’ sei er tasjitlik, mar koe er no even by syn punt komme?

‘Hiel graach,’ sei Wu, ‘be my guest.’

‘Thanks,’ sei neef Fredrik, ‘jim witte fansels dat ik oplaat bin as skerpskutter en offisjeel as sadanich yn tsjinst bin. Altyd mei alle wille en oerjefte dien.’ It wurd oerjefte moasten se fansels net letterlik opfetsje. Dat hienen de twa wol troch.

Hie er byhâlden hoefolle fertochten en net fertochten er oansketten hie?

‘Trettjin,’ sei neef Fredrik. Net te folle, net te min. Ik kin meikoarten rekkenje op in ûnderskieding.’

Der namen se fêst in konjakje op.

Goed, hy is dus yn alle prekêre situaasjes, mei terroristen en sa opropber. En no fernimt er by himsels dat er mei alle leafde, hokker terrorist as er ek ûnder skot nimt, mar gjin nocht hat om mei te dwaan oan de tredde wrâldoarloch, mochten se him dêr net by misse kinne.

‘Ja, en?’ sei Mac.

‘It falt my net allinnich fan mysels ôf, ik bin no ek bang dat der wat oan my mankearret, dat ik wat slims ûnder de lea ha. Dat ik op it moment suprême it heitelân teloarstelle moat.’

‘Hoe slim soe dat foar it heitelân wêze?’ frege Wu.

It wie de ferkearde fraach. Mac geat nochris yn en besocht it oer in oare boech te goaien. In tredde wrâldoarloch wienen se noch net klear foar. Der wie foarearst genôch oars wat har omtinken frege. Goed en minder goed. TTIP, CoCo, it magnesiumtekoart, Paris.

Paris?’ sei neef Fredrik.

‘Der sille se sjen dat se wat oan it waar dwaan kinne,’ sei Mac. ‘Ien súkses kinne se yn ’t foar al binnenhelje: nei jierren is de ronfelpopperôver / Callisthenes reticulatus wer ûnder ús. Se binne foaral op militêre oefenterreinen te finen.’

‘Op ’e sprong dochs noch in opstekker,’ sei neef Fredrik. ‘Noch ien en dan sil ik sjen dat ik sûnder al te brike ûngelokken it stasjon helje.’

Dêr levere Mac him oer oan in man, dy’t der wol om tinke woe dat er op tiid útstapte. ‘Damsma,’ sei neef Fredrik. ‘Van der Meer,’ sei de man.

Ho Wu en Misty Mac: Paris en de fisieuze sirkel

Aggie van der Meer - Fers2 nû. 22, 12 desimber 2015

Wu & Mac, Aggie van der Meer

Hie Wu har man yn Parys oan tou, of joech er him frij mandaat? Frege Mac.

‘Wat tinkst, Mac? Fan ’e dei ôf, Mac, dat Dominique by ús yn ’e boat stapte, wist er dat er mei allinnich de roeiriemen de oseaan net oerkaam. Dúdlik, Mac, of hast wat op ús Dominique tsjin? Op Dominique as persoan, dan. Ja, it bliuwt in Galliër fansels. In gnoe sil him it measte net sizze, mar dêr stiet tsjinoer datst net mei him op bêd hoechst, dus wat is der dan noch?’

‘Wat soe him te dwaan stean, Wu, as yn Parys drige dat der hjir en dêr besocht waard in speak yn de fisieuze sirkel te stekken. Dêr prakkesearje ik oer, ja. Dominique, ja, wat docht hy dan?’

‘Hy bellet daliks net, rûs ik,’ seit Wu.

‘Hy wachtet ôf?’

‘Hy wachtet ôf. Hy leaut der net yn. Hy tinkt net dat se it rêde.’

‘’Mar wat as er, hy rint bygelyks ergens op ’e Champs Élyssée, gewoan yn eigen tiid, neat fermoedend, hy in berjocht krijt op ien fan syn apparaten, mei reade letters: de fisieuze sirkel is ferbrutsen. Hierskuorkes of in pear knappe japen, wat docht ús man?’

‘Hy is benijd.’

