image

In modernistyske misser

Hjerre Gerrits van der Veen neffens Anne Wadman

Abe de Vries - Fers2 nû. 14, 3 july 2015

Yntuïtyf hat Van der Veen syn situaesje oanfield, doe’t er him letter, tobek sjend op feiten en ûnderfiningen, ‘Frisius Multatulius’ neamde. Wie net it great konflikt fan dy oare, folle greater skriuwer yn Hollân, yn ’e groun fan de saek sines ek: dat tusken amtner en minske, en leit net it forskil yn haedsaek yn it formaet en it klimaat? Anne Wadman

Anne Wadman wie 18 jier jong en op syk nei ideeën foar romansenario’s, doe’t er yn 1938 belangstelling krige foar in stoarje dy’t er opfandele hie oer de Fryske ûnderwizer, skriuwer, dichter en sjoernalist Hjerre Gerrits van der Veen (1816, Grou – 1887, Moarmerwâld). Yn 1944 skreau er oan syn freon Gerrit Borgers oer syn fassinaasje foar Van der Veen en syn idee om oan ’e gong mei in biografy oer him. Hy hie nammentlik begrepen dat er ‘vermoedelijk (ik heb dat nog niet kunnen “bewijzen”) de bastaard­zoon is van een zeer welgesteld en machtig baron en die wildwest allures heeft’.Joke Corporaal, Grimmig eerlijk: Anne Wadman en het probleem van de Friese literatuur (Dissertaasje, Ryksuniversiteit Grins, Ljouwert: Fryske Akademy/Afûk, 2009), 330. Ek hie de koarte roman van Van der Veen, De kaertlizzer (1864), dy’t Wadman yn 1944 foar it earst lêzen hie, neffens him net it omtinken krige dat it wurk fertsjinne. ‘Dy Hjerre Gerrits hie in sederoman skriuwe kind dêr’t de hiele Rimen en teltsjes bernespil by wier’, miende er nei lêzing fan dat boekje.Corporaal, Grimmig eerlijk, 330, en 525, noat 1225: Brief Wadman oan Gerrit Borgers, Langweer, 24.10.1944. Wadman seach al foar him dat it ferfilme wurde soe. ‘Hwat scoe soks it oansjen fen Fryslân forgrutsje! In machtich stik propaganda!’Corporaal, Grimmig eerlijk, 331, en 525, noat 1230: Deiboekfragmint 24.5.1944.

It teltsje dat Van der Veen in basterdsoan fan in baron wie, hie Wadman thús yn Langwar opdien fan de susters De Walle, bekenden fan syn âlden. Harren heit hie dokter west yn Driezum en hie noch kunde hân oan Van der Veen. ‘In Driesum,’ skriuwt Joke Corporaal, ‘deed het verhaal de ronde dat Hjerre Gerrits van der Veen niet de zoon was van de schipper wiens naam hij droeg, maar van Baron van Sytzama. De Driesumer burgemeester Van Sytzama, onder wiens supervisie Van der Veen zijn ambt vervulde en met wie hij voort­durend ruzie had, was dus zijn halfbroer!’Corporaal, Grimmig eerlijk, 331. It tema fan de roman dy’t Wadman skriuwe soe op basis fan it ferhaal soe it stânsferskil tusken twa healbruorren wêze moatte yn in tiid dat de lytse boargerij en de arbeidersbeweging opkomme.

Opmerklik is dat Wadman it ferhaaltsje net fermeldt yn syn lettere dissertaasje (1955). Yn it earste haadstik ‘Forantwurding’ meldt er as oanlieding om oer Van der Veen te skriuwen inkeld dat Van der Veen ‘gauris to min achtslein’ is, yn syn eigen tiid mar ek letter.Anne Wadman, In skoalmaster yn de Dokkumerwâlden: Libbensgong fan Hjerre Gerrits van der Veen (Dissertaasje, Ryksuniversiteit Grins, Drachten: Laverman, 1955), 9. Wol fernimme wy dat Van der Veen syn beneaming as skoalmaster yn Driezum wierskynlik te tankjen hie oan Maurits Pico Diederik baron van Sytzama (1789-1848), fan 1840 oant 1848 gouverneur fan Fryslân. Van der Veen hie les oan hûs jûn oan ien fan de baron syn bern.Wadman, In skoalmaster yn de Dokkumerwâlden, 30. Fansels komme ek de ûneinige amtlike konflikten oan de oarder dy’t Van der Veen útfocht mei dy baron syn healbroer, Douwe Jan Vincent baron van Sytzama (1816-1886), dy’t earst grytman (1846-1850) en letter boargemaster (1851-1876) fan Dantumandiel wie. Wadman meldt ien kear abusivelik dat Douwe Jan in omkesizzer wie fan Maurits Pico Diederik;Wadman, In skoalmaster yn de Dokkumerwâlden, 29. fierderop neamt er wol dat er syn healbroer wie.Wadman, In skoalmaster yn de Dokkumerwâlden, 72.

It net fertellen fan de stoarje yn de biografy is opmerklik. De heit fan de susters De Walle, dy’t heechstwierskynlik de boarne wie fan it ferhaal dat syn dochters safolle jierren letter noch ferspraten, stie yn Driezum bekend as in oanhinger en ‘partijman’ fan Van Sytzama de boargemaster, Van der Veen syn grutte tsjinstanner. De skoalmaster beskôge dizze Thys de Walle neffens Wadman ynearsten as in ‘liberael waende freon’Wadman, In skoalmaster yn de Dokkumerwâlden, 257. mar al gau die him bliken dat de dokter it hold mei syn grutte fijân. Yn 1879 publisearret er yn it Friesch Volksblad in spotferske oer dokter De Walle, titele ‘God zij met ons-politiek’:

As lytse Thys is bûten gat,

        Hy ‘s, o! sa liberael,

Mar ûnder frjeunen fen “mynhear”

        Bihâldsman, klerikael,

Sa suver as ’t mar hjert,

        Neamt liberaliteit

        Den sels kranksinnichheid.H...m to D...m [Hjerre Gerrits van der Veen], “God zij met ons-politiek,” Friesch Volksblad, 26 oktober 1879, n.p.

Ek seit Van der Veen, yn it Dokkumer stedsk, dat dokter De Walle gjin Frysk praat mar stedsk, de ‘taal van ons dokter en die, die miene dat ze hollans spreke en van ’t friesch, hor moedertaal, niks wete wille, dat hor te lomp en te boers is’.Wadman, In skoalmaster yn de Dokkumerwâlden, 256.

