image

I hate to say I told you so

Oer Kulturele autonomy fan Pier Boorsma

Friduwih Riemersma - Fers2 nû. 2.18, 20 novimber 2016

It sjocht derút as in yllegale hack. Dat is grif in pleonasme, mar in wolfertsjindenien. In healjier lyn kamen in foaropwurd, in ynlieding, in acht jier lyn al publisearre eigen artikel en trije oersettingen fan 9 oant 27 jier âlde stikken fan twa oare skriuwers, byinoar yn in bondel. Fan de twa artikels en it boekfragmint wurdt net útlein wêrom’t se oerset binne—ynternet en bibleteek meitsje de ynhâld al fan har ferskinen ôf tagonklik yn it Ingelsk en Nederlânsk—en in reden foar harren seleksje wurdt net jûn. Is it goed gelok? Is it om har antikiteitswearde? Of hie de útjouwer in gat yn syn jieroanbieding, de skriuwer noch wat oarremans wurk yn it laad en beide hiene gjin jild? Ferlege dat de noarmen?

Noarmen, eh? Fan it omslachûntwerp binne alle do’s sa konsekwint oerslein en alle don’ts sa ambisjeus tapast, dat jo der gerêst op wêze meie dat de noarmen opsetlik fansiden biezeme binne. Wy binne hjir oan de pamfletkant fan de esseeskriuwerij, yn de net-glêdstrutsen hoeke fan de politike sjoernalistyk. Hjir giet it net om etikette. Lit de lêzer mar ûngedien wêze mei in ynlieding dy’t yn- noch útliedt en in foaropwurd dat feitlik de ferantwurding is, al steane de boarnen der heal en net korrekt yn, al mist de akkoart­ferklearring foar de bewurking fan de teksten en allyksa de standertformule ‘Opnij printe mei tastimming fan.’ Soe om de rjochten foar oersetten en útjaan frege wêze? Witte de skriuwers waans stikken opnommen binne en harren útjouwers dy’t dochs har copy right op de artikels set ha, dat der oerset is foar publyk gebrûk en ferspraat mei kommersjele doelen?

Skriuwen is altyd sosjaalpolitike aksje en it kritisearjen fan de noarm, dat liket it boadskip te wêzen.

De iene fan syn yntellektueel eigendom berôve skriuwer is Will Kymlicka. Kymlicka is de stjer fan de politike filosofy: jong, kreas, briljant, freonlik, samar professor, alwer hast hast tweintich jier lang dosint oan ’e Queens Universiteit yn Kingston, winner fan prizen, besetter fan earestuollen, neam mar op. Syn ekspertisemêd is it ferankerjen fan it multykulturalisme yn it liberalisme. Multy­kulturalisme is net sasear de beskriuwing fan in maatskippij fol sosjaal ferskaat as wol it foarskriuwen dêrfan, dat gear te fetsjen is as it ôfwizen fan it raantsjettelidee dat de assimilaasje fan alle maatskiplike groepen ferbyldet.

De krityk op it liberalisme is dat it yndividuele rjochten en frijheden foarrang jout foar mienskiplike doelen en dat it de yndividu foar de mienskip stelt en sadwaande sosjaal goed redusearret ta bydragen oan it yndividuele wolwêzen. Just it kollektive, net te redusearjen goed dat yntrinsyk weardefol is—net as middel ta immen syn eigen wolwêzen—foarmet de erkenning fan kollektive identiteiten en kultueren en de basis foar de saneamde erkenningspolityk, sa giet de krityk. It liberalisme, oan de oare kant, erkent faaks wol kollektive identiteiten, mar sjocht dy as selskeazen, oftewol as gefolch fan de yndividuele frije kar foar in identiteit. In kollektive identiteit bestiet yn it liberalisme net as sadanich, foar de yndividuele kar út; in jûne kollektive identiteit bestiet net en is dus gjin argumint foar in diversiteitspolityk.

Dy teoretyske kontroverse makket it maklik yn te sjen wêrom’t Pier Boorsma en syn útjouwer it inisjatyf nomme hawwe om de al hast fergetten artikels opnij omtinken te jaan. Joech de assimi­laasjedruk fanwegen de neoliberale polityk yn Kingston al konflikten yn de jierren njoggentich, krekt no begjint Fryslân te fernimmen wat de gefolgen binne fan it Europeeske liberalisme en de fûle Europeeske yntegraasjepolityk. Krekt no begjinne de earste Friezen te fielen dat de Kulturele Haadstêd wol in hiel beroerd doekje foar it blieden is. Mar Boorsma hat altyd sein fan Tink derom; en no seit syn artikelebondel: I hate to say I told you so.

