image Holiday Inn, fragmint fan Elmar Kuiper

Proaza

Holiday Inn

Elmar Kuiper - Fers2 nû. 7.5, 31 oktober 2021

Dyn eks is dyn krús. Sy nimt alle romte yn. En do bist sa iepen as de Holiday Inn. Wêr wolsto graach wêze?’ De peut linet foaroer, skoot de wetterfêste stift nei my ta. De peut hat de keallen los yn it hok. De Boeddha yn it finsterbank glimket. Ik wol dy fint, mei syn keale harsens en flapearen, sa wol troch it rút miterje. Mar ik hâld my yn. Sa’t ik my altyd ynholden ha. Wêr’t ik wêze wol? Ik krij de stift fêst, lit de eagen oer de muorre dwale. Der hingje ynliste sertifikaten, dy’t my fan har fakmanskip kundigje. Se sjocht my ûngeduerich oan, draait rûntsjes mei har wiisfinger. Ik set in krúske, sawat tsjin de râne fan it papier oan. Der komt damp út in ferneveler. De wyn gûlt yn it fentilaasjeroaster. De peut docht it kin omheech, plôket oan har trui en snúft wat. Ik rûk har parfum, stoareagje nei it behang; der sit in pears grimeltsje yn. It is te drok. It flokt mei de geast. Ik sjoch har twa tellen oan. Op har foarholle lykje rimpeltsjes op drûchfallen rivierkes. Der sparrelet in suchtige fisk? ‘Wêr tinkst oan?’ Ik skrilje op. Myn gedachten binne ûnsedich. De ieren fan har skriuwhân tine. Se kriget de wetterfêste stift beet, tekenet in ûnbidich grut krús. It flamke fan de rookkears flikkeret.

Mear fan Elmar Kuiper

Eeltsje Hettinga kriget de Gysbert In resinsje fan it bekroande wurk: ‘Subtiliteit is fier te sykjen.’
Business Park
It ferhoar Ienakter fan Elmar Kuiper
Haagsma en Gurbe Ienakter fan Elmar Kuiper
Autonomy is in posysje under fjoer fraachpetear mei Elmar Kuiper
Widnersbonkje Fersen fan Elmar Kuiper
Kaleidoskopyske blik op it resinte Fryske fers Nije poëzyblomlêzing!
‘Dream’ en oar arbitrêr barren De romte is keal. In pop draacht in pak fan Gucci. Eva sûget …
Tút fan Judas Politike Haiku I
Bekentenis en oare fersen
1 2