No wurdt dúdliker – Corporaal sinjalearret it net – wêrom’t dokter Thys de Walle it fabeltsje (troch)fertelde dat Van der Veen in basterdsoan wêze soe fan gouverneur Van Sytzama. By syn healbroer de boargemaster hie de gouverneur derop oanstien om Van der Veen as skoalmaster te beneamen; yn de eagen fan de boargemaster stie Van der Veen, it skoalmasterke, dus yn it kryt by de gouverneur, yn sekere sin Van der Veens ‘heit’, en ek by him. De ûntankbere Van der Veen biet yn de hân dy’t him te iten joech. Sa sil de hegere boargerij fan Dantumadiel, trou oan it gesach fan ‘mynhear’, de krityske, dwerse skriuwer en skoalmaster beskôge hawwe.

Bline flekken

De histoaryske werklikheid dat de Fryske maatskippij nettsjinsteande ‘1848’ ek om 1880 hinne miskien net formeel mar noch altyd yn de praktyk in stânemaatskippij wie, komt nei myn smaak net genôch ta syn rjocht yn Wadman syn biografy fan Van der Veen. Wadman woe, seit Corporaal, in ‘model-biografy’ skriuwe, in libbensskets neffens in nij prosedee, nammentlik it jaan fan ‘een uitgebreide psychologische analyse van [de] verschillende levensfasen’ fan syn ûnderwerp.Corporaal, 335. Wadman, 11 en 312: Wadman, dy’t ‘in psychologyske beskriuwing jowt oan ’e hân fan Prof. Heymans syn karakterology’, sjocht Van der Veen fan as in minske fan it ‘passionearre’ type, ‘d.w.s. de emosioneel aktiven mei sterk sekundaire funksje, minsken bihearske fan sterke hertstochten en duorjende bigeartmen, “die alle andere bewustzijnsinhouden terugdringen of althans kleuren”.’(Wadman syn Heymans-sitaten annotearre op s. 312: Gerard Heymans, Inleiding tot de speciale psychologie, vol 2 (Haarlem: Erven Bohn, 1929)). Hy hat dêrom in protte omtinken jûn oan de strikt-biografyske en sjoernalistike, en folle minder oan de literêre en de literatuersosjologyske aspekten fan Van der Veen syn wurk. Dat is mooglik mei te ferklearjen út it feit dat hy, as typyske heech-modernist, de literêre kwaliteit fan Van der Veen syn 19e-ieuske oeuvre, mei in pear útsûnderingen, net heech ynskatte. Dêrneist bliuwt der altyd it teoretyske probleem fan de ôfstân tusken de literatuer fan in skriuwer en syn psychologyske profyl.

It risseltaat is, yndie, in skitterjende biografy, dy’t ek nei sechstich jier it lêzen mear as wurdich is. Mar dy’t likegoed as in misser, yn alle gefallen as in miste kâns sjoen wurde kin. Wadman wie nei de Twadde Wrâldoarloch de belangrykste modernistyske teoretikus en kritikus yn de Fryske literatuer; de bline flekken fan dat modernisme binnne ek (of just) by him tige te merkbiten. Yn syn dissertaasje siket men bygelyks fergees nei ferlykjende analyses fan literêre teksten. Ek de polityk-sosjale kontekst fan literatuer wurdt net yngeand behannele, as wêzentlik foar dy teksten sjoen, mar krijt inkeld yn it foarbygean, hast plichtmjittich, in oantsjutting. Dat In skoalmaster yn ’e Dokkumerwâlden likegoed as in slagge biografy bekend stiet, komt faaks troch Wadman syn yntelliginsje, wurkkrêft en heldere skriuwstyl, en wa wit ek troch in driuw fan de skriuwer dy’t fuortkomt út identifikaasje mei aspekten fan Van der Veen syn libben en persoanlikheid. Van der Veen lei ‘net als hijzelf, voortdurend in de clinch (..) met de “ambtenaren” met wie hij te maken kreeg’,Corporaal, Grimmig eerlijk, 328. en der wie mear:

Beiden waren ze opgegroeid in een geïsoleerd dorp in Friesland en beiden waren het geen “typisch” Friese jongens – Wadman vermeldde met nadruk dat Van der Veen niet kon zeilen, en ook liet hij weten dat Van der Veen zichzelf niet beschouwde als een Fríes schrijver. Van der Veen was volgens Wadman emotioneel, snel teleurgesteld, wantrouwig en koppig; hij zette zich met grote volharding in voor zaken waarin hij geloofde, ook wanneer hij anderen daarmee tegen de haren instreek. Ook Wadman is verweten dat hij te lange tenen had en dat hij achterdochtig was. Verder zal Wadman sympathie hebben opgevat voor Van der Veens politieke ideeën. En ten slotte meende hij dat beiden niet de “protectie” genoten die nodig was om het maatschappelijk ver te brengen.’Corporaal, Grimmig eerlijk, 333.

Tel dêrby noch op it dielde ‘mislukkingsmotief en het verspillen van talenten aan zaken die niets opleverden’Corporaal, Grimmig eerlijk, 334. en it byld dat Wadman himsels foar in part werkend hat yn Van der Veen is dúdlik tekene. Yn 1963 omskreau Wadman Van der Veen foar de radio as in ‘foarsjonger yn in tsjerke dy’t er net lije mocht’. Foar himsels, dy’t yn de earste jierren nei de oarloch besocht hie te ûntsnappen oan de Fryske en in foet oan de grûn te krijen yn de Nederlânske literatuer, gou min ofte mear itselde.Corporaal, Grimmig eerlijk, 346. Foar de RONO.

