
Oersettingen
Fan Les Murray, út: De planken kathedraal (2013)
Houthakker yn ’e middei
Noonday Axeman
Bylslach, echo en stilte. Middeistilte.
Twa myl hjirwei is it de tweintichste iuw:
auto’s op asfalt, kabelbôgen tusken boerepleatsen.
Hjir, mei de bile, kap ik my in paad troch it swijen.
Bylslach, echo en stilte. Ik hâld skoft, krij tabak,
rolje in sigret, slikje. Alles swijt.
Ik leun op ’e bile. In wolk fan rûkende blêden
hinget roerleas boppe my, oeral himeltrochboarre.
Hjir komt my alles yn ’t sin fan hûndert jier:
kersflam, swijende nacht, froast en kowebellen,
de stilte fan de sleperstsjillen foar altyd yn ’e earen,
en it earste reade fee dat útswaarmet oer de hichten
en myn betoerpake hjir mei syn earste soannen,
dy’t oant har âlderdom mei syn Skotse tongfal praten,
sûnder oait de heechlannen te sjen dy’t se besongen.
Hûndert jier. Ik stean en smook yn ’e stilte.
Hûndert jier rûgjen, spjalten, seagjen,
hûndert jier boskarbeiders, bast-ringers, stekmakkers
en froulju yn keukens, dy’t lûdroftige fornuzen stookten
jier út, jier yn, en âlde ferskes songen foar de bern,
hawwe dizze stilte inkeld minsklik makke en fertroud
net fierder as dêr’t de pleatsen de hichten beklimme,
en hoefolle hawwe yn dy tiid de grêven net opsocht
of binne flechte nei de stêden, gek fan dit swijen?
Dingen sprekke har net út. De kepen dy’t ik oan wjerssiden
fan myn reade gombeam útkapt ha, bliede harsjuwielen
en stoarje. En dalik, noch in pear bylslaggen,
sil de beam ûnrêstich wurde, trilje en syn kroan ferskikke,
him stadich foaroerbûgje, gong krije en kolossaal
deldroane en tusken de steande stammen lizzen bliuwe.
En dan, sa wit ik, mei it besef dat myn foarfaars ta drank
brocht, tsjustere lilkens en sprakeleazens, sil it stil wêze.
As de beam fallen is, komt deselde stilte werom
dy’t ús ferslacht en oanset, bedwelmet en oerweldiget,
dy’t foar guon in útdaging is, en foar oaren
hjir liket te wachtsjen op wat ûnfoarstelbers.
Bylslach, echo en stilte. Foarminsklike stilte.
In stien barst yn ’e hjitte. Troch de stille twigen stekt
in striel my yn ’e eagen. Ik wiskje de holle mei in bûsdoek
en kap djipper it swijen yn. Bylslach en echo.
Dêr prottelt de mânske mêst. De djippe kerven yn ’e stam
krite en gapje no, krieze en kreakje wannear’t it rûzjende
gewicht fan hege tûken omteart, begjint te skuorren
en te fallen, en it yninoar stoarten is ûntsachlik.
Twigen swypkje, blêden wolkje op en ferstowe. De wankele
stam glidet fan syn stobbe en leit him del neist syn skaad.
En dan neat mear. It swijen komt werom en ik kap
ien foar ien de tûken fan de romp.
Bylslach, echo en stilte. It sil iuwen duorje
foardat bulten minsken werklik thús binne yn dit lân,
en noch hawwe der altyd in pear west, yn elke generaasje,
in pear dy’t mei de oanwêzigens fan de stilte libje koene.
En guon, ik ha se kend, manlju mei brede hoedene hannen,
hiene ’t bestoarn, wiene se weihelle út dit minskeleaze lân.
Oaren wer seach ik yn ’e stêden dy’t jim boud hawwe
tsjin ’e stilte: yn ’e sûs en skruten sjokten se troch it lawaai
bij de spoarstasjons lâns, opsjend fan it ferkear
nei de reekbesleine hallen, dreamend fan reizen, fan út ’e trein
stappe op in halte yn it binnenlân, om it knisterjen fan
drûch gers werom te finen ûnder de foet, en de stilte fan beammen.
Bylslach, echo en stilte. Dreamende stilte.
