fryske taal image

Ideology en symptoombestriding

It Dingtiidadvys oer Frysk yn it underwiis

Friduwih Riemersma - Fers2 nû. 3.3, 12 febrewaris 2017

Op freedtemiddei 3 febrewaris rûn Klaas Sietse Spoelstra troch de Ljouwerter financial district, skiljend mei passende oandielhâldersteatraliteit. Der wie wat. Wat slims. It Dingtiidadvys oangeande it Frysk ûnderwiis soe dy dei presintearre wurde.

Dat advys wie der nammers al yn novimber 2016. Underwilens hie op in kâlde ein-desimberjûn in fakkeloptocht foar effektyf Frysk ûnderwiis goed 300 minsken lutsen. Dêrnei ferskynden der folle mear artkels oer Frysk ûnderwiis yn de kranten. Dat binne lykwols gjin saken dêr’t in Dingtiidadvys rekken mei hoecht te hâlden. Want Dingtiid betsjinnet mei syn advys de minister fan Ynlânske Saken en Deputearre Steaten fan Fryslân oer “de Fryske taal” en Dingtiid docht dat troch de situaasje te beskriuwen, de opfallende punten dêryn oan te wizen, in nij perspektyf te sketsen, tema’s te kiezen en fan dêrút goerie te jaan.Dingtiid, ‘Meartaligens as kwaliteit en doel’, novimber 2016, g.s., pdf-side 2 <http://dingtiid.frl/wp-content/uploads/2017/02/Frysktalich-Underwiisadvysrapport-DINGtiid.pdf> [krigen 4 febrewaris 2017].

Net allinne feroaret de situaasje fan “de Fryske taal” net troch 300 ferûntrêstige minsken op ’e dyk en nuodlike artikels yn ’e krante. Ek is Dingtiid der net om politike útspraken te dwaan—Dingtiid is in ideologysk neutrale beliedshifker oangeande de útfiering fan it Europeesk hânfest foar minderheidstalen—en dat docht it dan ek net. Boppedat is Dingtiid net in wittenskiplik ynstitút. It hat gjin akademyske eksperts yn tsjinst,Committee of Experts of the Council of Europe, ‘Application of the Charter in the Netherlands, 5 th monitoring cycle’ [ECRML (2016) 4], Straatsboarch, 14 desimber 2016, 18: “105. The representatives of the DINGtiid whom the Committee of Experts met during the on-the-spot visit underlined, however, that they do not have sufficient competences and were not involved in the preparation of the periodical report.” en it wurket net fan in teoretysk en empirysk fûnemint út nei in probleemstelling en fraachstelling en fia ûnôfhinklike analyses nei rjochtingjaande antwurden op ûndersyksfragen. Soundbites as “Learkrêften binne de professionals dy’t ús bern begeliede by harren ûntwikkeling” binne rju troch it advys hinne struit; der is dúdlik net foar in objektive, ynformearjende oanpak keazen, mar foar in publyksr­jochte, ‘belutsen’ emosjonele toan.

Fan wat jo de knyppunten neame kinne, yn paragraaf 3. Wat falt ús op?, is punt fjouwer fierhinne it nijsgjirrichst. In hiel soad skoallen benutsje de romte dy’t de ûnderwiiswet biedt foar Frysk ûnderwiis te min of hielendal net, om’t de ynspeksje strange easken stelt oan de learprestaasjes op taal en rekkenjen, en yn it fuortset ûnderwiis oan wiskunde, Nederlânsk en Ingelsk, en net oan de Frysk learprestaasjes, sadat “de feitlike eigen beliedsromte fan de skoallen oangeande it Frysk tige beheind is.”Dingtiid, ‘Meartaligens as kwaliteit en doel’, novimber 2016, g.s., pdf-side 9 <http://dingtiid.frl/wp-content/uploads/2017/02/Frysktalich-Underwiisadvysrapport-DINGtiid.pdf> [krigen 4 febrewaris 2017]. Dat ropt de fraach op wêrom’t de ynspeksje dan gjin easken stelt oan it Frysk, as dat de skoallen de needsaaklike motivaasje jout. Noch mear bringt it de fraach nei foaren wêrom’t skoallen net holpen wurde by har belied oangeande Frysk ûnderwiis, ynstee fan har in ûntheffing foar it fak Frysk te jaan sûnder ferbetterferplichting, opbouplan of in oare strategy fan skoalle of provinsje út om dy ûntheffing tydlik te hâlden. De konservatyf-kristlike hâlding fan ‘benign neglect’ nei skoallen ta, om’t ûnderwiisfrijheid yn ús grûnwet fêstleit, springt yn it each. Mar neoliberale—it riejaand orgaan Dingtiid is in útfining fan de Rie fan EuropaRie fan Europa, ‘European charter for regional or minority languages, European Treaty Series - No. 148’, Straatsboarch, 5 novimber 1992, 6 (Part III, Kêst 8, 1i) <https://rm.coe.int/CoERMPublicCommonSearchServices/DisplayDCTMContent?documentId=090000168007bf4b> [krigen 4 febrewaris 2017].policy evaluation and consultancy is evidence based en giet selden yn op—ûnsichtbere—rasjonales ûnder de ‘efforts’.