Yn it skaed fen Harmen Sytstra

Hjerre Gerrits van der Veen, skipperssoan út in ferearme húshâlding, berne yn Grou, it doarp fan syn jonkheid, slagge yn 1842 as boppemaster oan de skoalle fan Dunegea, in boerestreek oan de westlike igge fan de Tsjûkemar. Wadman neamt it ‘in útbuorren mei in 100 ynwenners, oan in sânreed, ôfsletten fan alle kultureel forkear’.Wadman, In skoalmaster yn de Dokkumerwâlden, 40. Dat jout kontrast mei it gâns gruttere en ynspirearjender Grou; it Grou boppedat fan de troch Van der Veen sa heechleine dokter Eeltsje Halbertsma. Yn syn fiif jier yn Dunegea, troch Wadman beskreaun ûnder de noemer ‘Yn it skaed fan de Halbertsma’s’ (de titel fan it earste haadstik), komt Van der Veen mei fjouwer boekpublikaasjes: de Rymkes foär Friesen (poëzij, 1844), de Frijsce Fjouerstim (koarsangen, 1844), de Clipsrymkes (koartdichten, 1846) en De Schoäll’forsjongery (toaniel, 1847).

In ferlykjende tekstanalyze soe faaks in oare titel foar it earste haadstik fan de biografy oandroegen hawwe: ‘Yn it skaed fen Harmen Sytstra’. Wadman liket bewûndering foar minsken en ynfloed fan teksten trochinoar te heljen, as er skriuwt: ‘Wy hawwe sjoen (..) dat Dr. Eeltsje foar him as dichter model-stien hawwe kin’.Wadman, In skoalmaster yn de Dokkumerwâlden, 44. De iennichste tekst út boppeneamde fjouwer titels dy’t min ofte mear dúdlik tsjûget fan ynfloed fan in tekst fan Eeltsje Halbertsma is de romanse ‘Beint in Grietje’, dêr’t it gedicht ‘De liekeblom’ fan Dokter-om yn meispilet. Likegoed seit Wadman ek dat Van der Veen al betiid yn ’e kunde kaam wêze moat moat mei it dichtwurk fan oaren, lykas Jan Cornelis Pieters Salverda en Jan Gelinde van Blom. Ynfloed fan Harmen Sytstra (neffens Wumkes soe de ferskining fan Iduna Van der Veen ta it Frysk skriuwen brocht hawwe,Geart Aeilco Wumkes, Bodders yn de Fryske striid (Boalsert: Osinga, 1926), 552: ‘Mids dit earmoedzjen krige Fryslân him by it hert. De 22e Nov. 1844 forskynde de Iduna. It tiidskrift wier him as in iepenbiering, in oprop ta de Fryske striid. Sûnt dy tiid liet er it Fryske wird yn it iepenbier hearre, yn foardracht, petear, lêzing en skriften.’ mar Wadman lit sjen dat de Rymkes doe al trije moanne op ’e merk wieneWadman, In skoalmaster yn de Dokkumerwâlden, 44.) – wurdt op tekstuele grûn lykwols net by stilstien. Hy hâldt it by de opmerking dat der foar 1847 gjin ‘forbân mei de rounte fan Sytstra’ wie.Wadman, In skoalmaster yn de Dokkumerwâlden, 44.

Net mei syn rûnte miskien, mar sa te sjen wol mei syn wurk. Sytstra syn debút Jouke Rommerts’ scriften (1841) komt net foar yn de hast paginalange alinea dy’t Wadman besteget oan de fraach hoe’t it der mei de Fryske skriuwerij yn dy jierren foarstie. Presys dy Jouke Rommerts’ scriften – mei de teksten dy’t, sa’t wy seagen, earder al Waling Dykstra en syn maat Jacobus Cornelis Hoitsma oan it Frysk skriuwen krigen hiene – kent men werom yn ien fan de nijsgjirrichste dichtstikken yn Van der Veen syn Rymkes, te witten ‘In droom’. Ik lit it fers hjir folgje, yn moderne stavering:

In dream

Ik dreamde fannacht, ik fleach fier oer de moanne,

    Mar, heden! wat foel ’t my dêr ôf en ek ta:

“O!” tochte ik, “wat sil dêr in hellefjoer baarne!”

    ‘k Ferwachte, dêr soe men de duvel wol ha.

Mar ‘k seach der gjin duvel en ‘k seach der gjin helle.

    Gjin skriemen en laitsjen; wol blydskip en spyt:

waard oan syn eigen gewisse betelle;

    De measten hien’ freugde, sa goed as ik ’t wyt.

Ik fleach troch in rige – men sei, it wiene geasten –

    Dy hiene dêr tûz’nen fan jierren al west;

Dy spilen en songen, hiene ivige feesten,

    En wisten dêr noait fan gjin soargen en lêst.

Mar ‘k kaam yn in keamer, fol kenings en prinsen –

    Ik lêsde it teminsten sa boppe de doar –

Sy seagen der út, krekt as oare loftminsken;

    Mar ’t like presys as sieten se oan ’t tsjoar.

Sy mochten net fierder, as sa fier ferrinne;

    Mar wat dat betsjutte, dat wyt ik net mear;

Mar elk foar himsels moast it nedige winne,

    En wien’ se net flitich, dan krigen se op ’t lear.

Dêr neist wie in keamer, dêr sieten se oan ’t skriuwen.

    De pinnen dy gongen sa fluch as de wyn.

Dêr boppe de doar stie fan: Earlike lju;

    En de Ingels dy brochten de brieven dêr yn.

Doe kaam ‘k yn in keamer, dêr op stie fan: Berntsjes.

    Dêr songen se sangen sa himelske moai;

Sy fleagen as fûgels mei hoekjes en herntsjes

    En holpen dan de Ingels: wat hien’ se in getoai!

Mar ’t foel har sa licht dat, it liken wol mantsjes,

    Sa sterk wien’ dy berntsjes, hoe lyts en hoe tear,

Sy droegen soms bergen fan goud op har hantsjes:

    Wêr wei en wêr hinne, dat wyt ik net mear.

Net fier fan dat hûs, dêr’t dy berntsjes sa fleagen.

    Dêr wiene sa’n skepsels miljoen by miljoen!

Ienfâldige oprjochte stie gleon foar myn eagen;

    Ik tochte: hjir, hjir wurdt de himel besjoen!

’t Klonk jimmer mar: “Heare! Jins lof en Jins eare

    Is ivige leafde, is yn ivichheid rjocht!

Hallélujah Heare! Hallélujah Heare!

    Jins dwaan is ús seine, Jins wille is ús rjocht!”

Mar dêr waard ik weibrocht nei aaklike hoalen,

    Ik hearde der wol wat, mar ik seach der dochs neat;

Sy moarten der heislik as slûgen har boalen –

    Ja, fêst wien’ dat minsken; wat hat my dat deard!