‘Hy grypt net yn?’

‘Nee. Hy sjocht bygelyks de baas fan Congo-Brazzaville foar him, dy’t it slagget om yn alle ûnstjoer de baas van Total te beljen mei de fraach oer de no te ferwachtsjen manko’s yn de oalje leveringen. Noch in gelok dat er him, of in legere god, te pakken krige. Goed mogelijk dat it net Brazzavile is wat him yn ’t sin komt, Miskien komt er op de CEO fan de LTO, dy’t de gaos al sjocht as us hinnen it skip net yn kinne fanwege haperingen yn it útkearen fan de eksportsubsydzjes.

‘Giet it yn dat gefal om al slachte hinnen?’

‘Kinne wy fan útgean. Ja, Mac, dat wurdt in stjonkerij. En as dat it slimste noch mar wie.’

‘Us man, kinne wy op rekkenje, docht dus wierskynlik neat?’

‘De earste dy’t in stokje stekke kin foar opkommend swier waar, hat har ek noch net melden.’

‘Har?’

‘Ja, Mac, wêrom soe it gjin frou wêze kinne, dy’t dat net slagget.’

‘As it in frou wie, dêr op ’e Champs Élyssée… ’

‘Dy besocht as earste nei hûs te beljen…

‘En dan...?’

‘Binne de gefolgen net te oersjen.’

De sigarewinkel wie gewoan iepen. Se stutsen thús ien op. Se klonken op ’e fisieuze sirkel. Se hâlden goede moed. Hoe’t se der ek yn om avensearren, yn Parys hâlde se him hoe dan ek draaiend, de fisieuze sirkel dy’t, sa goed, sa kwea de hiele wrâld noch wat byinoar hâldt.

‘Dennis Sassou.’

‘Wa?’

‘Us man yn Brazzaville, dy maat fan Total. Dennis Sassou hjit er.’

‘Oh, dy.’ Sei Mac. Nee, hy hoecht syn kop net te sjen.

Ho Wu en Misty Mac: Charles

Twa dingen easkje har omtinken. Twa zaken, mar nei alle gedachten soenen it samar trije wurde kinne. Sa’n dei. Soenen se fan ’e moarn fan wat dan ek fersteld stean? Rekkenje dêr mar net op.

Yn it foarste plak hat Mac fêststeld dat er hjoed yn syn Eudaimonia stiet. It wie him oanrikke troch in âlde Gryk, it koe Aristoteles wêze, mar pin Mac der net op fêst. Wat it betsjutte? Dat hy yn syn krekte spirit stie.

‘Stie?’

‘Ja, je stean yn je spirit, mar je lizze dwers en je hingje yn it gat. Eudaimonia bringt aktiviteit op gong, wyn en tsjinwyn, is spirit op syn bêst,’ seit Mac. It wie him ûnder it skearen folslein ûnferwacht oerkommen, it hie heilsum west en soe foarearst memorabel bliuwe, foarsei er.

Krekt doe’t Wu, lang genôch neitocht hie om mei in te ferantwurdzjen tsjinset dy Eudaimonia ta hantearbere proporsjes werom te bringen, gie de tillefoan.

It koe hast gjin tafal wêze. It wie har man út Londen. Syn amper bedimme opteinens frege om de kop der no even by te hâlden. Hy woe, om by de eask fan de dei te bliuwen, dat se alle op te bringen spirit ynsetten – dêr hienen je it al – ek dy fan Wu, wat dat ek wêze mocht en al soe it behelpen wêze.

Wêr’t it oer gie? Oft der te praten wie oer in mearderheidsbelang yn in projekt fan Charles. Charles? Ja, Charles Philip Arthur George, his Highness Prins fan Wales en noch wat. As it der fan komt dat er yn dit libben syn mem noch opfolgjet, dan sil er boppedat konstitusjoneel kening wurde fan it United Kingdom, Canada, Australië, Nieuw-Zeeland, Jamaica, Barbados, de Bahama’s, Grenada, Papoea-Nieuw-Guinea, de Salomonseilanden, Tuvalu, Saint Lucia, Saint Vincent en de Grenadines, Antigua en Barbuda, Belize en Saint Kitts en Nevis. Likegoed is er der net wis fan dat er dan tagelyk ek de titel Haad fan it Gemenebest ervje sil.