Ferplichtingen

Tweintich losse advizen folgje, ferbûn troch tema’s dy’t (gelokkich) noch út de wet noch út de ûnderwiispraktyk komme, lykas ‘ynklúzje’. Sûnder dat de logyske en essinsjele fragen oan ’e oarder komme, sûnder probleemdefinysje, sûnder metoadysk probleemkondysjes oan te wizen, sûnder oplossingssystematyk, sûnder sels noch nei de knyppuntynventarisearring fan de side derfoar te sjen kinne jo ûnmooglik ta in ynformearre, rasjoneel advys komme. Jo bliuwe dan stykjen yn oerflakkige symptoom­bestriding. Dingtiid stelt út: “Wy pleitsje yn dit advys foar in oar perspektyf op it Frysk. It oare perspektyf is dat fan de mear­taligens.”Dingtiid, ‘Meartaligens as kwaliteit en doel’, novimber 2016, g.s., pdf-side 10 <http://dingtiid.frl/wp-content/uploads/2017/02/Frysktalich-Underwiisadvysrapport-DINGtiid.pdf> [krigen 4 febrewaris 2017]. De advizen, dochs al net op te folgjen troch it te hege tal sûnder prioritearring, skitterje dêrnei toch har tekoart oan konkretens: “Jou as ûndertekener fan it Hânfêst ek serieus gehoar oan de oanbefellings fan de Ried fan Europa yn de rapportaazjes oer de ymplemintaasje fan it Hânfest.”Dingtiid, ‘Meartaligens as kwaliteit en doel’, novimber 2016, g.s., pdf-side 14 <http://dingtiid.frl/wp-content/uploads/2017/02/Frysktalich-Underwiisadvysrapport-DINGtiid.pdf> [krigen 4 febrewaris 2017]. Rapportaazjes? Oan­befellingen? It giet hjir om in ferdrach fol bonkehurde ferplichtingen! Mar mear komt der net; dit is it hiele Dingtiidadvys.

As sels it machtichste orgaan dat wy hawwe om it útfieren fan it hânfêst te beweitsjen net dúdlik en planút oan de oerheid freget om stante pede útfiering te jaan oan de kêsten dêr’t Nederlân him konkreet mei kommitearre hat—de ûnderwiiskêsten—yn in ferdrach dat Nederlân net ûnder twang mar hielendal frijwillich oangien is, dan mei de Fryske boarger mei rjocht en reden teloarsteld wêze oer de wize sa’t it rjocht syn paad fynt yn Fryslân. It feit dat it orgaan dêr’t it hânfêst ta ferplichtet mei it doel dat dat de útfiering beweitst, dat net docht lit sjen hoe min skreaun en krêfteleas it hânfêst is; syn dizigens biedt oan alle kanten ûntsnappingen. Mar dat nimt net wei dat de boarger it folste rjocht hat om de oerheid en it beweitsjend orgaan ta ferantwurding te roppen, want de oerheid moat syn ferplichtingen neikomme.

It giet der yn de Fryske ûnderwiissaak net om wat juridysk of fan rjochten of rjochtmjittich goed is, dus wêr’t de rjochter de oerheid ta twinge of fan tebek­hâlde kin. It giet om etyske rjocht­feardichheid—de oerheid heart syn ferplichtingen nei te kommen.Ut petear mei Yvonne Donders, prof. Ynternasjonale minske­rjochten en kulturele diversiteit oan de Universiteit van Amsterdam, 8 febrewaris 2017. De Westerske wrâld hat wet en moraal strang skaat holden. De (publike) moraal mei net meiweage by wet en rjocht. Mar yn net-westerske parten fan de global village likegoed as troch ús liberale John Rawls is, mei it each op mondiale sosjale rjocht­feardich­heid, de westersk-liberale opfetting fan minske­rjochten kritisearre. Socht is nei “unforced consensus” oer noarmen dy’t woartelen yn ûnderlizzende wearden: yn moraal.Charles Taylor, ‘Conditions of unforced consensus on human rights’ (paper presintearre op ’e Carnegie Council on Ethics and International Affairs workshop “The growth of East Asia and its impact on human rights”, Bangkok, 24 - 27 maart 1996) 2 et passim. Yn Yndia is it konsept “human moral obligation” ûntwikkele, om it plak fan it konsept “miskerjochten” yn te nimmen, om’t alle etyske en religieuze systemen op ’e wrâld minsklike ferplichtingen omfetsje en it dêrtroch in mear fûneminteel konsept is as de smelle liberaal­demokratyske westerske opfetting.Shashi Motilal, ‘Human moral obligations, dharma, and human rights’, yn: Ashwani Peetush en Jay Drydyk (red.), Human rights: India and the West (Oxford 2015) 123-145, 123; Shashi Motilal, Kolleezje oer “Human rights, human moral obligations and moral cosmopolitanism” oan it Institute of Philosophy, Freie Universität, Berlyn, 12 july, 2013. Minske­rjochten kinne dus begrepen wurde as universele morele claims dy’t in yndividu meitsje kin tsjin de steat.Shashi Motilal, ‘Human moral obligations, dharma, and human rights’, yn: Ashwani Peetush en Jay Drydyk (red.), Human rights: India and the West (Oxford 2015) 123-145, 124. Kursyf fan Motilal. In oerheid dy’t in morele claim op non­diskriminaasje en fuortsterkjen fan diversiteit neist him delleit oertrêdet net de wet, mar skeint de minske­rjochten.

En tink net dat it in komplekse saak is: it giet om it ûnderwiis! It giet net om it ferwerklikjen fan it Fryske taalrjocht op in nij mêd, noch sûnder regeljouwing, bygelyks it rjocht om Frysk te praten yn de romte—“dat is ien lytse stap foar in minske...”—en net om in nonsjalant regele mêd lykas de belestingtsjinst, mar om in fan âlds tige goed troch de oerheid organisearre en mei gâns regels en wetten strukturearre maatskiplik ynstitút. Dat hoe dreech kin it wêze?