De myte fan de liberale neutrale steat, dy’t gjin inkelde kultuer foarlûke soe, seit Kymlicka, hat de mooglikheid fan politike organisaasje fan in nasjonale of etnyske ienheid út it polityk­teoretyske tinken skrast. Dat der yn Fryslân wol wat ynspanningen binne foar Fryske kultuer, mar der gjin Fryske autonomypolityk is, kin neffens de teoretisy dus net oars. Mar it oanpassen fan minderheidsnasjonalisme oan de liberale demokrasy is goed mooglik, smyt Kymlicka foar; de steat moat ommers net sjoen wurde as neutraal yn de sin fan nearne net om jaan. Naasjefoarming is it garandearjen fan gelikense frijheden en rjochten oan alle boargers. In steat wurdearret dus alle kultueren likefolle en dêrút folget dat de steat him net nonaktyf hâldt mar just in aktive taak hat yn it beskermjen fan alle kultueren binnen syn grinzen, as it moat mei positive aksje.

Dêrneist moat nasjonale identiteit net definiearre wurde as gegeven. Om’t minsken yn in liberale demokrasy foar identiteit kieze, kin it ferskil tusken de leden yn in etnyske groep grutter wêze as it ferskil tusken de iene en de oare groep, mar just it feit dat groepsidentiteit net basearre is op dielde wearden, makket dy identiteit sa krêfitch. Om’t dielde wearden gjin betingst binne foar naasjes kinne dy de liberaaldemokratyske prinsipes fan frijheid en gelykheid gewoan ûnderstypje.

Mar tolve jier letter mindere Kymlicka syn optimisme mei wat empiry, “Another complicated case is the Netherlands ...” Yn de praktyk is it reedlik dat in steat de easken fan in minderheid op selsbestjoer krekt erkent as dy easken in mearderheidsdraachflak fine yn ’e befolking. Yn Fryslân is dat net it gefal, seit Kymlicka: de Fryske elite hat de Friezen der nea ta oerhelje kinnen nasjonalis­tyske doelen te ûnderstypjen.

It twadde slachtoffer fan dieverij is dichter-diplomaat en âld-OESO- en UNESCO-ambassadeur Maarten Mourik. As kultureel ambassadeur fan Nederlân hat Mourik him as in pitbullterriër fêstbiten yn—nee de saak Zorreguieta kaam krekt letter; en doe mear as Jack Russellke—it útfieren fan in aktyf bûtenlânsk kultureel belied fan Nederlânsksprekkers, as iennichste middel dat it nasjonaal Nederlânsk oerlibjen fersekerje koe yn in feriene Europa. As de Europeeske Uny himsels ûntjout ta in folslein frij ferkear fan persoanen, kapitaal, guod en tsjinsten, dan komt de fraach nei foaren hoe’t, as dat mei ‘ús’ gûne net mear mooglik is, de nasjonale identiteit noch útdrukt wurde kin. Dy kwestje is fan uterst belang om’t, neffens Mourik, Europeeske ienigens inkeld en allinne waakse kin út direkte, lokale kulturele woarteling. Mourik wie fan betinken dat dy identiteitsekspresje inkeld op kultureel mêd kin.

Mar Europa rûn al gau efter de feiten oan. It ynstoarten fan it Sovjetryk yn 1991 rôp de âlde Europeeske kweaden wekker fan de naasjesteatideology en it etnonasjonalisme. De driging fan nije fragmintaasje gie de Europeeske Uny kâld oer de lea. Ynklamme tusken oan de iene kant de logika fan globale merkôfhinklikens fan beide kanten en dêrom yntegraasje, en oan ’e oare kant de etnyske en nasjonalistyske mentaliteit en dêrom separaasje, kaam de Europeeske Uny ta de konklúzje dat it Europeeske wearden hie en dat der in Europeeske identiteit bestie. Sa waard de noasje berne fan de Europeeske kulturele ienheid; dat wie in moaie oanfolling op wat de burokraten yn Brussel diene. De logika fan Europeeske yntegraasje waard dus assimilaasje. Erkenning fan minderheids­kultueren tsjinne it konflikt­management en fierder útinoar fallen fan Europa, mar just net de etnyske of nasjonale autonomy. Mourik konstatearre doe, en wy konstatearje no krektsa, dat minderheids­identiteiten yn de steaten fan Europa “yn teory” wol únderfûn wurde meie, mar dat allerhanne bestoerlike regels en primitive diskriminaasjemeganismen dat yn ’e praktyk ûntmoedigje.

Om dy redenen moat neffens Mourik de frijheid om de minder­heids­identiteit te uterjen yn federaal ferbân garandearre wurde. Needsaaklik is Europeesk belied dat de twa ekstremen út de wei giet fan burokratyske sintralisearring en ekonomyske laissez-faire. Tsjin dy eftergrûn moatte jo Mourik syn pleit sjen foar in Europeesk hânfest foar kultureel oparbeidzjen, dat ûnderwerp is fan dizze bondel en fan withoefolle lêzingen fan Mourik. Sa’n hânfêst soe de prinsipes foar it Europeesk kultureel belied sketse kinne. Mar de hurde betingst, seit Mourik hieltyd wer, is dat de naasjes yn Europa har minderheden erkenne as autonome entiteiten.