‘Dat sil it wol wêze,’ seit Wu. ‘Dat weagje se der yn Buckingham Palace net op, dat der ien op troan komt dy’t net wis is fan syn titel ‘Haad fan it Gemenebest’. Dêr ha wy gjin idee fan, Mac, wat dat betsjut foar sa’n man dy’t dêr syn hiele libben al op gobberet om Haad fan it Gemenebest te wurden.’

‘En, Wu, hoe sil ús mearderheidsbelang yn dizze ûnwisse situaasje him hâlde.’

‘Ho, Mac, safier binne wy noch net. Ik net en do net en ús man yn ’e City net. Salang’t wy dêr noch gjin besluten oer nommen ha, Mac, tsjakt ús dy hiele titelboel neat.’

‘Likegoed,’ seit Mac, ‘hawwe wy earder sa’n majeure kâns hân, Wu?’

Blinder. Sieten se alwer as twa groatmakkers yn de marzje te pielen as gie it om in stek by de Swette. Aldergeloks tsjinne him krekt op ’e tiid har WM-momint oan. Te wapen.

‘In swiete port en in sigaar, Mac en dan rêstich de saak yn syn folle omfang omfieme en hifkje.’

‘Wa wit,’ seit Mac, ‘sitte yn Highgrove House Charles en Camilla no beide, elk yn har eigen crapeau, ek oan in portsje, draait sy wat mei de ring dy’t, lykas bekend, fan de beppe fan Charles, Elizabeth Bowes-Lyon, west hat, wylst hy har besiket út te lizzen wat er fan doel is mei de kânsrike opkommende weryntroduksje fan in bepaald soart ierappels út Peru dy’t hiel geskikt wêze sille om bygelyks yn de Salomonseilannen, wêr’t se doch al konneksjes mei ha, útsetten te wurden.’

‘Wêrom ierappels?’

‘It kinne ek bieten wêze of beannen, Wu, mar soks sil it wêze. Yn alle gefallen wat streksums dêr’t it gewoane folk wat oan hat.’

‘Is it sa’n man, Mac?’

‘Sa’n man skynt it te wêzen, Wu.’

‘Moai wol.’

‘Camilla sil wol sizze, no mar hoopje, Charles, dat se der yn Hollân yntraapje.’

‘Yntraapje?’

‘Fan Camilla wit net allinnich de famylje dat se by gelegenheden wat rûch yn ’e mûle wêze kin.’

‘Stiet it ús tsjin?’

‘Och….’

Ho Wu en Misty Mac: De dames Vonk

Aggie van der Meer - Fers2 nû. 2.3, 14 febrewaris 2016

Wu & Mac, Aggie van der Meer

De aldste fan de dames Vonk hie belle.

‘De âldste, wat koart foar de kop, mar goed te fernearen, och, hoe hjit se ek al wer,’ seit Wu.

‘Ria, witst wol, gobbert noch altyd op avances fan dyn kant, Wu.’

‘Och heden, Ria, ja, net dat de jongste, eh…’

‘Joke.’

‘Joke, ja, dat dy folle útnoegjender is. Se hawwe it beide krekt net, Mac, dat silsto wol mei my iens wêze?’

‘Ja, hm, mar wat soe dat eins wêze, Wu, dat se beide krekt net ha?’

‘De flow, Mac, de power of one, soks.’

‘Mar it moat, flow of net, wol in aardichheidsje bliuwe?’

“Ja, úteinlik wol.’

‘Moast der net oan tinke?’

‘Nee, better net. Wat hie se trouwens yn ’e oanbieding?’

‘In útsje,’ seit Mac, ‘yn twa dielen. Om te begjinnen wolle se ha dat wy nei Pollock gean, it kin ek Rothko wêze, dy twa helje ik altyd troch inoar. Amearikanen, dus ja, hearre wy eins al west te hawwen. Dêrnei traktearje de damen ús op in yntym itentsje.’