Hoewol’t iksels my nei de stêden hastigje, sil ik hjir altyd
weromkomme om te rinnen, troch knibbelhege farens,
fier fuort fan dizze iuw fan metropoalen, om myn foarâlden
foar de geast te heljen, houthakkers, feehâlders, hynstebelearders,
no yn har grêf fan stilte, mei har burden en dreamen fersonken,
dy’t, ûnwillich of besiele, fertwiivle of o sa geduldich,
soks as in minsklike bres slein hawwe yn ’e stilte,
en mei har libben de rûge fûneminten fan leginden leine –
minsken moatte leginden hawwe, oars stjerre se oan frjemdens –
om op har tiid te stjerren, elk op syn eigen manier,
berêstend of tamtearre, út stilte wei nei gruttere stilte.
Bylslach, echo en bylslach. Middeistilte.
Hoewol’t ik de stêden bereizgje, dizze hichten de rêch ta kear
foar it petear en de pronk fan stêden, om moannen
en jierren oanien bij de tweintichste iuw te hearren,
sil de stêd my noait fêsthâlde kinne. Ik sil altyd
hjir weromkomme, mei de trein it lân yn, fierkjend,
my út it rút wei bûgjend om op fiere heuvelrêgen
de himel tusken de beammen te sjen en boppe it geraas
fan de rails de echo te hearren, en it swijen.
Ik lis de bile oer it skouder en gean op hûs oan troch de stilte.

Troch de houtseagersdoarpen
Driving Through Sawmill Towns
Yn it hege, koele lân,
delkaam út ’e wolken,
oer in wei dy’t dinet
nei in fiere fallei
rydsto, sûnder haast. Dyn foarrút splyt it wâld,
widzjend en fonkjend, en op iepen plakken,
sittend yn ’e hoksen, gearballe middeiskittering…
Dan wurdst se gewaar,
de houtseagersdoarpen, keale útbuorrens fan planken,
wa wit mei in winkel,
wa wit ek in brêge, fierderop
en sydlings in beekje
fol libbene kidelstiennen.
2
De seagerijen hawwe in dak fan izer en gjin muorren:
do sjochst der yn ’t foarbijgean dwers trochhinne,
om linige silhûetten gewaar te wurden,
it swinken fan in liere,
wazich triljende seachblêden dy’t
troch in beamstam op in trolley glydzje,
oant de stam útinoar sakket
yn in waaier fan planken en latten.
De manlju sjogge asto foarbij komst:
asto steanbliuwst om it paad te freegjen,
draaie opslûpen jonges de holle ôf –
it is de âlderein dy’t
nei bûten komt yn blauwe flanellen
om dy mei dimmen lûd te wurd stean.
Njonken elke seagerij kringelt reek út in berchje
fan jiske en seachsel.
3
Do glidest troch it doarp,
de spatbuorden wiet fan wolken.
De huzen drage de feranda’s út skouwens,
de hiele dei, yn har kalindere keukens,
lústerje froulju nei auto’s op ’e wei,
nei bern, ferdwaald yn ’e bush,
of in gjalp út ’e seagerij, in fuotstap –
der is neat te rêden.
De amper hearde radio sjongt
syn rideltsjes út Nashville.
Wa wit dat in húsfrou dy’t de stoepe stiet te feien,
of in plompe troude faam dy’t bij de wettertank
in sinken amer follet, har ynienen omdraait
en yn ferwûndering nei de bergen fierket,
oft dêr miskien in stêd is.
4
De jûnen binne o sa stil. Rûnom,
oeral stiet it wâld.
Wannear’t de nacht falt, sjogge de huzen nei-inoar:
in dôvjend ljocht achter in rút hat hjir betsjutting.
Do joust gas troch it heechlân,
blinkst fel troch de doarpen
en ferdwynst yn it wâld, gleonread op fiere hichten.
Op simmerjûnen
sjonge de ierd-imerkes, en swije.
Yn it winterkâlde tsjuster
rûzje golfplaatdakken ûnder it eazjen,
ôffierpipen skjirje yn ’e wyn, stjalpend en klokjend.
Manlju sitte nei de tee
njonken de kachel wylst de froulju prate,
rolje in ôfbaarnde lúsjefers tusken de fingers
en tinke oan ’e takomst.

De wandied
The Abomination
Fier foar it lemieren, bij it ljocht fan de gnizende Moanne
stuts ik myn eigen lantearne oan en rûn milen troch de dauwe
mei myn trêdzjende skaad, hak en jutesek
om myn strûpen leech te heljen. De bosk wie kâld en djip,
en it stek oer de heuvelrêch fonkele fochtich fan stjerren.
