name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

In memoriam Hessel Miedema

Friduwih Riemersma - Fers2 5.8, 24 april 2019

 

image in memoriam hessel miedema

 

 

De tillefoan wie noch net oergien of hy naam op. De dochter fan Riemersma, ja hy hie wol efkes tiid.

Se hiene my warskôge dat Hessel Miedema net oer himsels fertelle woe. Fraachpetearen die er beslist net, dat ik moast hoeden operearje. Jelle Brouwer, sei ik dêrom dalik. Kinne jo my wat oer him fertelle? Marten wol, sei er, mar dat wie moai wat lyn, studintetiid, mei-inoar dichtsje foar Quatrebras. Fansels hie er Jelle ek wol moete, mar de heit fan jo freonen learden jo yn dy tiid net kennen. Echt helpe koe er my wierskynlik net. As ik konkrete fragen hie mocht ik it altyd besykje en him skilje. En oant sjen.

In sjarmant ôfpoeierjen? Want jo kinne net jo hiele libben lang in lilke jonge man bliuwe en roppe dat everything sucks: Miedema sil net de iennichste wêze dy’t net oan syn dea ta assosjearre wurde wol mei syn jeugdsûndes, tocht ik.

No is er der net mear. Dochs wer efkes sjoen nei it megafers ‘de greate wrakseling’, jo ek?

In epysk fers is it, mei in daverjende homearyske retoryk. Mar tagelyk hat it fers de gek mei de eigen bombastyske studintikoziteit. Dan ynienen is de irony ek wer klear en no efkes serieus, mar och brek mar efkes troch de fjirde muorre fan it realisme hinne, ensafuorthinne.

Hymjend en mei de tong út de bek komme jo út ‘de greate wrakseling’. Nei tûzenen oeren poëzy lêzen kin ik oer gedichten meastal wol wat sizze, of in hânfet ta ynterpretaasje fine—net by ‘de greate wrakseling’. It fers biedt gjin inkelde mooglikheid ta identifikaasje. Ik haw der gjin emoasje by, lit stean in opiny oer. Jo witte net iens oft it de bedoeling wie en lit de lêzer tenein efter.

Net ien hat Miedema ea frege oft it doel wie om eat tenein efter te litten.

Al gau wie er ynternasjonale ekspert op it mêd fan santjinde-ieuske skilderkeunst. Ik siet op de keunstakademy, Rembrandt wie myn grutte foarbyld foar it tekenjen. Yn de skoalbibleteek kaam ik Miedema geregeld tsjin. Dat de man mei wrâldstatuer deselde wie as de quatrebrasman mei syn lilke poatlead, kaam net by my op.

Miskien hie ik dat fertelle moatten yn it fiifminute-tillefoanpetearke: dat twa manlju op in stuit ien waarden.