Dêr neist stie in spylwurk; ’t wie krekt as it prate,

    ’n It tikjen wie jimmer mar: noait en altyd!

“Och!” tochte ik, wat kin jimme it kjirmen bate!”

    En just sloech it spylwurk fan: ivichheid, spyt!

Doe kaam ik by Jezus; daalk koe ‘k Him, de Heare.

    Ik bea foar dy lijers; ik frege om behâld,

Ferlossing fan straffe; mar ‘k heard’ Him: “Myn leare

    Fan leafde” – ‘k waard wekker, en ‘k wie noch op ‘e

                                                                          wrâld.Hjerre Gerrits van der Veen, Rymkes foär Friesen (De Jouwer: Munnik, 1844), 3-5.

De oerienkomsten mei de noch fantastysker reis fan Siis Homp, yn it ferhaal ‘Uws reis nei Akkerwâlde’ fan Harmen Sytstra, binne net te missen. Siis komt djip ûnder it wetteroerflak fan de Tsjûkemar by keamers telâne; net keamers mei geasten fan ferstoarnen, lykas yn it fers fan Van der Veen, mar by keamers fan de himel en de deugd; alteast, it is ‘hillige groun, nin kwea is hjir ea bedrjeaun’. It is it plak dêr’t de deugden, troch tadwaan fan de ferljochting, hinne ferballe binne (s. 105). Even fierderop komt Siis yn ’e kunde mei ûnder mear de Grykske goaden Jupiter en Bakkos en in spoek waans baas nei de moanne ferballe is (‘daer scoe it wol sa loftich waeze as yn ‘e oafgroun’, s. 122). It spoek seit: ‘Dou maste rekkenje, de forljochting sciftit alles hwat net op ierde bljouwe mei, in tsjoert ien part nei de oafgroun, in it oare part mat nei de moäne’ (s. 122).

Op ’t lêst wurdt Siis Homp, sittend op in grutte stien, in fulkaan op Iislân útspuid en sa heech de loft ynslingere, dat er lâns de moanne skeart. Hy kin sjen dat dêr lytse húskes op ‘e grûn steane. De foarnamere huzen, ‘of ljeäfer kastielen, drjeauwen yn de loft om’ (s. 142), ergo, ‘de moäne mast de lytse in lichtste dingen mear oanloukke as de swiere’ (s. 142). Der binne ek minsken op ‘e moanne, skriele, mei keale klean oan, de ‘wraldforhuwsers’ (s. 143). Dan falt Siis Homp werom yn see, en wat blykt? De stien dêr’t er op siet, wie de Bibel. Sawol by Sytstra as by Van der Veen stiet de moannereis alsa yn in religieus ramt; ‘Uws reis nei Akkerwâlde’ fan Sytstra wjerspegelet de konfrontaasje fan de ferljochting mei it ortodokse protestantisme, wylst ‘In droom’ fan Van der Veen, mei syn ‘leare fan leafde’, in streekrjocht pleit liket te wêzen foar in modernistysk protestantisme. Siis Homp syn flecht einiget mei de Bibel, Van der Veen syn dream mei Jezus.

Dat Jouke Rommerts’ scriften in foarbyld of yn alle gefallen in ynspiraasje west hawwe moat foar Van der Veen syn Rymkes, dêr wiist ek it heterogene karakter fan de samling gedichten op: oersettingen, sketskes, lange rymstikken, heitelânsleafde, românse, dialooch, krityk (op de ortodoksy), koart, lang, fan alles komt de lêzer tsjin. Fynt it fers ‘Mink’s eangstme yn Hjerstnacht’ yn Sytstra syn debút, dêr’t ûnwaar yn ferskynt as de hân fan God, net syn pendant yn it fers ‘Onwaer’ yn de Rymkes fan Van der Veen? Heart men net it ûnwaar yn it earste Regine-fers deryn? Ek de toaniel­skets De Schoäll’forsjongerij wiist op it foarbyldkarakter fan Sytstra syn wurk. Dat is it twadde yn it Frysk skreaune toanielstik; it earste wie Boask fen de kastleinsdochter (1842) fan Sytstra.

In knoffelich fersifiëarre morael

Makket Wadman noch frijwat wurk fan it besprekken fan Van der Veen syn poëzij yn de Dunegeaser perioade, letter hat er de moed opjûn. Dan liket it iene fers noch ferfelender as it oare. Van der Veen dichtet ‘op ’e irritearjende toan fan de sedemaster’.Wadman, In skoalmaster yn de Dokkumerwâlden, 36. Mannich fers is ‘allinne mar moralisearjend’ (s. 37), skreaun yn ‘rhetoaryske trant’ (s. 37) of ‘yn ‘e tradisionele trant, sûnder folle persoanliks’ (s. 42), hat in ‘knoffelich fersifiëarre morael’ (s. 48), is ‘abstrakte Gedankenlyrik’ (s. 50), ‘wat healslachtichs’ (s. 52), is ‘bispjelde yn in ryklik wiidweidige morael’ (s. 77), ‘seldsum tizerich’ (s. 78), ‘hat net folle om ’e hakken’ (s. 78, 87), is ‘tige forsearre en fansels te lang’ (s. 79), ‘rint net flot fan ‘e trie’ (s. 79), is ‘rede­near­derich fan toan’ (s. 80), ‘hwat hakkelich en ûnklear formulearre’ (s. 102), ‘mjidsmjittich maekwurk, yn breklike en moedsum fierder stoatteljende trochaeën’ (s. 113), is ‘rammeljende en ientoanige rymlerij’ (s. 115), is in ‘flauwe satyre’ (s. 182) – ensafierderhinne. Watfoar kritearia hantearre wurde foar de swarmen feroar­dielingen – want útlis en demonstraasje folgje hast noait, de kwalifikaasjes sprekke blykber foar harsels – bliuwt yn it tsjuster.