Djip ûnder my, yn in ravyn dat nei it tsjuster gie
gloeide it fjoer fan in stobbegat, mar ik
sloech it gjin acht en ferfolge myn rûte,
deade elke knyn mei in betûfte hou
en liet him poatlûkend yn ’e sek ferdwine.
In kronkelspoar fan kalme deaslach fierde
my omleech it tsjuster yn, nei myn fierste strûp,
in hoannestap mar fan it fjoer. Dêr deade ik
noch ien kear, en skoudere myn swiere bondel
om nei de gloede te rinnen – en ik wist dat ik dat woe.
Foarbij de swarte granytflier fan bestjurre hjitte
gluorke ljocht út broazelige skachten. Alde woartels binne stribbich,
mar ienkear ûntflamme krûpe har ferblynjende ringen
traach de djipte yn, broeie dêr moannen en sûgje de longen leech
asto der te lang foar knibbelest en yn it wêzen stoarrest…
sa’t ik fernaam oan it bleke ljocht fan ’e himel.
Wylst ik oerein kaam, sei ik bij mysels
dat der gjin kwea yn skûle. Ik dikere inkeld omleech
om gewaar te wurden yn hoefier’t de ierde ûnfeilich wie.
It joech gjin foech om ta sa’n hjitte troch te kringen.
De skelle stobben, besiedde mei útbottend fjoer,
foarmen yn har lôgjende boarnen in djippere kearn,
dy’t myn útflechten teneate die, en ik trof
in knyn oan yn myn hannen, en yn ’e holle
wat oerâlds. En ik hie der gjin wurk fan.
Nei ôfrin stampte ik mei myn hiele gewicht
op ’e rikjende koarsten om fjoer en stank en bist
donker te fersegeljen, tegearre mei myn eangst
en alles wat myn offering betsjutte mocht,
sa hastich en net wer goed te meitsjen brocht.
In deagewoane reinbôge
An Absolutely Ordinary Rainbow
Der giet praat fan bij Repin’s
der wurdt mompeljend fan grute bij Lorenzini’s,
yn Tattersalls sjogge amtners op fan har siferkolommen,
de klerken fan de Beurs ferjitte it krytsje yn ’e hannen
en mannen mei bôle yn ’e bûse ferlitte de Greek Club:
der stiet in fint te janken op Martin Place. Se krije him net stil.
De kilometers files yn George Street steane as in hûs
sa fêst. De mannichte gûnzet fan alteraasje
en nije mannichten streame ta. Kloften drave sydstrjitten yn
dy’t niis noch drokke haadstrjitten wiene, en wize:
der stiet dêr in fint freeslik te janken. Net ien krijt him stil.
De man dêr’t we omhinne steane en elkenien fier fan bliuwt
gûlt gewoan, en ferberget dat net, hij gûlt,
net as in bern, net as de wyn: as in man,
sûnder gebalt, sûnder him foar it boarst te slaan, hij snokt
net iens merakel lûd, mar de weardigens fan syn triennen
bant ús út syn romte, de holte dy’t er om him hinne skept
yn it middeisljocht, yn syn pentagram fan fertriet,
en fan achter yn ’e mannichte stoarje de unifoarmen him oan
dy’t him meinimme woene, en no ta har ferbjustering fernimme
dat se sels nei triennen langje, lykas bern nei in reinbôge.
Oer in pear jier sille guon sizze dat er in halo
om him hinne hie, of in ring fan dynamyk. Mar dat is kul.
En guon, dat se skokt wiene en woene dat er ophold,
mar dy hawwe der dúdlik net bij west. De stoerste macho,
de koelste kikkert, de aldersnoadste grapjas ûnder ús
swijt huverich en wurdt fertard troch in ûnferhoeds
freedsum oardiel. Guon yn ’e mannichte dy’t tochten
dat se lokkich wiene begjinne te âljen. Inkeld de lytste bern
en sij dy’t tasjogge út it paradys komme tichterbij en
jouwe har del oan syn fuotten, mei hûnen en stoffige dowen.