‘No no.’

Dwaan fansels, Mac. Gjin geëamel. Sa wienen se dan ek wol wer.

*

Pollock. Of dochs Rothko. Even sjen. Wa dan ek, Ria is der wis fan dat Rembrandt him de eagen út de holle skamme hie. Utsein Rembrandt wist Joke noch wol in pear fan dy skilders dy’t wisten hoe’t it moat, mar se komt sa gau net op ’e nammen.

Wat Wu derfan fynt? Wu, taksearjend, de holle wat skean, in ynstimmend knikje. Hm. Hie dy Pollock wol troch. In kenner. Mac tocht oan de ambassadeur fan Frankryk, oan it banket neist keningin Elisabeth dy’t graach witte woe wat er fan Jean Genet fûn. Jean Genet? O, dy.

*

It iten makke in soad goed. It fleis, reebout sa as it heart te wêzen, soppich mei in fermoeden fan einleaze bosken, tsjuster en wyld. De wyn foldie en krige foaral de dames los. Wu wie bliid dat er dy lêste muonts net wie, dy’t ergens op in berch sit dêr’t er om ferskillende redenen net mear ôf komt en dus fuorre wurdt troch doarpelingen dy’t dêr de himel mei fertsjinje.

‘Oersichtlik,’ seit Ria.

‘Hoe soe sa’n muonts it mei de wask ha?’ seit Joke.

‘In man, hin, kin it net safolle skele, hat oare saken oan ’e holle,’ seit Ria en streaket Wu even oer de mouwe, ‘nim no dy Gagarin, komt it fleantúch út, fleantúch? No ja, wat it ek mar wie dêr’t er mei de romte yn west hat, sjocht dy Gagarin it públyk, manmachtich, stapt op de reade loper rint op Brjeznjev of ien fan dy oaren ta, muzyk en klappe, hat er de feters los.

*

Let it be, sjongt Mac. Der moat dochs wat wêze. Fan it balkon ôf lit er temûk in draakje op.

Ja, as er berjocht werom krijt is Wu de earste.

*

Net folle drokte: foar de nacht is der antwurd:

Hifkje it heimwee fan de muonts.’

Ho Wu en Misty Mac: Oerynstinkt

Aggie van der Meer - Fers2 nû. 2.4, 24 febrewaris 2016

De fraach wie hoe’t in gnoe as Mac him hâlde, soe hy mei Wu op liuwejacht. Net dat Mac bang hoegde te wêzen dat hy en Wu tegearre op ’e bonnefooi de bushbush yngyngen mei elk in gewear op it skouder. Sa gie it fansels net.

Dat soe Mac oars noch hiel wat better fine as in wike op en út mei wat CEO’s, losslein fan plicht, merk, útdagingen, de froulju thús, de beursberjochten en it hanthavenjen fan har konkurrinsjeposysje. Tsien dagen echte kearels, rûch, hurd, op ’e syk nei it manlik oerynstinkt dat se wat sloere litten ha. Wu heart de lokrop al.

As Mac him al noch troch Wu oerhelje liet, woe er yn gjin gefal mei de har taskikte aventuriers op ’e foto by de sketten liuw dy’t de organisaasje foar har yn foarrie hie. Net dat de liuw har op in presentearblêd oanbean wurde soe. Se moasten har earst troch ôfmêdzjende jungletochten op de konfrontaasje mei it keninkli ke dier taret ha, hast al bang sûnder foto’s thús te kommen, al rekkenen se der wol op dat de organisaasje it safier net komme litte soe en de fotograaf al besteld wie.

*

Lang om let, sleaten se de doar achter har ticht en setten se ôf nei Nairobi/Kenia. De ûndernimmers Ho Wu en Misty Mac. De organisaasje hie it noch net earder meimakke, mar der dochs alle begryp foar; in oanpast program. Minsken, hienen se al earder ûnderfûn, binne net gelyk. En dus soenen se mynhear Ho Wu ynsette by de gewoane deisploech en setten se mynhear Mac jûns tsjin tolven ôf op in reedlik feilich plak yn it oerwâld, dêr’t se him moarns wer weihellen. As er it nachts net fertrouwde koe er ien fan har altyd belje, dan wienen se der yn in omsjoch mei it nedige materiaal. Omdat der dus nachts ien fan har by de tillefoan sitte moast, kaam der wol in lyts bedrach boppe op de normale priis. Dêr dogge wy net mouilik oer, hie Wu sein.