Besjocht men al dy kwalifikaasjes, dan binne se yn trije kategoryen ûnder te bringen: earst, krityk op moralisme; twad, krityk op ûnpersoanlikheid (lês: psychology); en tred, ferstechnyske krityk. Alle trije kategoryen binne te werlieden ta Wadmans eigen posysje en kwaliteiten as modernistysk skriuwer. It moralisme dêr’t er him yn syn eigen wurk tsjin warde, wie net dat fan 19e-ieuske skriuwers, mar fan skriuwers fan syn eigen tiid. Bekend binne syn konflikten yn de redaksje fan de Tsjerne mei Fedde Schurer en Douwe Tamminga, dy’t it kristlik moralisearjen net frjemd wie en der net foar tebek skrillen om teksten op dy grûn út it blêd te hâlden. Bekend is ek de striid dy’t Wadman levere hat tsjin de Fryske boereroman en oare ‘folkslektuer’ út it ynterbellum, wêryn’t de haadfigueren mar al te faak sjabloanen bleaune yn tsjinst fan ien of oare foarm fan Frieze-ferhearliking.Sjoch bygelyks Anne Wadman, It kritysk kerwei: Resinsjes en skôgingen 1950-1970 (Ljouwert: Fryske Akademy, 1990), 40-41 et passim, en Anne Wadman, Mei Abraham fûstkje (Drachten: Laverman, 1969). Bekend is ek it (mislearre) stribjen fan Wadman om sels as dichter erkenning te krijen, wylst er dochs as gjin oar yn Fryslân thús wie yn de fersteory.Gjalt R. Zondergeld, “Wadman, Anne Sijbe (1919-1997),” Biografisch Woordenboek van Nederland, lêste wiziging 12 novimber 2013, http://resources.huygens.knaw.nl/bwn1880-2000/lemmata/bwn6/wadman; Anne Wadman, Fryske fersleare (Drachten: Laverman, 1953).

image

Syn identifikaasje mei Van der Veen fynt hjir dus syn oare kant. Skerp steld hat Wadman yn syn biografy Van der Veen syn dichtwurk as in Prokrustes behannele: hy hat dat wurk beoardiele mei de mjitstêven fan syn eigen modernisme en syn eigen literêre ambysjes, en dêrby oannommen dat dy hannelwize yn 1955 sa fansels spruts, dat der fierder gjin taljochting, teoretyske fundearring, kontekstuele beneiering of ferlykjend ûndersyk fan need wie. Wadman stie dêr, sa’t wy sjoen hawwe yn de foargeande essays, net allinnich yn; hy wie de earste noch de lêste dy’t delseach op pre-modernistyske literatuer. De ‘folksskriuwerij’, dêr’t ik wurk fan ûnder mear Harmen Systra, Waling Dykstra, Tsjibbe Gearts van der Meulen en ek Hjerre Gerrits van der Veen ta rekkenje, wachtet yn de Fryske skriftekennisse op wittenskiplik tematysk ûndersyk, bygelyks nei syn ‘moralisme’.

By alle negativiteit is der lykwols ek wurdearring. Dy jildt wat Van der Veen syn dichtwurk oanbelanget benammen de Clipsrymkes fan 1846, ‘ien fan de singulierste fersboekjes ea yn it Frysk forskynd’.Zondergeld, “Wadman, Anne Sijbe (1919-1997),” 52. Yn de 68 meast koarte en alfabetysk oardere fersen yn dat boekje wiist Wadman ‘it satyrike elemint’ oan, al leit er net út wat er dêr krekt mei bedoelt: watfoar satire, wêrop? Dêrneist wurdt de klam lein op in foarbyld út de Nederlânske literatuer: ‘Knap yn ferstechnyk, snedich en skerp, tûk fan taelbihearsking, binammen op it stik fan de antithese, kender fan de folkstael ek, is Van der Veen hjir in weardich learling fan Huygens’, benammen wat it puntdicht op persoanen en beroppen oanbelanget.Zondergeld, “Wadman, Anne Sijbe (1919-1997),” 53.

Yn in foaropwurd leit Van der Veen de titel fan syn dichtbondel út:

Eclips, as lyck as wy, Friesen, sizze: Clips-rymkes binne it, it iene is wol hwat tsjusterer (bedeckter) as ’t oare, mar allegeärre draeye se sa folle wol, dat er hjirre as daere altiid wol ien rântsje beditsen wirdt; howol’t ick just net op ien prick aof wit, ho’t it draeit, as ho’t it snijdt, declineert, aofwycket, neyerkomt, op graeden, menueten in seconden aof, lyck as de loftgeleerden en hymelkindigen. Mar dit wyt ick: lyck as er onderscheid ynne greatte fenne Clipsen ynne Natuwr is, sa scil min hjir aeck onderscheid sjen: altiid binne myn Clipsen net allycke moai; dit hinget sims simpel fen ’t waer aof.Hjerre Gerrits van der Veen, Clipsrymkes [Frjentsjer: Bruining, 1846], http://www.gutenberg.org/files/19864/19864-h/19864-h.htm , 10. Eklipsen hiene der yn 1838 west (sjoch essay IV De stjerrekaart fan Harmen Sytstra) en op 8 july 1842, en wol in sinnefertsjustering. Sjoch foar dy lêste: “Zonsverduistering,” Leeuwarder Courant, 12 july 1842, 2, kolom 2.

In tsjuster aspekt fan de Clipsrymkes – yn it Nederlânsk soe men se, seit Van der Veen, neame ‘Snavel-, (by forkoärtinge: snel, eygentlick beck, snou-) Punt- as Hekeldichtjes; as leawwer: hwat hja mey dy trye wirden sizze wolle, siz ick mey dit iene’)Van der Veen, Clipsrymkes, 10. – leit yn de wurdboarterij yn guon fersen, set foaroer de strange foarm fan de miniatuer. Wadman woe hawwe, in wiidweidich ûndersyk wie noadich om dizze poëzij yn kaart te bringen. Hast gjin spoar seach er mear fan it romantyske fielen dat yn de Rymkes foär Friesen noch wol te merkbiten wie. ‘It wurk fan de Halbertsma’s hat it suver gjin besibbens mei. In Frysk foarbyld hat him ek net foar eagen stien, al is hjir en dêr hwat fan Gysbert en Salverda to fornimmen.’Wadman, In skoalmaster yn de Dokkumerwâlden, 53.