Mar mei it Dingtiidadvys is it gjin wûnder dat deputearre Sietske Poepjes anderet dat hja de wet wol feroarje wol om bern yn Fryslân foar de Fryske les ekstra oeren nei skoalle gean litte te kinnen, sadat dat Frysk it oare ûnderwiis der net út wrot (as soe dat in reëel risiko wêze). Mar har betingst is wol dat de âlden, de skoallen en de maatskippij it belang fan meartaligens ûnder­streekje.Atze Jan de Vries, ‘Leerlingen langer naar school voor Friese les’, Leeuwarder Courant, 4 febrewaris 2017 <http://www.lc.nl/friesland/Leerlingen-langer-naar-school-voor-Friese-les-21974602.html> [krigen 4 febrewaris 2017]. Mar wêrom soene de âlden en de oaren dat dwaan as der fierder neat feroaret: wêrom fiif of seis oeren wyks—needsaaklik foar effektyf taal­ûnderwiisCor van der Meer en Bernadet de Jager, The development of minimum standards on language education in regional and minority languages (Ljouwert/Leeuwarden 2007); Center for Applied Second Laguage Studies (CASLS), ‘How many hours of instruction do students need to reach intermediate-high proficiency?’, University of Oregon, 10 septimber 2010 <https://casls.uoregon.edu/wp-content/themes/caslstheme/pdfs/tenquestions/TBQHoursToReachIH.pdf> [krigen 4 febrewaris 2017]; Sarah Elaine Eaton, ‘How long does it take to learn a second language?: Applying the “10,000-hour rule” as a model for fluency’, Eric, 24 febrewaris 2011 <http://files.eric.ed.gov/fulltext/ED516761.pdf> [krigen 4 febrewaris 2017], basearre op Archibald et al., 2006 en Ericsson et al., 2007.—langer nei skoalle as oare learlingen yn it lân, as de skoallen lykas hjoed alle offisjele kommunikaasje yn it Nederlânsk fiere sille, as hiel Fryslân lykas hjoed alle formele, bestjoerlike en amtlike ferkear yn it Nederlânsk hâlde sil en as it goed behearskjen fan de Fryske taal oeral, lykas hjoed, as in kurieuze hobby sjoen wurde sil, om’t der ommers gjin inkeld ekonomysk ferlet fan is en boppedat gjin sprút sosjale wurdearring foar? Ea immen moette dy’t sei fan, wat komt dat no goed út dat jo it Frysk sa goed behearskje? No dan.

Passy

Dingtiid swaait mei it meartaligensperspektyf as oplossing, sûnder ek mar efkes te betinken dat it in part fan it probleem is. Meartaligens is it behearskjen fan mear talen, aktyf of passyf, fan hiel beheinde kommunikaasje oant de redenrikens fan native speakers. Om te begjinnen is der in grut ferskil tusken de lekedefinysje fan meartaligens—Frysk en Nederlânsk prate kinne—en wat de psychology derûnder ferstiet, wat de polityk mei meartaligens bedoelt of wat foar soarten meartaligens skoallen promoatsje,Zsuzsanna Dégi: ‘Types of multilingualism explored in the Transylvanian school context’, Jezikoslovlje 13 (2012) 2, 645-666. dêr’t Dingtiid oan foarby giet. Dingtiid kin sadwaande de effekten fan yndividuele meartaligens—mear as ien taal berikt ien persoan (hast elkenien op ierde)—lykas oare kognitive prosessen,Mary G. O’Brien, Suzanne Curtin en Rahat Naqvi, ‘Understanding multilingualism and its implications’, Frontiers in Psychology 5 (2014), doi: 10.3389/fpsyg.2014.01464. as argumint brûke foar it fuortsterkjen fan sosjale meartaligens—mear talen yn ien regio—en dat sûnder de dyglossy, it ferskil yn taalstatus tusken de talen, op it aljemint te bringen.

Folle earnstiger is de omissy dat, hoewol’t elkenien begripe kin dat it ûnderwizen fan meartalige learlingen in útdaging foarmje kin foar de âlden en de learkrêften, just yn in situaasje fan in offisjele taal en in taal dy’t histoarysk en no noch troch sels de ‘eigen’ oerheid leechlein wurdt, net de taalbehearskingsnivo’s it probleem binne, mar dat top-down taalbelied it inisjatyf, hanneljen en rie jaan fan yndividuele learkrêften ûnmooglik makket.Sis Tsiis, ‘Frysk op skoalle de praktyk’, 27 novimber 2016 <https://sistsiis2016.files.wordpress.com/2016/12/frysk-op-skoalle-de-praktyk.pdf> [krigen 4 febrewaris 2017]. Wylst Dingtiid úthâldt, “Der wurkje in soad minsken mei passy”, binne it gjin pedagogyske ynsjoggen en wittenskiplike bewizen dy’t it belied stjoere, mar ‘sûn ferstân’ en polityk manoeuvrearjen: “It Frysk is foar de Friezen mear as allinnich in taal. It bepaalt ek harren identiteit. … Yn dizze tiid lykwols, kin hast nimmen mear mei ien taal ta. … Wy sette dêrom fol yn op meartalich ûnderwiis.”Provinsje Fryslân, Koälysjeakkoart 2015-2019. Seis ambysjes foar Fryslân (Ljouwert 2015) 24.

Dingtiid glidet achteleas foarby oan de taalideologyen fan standerdisaasje en monolingualisme dy’t it twa- of trijetalich ûnderwiis fundearje en it hiele ûnderwiisbelied yn ús steat dy’t it Nederlânsk as ûnderwiistaal yn de wet ferankere hat. It lit net sjen dat dat belied yn striid is mei hoe’t meartalige learlingen har taal en identiteit werklik belibje en brûke, nammentlik op in plurilingua­listyske manier. Wêr’t wy nei ta moatte is it gebrûk meitsjen fan de kennis dy’t learkrêften hawwe fan it pluritalige hanneljen fan har learlingen. Wy moatte de learkrêften har krityske hâlding nei it autoritêre taalbelied ûnderstypje om sa de taal­ûntjouwing fan de twa- of meartalige learlingen fuort te sterkjen. Want dat bart net as der in gat sit tusken wat de oerheid stipulearret dat taal is en de libbene taal fan de learling.