Bespotlik, seit immen neist my, en slacht
de hân foar de mûle, as hie er dat wurd útkoarre,
en ik sjoch in frommes dy’t de hannen útstekt, strieljend
en beevjend, wylst se de jefte fan ’e triennen ûntfangt;
en alle oaren dy’t har folgje ûntfange de jefte
en hiel wat gûle út kleare akseptaasje, en der binne mear
dy’t wegerje om te gûlen, benaud foar hokker akseptaasje ek,
mar de gûlende man hat neat nedich, likemin as de ierde,
de man dy’t gûlt negeart ús, en út syn ferwrongen antlit
en syn deagewoane liif snokt er gjin wurden
mar pine, gjin boadskip mar inkeld fertriet,
hurd as de ierde, trochsichtich, oanwêzich as de see,
en as er wer ophâldt, stapt er deagewoan tusken ús troch,
feit him it antlit ôf mei de weardigens fan ien
dy’t gûld hat, en no klear is mei gûlen.
Leauwigen ûntwikend, naait er út nei de Pitt Street.

De pûltsjepreek
The Broad Bean Sermon
Pûltjseâlen, yn it lichtste koeltsje, binne in lakse tsjerkeparade
sûnder leauwe. Unisono sizze se: sûndigje sachtjes tsjin ús,
rekruten yn mintgrien Air Force-nylon, mei iepenknope blêden.
As manlju rjochtoerein fan it wetter, fjouwerkantich yn stâletrochsneed,
groeie se ta grutte hichte, drinke rein, kantelje oer it deade punt,
knikke om en waakse wer omheech, nij grien presintearjend.
Boppe de kat-en-mûs-boaiem fan in tin pûltsjewâld
hingje slakken loksillich yn har foer, spatte mychammels troch ferskate diminsjes:
spinnen ferstiivje en ferslopje yn har takelaazje as lytse swarte flachjes.
Asto giest te pûltsjesykjen, mei de sinne op ’e râne fan it stek,
fynsto plenty, en plôkest se. In oere of in wolk letter
fynst alwer bij ’t himdfol. Elke oere fan it deiljocht
ferskine mear as datsto oer de kop seachst: ripe, knobbelige, fleizich-tsjokke,
tin-rjochte, tin-healemoannige, breed fronsele, fûgelskouderige, kylboatbûgde,
knokkelige pûltsjes of mei ien inkelde bult, sobjende pyplytse griene dolfinen,
pûltsjes rjochtoerein as belearingen, útrutsen as seinigjende fingers
yn it ynfallende ljocht, en hieltyd mear, oan dyn each ûntkommend
wat de middeiskittering of it wolkeskaad of it lêste strykljocht bleatjaan sil
oantsto dy ôffregest: soe ik safolle mist ha, of
groeie se yn in oere oan? har yn ’e werklikheid ûntwikkeljend
as sjabloanen foar in subtyl-brede gniis, as seldsum troffen ekspresjes,
as ytbere betsjuttingen, elk rûnom fersegele mei in tried
en hechte oan syn momint, in non-stop publike gearkomste,
de eptige hearen, de houterige types en de omstippers yn puntnoazige griene toffels…
Fregesto dy ôf wa’t al dy ekstra protsjes noch helje sil, dan gniisto fan wille
– dat is dyn sûnens – en swarst datsto se allegear plôkje silst, oant
en mei de alderlêste, wiken nei no, yntusken misfoarme as teannen.

Wurkgelegenheid foar de klasseleaze kastes
Employment for the Castes in Abeyance
Ik wie fertaler oan it ynstitút
goed betelle, skjin wurk, en de skatten fan in prieelfûgel
kwa teoryen en feiten, as gimmestyk foar de frontale kwabben.
Ik wie West-Europa. Beiträge, reviste,
dissertaties, rapports feroaren ûnder myn
ienfingerdruk yn Ingels. Teekop-en-Remington-dagen.
It wie in baan lykas Australië: lijte en skûl,
in útkomst foar bannelingen, dichters, fatsoenlike spionnen
en gearspanners dy’t hopen mei-inoar út ’e dea te ferrizen.
Ik hie krekt in frijwat rûge perioade achter de rêch:
platte iterij om it middelliif, langwerpige yn ’e mouwen –
dat soarte ferhalen ferteldest yn ’e klasseleaze kastes.
Myn Tsjechoviaanse kollega, dy’t wurke as stie er ûnder tafersjoch,
diste anekdoates op út it echte libben yn Peking en Shanghai
en ferflokte de yn in fergeliking ynbegrepen wurdgeslachten.