Hy tinkt by foarbylden behalve oan Constantijn Huygens, oan Johann Friedrich Cristoph Haug (1761-1829), Dútsk dichter fan epigrammen, en oan Jean Paul (1763-1825), in Dútske oergongs­figuer tusken ferljochting en romantyk. Beide wurde ek troch Van der Veen neamd yn syn bondel. Wadman sjocht Jean Paul as in biedermeierskriuwer en analooch dêroan de betide Van der Veen ek.Wadman, In skoalmaster yn de Dokkumerwâlden, 56: ‘Gauris komme wy dus by it opspoaren fan de woartels fan Van der Veen syn geastlik libben yn Dútsklân torjochte, en wol yn it Dútsklân fan it Biedermeier.’ Kanttekeningen by it oanwizen fan biedermeierkarakte­ris­tiken yn de 19e-ieuske Fryske literatuer binne te finen yn it essay oer Sytstra. ‘Frysk realisme’ liket in better ridskip om de swak-romantyske literatuer tusken ferljochting en modernisme, yn syn utersten fan lytsboargerlike idealen oantemei maatskippij­krityk, antiklerikalisme en frijtinkerij, mei te analysearjen.

Religieus anty-dogmatisme

Yn de Clipsrymkes spylje hiel wat yn- en útlânske foarbylden, ynspiraasjeboarnen en fynplakken mei, opdûkele út in perioade fan hast trijehûndert jier. Ynfloeden rinne fan 17e-ieuske ûndergongs­fisioenen oantemei de Studenten-Typen (1841) fan Klikspaan; Van der Veen sels jout se yn in list oantekeningen.Van der Veen, Clipsrymkes, 39-40: ‘Mear documinten in meditaesjes oer clipsery hat men ynne Visoenen fen Yntje Janszoon, Dr. Ludeman, Laurenbergch, Mathematische Verlustigingen, Jobsiade, de Domenys hifke, Dr. Strausz, Bijdragen tot de huishouding van staat fen dr. Eekma, Moeder de Gans, Thijl Uilenspiegel, Bunjans Christenreize, de wandelende siele in s.f., Clement Marot, de geest van Jan Tamboer, Bijdragen tot het lagere schoolwezen in Nederland van Rein Beerda, it Rad van Avontuer, Klaes Klim, studintenleven in Typen, Handleidinge om de menschelijke stem te bespelen, conjac met zout, de rok van Trier toegelicht, in mear oare bekinde in onbekinde taljeachtingen, handliedingen, awentoeren, wandelende sielen, bijdragen, verlustigingen, lear- en kerkredens, visioenen in sa fierder.’ Van der Veen verwiist ûnder mear nei: Karl Arnold Kortum, Die Jobsiade: Ein komisches Heldengedicht in drei Theilen [1784] (Dortmund: Mallinckrodt, 1799); Ludvig Holberg. Onderaardsche reis van Claas Klim behelzende eene nieuwe beschryving van den aardkloot met de historie der vijfde tot nog toe onbekende monarchie, uit het Latyn vertaalt [1741] ('s Gravenhage: Ottho en Pieter van Thol, 1744); en Klikspaan [Johannes Kneppelhout], Studenten-Typen (Leiden: Sijthoff, 1841). Neist de al neamde Constantijn Huygens (1596-1687) sit dêr bygelyks ek de Frânske satirikus Clément Marot (1496-1544) tusken, de Deensk-Noarske skriuwer Ludvig Holberg (1684-1754) en de Dútser Karl Arnold Kortum (1745-1824). Fryske boarnen binne Yntje Jansz, Waarachtige geschiedenis van het wonderlijk visioen of verschijning, dat van Intje Jans zoon tot Oosterzee op de Heereweg verschenen is den 8 December 1722 [lês: 1622], mei as tsjinhinger it al yn it essay oer Waling Dykstra neamde antyklerikale striidskrift fan de Biltse skoalmaster Wopke de Jong, De Domenys hifke, mar follen to ligt achte.Sjoch Sytse Jan van der Molen, “De voorspellingen van Intje Jans Zoon, den Friesen volksprofeet, bezien in het licht van zijn tijd,” Volkskunde 53, nû. 2 (1952): 52-66; Wopke Jabikssoan de Jong, De dominys hifke, mar follen to ligt achte (Sint Anne: K. J. Posthumus, 1840).

Yn de koartdichten yn de Clipsrymkes komme de tema’s leauwe en tsjerke (23 fersen) it meast foar, yn ’e fierte folge troch jild en earmoed (7 fersen) en man en frou (5 fersen). Is alsa it haadtema dúdlik religy (sa’t it dat ek yn letter dichtwurk fan Van der Veen wêze sil), wat by Wadman net nei foarren komt is dat de bondel it earste foarbyld is fan Frysk-19e-ieusk literêr wurk dêr’t radikaal en niteljend it teologysk modernisme yn oanhongen en útdroegen wurdt. De belangrike rede fan de theolooch Scholten oan it Frjentsjerter AthenaeumJoannes Henricus Scholten (1811-1885) oanfurdige syn oanstelling as heechlearaar teology yn Frjentsjer yn 1840 mei in rede dy’t jildt as de berte fan it teologysk modernisme yn Nederlân. ‘De supranaturalistische Jezus, geboren uit de maagd Maria, gekruisigd, opgestaan uit de dood en opgevaren ten hemel moest in de theologie plaatsmaken voor de historische Jezus. Die echt méns was geweest,’ alsa de Christelijke Encyclopedie, online, s.v. “Joannes Henricus Scholten,” lêste wiziging 13 septimber 2012, http://www.protestant.nu. wie noch mar seis jier lyn hâlden doe’t Clipsrymkes ferskynde. Yn dy religieus besjoen roerige tiid jout de dichter yn syn koartdichten frij baan oan syn oertsjûging dat it dogmatyske, ortodokse protestantske leauwe der fier neist is, dat de erfsûnde net bestiet, en dat it wêzen fan it kristendom leafde is:

Wurd (Gods.)

De hiele Bibel hjit Gods wurd:

Ién wurd, dat wy by tûz’nen lêze!

Mar ‘k tink, dat ’t mei-inoar ién betsjut:

En dat kin neat as Leafde wêze.Van der Veen, Clipsrymkes, 26.

De bondel lit him ek lêze as in krityk op de Ofskieding. Wadman wol hawwe, Van der Veen syn ‘oardiel oer de ôfskieden gemeenten [soe] frijhwat mylder wurden’ wêze, nei it fers ‘De Seperatist’ yn de Rymkes foär Friesen. Mar dat myldere sil dochs net op Clipsrymkes slaan kinne. Lês inkeld mar yn de oantekeningen achteryn de lemma’s ‘Dordt’ en ‘Heidelberg’, dêr’t Van der Veen de spot driuwt mei dy twa hillige stêden fan de protestantse ortodoksy:

Dordt. Hjir by is ’t ommers genaoch de jierren 1618 in 1619 te schrieowen, om ues hoopje te litten, dat er einling fen dy clips sein wirde ken, hwat de namme fenne aldstaed to kennen jouwt:

        Dor- Door- drecht – trek – Doortrek.