‘Monolingual mindset’

Meartaligens is net sasear in ôfbeakene fenomeen dêr’t de oarsaken en effekten fan bestudearre wurde kin fan in pear like ôfbeakene gesichtspunten út, as wol in ideology dy’t him hieltyd linich oanpast oan de powers that be. De ideology fan meartaligens is basearre op it tradisjonele útgongspunt fan ras = kultuer = taal. Taalideologyen omfetsje de opfettingen, hannelingen en wearden dy’t de brûkers keppelje oan har taal, en it diskoers dat dy opfettingen en wearden konstruearret op steats-, ynstitúsjoneel, nasjonaale en mondiaal nivo. Taal is tagelyk in middel en in doel fan ûnderwiis. Oer taal as middel wurdt tocht yn termen fan oansluten fan de fiertaal by de taal dy’t learling begrypt, om’t it oars dalik in learefterstân oprinne soe, foar immersion oer, want al dy talen dêr soe gjin begjinnen oan wêze, lykas by De kinderen van juf Kiet, of in mjuks fan de twa, dus it jonge bern oansprekke yn syn thústaal mar him sa gau mooglik nei de offisjele ûnderwiistaal tafiere, om’t dat de ûnderwiiskânsen fan it bern grutter meitsje soe. Dy lêste oanpak, de wenstige yn Fryslân, smyt net perfoarst wûnders fan taalbehearsking op, as men nei de output fan Kennissintrum Mercator & Fryske Akademy sjocht: “Een Nederlandstalige peuter verstaat evengoed Fries dan een Friestalige peuter Nederlands verstaat.”Mercator en Fryske Akademy, Meartligens yn it deistich libben, brosjuere (Ljouwert / Leeuwarden 2012) 33.

Mar troch de útinoar rinnende sjenswizen op it middel—taal hat in ûngrypber en ferskowend ferskaat—en it doel—taal is in op himsels steande formele ienheid—hawwe taalideologyen in grutte ynfloed op wat der bart yn ’e klasse en op ûnderwiissystemen yn it algemien.Haley De Korne, ‘Towards new ideologies and pedagogies of multilingualism: innovations in interdisciplinary language education in Luxembourg’, Language and Education 26 (2012) 6, 479-500 <http://dx.doi.org/10.1080/09500782.2012.663552>. In eksperimint fan taal­ûnderwiis­ekspert Haley De Korne lit sjen dat learlingen yn in saneamde hetero­glossyske situaasje, dat wol sizze ien mei it omfetsjen fan allerhanne talen, oer allerhanne saken en mei allerhanne útdrukkingswizen lykas keunstsinnige, en mei in partisipearjend oanpak, ferskate taalkompetinsjes winne dy’t learlingen yn de tradisjonele taal­ûnderwiis­oanpak net hawwe.Haley De Korne, ‘Towards new ideologies and pedagogies of multilingualism: innovations in interdisciplinary language education in Luxembourg’, Language and Education 26 (2012) 6, 479-500 <http://dx.doi.org/10.1080/09500782.2012.663552>. Dus, as it wat opsmyt foar it learen fan in twadde taal—want it learen fan Frysk mei beskôge wurde as it learen fan in twadde taal om’t ommers de automatyske oefening bûten it formele ûnderwiis yn de natuerlike omkriten fan de learling mist; wie de trochgeande konfrontaasje mei de te learen taal der al dan koe it formeel taalûnderwiis mei folle minder oeren ta as de niisneamde fiif of seisK. Anders Ericsson, Michael J. Prietula en Edward T. Cokely, ‘The making of an expert’, Harvard Business Review 85 (2006) 7-8, 114-21, 193 <https://hbr.org/2007/07/the-making-of-an-expert> [krigen 4 febrewaris 2017].—wêrom kieze wy dan net foar it hetero­glossysk ideaal? Wêrom benutsje wy it potinsjeel fan ús bern net?

Yn Frankryk, dat al syn belied fêstiget op it aksioma dat der gjin ienheid yn ferskaat wêze kin, ferskynde yn 1997 in stúdzje fan trije taal-, ûnderwiis- en diversiteits­eksperts dy’t detailearre en oertsjûgjend útinoar sette dat yn it besykjen om de mear­fâldige kompetinsje te definiearjen, it referinsje­ramt it ferlykjen mei de ientalige noarm foar elk fan de te learen talen bleau.

The school, the public and sometimes scholars have assessed linguistic competence on the basis of scales of greater or lesser complexity in which (with some variations) we find “strong” or “almost fully competent” speakers, “imperfect” speakers who use their languages fairly fluently, “weak semi-speakers” with an even more limited competence in one or more of their languages and “rememberers” with a poor memory, who can recall a few words or phrases. Under the influence of contact with other languages, speakers have been thought to “unlearn” their first languages and to “lose” the rules governing them. The influences of one language on another, of one language in another, of interference and mixed speech have been feared. The concept of semilingualism, which has tended to crop up here and there in a certain specialised literature is a direct result of efforts to compare the linguistic performance of subjects. Semilingualism has served to denote a restricted development of linguistic competences among some bilinguals, a state of language development which has not reached native-speaker level in any of the languages in the repertoire.Daniel Coste, Danièle Moore en Geneviève Zarate, ‘Plurilingual and pluricultural competence: Studies towards a Common European Framework of Reference for language learning and teaching, Language Policy Division’ [oarspr. Frânske ferzje 1997] (Strasbourg: Council of Europe, 2009) 18 <http://www.coe.int/t/dg4/linguistic/Source/SourcePublications/CompetencePlurilingue09web_en.pdf> [krigen 5 febrewaris 2017].

De wittenskip hie yn de jierren tachtich al ôfweefd mei it min útprakke­searre sechstiger-jierren­konsept ‘healtaligens’, dat brûkt waard om ientaligens­belied te ûnder­bouwen en bedrige talen oan har lot oer te litten. Mar it politike, folslein ûnwitten­skiplike ferhaal is noch altyd dat fan ’e wet fan behâld fan ympuls: in learling dy’t mear fan de iene taal leart, leart minder fan de oare taal.Cf. Sikko de Jong en Alex Riemersma, Taalpeiling in Friesland: Onderzoek naar de beheersing van het Fries en het Nederlands aan het einde van de basisschool, proefskrift Katolike Universiteit Brabân (Ljouwert 1994) 196.