Computers makken de branche yndertiid nochal nerveus:
asto se ôfleare koest om siswizen lykas out of sight
out of mind oer te setten mei ûnsichtbere idioat
dan soene se miskien ús plak ynnimme kinne – net
omdat se dan better wiene as wij. Mear út prinsipe.
Dochs wiene ús wittenskippers gjin ferkearde minsken:
in man yn in útwikselingsprogram mei Akademgorod
fertelde my oer de ierdskossen, har logge, net te kearen
driuw en har berchrigen opstowende oanfarringen.
Op sokke Marksistise skyldpodden rieden de kontininten, wie de hiting;
in oar hie in pear miljoen kninen in stadige dea besoarge
en in tredde tiim de essinsje fan reinwetter op drûge boaiem bottele.
Sij wiene krekt sa goed fertalers, ús ûndersikers:
se fertaalden it universum yn wittenskip
omdat se tochten dat it oars gjin betsjutting hie.
Doe’t ik dêrwei gie, naam ik myn Larousse en Leutseligkeit mei,
en it fertalen mei masines, hearde ik letter, is noait wat wurden:
de taal wie se oermânsk. De minske is in taaldier.
Blykber brocht dit de wittenskip yn ûnstjoer,
dy’t, neidat er partij wurden wie, foar in oare partij keas,
en neidat er faald hie wer folút yn bedriuw wie.
Prins Oblonsky wie in skoftsje myn opfolger
mar gie al gau werom nei Fiji om dêr Hebriuws te dosearjen.
Yn ’e midden fan it libben ha wij in baan:
sykje, rjochtsje en toets, sykje-links-rjochts-rjochtsje-en-tsjak
lykas de Sinese typmasine dy’t ik yn wurking seach
doe’t ik fertaler wie oan it Ynstitút.
De takomst
The future
Plezierjacht fan ’e fearjende ritmes, bêd,
freonlikste ûnder de fjouwerfuotters,
tagelyk bisto de ûntwidzjende boat
dy’t fart op stilte.
Wrottende lûkiepening nei dit libben,
do heinst boppe de grûn
ús ynstoarten op, stiest garant foar evolúsje,
bist ús hegere basisline.
Swiertekrêft wjersteand, foar ús en yn ús,
foarmest in diskontinu
ûnopfallend planeetwiid platfoarm,
in laach: de matrassfear,
sawat ús heechste mienskiplike nivo
(tafels soene dit bestride kinne).
Switstimpeljend soelaas foar spieren,
peetmuoike fan peukdôvjende dreamen,
do sublimearrest, Ferheven Fehikel,
al ús oprjochte passys;
baakster fan finingen, fan plannen
dysto sa wiis bist te bedimjen;
do rjochtest ús allinnichwêzen nei bûten, op dieden,
fersuchtsjend: Tink nochris nei. Sliep deroer…
Allinnich. Sa gau’t rêst tichterbij komt
jout Tiid syn slingerslach bleat
en fersmellet ta romte;
der sit tiid yn dy ekspânsje:
Filla’s. Optochten. Kontininten.
De libbenen en de heftich libbenen;
de dingen kieze der partij,
ferlieze har morele ôfsidigens –
do omearmest myn waarme ôfwêzigens
dêr, sasto oait
myn bekuolle oanwêzigens omearmje silst.
Ik hold fan dij fan ’t begjin ôf, bêd,
doariepening út dizze wrâld wei;
lizzend op dyn binnenfearring
fûn ik út wat my beweecht.
Kein klaaide, mei kragen fan lekken,
do likest sa stil, foar de gong dyst hast,
skyld dat ús nei it slachfjild draacht
en derfan werombringt.
De fiskers op South Head
The Fishermen at South Head
As dizze opname it ienkear oerlibbe hat
dat syn ûnderwerp ferdwûn is yn it absolute
dat oftewol God oftewol de dea is,
sil er earst jierrenlang út ’e tiid west ha,
oant de styl derfan útwurke is, it libben
ûnder in patina fan oandwaanlike klisjees
bestjurre, en der romte ûntstiet
foar tiidleazens, in middeniuwsk gesicht
dat oan ’e ein fan ’e iuw fêstlein waard.