                Trochreisgje, passeare, foarby gean;

                honear komt it sa noch? Clips! clips! clips!Van der Veen, Clipsrymkes, 56.

It byleauwe, it leauwe yn geasten, spoeken, magnetisme, krûdewriuwerij, koartsein, it heidenske sykjen fan de psyche nei it sublime, sil Van der Veen letteroan ferlykje mei de metafysyske panorama’s fan de dogmatyske ortodoksy. Ek kin men de antyklerikale ynfloed fan Wopke de Jong syn pamflet, dat yn dizze jierren ek troch bygelyks Waling Dykstra lêzen is, gâns fernimme. Van der Veen giet yn syn bondel in paad dêr’t Waling Dykstra en ek Tsjibbe Gearts van der Meulen him al gau folgje sille: hy keppelet religieus anty-dogmatisme oan sosjale krityk en leafde foar it Frysk. En ek by him liket Harmen Sytstra, earder as Eeltsje Halbertsma, dyjinge west te hawwen dy’t it ljocht yn syn Frysk skriuwerskip oandie en him ynhâldlik it paad om te gean wiisd hat. (Sytstra hat him oars, op taaltechnyske grûnen, net botte loovjend oer de Clipsrymkes útlitten; hy siet doe al fêst yn syn staveringsfassinaasje en wie gjin leafhawwer fan wurdboarterij.)Neffens Harmen Sytstra ‘is ’t nei ús forstân én ellendich omknoffeljen mei der spraek, der boartjen hiete mat. Tael- end spelfouten metten wy by da fleet; diu útfiering koe fry hwet better.’ Sytstra, “Boekscôginge. Clipsrymkes fen H.G. van der Veen,” Iduna 2 (1846): 7.

image

It is spitich dat Wadman, mei syn belangstelling foar de ferhâlding tusken de Fryske en de Nederlânske literatuer, net besocht hat om de Clipsrymkes wat breder ferlykjend del te setten yn syn biografy. Yn har haadstik oer de 19e-ieu yn it ‘Wolkeboek hat Tineke Steenmeijer-Wielenga de rymkes ‘korte pittige hekelversjes in de trant van P.A. de Génestet’ neamd en opmurken dat se foar Fryslân ‘een nieuw genre’ betsjutten.Tineke Steenmeijer-Wielenga, “Meer literatuur voor meer mensen: Van 1822 tot 1915,” yn Zolang de wind van de wolken waait: Geschiedenis van de Friese literatuur, red. Teake Oppewal et al. (Amsterdam: Bert Bakker, 2006), 75. Mar wiene sokke útdruklik frijsinnige puntdichten ek net in nij ferskynsel foar de Nederlânske literatuer? De assosjaasje mei de poëzij van De Génestet (1829-1861) treft wol doel – mei dizze oantekening, dat De Génestet krekt út ein sette mei dichtsjen yn it jier dat Clipsrymkes ferskynde, 1846, en krekt seis jier letter syn bondel Eerste gedichten útbrocht.

Frisius Multatulius

De oare Nederlânske literator mei waans libben en wurk dat fan Van der Veen besibbens sjen lit, yn syn engaazjemint, radikale opstannichheid tsjin it gesach en yn syn frijtinkerij, is fansels Eduard Douwes Dekker (1820-1886): Multatuli. Sa’t Multatuli de holle stompt hat tsjin it amtlik gesach, sa hat Van der Veen it ek dien. Sa’t Multatuli troch de hegere stân beskuldige wurde koe fan it biten yn de hân dy’t him te iten joech (it koloniaal bestjoer fan Ynje), sa koe soks ek fan Van der Veen sein wurde (yn syn striid tsjin it gemeentebestjoer fan Dantumadiel). Beide hawwe ûnfermoeiber skriftlik kampanje fierd tsjin wat se as ûnrjocht en ûnrjochtfeardichheid seagen. Yn it wurk fan beide is in sterk sosjale ynslach en noch mear frijtinkerij te merkbiten. Letteroan ûnderskreau Van der Veen syn krantestikken wolris mei ‘Frisius Multatulius’ – de Fryske Multatuli.Wadman, In skoalmaster yn de Dokkumerwâlden, 131-32: ‘Yntuïtyf hat Van der Veen syn situaesje oanfield, doe’t er him letter, tobek sjend op feiten en ûnderfiningen, “Frisius Multatulius” neamde.’ It earste krantestik mei dy ûnderskriuwing fynt Wadman yn 1875, sjoch s. 205, noat 6: ‘Frisius Multatulius, “Vaccinatie in Dantumadeel,” Friesche Courant, 10 juny 1875.’

Wadman notearret inkeld it grutte ferskil yn ‘formaet en klimaet’,Wadman, In skoalmaster yn de Dokkumerwâlden, 132. want tsjin de reus Multatuli moat elke Fryske skoalmaster belies jaan. Hy merkt ek op dat er gjin bewiis fûn hat dat Van der Veen him yngeand mei it wurk fan Multatuli dwaande hâlden hat. Wol hat Van der Veen twa kear wurk fan Multatuli oerset, yn 1876 syn Gebed van den onwetende en yn 1887 in gedicht út de Max Havelaar, mar:

Mei it feit fan dizze wjerklank sels wichtich hjitte (by it feit, dat de Hollânsk-contemporaine litteratuer yn it Fryslân fan dy jierren frijhwat ûnbikind liket!), it biwiist by Van der Veen noch gjin Multatuli-forearing. Dêrfan blykt ek yn syn fierder wurk och sa’n bytsje (..).Wadman, In skoalmaster yn de Dokkumerwâlden, 265. It giet om Hjerre Gerrits van der Veen, “It gebed fen de ûnwittende (nei Multatuli),” Forjit my net! 6 (1876): 97-99, en it fers “Ut ‘e frjemdte oan Mem,” yn Swanneblommen: Jierboekje for 1887 (Apeldoorn: Hingst, 1887), 74-76.