*

Tsien jûnen, Wu noch oan ’e drank en genietsjend fan bykommende wille, waard Mac de tsjustere nacht yn brocht. As de man yn him ’m stadichoan doarde del te lizzen naam de gnoe it oer. Neat soe de gnoe ûntkomme, it minste gerissel net, ik snuven, it gromjen net, net de rook fan ûnrie, net it út en troch in bjuster roppen en it unheimlich gûlen. Untrêste it him? Gjin sprake fan. Net faker hie it Mac sa dúdlik west wêrom’t er op ierde wie. Dat der in bedoeling wie mei syn oanwêzigens. Under de alles en elk oerkoepeljende himel fielde hy him opnommen yn it grut gehiel dêr er wolkom wie, net út fertsjitten wurde soe. De gelokkige gnoe. Losrekke fan ’e kudde. Frij fan draven, dagen oanien, yn pas mei de oaren, treurje by de deaden. Sliepe tsjin de oaren oan. Allegear goed. Miste er it net? Soms, as de gnoe yn him ’m wart. Mar langstme is ek moai.

Dat fynt Wu ek. Underweis nei hûs seach er al wer út nei takom jier. Ja, dan gie er wer. Even der út, hat in man ferlet fan. Stie er net moai op ’e foto? Ja, moai, sei Mac, jonger ek.

Manliker ek, fynst net, Mac?

Ho Wu en Misty Mac: Hinnen

Aggie van der Meer - Fers2 nû. 2.5, 6 maart 2016

Wu & Mac, Aggie van der Meer

Dyn heit,’ seit Mac, ‘Freget oft er fan ’e middei even oankomme kin.’

‘Alwer?’ seit Wu.

‘Oft er syn nije buorman meinimme mei.’

‘Jou him my mar even,’ seit Wu. Net al te happich.

Wat dat wie mei dy nije buorman? ‘Retro. In echte. Fan hûs út retro. Ien om mei foar it ljocht te kommen. Dêrom. Mei in buorman dy’t op besite komt om achter de pikoarder fan myn hinnen te kommen soe ik jim net ûntriivje.’

‘Sûnt wan hat heit hinnen?’

‘Ik ha hielendal gjin hinnen. Hoewol…? Wat soest der fan fine as ik in pear hinnen naam?’

‘Freegje dyn heit wat er mis is mei dy buorman,’ seit Mac.

‘Mac wol witte wat der mis is mei dy buorman’ seit Wu.

‘Hokker buorman?’ freget heit.

‘Dy fan dy pikoarder,’ seit Mac.

‘Mac bedoelt dy fan de pikoarder.’

‘Dy bestiet hielendal net. Of hy is my ûntkommen.’ seit heit.

‘Lit mar,’ seit Mac.

‘Heit, lit mar, seit Mac.’

‘Ja, sa gean wy net meiinoar om, sis dat mar tsjin Mac. Wy bliuwe der net mei sitten, wy prate misbegripen út.’

‘Oft dat in oare dei kin, freget Mac.’

‘Mei dat net bepraten wurde mei dy Retro derby, wol heit witte. Heit tinkt dat dat ien is dy’t alles fan hinnen wit.’

‘Mac seit dat er de kop op it blok leit.’ Seit Wu.

‘Wit Mac wol wat in hin docht as syn kop op it blok lein hat?’ seit heit.

‘Ja, dat wit Mac en hy wol it net langer oer hinnen ha.’ Seit Wu.

‘Goed,’ seit heit, ‘de Retro dan. It is ien dy’t as bern yn de DDR wenne hat en dêr net echt útkommen is. Yn ’e holle is er der bleaun. Fandêr dat ik tink dat er alles fan hinnen wit. Yn ’e DDR hie elk ferlet fan aaien, dêr kinne wy tonger op sizze. As bysûnderheid kin Uwe sizze – ja, Uwe, sa hjit er – dat er ien fan de lêsten is mei noch folkseigen tosken. Dêrby is er ek in normale homo. En wannear komst dy noch tsjin.’