Underwiissystemen ûntkenne it pluri­lingualistysk potinsjeel—it learen en brûken fan twa of mear talen tagelyk—fan bern út reden fan governmentality.Ofelia García, Bilingual education in the 21st century: A global perspective (Malden, MA / Oxford 2009) 141. Foucault likegoed as Bourdieu wize derop hoe’t it ûnderwiis regulearret hoe’t wy de taal brûke en in rangoarder fan talen fêstiget, mei guon heechwurdearre en oare leechwurdearre talen. Dat dat ynstruearre taalgebrûk en dy fan boppe-ôf takende taalwearde kritykleas yn it kulturele systeem opnommen wurdt is it gefolch fan hegemoanysk hanneljen. Neffens sosjolinguist Micael Clyne sjocht men dy taalhegemony benammen oan it taalfetisjisme dêr’t it it Ingelsk oanbelanget, ommers it sabeare praktysk-rasjonele motyf fan ûnderwiis­belied, it oanwizen fan in beskate hannelstaal, “is problemetic for the simple reason that we never know who our major trading partners will be in a decade, let alone in four.”‘The debate’, yn: Sue Wright en Helen Kelly-Holmes (red.), Managing language diversity (Clevedon, UK ensfh. 1998) 30-38, 33. De faktoaren foar meartaligens binne histoarysk, polityk en ekonomysk; de flugge fersprieding fan it Ingelsk komt fan it Britske kolonialisme en it wrâld­liederskip fan de Feriene Steaten. Mar Clyne syn punt is dat der yn de njoggentjinde ieu folle mear meartalich ûnderwiis wie as hjoed om’t yn ’e tweintichste ieu ynternasjonale konflikten ta in agressive assimi­laasje­polityk laten en ta in ideology fan ien naasje, ien taal. It gefolch is in mondiale ‘monolingual mindset’.Michael Clyne, ‘Monolingualism and multilingualism in Australia and Germany’, Big DAAD Alumni Conference: Tackling the Future, 26 - 28 maart 2010, University of Sydney <http://ic.daad.de/sydney/Michael Clyne.ppt> [krigen 4 febrewaris 2017].

Dat it earste dat meartalich ûnderwiis definiearret is wat meartaligens is en wa’t as meartalich beskôge wurde meie. Krekt dat docht ek de Beleidsregel voor het verkrijgen van ontheffing voor het vak Fries in het primair en voortgezet onderwijs, oftewol it ‘Taalplan’: mei profilen en ynwenners fan skoalregio’s wurde ûnderwiistalen oanwiisd en foar wa’t dy ornearre binne.Provinsje Fryslân, ‘Beleidsregel voor het verkrijgen van ontheffing voor het vak Fries in het primair en voortgezet onderwijs’, Provinciaal Blad, Nr. 3671, 26 juny 2015 <https://zoek.officielebekendmakingen.nl/prb-2015-3671.html> [krigen 4 febrewaris 2017]. De ideology fan hoe’t taal brûkt wurde moat beynfloedet de partisi­paasje yn de klasse; gewoanlik is it de learkrêft dy’t praat en de learling is in passive kennisûntfanger, seit De Korne. Yn in mono­linguistyske taal­ideology is der in opfetting fan taal as in ôfsletten, wetmjittige ienheid mei in dúdlike ien op ien relaasje mei in kultuer en in naasje. Dejingen oan de macht wize ien standertfariant fan de taal oan dy’t erkend en wurdearre wurde mei as echte taal. Dit jildt net allinne foar de ryksoerheid; yn Fryslân stelt it provinsjebestjoer yn ’e mande mei de Fryske Akademy de standerttaal fêst en it negearjen fan it ferset dêrtsjin ein 2014 hat sjen litten dat de boargers gjin ‘eignerskip’—om yn de terminology fan it Dingtiid­advys te bliuwenDingtiid, ‘Meartaligens as kwaliteit en doel’, novimber 2016, g.s., pdf-side 10 <http://dingtiid.frl/wp-content/uploads/2017/02/Frysktalich-Underwiisadvysrapport-DINGtiid.pdf> [krigen 4 febrewaris 2017].—fan har eigen taal opeaskje kinne. Der is gjin inkelde foarm fan ynspraak of meibeslissen mooglik.

De pedagogyske en sosjale ymplikaasje fan de standerttaal­ideology, seit De Korne, is de reduskje fan meartaligens ta twa of mear monolinguismen.Haley De Korne, ‘Towards new ideologies and pedagogies of multilingualism: Innovations in interdisciplinary language education in Luxembourg’, Language and Education 26 (2012) 6, 479-500, 481. <http://dx.doi.org/10.1080/09500782.2012.663552>. It liedt ta de stereotype oanpak fan it ferdielen fan taalûnderwiis yn ien rigide tiidrek de iene formele taal, in oar fêst tiidrek de oare formele taal en eventueel in tredde fêst tiidrek de tredde formele taal. Dat typearret net inkeld yn it fuortset ûnderwiis mar ek op ús trijetalige skoalle giet it sa.

Teacher: Je mag naar die groep om een tekening te maken.

Student: Ik wol net tekenje. Ik wol yn it hûs boartsje.

Teacher: Kijk! [pointing at the Dutch flag at the door] Vandaag is het de Nederlandse week. Je moet nu Nederlands praten.Elizabeth Arocena Egaña, Rynke Douwes, Marieke Hanenburg, Jasone Cenoz (red,) en Durk Gorter (red.), Frisian and Basque multilingual education: A comparison of the province of Fryslân and the Basque Autonomous Community (Ljouwert 2010) 52-53.