Yn dy grutte, fotografearre heuvel
fan sinneskaad, oprizend út deidreamen,
fiksearje de eagen in middelline, stiet de mûle
heal iepen, klear foar sykhel of ynterrupsje.
De lichte asymmetry fan it gesicht
waard oanset of feroarsake troch in fal
dy’t in Heidelberger groede neiliet, links
ûnder de noas. It plassedak leit boppe de hiergrins
en nekke en sydkanten binne puriteins
foarâlderlik koartknipt. De kinnen pronkje,
respektivelik, fol en djip. Kwa spruten liket de glêde
skearde hûd justjes fierder as healwei
krekt de gimberkleurige sprinkelingen fan de jeugd
en de nútmuskaat en plestik deadsspikkels
fan ien op hege jierren. Oer de siel
sizze de foarse earen mear as de oare trekken:
traach foar spraak, ôfjage op taal,
gefoelich foar rûs, samar kweld,
al te sljocht nei ientoanigens, helpe se
de eagen, op har skerpst, oan har ôfwêzige
blik op in oare wrâld, earmer as dizze,
mar dy’t har befettet. De stompe mopnoas
wurdt stevich stipe troch fleizige wâlen.
Bij ferfal, ûnmerkber of steil,
soe dit gesicht ryklik ronfele ha
yn ’e ûndjippe delta’s ûnder de eagen.
Mei sokke as bij soldaten skearde sliepen
sjochst de spieren kôgjen yn ’e holle.
De útdrukking fan oproppen niget, of protest
dêr’t we eangst foar de toskedokter yn sjogge,
hie elk momint plak meitsje kind foar in gniis
om in flauwe grap, út freonkip of ûnwillekeurich
de easken tartend fan Goede Smaak en skynfertoan;
sokke stimmingen wiene ien faset fan syn trou.
In oar is de toerniket fan oprôle mouwen
om de biseps hinne, krekt bûten byld,
in gewoante dy’t bij tanende frachtriders,
boeren, lânarbeiders en har soannen
mear as in iuw lang yn ’e moade wie.
Garderobe, dy eksakte ferhâlding
tusken streekjesboesgroen en ûntbrekkende
strik, is no net mear te achterheljen,
en lytsere faktoaren, yn dizze klean en hûd:
as troch hilligen wjerstiene fersikingen
einigje se hjir, op ’e râne fan ’e skiednis.
Bloeiende eucalyptus bij de hjerst
Flowering Eucalypt In Autumn
In jonkje op in wiete strjitte,
krekt foar tsjuster, balansearjend op syn autopet,
mei de frije foet driuwt er him oan
en elke gongmeitsjende stap
strykt in opbrûkte lúsjefers ôf,
tekent it lange beton mei drûchdrukte plakken.
Hij komt en ferdwynt, en de ribbels fan syn rubberbannen
splite it tinne wetter. Hij smyt it stjoer om,
draaft deromhinne, swaait de autopet en
stimpelt al wer nije printen
ferbjusterjend op en bij, neist en achter
syn eardere ympulsen.
Leechte dy’t it strjitfirmamint fertroebelt,
leechte dy’t bannerûs dôvet, tusken ûngelyk himmende oansetten
wylst it tsjuster djipper wurdt boppe de stêd.
Syn ferfiering te fernearen,
te glimkjen, der yn te dielen, freget in hâlding
dy’t it fierst fan moard ôf stiet –
hoe’t syn ynspand foaroerbûgd gesicht,
syn loswei slepende hastige pompfoet foarbij en
– humm – wer foarbij komt
ûnder heechspanningskabels en rûzich bledte
en de ûneinige skitteringen fan ’e leechblaasde nacht.
Op it wettersportfestival
At the Aquatic Carnival
Twa speedboaten sjoen fan achter de harmoanise reling
fan dizze fjouwerbaansbrêge ferlitte har sok,
skimkje boppe de foarm fan har spegele skyld
en batse út alle macht op ’e rivier, har klappen heftich
útdijende toppen appliqué, har bochten eiderdûns
dat alle sicht foar it fries fan de mannichte even útbant
wylst trochwrótten wetter opstoot nei de pylders fan it festival.
Sels dêr’t wij heech yn ’e stêd kofje mei skom sitte te drinken
davert bjusterbaarlik kabaal troch galerijen en strjitten
en gûnzet ús yn ’e tosken ûnder de trage motorgondel
fan in midsimmerse plafondfintilator.
