image in memoriam hessel miedema

I.M.

In memoriam Hessel Miedema

Friduwih Riemersma - Fers2 5.8, 24 april 2019

De tillefoan wie noch net oergien of hy naam op. De dochter fan Riemersma, ja hy hie wol efkes tiid.

Se hiene my warskôge dat Hessel Miedema net oer himsels fertelle woe. Fraachpetearen die er beslist net, dat ik moast hoeden operearje. Jelle Brouwer, sei ik dêrom dalik. Kinne jo my wat oer him fertelle? Marten wol, sei er, mar dat wie moai wat lyn, studintetiid, mei-inoar dichtsje foar Quatrebras. Fansels hie er Jelle ek wol moete, mar de heit fan jo freonen learden jo yn dy tiid net kennen. Echt helpe koe er my wierskynlik net. As ik konkrete fragen hie mocht ik it altyd besykje en him skilje. En oant sjen.

In sjarmant ôfpoeierjen? Want jo kinne net jo hiele libben lang in lilke jonge man bliuwe en roppe dat everything sucks: Miedema sil net de iennichste wêze dy’t net oan syn dea ta assosjearre wurde wol mei syn jeugdsûndes, tocht ik.

No is er der net mear. Dochs wer efkes sjoen nei it megafers ‘de greate wrakseling’, jo ek?

In epysk fers is it, mei in daverjende homearyske retoryk. Mar tagelyk hat it fers de gek mei de eigen bombastyske studintikoziteit. Dan ynienen is de irony ek wer klear en no efkes serieus, mar och brek mar efkes troch de fjirde muorre fan it realisme hinne, ensafuorthinne.

Hymjend en mei de tong út de bek komme jo út ‘de greate wrakseling’. Nei tûzenen oeren poëzy lêzen kin ik oer gedichten meastal wol wat sizze, of in hânfet ta ynterpretaasje fine—net by ‘de greate wrakseling’. It fers biedt gjin inkelde mooglikheid ta identifikaasje. Ik haw der gjin emoasje by, lit stean in opiny oer. Jo witte net iens oft it de bedoeling wie en lit de lêzer tenein efter.

Net ien hat Miedema ea frege oft it doel wie om eat tenein efter te litten.

Al gau wie er ynternasjonale ekspert op it mêd fan santjinde-ieuske skilderkeunst. Ik siet op de keunstakademy, Rembrandt wie myn grutte foarbyld foar it tekenjen. Yn de skoalbibleteek kaam ik Miedema geregeld tsjin. Dat de man mei wrâldstatuer deselde wie as de quatrebrasman mei syn lilke poatlead, kaam net by my op.

Miskien hie ik dat fertelle moatten yn it fiifminute-tillefoanpetearke: dat twa manlju op in stuit ien waarden.

Mear fan Friduwih Riemersma

Hee, harkje nei myn politike aginda! ‘Troaje’ is sa’t jo witte de meast ûnrjochtfeardige oarloch yn de westerske wrâldskiednis.
Ramptoerisme Wat in kostlike tragykommeedzje Kulturele Haadstêd! De timing wie perfekt. It prachtige terraswaar dat makke dat jo noflik sitten gean koene foar …
Kaartferkeap Haha, kaartferkeap! De kulturele haadstêd dy’t kaarten ferkeapje wol, LOL!
It glossarium fan De Groot Yn Sels in Tibetaan belânet op it lêst yn see
It politike kaliber fan de Kulturele Haadstedprojekten It krige amper omtinken. Sels de Trump-tweets deroer rekken hast ferlern …
Ideology en symptoombestriding: It Dingtiidadvys oer Frysk yn it ûnderwiis Op freedtemiddei 3 February rûn Klaas Sietse Spoelstra troch de Ljouwerter financial district, skiljend mei passende oandielhâldersteatraliteit. Der wie wat.
Akwadukten lekke altyd wat Op ien dei, tongersdei 12 January, makke de provinsje Fryslân bekend dat de kultuerpartisipaasje yn Fryslân omdel gien wie en dat Fryslân mei de twa oare noardlike provinsjes in kultuerkonvenant ûndertekene hie.
Ferbylding yn tsjinspoed It fokabulêr fan grutskens is fersliten. Patriotisme, de sûne grutskens op jo eigen folk, is de oarsaak fan …
In goede reis Gerard Reve: Jo witte net wêrom’t de iene winter wol mar de oare net de meteorologyske skiednis yn giet as dramatysk
Betelle om neat te skriuwen Gjin besprek fan Bartle Laverman syn nije dichtbondel
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15