image marije roorda

Poëzy

Marije Roorda - Fers2 nû. 7.6, 23 desimber 2021

In beam jout justjes ljocht

Sûnder euvelmoed kappe wy in produksjebosk,

falle der jierliks in pear miljoen spjirren om

en werhellet him de oanplant fan nij gewin.

Yn ‘t koartst fan ’e dagen drage wy in jonge beam

it hûs yn en leauwe dat syn âlde geast macht hat

oer de tsjusternis, dy’t middeis foar de finsters stiet.

Lykas ús foarâlden heukerje wy mei in bytsje deiljocht,

fersiere de tûken as fanâlds mei stjerreglâns,

mei goudapels as rike frucht nei it winterskoft.

De beam betsjoent de keamer mei syn skynsel.

Wy prate sêft en wy skikke ús yn ferhalen fan inoar

en dan ite en drinke wy ús begearich sêd.

Der wachtet in fjoer dat jiske neilit fan wat

in ritueel ús joech; in oerâld langstme nei ljocht

en waarmte dat justjes yn ús opflamme.

Want sadree´t de dagen langje, rûgelje nuddels oer de flier,

fertoarret de bekoaring fan de beam en sjouwe wy

it omskot nei bûten, dat op in tûkebosk bedarret.

Mear fan Marije Roorda

Reinduns
Unferwachts fersen fan Marije Roorda
It wald
Tút fan Judas Politike Haiku II
Wat my driuwt
Greidblom Stien, do bist in krommel út in rots.
Droechte
‘Kuier’ en ‘Grut hoefblêd’ Leafst yn in lânskip/ as ik geandefoets har eagen moetsje …
It lûd fan de yidaki Hoe’t de see yn dampens stillei / har wazem oer de dyksfoet striek
Wêr’t de wyn my hinnesylde Fan fierren te sjen it eilân dat in bewenner mei opsetsin / ferliet en dy’t by syn frou en soan weromkaam doe’t …