Gjin wûnder dat de pellekanen om dizze tiid massaal ferkroadzje.
Mar hoe, freegje wij ús ôf, slacht dat ferheistere eksimplaar
dat altyd bij de Fish Co-op omhinget him dertroch?
Dat bretale opdonderke mei dy kromme boppesnavel.
Hij krijt gjin byt oan fisk, krijt it lid fan syn skoep net ticht
en libbet sadwaande fan ôffal, skarreljend tusken syn kornuten
dy’t komme en gean. Mar in ferhuzing soe er net oerlibje.
Syn handicap liket oanberne te wêzen, net it gefolch
fan in ferwûning, en ropt fragen op.
Neffens guon poëtika’s hie er allang deapikt wêze moatten
troch oare pellekanen, of de kop ynslein troch bern mei in stok,
konform in ûngefoelige kosmos.
Yn feite kaam er oan mei soartgenoaten, wa wit famylje,
en is er al jierren fan ’e partij. Kin best wêze
dat de minskewêzens dy’t him fuorje sentiminteel binne – mar wat
te sizzen fan immen dy’t wegere om in lamme fûgel te fuorjen?
De natuer hat gjin minskehert. Mar it is ien fleis
of oars wie dy foar ús net foar te stellen. En koene we net ite.
De natuer hat gjin minskehert. Dus komme de bisten
nei de minske ta, alderearst yn uterste need: de wylde kalkoenen
dy’t har bij lange drûchte op it hiem fan boerepleatsen weagje,
de deawurge foks dy’t de hûnehisers ynienen foar de fuotten rint
(dat útsinnich komplimint, dat troch gjin hûn ferheard gebed)
of de skouwe fûgels dy’t op skouders en auto’s delstrike
wannear’t de bergen weifage binne yn in lôgjende ûntmanteling.
Sokke moetingen ferromje de wite middelterm fan ’e oanspraak
triljend tusken de dramatise reade en blauwe poalen
fan fjochtsje of flechtsje.
It is de oanspraak dy’t de pellekanen meitsje, op in sandwich,
bij kuierders en picknickers op it gers deun oan ’e rivier,
of fan de wetterfaraan dy’t my mei tinende en rimpeljende brany
de wiidiepene kop takearde, lyksa om in sandwich,
de oanspraak fan minuskule fûgeltsjes dy’t har samar fertoanden
en begûnen te sjongen doe’t myn frou song yn ’e bylzebosk
ûnder Stoney Creek Road. En fan de ferneamde dolfinen.
Hjoed lykwols fjochtsje der minsken
yn ’e mylde oarloggen fan oerdied, op dizze beukte rivier,
dêr’t se har eigen wjukken yn meitsje, en wetterskiërs
hise har ynherinte wite banier, litte him nei beide kanten
wapperje en golvje, as op bernetekeningen
fan skippen en fjildslaggen, foar de brede tribune fan it festival.
Mear fan Eppie Dam
stik foar stik ik in mins hat sân gesichten / in dichter ken se út ’e holle |
Dèr Mouw, [Neist myn pendule] Neist myn pendule sit, yn konsintraasje / fergien, de iisfûgel fan Van Hoytema |
Dèr Mouw, Dof fiolet is ’t west Dof fiolet is ’t west en pearzich griis. / Noch rin ik troch it swier beripe gers |
Kavanagh, De lange tún It wie de tún fan de gouden appels, / In lange tún tusken it spoar en de wei; |
Stiengrize grûn O stiengrize grûn fan Monaghan, / De laits fan myn leafde hast meinom; |
Monaghans hichten Monaghans hichten, / Jim ha my makke ta de man dy’t ik bin |
Gedichten fan Eppie Dam: Jûn ha wij yn Idzegea Jûn ha wij yn Idzegea it ljocht útswaaid / en koe mei koarting fan de hjerst |
Gedichten fan Eppie Dam: En doe it siikmeitsjend Frysk Ik woe de deis nei Grins wer sûnder kop/ en starte moarns – it wie in oer of seis |
Gedichten fan Eppie Dam: Animal Farm &slquo;Franciscus’ Ik bin net de grutste draver,/ net de grutste draver fan ’e stâl |
Oersetting fan Brodsky: In mich Tewylsto songst, is de hjerst al oanbrutsen./ In spoen hat de kachel oanstutsen. |