image philippus breuker In busreis mei Trinus

In busreis mei Trinus

Philippus Breuker - Fers2 nû. 7.1, 24 jannewaris 2021

Ta de ûnferjitlike mominten út myn libben heart in petear mei de doe al ferneamde Trinus Riemersma yn in bus. Ik ha it yn De moanne fan 2011 al neamd, mar wol dat nei lêzing fan Antsje Swart har boekje oer him wat presizer beskriuwe. Ik begryp troch dat moaie boekje no better wat der doe barre koe.

It moat yn  septimber 1965 west hawwe, dat op it stasjon yn Ljouwert Riemersma yn de bus nei Snits stapte en neist my sitten gong. Dêr wie noch in plak frij en ik hie him freonlik groete. Hy koe my net, ik him fansels út syn wurk en út ’e krante, mar oars ek net. Wy rekken fuort oan de praat en dat hold pas op doe’t ik yn Dearsum derút moast. It ôfskie wie hertlik. Sa’n petear ha wy letter nea wer hân.

Wat my daliks opfoel, wie dat er prate woe. Dat hie ik fan sa’n ferneamde man net ferwachte. Blykber hie er wol niget oan kontakt mei ien dy’t yn Frysk ynteressearre wie. Hy bearde fûn ik ek wakker dat ik Nederlânsk MU-A hie. Dat fûn er hiel wat. Sels die er Frysk. Wêr’t wy it allegearre oer hân hawwe, wit ik net mear, al stiet my wol foar dat it ek oer de KFJ en de Gouden Tiid gong. Dat wienen foar my totaal ûnbekende fermiddens. It die my gjin nij, dat hy dy wat achter him litten hie. Wat ik no mar it luside part fan it petear neame sil, is my altyd bybleaun. Dat spile him ôf op de lêste ein, fan Raerd nei Dearsum. Hy harke tige en ik hie de yndruk dat er wat nijs hearde. Dat fûn ik apart, want ik hie ferwachte dat elk dy’t jong wie der sa oer tocht en seker hy. Ik wie folwoeksen wurden mei Camus, Sartre, Omar Khayam, Dostojewski, Leopold, Nauta syn Mens als vreemdeling, Hermans, De avonden en neam mar op fan datsoarte beskoulike skriuwers. Ik hie yn 1960 yn De Tsjerne in gedichtsje publisearre, dêr’t út blykt, dat my dat gefoel doe al eigen wie:

Sirkus

yn ’e kromme waen fan selsbidroch

giselt de leagen

aloan witer

yn spiralen nei de wierheit ta

en wy slingerje

laitsjend wizer

ús trapeze fierder yn

it libben hinget oan syn eigen lead

Ik sei dan ek, dat it libben gjin doel hie, it wie sinleas. Dat er dêrfan ophearde, lied ik no ek ôf út it boekje fan syn earste frou, Antsje Swart. Ik fûn dat frjemd, mar wat ik doe fansels net wist, wie dat hy oer dingen skreau dy’t echt wienen, dat wol sizze dy’t har yn de werlikheid foardienen, en dan leafst oer sokken dy’t er sels sjoen of provosearre hie.

Sy skriuwt yn dat Bûntskildere werklikheid (2020) op bls. 60, dat er in kear yn reaksje op besluten fan it KFJ sein hie: ‘Dat der gjin doel wie omt it libben gjin sin hie’. Dat koe dan wolris west hawwe doe’t er fan dy busreis thúskaam. Sy fûn dy útspraak absurd, wol in teken dat it foar har wat nijs wie. Wy krigen it yn dy bus ek oer God. Ik wit noch goed dat ik al pratendewei sei, dat in God, as dy al bestie, wat ik net leaude, om de minsken dêrûnder laitsje soe en in sjekje sitte soe te smoken. Dat fûn ik letter werom yn Minskrotten.

Mear fan Philippus Breuker

Brekizer fan de foaurútgong Yn Boazum hat fan 1863 oant ca. 1917 in lêsselskip bestien, dat de namme droech fan Vriendenkring
It bestean fan in Frysk folk foargoed ynpipere De doarpskultuer wie oan de ein fan de njoggentjinde ieu wakker frysknasjonalistysk wurden. Frysksinnichheid wie net langer …
It lêsselskip te Boazum Frysksinnichheid wie om 1900 hinne algemien, mar lêzen waard Frysk noch net folle.
Reaksjes op Fers2 In debat is nedich as der in probleem is en dat sjoch ik hjir net.
Europa Wy hawwe op ús âlde dei nei Trier west en alhiel deselde bin ik net bleaun.
Nasjonalisme: alheidkeamers en V.V.V. … al sil it noch even duorje ear’t ek de arbeiders gjin heger binend ideaal mear hawwe as it Fryslân boppe!
Oer taak en mooglikheden fan de Fryske Akademy… … yn it ûndersyk fan de Fryske literatuer
De Fryske doarpswrald der’t de Jongfriezen as earsten yn grut waarden … no wienen sels lytse doarpen frysksinnich wurden …
‘Leuk foar letter’: bûtensteanders en Bûtensteanders Eins hienen wy ússels útnoege, want wy wisten fan it bestean fan it oerlis allinnich út de krante.
1 2