Maatskiplike macht & polityk akkoart

Taalbelied, bedoeld om it taalferlet op te fangen fan maatskippijen mei hast altyd in ferskaat oan talen, is offisjeel belied, ûntwurpen en útfierd troch dejingen dy’t de macht hawwe, en as sadanich wjerspegelet it de polityk. Adrian Blackledge fan it MOSAIC sintrum foar meartaligensûndersyk—en poet laurate fan Birmingham—dy’t withoefolle boeken skreaun hat oer syn ûndersyk nei meartaligens yn it ûnderwiis en de widere maatskippij, wiist op de ûnfêstens en ferrifeljende aard fan maatskiplike opfettingen en hâldingen foar taal oer. Allerhanne ûndersiken nei meartaligens yn ’e maatskippij lizze just de “troch sosjale stân ynformearre, partidige, oanstriidbere, ynstabile en feroarlike” manier bleat sa’t ideeën oer taal en it brûken fan taal ferbûn binne mei maatskiplike machtsferhâldingen en politike akkoarten.Adrian Blackledge, Discourse and power in a multilingual world (Amsterdam / Philadelphia 2005) 32. Ien fan dy ûndersiken, seit Blackledge, lit skerp sjen dat ideologyen dy’t oer taal lykje te gean, oer politike stelsels gean en dy’t oer polityk lykje te gean yn werklikheid oer taalopfettingen en -pratiken gean.Adrian Blackledge, Discourse and power in a multilingual world (Amsterdam / Philadelphia 2005) 32. Ferwiist nei Susan Gal en Kathryn A. Woolard, ‘Constructing languages and publics’, Pragmatics 5 (1995) 2, 129-138.

It is sa klear as de dei dat ideologyen oer taal nea allinnich oer taal gean mar ek oer macht yn de maatskippij en oer identiteits­fraachstikken—kollektive, ynstitúsjonele identiteit is ek altyd in machtsding. Sa komt it dat offisjele talen en taalfarianten gewoanlik as superieur foarsteld wurde, boppe de net-offisjele taal.Adrian Blackledge, Discourse and power in a multilingual world (Amsterdam / Philadelphia 2005) 33. Ferwiist nei Kathryn A. Woolard, 1998. As deputearre Poepjes seit dat der foar it Frysk tagelyk in takomst en in opjefte is, want “As it net yn it hert sit by minsken, komst nergens. Dêr moast op ynsette. It kin no noch. It is noch net te let’’,Atze Jan de Vries, ‘Leerlingen langer naar school voor Friese les’, Leeuwarder Courant, 4 febrewaris 2017 <http://www.lc.nl/friesland/Leerlingen-langer-naar-school-voor-Friese-les-21974602.html> [krigen 4 febrewaris 2017]. dan giet dat net oer ús taalopfetting an sich, mar oer wa’t op wa ynsette moat, dus oer macht.

Wis kin taalbelied minsken ferbine. Yn ’e dôveynstelling dêr’t ik wurke wie gebeartetaal de fiertaal en de kursus gebeartetaal foar it hearrend personiel wie ferplichte, fergees, ûnder wurktiid, fan heech nivo en mei in partisipearjende oanpak. Mar withoefolle sosjale wittenskippers ha wiisd op it feit dat machthawwers taal effektyf brûke foar it ekonomysk en sosjaal útsluten fan minsken. Yn Fryslân gie ieuwenlang in Nederlânske nation-building troch taalhomogenisearring hân yn hân mei in Frysk taalbelied dat ynstruminteel wie foar de elitefoarkar. En it liket derop—sa’t ek Pier Boorsma syn Kulturele autonomy goed sjen litPier Boorsma, Kulturele autonomy yn Fryslân (Wiuwert 2016).—dat de histoarje fan ûnderdrukking fan de Fryske taal noch altyd in rem set op de kapasiteit fan de oerheid om de kwestje fan ús taal­rjochten oan te pakken.

De taalrjochten, dy’t ferankere binne yn de minskerjochten en yn frijheidsferlieningen lykas it hoedzjen foar diskriminaasje, de frijheid fan ekspresje en it rjocht fan taalminderheden om de eigen taal te brûken yn de groep, gean boppe de demokrasy út. Taalrjochten in topic te meitsjen fan de wil fan de mearderheid, ‘it hert fan de minsken’, is in riskante en ymmorele, dus te fersmiten foarm fan autoritêr populisme. Mar ek de autoritêre kulturele yntervinsjes dy’t wy no sjogge, dy’t fundearre binne yn in nation-building-eftich besykjen om de ynterne struktuer fan de maatskippij opnij op te bouwen, ta ‘in mienskip’, hawwe har tsjinbeweging. Dat in monolinguistyske standerttaalideology stridich is mei it beskermjen fan de kulturele diversiteit dy’t Europa neistribbet en dêr’t de Nederlânske oerheid him mei iens ferklearre hat, is net it punt. In oerheid dy’t net docht wat er seit is business as usual.

It probleem binne de gefolgen fan de yngrepen yn de kulturele diversiteit. De stichting Kulturele Haadstêd leit de Friezen in mondiale, trendy kultueropfetting op dy’t hja mar te akseptearjen ha,Paul van Gessel, ‘Wat moet Friesland met elf fonteinen?, Leeuwarder Courant, 1 febrewaris 2017, 18. de Fryske Akademy snijt yn ’e taal as wie it syn eigen byfstik en wegeret ûnderwilens de literatuer fan dy taal te bestudearjen, de provinsje beskikt sûnder ea in sensus nei taalbrûken en taalwinsken út te fieren oer it taalûnderwiis fan alle Fryske bern. Dat optwinge­rige belied is mei-inoar ferbûn en kweket mei-inoar ferset. Jo sjogge dat de Kulturele Haadstêd no al fan problemen oaninoar hinget om’t de boargers en har bedriuwen it evenemint hielendal net yn ’e earmen slute.Sjoch bygelyks Atze Jan de Vries, ‘Moet Arno Brok het gezicht van KH2018 worden?’, Leeuwarder Courant, 6 febrewaris 2017 <http://www.lc.nl/friesland/Moet-Arno-Brok-het-gezicht-van-KH2018-worden-21977620.html> [krigen 6 febrewaris 2017]. Ynstee fan in oersichtlik gehiel mei ien foars­kreaune identiteit en in unifoarme taal hat Fryslân aansen yn 2018 de swijende ûnrêst fan boargers dy’t har nocht ha. Want minsken hawwe ûnûntfrjemdbere rjochten. En minsken ferskille en feroarje. Dus úteinlik binne talen en kultueren allinnich mar te rêden mei in diversiteitstinken, wier plurilingualisme en meitinken, meipraten en meibeslissen yn jins eigen taal.