‘Sei er dat er in normale homo wie?’

‘Nee. Ik sei ek net dat ik in gewoane hetero wie.’

‘Freegje hoe’t er it dan wit fan dy buorman,’ seit Mac.

‘Hoe’t heit it wit fan dy buorman, wol Mac witte,’ seit Wu.’

‘Wy hawwe it net oer dy mei de hinnen, hin?’

‘Nee, dêr binne wy klear mei.’

‘Goed. Uwe dus. Ik wit it omdat ik yn it earstoan minder belangstelling foar him hie as hy foar my en wilens is dat krekt oarsom.’

‘Singelier,’ seit Wu.’

‘Foar de dúdlikheid, Wu, ik leau net dat dy folkseigen tosken in rol spylet yn it emosjonele teater dat wy, elk oan in kant fan it stek opfiere.’

‘Noch even,’ seit Wu, ‘wêrom is dy Uwe in normale homo?

‘In normale homo,’ seit heit, ‘sjocht nei Boer zoekt boer sûnder te ferblikken, neidat er earst in film sjoen hat oer in soepel ferrinnend trochsneed houlik en, as kroan op it wurk, it opnimmen fan de keninklike famylje op skyfakânsje.’

‘Lit him mar komme,’ seit Mac.

‘Lit him mar mar komme, seit Mac.’

Ho Wu en Misty Mac: Wachtstan

Aggie van der Meer - Fers2 nû. 2.9, 1 maaie 2016

Wat Mac de lêste tiid opfalt: der wurdt te min trochtocht. Wylst de grinzen iepen gean, graach of net, hâldt it tinken by de âlde oergongen stop.

Dêr hie er it net op?

Nee, dêr hie er it net op.

‘En wol hjirom net ……,’ sei Wu.

‘Om de deade dea …,’ sei Mac, ‘trochdrave en de kop thúslitte.’

‘Yn oerdrachtlike sin?’

It makke Mac net út yn hokker sin. ‘Lit ús der in praktysk foarbyld by de kop pakke,’ seit er.

Wu siet no earst mei de fraach oft der noch wat eare te beheljen wie oan dy kop dy’t thúsbleaun wie. Trochtinke, Mac. Nim neef Frerik. Ik moat my al raar fersinne as er lêstendeis net sei dat er de kop der wer by hie. En, Mac, hasto doe fernommen dat dy kop der in skoft ôf west hie?’

‘Of dat it earder de ôfsleine kop fan in oar west hie. Yn oerdrachtlike sin, dan.‘

Wu koe him net te binnen bringe oft it tema ‘oerdrachtlik’ geregeldwei in rol spile yn har konfersaasjes. ‘Blinder, Mac, jou my in sigaar.’

Oerdrachtlik. It iepene nije ûnbekende grinzen. Oseanen, it eachsein, de kosmos.

Al hâlde Wu syn tinken by de kosmos op, waard er dwylderich fan it digerjen, it wie wol syn kop dy’t him nei de ierde weromhelle.

‘Dy hast dan even yn ’e wachtstân hân.’

‘It is komplisearder as wy tochten,’ seit Mac.

‘Dêrom hâldsto ek altyd op as ik witte wol wat it is dat dy tsjinhâldt om my te beheljen yn dyn opmjitte nei hegere diminsjes.’

‘Ik lit in draakje op,’ seit Mac.

‘It antwurd komt dy net út?’

‘Nee.’

‘Do pakst de fraach by de kop?’

‘Ja.’

‘Better gjin antwurd.’

‘Nee.’

‘Bist bang foar?’

‘Ja.’

Se smookten. Seinen dat se net wisten wat se misten. It befoel. Se setten alles yn ’e wachtstân. By Wu thús hienen se in kat. Dy koe de klok stil sette. Fierder gie er net. Hy wist dat dêr syn grins lei. Dat woe Wu noch even kwyt.