Trije desennia fierder en oerspield troch de Kulturele Haadstêdretoryk kin men sizze dat Mourik de âlderwetske Kulturele Haadstêdfisy fertsjintwurdiget dat nasjonale en etnyske identiteit in gegeven is. Jo ha gjin kar as de mienskipswearden te ûnderstypjen, want grutsk of net-sa-grutsk, jo binne no ienris in Fries. Opmerklik is dêrneist de ynlieding fan Mourik, dat er ûndersykje wol wat de oarsaken binne dat politike spanningen ta eksplodearjen komme—mar dat hat Machiavelli ús yn de sechstjinde ieu al ferteld. Brânkearnen binne opsetlik negearre politike en sosjaalekonomyske ûngelykheden, dy’t fuortkomme kinne út etnyske diskriminaasje en efterstelling mar dat net needsaaklik dogge, sa’t ‘brexit’ sjen liet. Kultuer- en identiteitferskil per se binne gjin oarsaak foar konflikt en ôfskieding. Hoe dan ek docht út Mourik syn beneiering bliken dat de waarboarch om jins eigen identiteit te uterjen net in goed op himsels is, lykas by Kymlicka, mar in middel ta it doel fan yntegraasje: meidwaan.

Wat de Fryske saak sa komplisearre makket is dat de wearden fan demokrasy breed droegen wurde. Fryske boargers meie sels kieze wêr’t hja al en net oan meidogge. Mar dy kar is nea sa frij as dat it neoliberalisme it graach sjocht; dy kar is mar al te beynfloedber troch politike retoryk. Mei rjocht wiist Kymlicka derop dat it hielendal net dúdlik is oft De Haach Fryslân syn minderheidsrjochten wegere hie as de Friezen dy opeaske hiene. Om dy rjochten hawwe de Friezen nea frege, net om’t hja frij keazen om dat net te dwaan, mar om’t de politike elite it diskoers histoarysk sa stjoerde en no noch stjoert dat de Friezen net better witte of al har minderheidsrjochten binne al lang garandearre. Mar dat is wis net it gefal en de politike wil is der mar heal, sa lit Boorsma sjen yn syn bydrage oan de bondel, dy’t yndie nei al dy jierren it opnij publisearjen mear as wurdich is.

Boarnen

Pier Boorsma, Kulturele autonomy yn Fryslân (Wiuwert: Hispel, 2016).

---, ‘Op wei nei de kulturele autonomy’, Leeuwarder Courant, 29 oktober 2008, 4.

Will Kymlicka, ‘Liberal nationalism’, yn: idem, States, nations and cultures (Assen: Van Gorcum, 1997) 13-44. [Spinoza Lecture 1, ‘Liberal nationalism’, fan de Spinoza Lectures presintearre troch de Fakgroep Filosofy fan de Universiteit van Amsterdam, útsprutsen troch Will Kymlicka yn oktober 1995.]

---, ‘The forms of liberal multiculturalism’, Multicultural Odysseys: Navigating the new international politics of diversity (New York: Oxford University Press, 2007) 61-86, 70.

Maarten Mourik, Culturele coëxistentie in Europa / La coexistence en Europe (Voorburg: Vereniging Volkshogeschool Méridon, 1995). [Méridonlêzing 1 april 1995 yn ’e Maison Descartes yn Amsterdam.]

---, ‘Cultural coexistence’, European Affairs 5:2 (1995).

---, ‘Culturele coëxistentie in Europa’, Pacificatielezing yn Gent 1990.

---, ‘Culturele coëxistentie’, Maatstaf 10 (1989) 2-13.

Mear fan Friduwih Riemersma

De priis op ’e nij besjoen Takenning en útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2021
‘Al te persoanlik’ feit de Gysbert-manko’s moai yn ’e dôfpot
Gjin sjueryrapport foar de Gysbert Japicxpriis 2021
Kultuerkontrole De nije macht fan ús kultuer­ynstitúsjes berikt mêden dy’t earder bûten it bestjoersfoech leine
Stimleas yn it auditoarium Palimpsest, in sterk dichtdebút fan Erik Betten
Kalamiteit by de leveransier Noas tsjin ’t glês fan Edwin de Groot
By besunigingsweach: gean fan ’e terp ôf En panykje net, of, Hoe’t De Rouwe syn analogy kopke-ûnder giet
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten
Dit bart der as jo McGonagall oersette of, de mof fan Thiadmer Riemersma
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15