Noaten

  1. Dingtiid, ‘Meartaligens as kwaliteit en doel’, novimber 2016, g.s., pdf-side 2 <http://dingtiid.frl/wp-content/uploads/2017/02/Frysktalich-Underwiisadvysrapport-DINGtiid.pdf> [krigen 4 febrewaris 2017].
  2. Committee of Experts of the Council of Europe, ‘Application of the Charter in the Netherlands, 5 th monitoring cycle’ [ECRML (2016) 4], Straatsboarch, 14 desimber 2016, 18: “105. The representatives of the DINGtiid whom the Committee of Experts met during the on-the-spot visit underlined, however, that they do not have sufficient competences and were not involved in the preparation of the periodical report.”
  3. Dingtiid, ‘Meartaligens as kwaliteit en doel’, novimber 2016, g.s., pdf-side 9 <http://dingtiid.frl/wp-content/uploads/2017/02/Frysktalich-Underwiisadvysrapport-DINGtiid.pdf> [krigen 4 febrewaris 2017].
  4. Rie fan Europa, ‘European charter for regional or minority languages, European Treaty Series - No. 148’, Straatsboarch, 5 novimber 1992, 6 (Part III, Kêst 8, 1i) <https://rm.coe.int/CoERMPublicCommonSearchServices/DisplayDCTMContent?documentId=090000168007bf4b> [krigen 4 febrewaris 2017].
  5. Dingtiid, ‘Meartaligens as kwaliteit en doel’, novimber 2016, g.s., pdf-side 10 <http://dingtiid.frl/wp-content/uploads/2017/02/Frysktalich-Underwiisadvysrapport-DINGtiid.pdf> [krigen 4 febrewaris 2017].
  6. Dingtiid, ‘Meartaligens as kwaliteit en doel’, novimber 2016, g.s., pdf-side 14 <http://dingtiid.frl/wp-content/uploads/2017/02/Frysktalich-Underwiisadvysrapport-DINGtiid.pdf> [krigen 4 febrewaris 2017].
  7. Ut petear mei Yvonne Donders, prof. Ynternasjonale minskerjochten en kulturele diversiteit oan de Universiteit van Amsterdam, 8 febrewaris 2017.
  8. Charles Taylor, ‘Conditions of unforced consensus on human rights’ (paper presintearre op ’e Carnegie Council on Ethics and International Affairs workshop “The growth of East Asia and its impact on human rights”, Bangkok, 24 - 27 maart 1996) 2 et passim.
  9. Shashi Motilal, ‘Human moral obligations, dharma, and human rights’, yn: Ashwani Peetush en Jay Drydyk (red.), Human rights: India and the West (Oxford 2015) 123-145, 123; Shashi Motilal, Kolleezje oer “Human rights, human moral obligations and moral cosmopolitanism” oan it Institute of Philosophy, Freie Universität, Berlyn, 12 july, 2013.
  10. Shashi Motilal, ‘Human moral obligations, dharma, and human rights’, yn: Ashwani Peetush en Jay Drydyk (red.), Human rights: India and the West (Oxford 2015) 123-145, 124. Kursyf fan Motilal.
  11. Atze Jan de Vries, ‘Leerlingen langer naar school voor Friese les’, Leeuwarder Courant, 4 febrewaris 2017 <http://www.lc.nl/friesland/Leerlingen-langer-naar-school-voor-Friese-les-21974602.html> [krigen 4 febrewaris 2017].
  12. Cor van der Meer en Bernadet de Jager, The development of minimum standards on language education in regional and minority languages (Ljouwert/Leeuwarden 2007); Center for Applied Second Laguage Studies (CASLS), ‘How many hours of instruction do students need to reach intermediate-high proficiency?’, University of Oregon, 10 septimber 2010 <https://casls.uoregon.edu/wp-content/themes/caslstheme/pdfs/tenquestions/TBQHoursToReachIH.pdf> [krigen 4 febrewaris 2017]; Sarah Elaine Eaton, ‘How long does it take to learn a second language?: Applying the “10,000-hour rule” as a model for fluency’, Eric, 24 febrewaris 2011 <http://files.eric.ed.gov/fulltext/ED516761.pdf> [krigen 4 febrewaris 2017], basearre op Archibald et al., 2006 en Ericsson et al., 2007.
  13. Zsuzsanna Dégi: ‘Types of multilingualism explored in the Transylvanian school context’, Jezikoslovlje 13 (2012) 2, 645-666.
  14. Mary G. O’Brien, Suzanne Curtin en Rahat Naqvi, ‘Understanding multilingualism and its implications’, Frontiers in Psychology 5 (2014), doi: 10.3389/fpsyg.2014.01464.
  15. Sis Tsiis, ‘Frysk op skoalle de praktyk’, 27 novimber 2016 <https://sistsiis2016.files.wordpress.com/2016/12/frysk-op-skoalle-de-praktyk.pdf> [krigen 4 febrewaris 2017].
  16. Provinsje Fryslân, Koälysjeakkoart 2015-2019. Seis ambysjes foar Fryslân (Ljouwert 2015) 24.
  17. Mercator en Fryske Akademy, Meartligens yn it deistich libben, brosjuere (Ljouwert / Leeuwarden 2012) 33.
  18. Haley De Korne, ‘Towards new ideologies and pedagogies of multilingualism: innovations in interdisciplinary language education in Luxembourg’, Language and Education 26 (2012) 6, 479-500 <http://dx.doi.org/10.1080/09500782.2012.663552>.