Ho Wu en Misty Mac: Datsja

Aggie van der Meer - Fers2 nû. 2.11, 29 maaie 2016

Wu & Mac, Aggie van der Meer

Stel dat se ús útnoegen, Mac, ja, ja, fansels, do sjochst de flop al oankommen, mar jou it idee even flerken. Wat as dy Trump en Poetin, tegearre yn Poetins datsja, heal dronken, de wrâld verdield en alles ôfskaft wat yn it paad stiet, en dan, net wurch te krijen, it plan rypje litte om in pear manlju út it heal fijannelik kamp, sakelju fansels, helder genôch, mar nei alle gedachten net tûker as sysels, nei har datsja te lokjen.

‘Earst dit even,’ seit Mac, ‘do tinkst net oan de mooglikheid dat dy twa, of ien fan har, dy Trump bygelyks, wat lêbich en tsjin it kiezzige oan, en Poetin syn spierballen net op sterkte te krijen, dan, om de fleur deryn te hâlden, as earste op twa froulje gokt?’

‘Goede fraach,’ seit Wu, ’en, nee, ik slút it net helendal út. Wy kinne ús beide sawol de wille foarstelle as it ferlet fan twa froulje mei alles op it goede plak en seinige mei twa rjochter hannen.’

‘Wol wat maklik.’

‘Wol wat maklik, ja,’ seit Wu.

‘De dames Vonk soenen de útnoeging ôfwize.’

‘De dames Vonk,’ seit Wu.

‘Mei dy manlju, soe it, kinne wy fan útgean, hiel oars útpakke, soe noch in hiel komplekse saak wurde kinne.’

‘Hokker manlju, sy of wy?’ seit Wu.

‘Sy en wy,’ seit Mac.

*

De dames Vonk soenen daliks net ‘Nee’ sizze. Koe ynstee fan dy Trump ek foar dy fan Ingelân soarge wurde? Oanlokliker. Hawar. Se sieten noch even mei de klean.

It like har wol fredich, in pear dagen yn en om in datsja.

Ho Wu en Misty Mac: Klazientje

Aggie van der Meer - Fers2 nû. 2.12, 12 juny 2016

Koe der dy juns even skypt wurde? ‘Dyn heit oan ’e tillefoan, Wu,’ seit Mac. ‘Hy wol it oer Klazien ha. Hy hat in hiel learsum petear han mei sy fan de Dierenpartij. De namme is er no even kwyt. Se hienen oan inoar weage west. Sy fan ’e dierenpartij hie har der oer besaud mei hoefolle kennis fan saken en hoe ynlibjend jim heit oer Klazien prate koe.’

‘Jûn?’

‘Jûn ja.’

‘Lit ús dat yn fredesnamme daliks mar ôfhannelje, Mac, no’t it noch net ta in romance útgroeid is.’

Nei it Journaal?

Nei it Journaal.

Krekt op tiid hienen se har oan beide fronten ynstallearre. Wu nonsjalant mei de Súddeutsche Zeitung goed sichtber foar him op tafel, Mac, klear foar de catering en it betsjinnen fan it apparaat. Beide oan ’e sigaar. Noflik. Untspannen. Heit yn it sneins bûsgroentsje mei Klazien op ’e skerte.

Moai. Se kinne los. Earst even dit: heit hat leaver net dat de Zeitung der no hieltyd tusken komt. Hoe ynteressant en needlottich ek.

Needlottich like Mac it goede wurd net, ‘mar dêr kinne wy it miskien letter noch even oer ha.’

‘Fansels, je skype of je skype net. Beide kanten moatte oan it wurde komme kinne,’ seit heit. It petear mei sy fan de dierepartij hie in moai foarbyld west fan inoar wat gunne.

‘Gunne?’ blaast Wu.

Is der wat mis mei gunne?

‘Foar ’t je it witte bliuwt der by it oerjaan wat fan oan ’e hannen kleevjen.’

Oft it slim wie as heit net op dat kleevjen yn gie? Nee, hear, dat gunde Wu him graach.