  19. Haley De Korne, ‘Towards new ideologies and pedagogies of multilingualism: innovations in interdisciplinary language education in Luxembourg’, Language and Education 26 (2012) 6, 479-500 <http://dx.doi.org/10.1080/09500782.2012.663552>.
  20. K. Anders Ericsson, Michael J. Prietula en Edward T. Cokely, ‘The making of an expert’, Harvard Business Review 85 (2006) 7-8, 114-21, 193 <https://hbr.org/2007/07/the-making-of-an-expert> [krigen 4 febrewaris 2017].
  21. Daniel Coste, Danièle Moore en Geneviève Zarate, ‘Plurilingual and pluricultural competence: Studies towards a Common European Framework of Reference for language learning and teaching, Language Policy Division’ [oarspr. Frânske ferzje 1997] (Strasbourg: Council of Europe, 2009) 18 <http://www.coe.int/t/dg4/linguistic/Source/SourcePublications/CompetencePlurilingue09web_en.pdf> [krigen 5 febrewaris 2017].
  22. Cf. Sikko de Jong en Alex Riemersma, Taalpeiling in Friesland: Onderzoek naar de beheersing van het Fries en het Nederlands aan het einde van de basisschool, proefskrift Katolike Universiteit Brabân (Ljouwert 1994) 196.
  23. Ofelia García, Bilingual education in the 21st century: A global perspective (Malden, MA / Oxford 2009) 141.
  24. ‘The debate’, yn: Sue Wright en Helen Kelly-Holmes (red.), Managing language diversity (Clevedon, UK ensfh. 1998) 30-38, 33.
  25. Michael Clyne, ‘Monolingualism and multilingualism in Australia and Germany’, Big DAAD Alumni Conference: Tackling the Future, 26 - 28 maart 2010, University of Sydney <http://ic.daad.de/sydney/Michael Clyne.ppt> [krigen 4 febrewaris 2017].
  26. Provinsje Fryslân, ‘Beleidsregel voor het verkrijgen van ontheffing voor het vak Fries in het primair en voortgezet onderwijs’, Provinciaal Blad, Nr. 3671, 26 juny 2015 <https://zoek.officielebekendmakingen.nl/prb-2015-3671.html> [krigen 4 febrewaris 2017].
  27. Dingtiid, ‘Meartaligens as kwaliteit en doel’, novimber 2016, g.s., pdf-side 10 <http://dingtiid.frl/wp-content/uploads/2017/02/Frysktalich-Underwiisadvysrapport-DINGtiid.pdf> [krigen 4 febrewaris 2017].
  28. Haley De Korne, ‘Towards new ideologies and pedagogies of multilingualism: Innovations in interdisciplinary language education in Luxembourg’, Language and Education 26 (2012) 6, 479-500, 481. <http://dx.doi.org/10.1080/09500782.2012.663552>.
  29. Elizabeth Arocena Egaña, Rynke Douwes, Marieke Hanenburg, Jasone Cenoz (red,) en Durk Gorter (red.), Frisian and Basque multilingual education: A comparison of the province of Fryslân and the Basque Autonomous Community (Ljouwert 2010) 52-53.
  30. Adrian Blackledge, Discourse and power in a multilingual world (Amsterdam / Philadelphia 2005) 32.
  31. Adrian Blackledge, Discourse and power in a multilingual world (Amsterdam / Philadelphia 2005) 32. Ferwiist nei Susan Gal en Kathryn A. Woolard, ‘Constructing languages and publics’, Pragmatics 5 (1995) 2, 129-138.
  32. Adrian Blackledge, Discourse and power in a multilingual world (Amsterdam / Philadelphia 2005) 33. Ferwiist nei Kathryn A. Woolard, 1998.
  33. Atze Jan de Vries, ‘Leerlingen langer naar school voor Friese les’, Leeuwarder Courant, 4 febrewaris 2017 <http://www.lc.nl/friesland/Leerlingen-langer-naar-school-voor-Friese-les-21974602.html> [krigen 4 febrewaris 2017].
  34. Pier Boorsma, Kulturele autonomy yn Fryslân (Wiuwert 2016).
  35. Paul van Gessel, ‘Wat moet Friesland met elf fonteinen?, Leeuwarder Courant, 1 febrewaris 2017, 18.
  36. Sjoch bygelyks Atze Jan de Vries, ‘Moet Arno Brok het gezicht van KH2018 worden?’, Leeuwarder Courant, 6 febrewaris 2017 <http://www.lc.nl/friesland/Moet-Arno-Brok-het-gezicht-van-KH2018-worden-21977620.html> [krigen 6 febrewaris 2017].

Mear fan Friduwih Riemersma

De priis op ’e nij besjoen Takenning en útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2021
‘Al te persoanlik’ feit de Gysbert-manko’s moai yn ’e dôfpot
Gjin sjueryrapport foar de Gysbert Japicxpriis 2021
Kultuerkontrole De nije macht fan ús kultuer­ynstitúsjes berikt mêden dy’t earder bûten it bestjoersfoech leine
Stimleas yn it auditoarium Palimpsest, in sterk dichtdebút fan Erik Betten
Kalamiteit by de leveransier Noas tsjin ’t glês fan Edwin de Groot
By besunigingsweach: gean fan ’e terp ôf En panykje net, of, Hoe’t De Rouwe syn analogy kopke-ûnder giet
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten
Dit bart der as jo McGonagall oersette of, de mof fan Thiadmer Riemersma
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15