‘Tank,’ sei heit. En kinne se no op it stik ta?

‘Fansels,’ sei Mac ynskiklik, ‘de fraach is noch even: behannelje wy Klazien en sy fan de dierepartij elk apart of beflappe wy beide yn ien totaal oersicht.’

‘Wy hâlde sy fan de dierepartij noch even achter de hân,’ seit Wu.

‘Klazien,’ seit heit, ‘it hat in skoft duorre. Net dat ik net trochhie dat der wat wie. Wat oars as oars. Lytse dinkjes. Noch al opsjen as de klok slacht, tinke oft se wol of net op ’e kast sil om de klepel stil te setten? Nee, hjoed mar net. Dat. Soks. Hie har earder net oerkommen. Wie it tafallich? Foarbygeand? Nee. De krante út inoar helje? Dat die se moandeis altyd, foar de sport. Dy plaatsjes, hin. Mar, nee, net mear. Wat oanhelleriger wurdt se ek. Dat al. Oandwaanlik. Doe wist ik it: it libben fan Klazientje is foltôge. It hie moai west. Hiel moai.’ Heit hellet de bûsdoek út de bûse.

Wu is der no mei oan. In sakeman hat der faker lêst fan yn ûnferwachte dramatyske situaasje, sil Mac letter sizze, wilens Mac sels krekt dan syn gnoe-natoer de frije hân jaan kin.

‘Sy fan ’e partij hat jo dus prize om jo ynlibjen.’

‘Ja,’ snotterjet heit.

‘Hie sy in oplossing?’

‘Nee, dat net. Of eins al. Salang’t Klazientje net om yngripen freget – is sy fan betinken en is har ûnderfining – lit dan de natoer syn gong gean.’

‘Sei se ek …….?’

‘Nee, ik soe mei har, har eigen magisch moment ôfwachtsje moatte.’

‘Ho, mei sy fan de partij of mei Klazientje?’

No gjin grappen. Dat ôfwachtsjen soe ek goed wêze foar de ferwurking.

Neidat Mac him even út it byld weromlutsen hat, biedt er heit oan om derby te wêzen. By it magysk momint.

‘Net oan begjinne.’ seit heit. ‘Yn ’e praktyk falt dat dochs faak ôf.’

‘Dat sei sy?’

‘Dat sei sy, ja. Likegoed wolle je soks dochs net misse.’

‘Och,’ seit Wu.

Mear fan Aggie van der Meer

Ferjitten it net herinnerjen De djipsee wit syn plak, libbet mei it tij en hâldt him oan syn grinzen.
De Normale Fries 6: Tsjinstimmers Jui hie belle om oan te kundigjen dat se der oan kaam. Mei in sek joadekoeken.
De Normale Fries 5: Kontaktmomint ‘Jui is fan betinken dat de Normale Friezen tinke dat se frij binne, wyls se bang is dat dat ferbylding is.’
De Normale Fries 4: Lit it mar even gewurde Oft sy noch wat heard hie oer dat byld fan dy frou fan Eja Siepman van den Berg dy’t se yn ’t Hearrenfean út in parkje stellen ha?
De Normale Fries 3: In Spesifike man Hie ik de foto sjoen fan dy man dy’t himsels by de kiel griep?
De Normale Fries 2 Se hie it sjoen, ja. In moaie kop boppe in royale heale side yn ’e Ljouwerter ûntkomt je net gau …
Dogeman VIII As Owe it ek in idee fynt komt Afke moarn mei. Dat wie it foarstel fan Jane. Oft it de muoite wurdich wie, hie Owe frege.
Dogeman VII Owe hat fan ’e moarn it boekje der by. Der meie har yn ’e tizige dagen dêr’t se yn bedarre binne neat ûntkomme.
Dogeman VI Wat Owe fertelle koe - Jane hie de jas noch oan - wie dat dominee Wouters by Dogeman oanbelle hie en der troch dyn ‘Mona Lisa’ ynlitten wie.
Dogeman IV Dy oare,’ seit Jane, ‘net Lilian, dy trof ik fan ’e moarn, hat wat fan Mona Lisa.’
1 2 3