In biograaf mei benammen psychologyske belangstelling siket miskien nei oanwizingen dat dy-of-dy ‘fereare’ wurdt, mar in literatuerwittenskipper dy’t in ferlykjend ûndersyk dwaan wol, sil nei skaaimerken fan teksten, nei represintaasjes en de dêrûnder lizzende polityk-sosjale koades op syk moatte. Dat Van der Veen ynspirearre west hat troch, en himsels werkende yn de Max Havelaar (1860) en de Ideen (1862-1877) liket wol wis. Syn earste krantestik mei de ûnderskriuwing ‘Frisius Multatulius’ (1875) datearret fan rom foar de grutte lêzingetoer dy’t Multatuli yn Fryslân hold yn 1878. Van der Veen sil yn Multatuli in man fan grutter formaat werkend hawwe, mar wol in geastferwant op it stik fan sosjale tema’s. Multatuli’s ynfloedrike ‘Idee 451’ oer de ‘sociale kwestie’, dêr’t er him foar it earst publyklik yn útspruts tsjin de earmoede fan arbeiders, is fan 1864. Sosjale ideeën oer in mear gelikense ferdieling fan de rykdom, en oanklachten tsjin de honger, komt men by Van der Veen al hast tweintich jier earder tsjin – yn syn Clipsrymkes. Bygelyks yn ‘Jild’:

    God Plutus tuenket mey de wrald,

        Hy is wolsteld, mar dom;

    Oars baeste boaden, dy’t er haldt:

        Faem Venus wuerr’t, in Bachus-om

    Dy schoffelt now in den ien gong;

        Mar Plutus bruwckt kald jild ta dong.

In omt dit roun is, komt it yit

Dat hjir sims neat in daer waer fiërst to folle sit;

Ien inkeld sté hat mar fen pas:

                Sa dwaende, jouwt ues wrald ien hopen misgewas.Van der Veen, Clipsrymkes, 17. Freark Dam, “Fansiden, mar wol oan ‘e goede kant: Harmen Sytstra en it jier 1848,” De Vrije Fries 53 (1973): 55-56, kin it út syn bewegersstânpunt wei net oars sjen as dat wat de Clipsrymkes oan tiidskrityk jout, ferlike mei Sytstra ‘suver bernlik’ oandocht ‘foarsafier’t it net to bizar nei nocht oan ûnnocht útskaeit.’

Mear konkreet: yn 1860 hâldt de Driezumer dwerskop in foarlêzing foar it Nut fan Damwâld mei de titel ‘Proeve van pleitrede voor de armen’. Yn 1863 wol er hawwe, it Nut moat wat dwaan oan ‘de ongelijke verhouding die er thans bestaat tusschen de prijs der levensmiddelen en de bezoldiging der daglooners’.Wadman, In skoalmaster yn de Dokkumerwâlden, 154-55. Mar wat wier is, moat wier bliuwe: yn religieuze saken stie de leauwige skoalmaster dúdlik fier fan de ateïstyske eks-ryksamtner ôf.

‘Litteratuer om ‘e litteratuer’

Literêre besibbens is gjin kwesty fan formaat (fan de skriuwer), mar hat earder te krijen mei de ‘geast’ (fan de tiid), dêrmei bedoel ik de refleksje dy’t literatuer jout fan en op aktuele polityk-sosjale ûntjouwingen. De skriuwers fan it Fryske realisme hawwe relatyf betiid en radikaal, ek yn Nederlânsk ferbân besjoen, stelling naam tsjin twingerij fan de kânsel ôf, tsjin beknipende stânsferskillen en hearetsjinsten, en tsjin de earmoed fan in grut part fan de befolking. Dat engaazjemint mei te uzes dan minder keunstsinnich, minder yntellektueel en minder djipgeand west hawwe, it nimt it feit net wei.

By Wadman mis ik in skôging út dat perspektyf wei. Hy werkent wol Van der Veen syn ‘iepen each foar it lijen fan ‘e neiste en syn yntuïtyf bisef, dat de earmoede net allinnich in yndividuëel-psychologysk, mar binammen in maetskiplik-histoarysk forskynsel is, biantwurdzjend oan eigen wetten en noarmen’.Wadman, In skoalmaster yn de Dokkumerwâlden, 158-59. Ek merkt er wol op dat dat besef net sa libbe by de trochstreekse liberale politikus yn de sechstiger jierren. Wat er nét docht, is dy hâlding, dy betide gefoelichheid, oanwize en beskriuwe as in literêre kwaliteit. As Wadman yn syn biografy ek ferlykjend omtinken jûn hie oan it plak fan Van der Veen syn oeuvre neist dat fan de oare Fryske realisten dy’t ik behannele ha, hie op dat punt faaks mear ljocht falle kinnen. It is alsa syn literêr-modernistyske obsesje foar psychology en eigen literêre technyk dy’t him hjir, op ’e nij, parten spilet. By de bjusterbaarlike mooglikheid dat yn de 19e-ieu de Fryske doarpske en lytsboargerlike skoalmasters- en bakkers­feinte­literatuer ek wolris foaroprinne kinnen hat, yn ferliking mei de Nederlânske grutstedske bourgeois- en dûmnysskriuwerij, hat er net stilstien. Wat him noasket yn it oeuvre, binne inkeld Van der Veen syn koartdichten en de novelle De kaertlizzer, want ‘De Kaertlizzer is litteratuer om ‘e litteratuer’.Wadman, In skoalmaster yn de Dokkumerwâlden, 322. Mar wat dat yn ’e goedichheid krekt is: ‘litteratuer om ‘e litteratuer’?

Wadman hie, doe’t er yn 1944 út ein sette mei syn stúdzje fan Van der Veen syn wurk, sa graach in Fryske reus oantreffe wollen. In man, it mei net wêze de gelikense fan syn Hollânske held Conrad Busken Huet, of fan Multatuli, mar dan dochs immen dy’t yn ’e buert komme koe. Hy sil ek fan himsels witten hawwe dat er mei kop en skouders boppe it Fryske meanfjild útstuts. Hy sil himsels, syn spegelbyld, socht hawwe yn Hjerre Gerrits van der Veen. Krekt dát sil him it sicht op man en skriuwer weinommen hawwe – yn alle gefallen op de skriuwer syn tiid, syn miljeu, syn literatuer. Dêr’t de Fryske literatuer ferlike wurdt mei de Nederlânske, sûnder in idee te jaan fan syn eigen karakter en dynamyk, dêr kin men oars net as mei mislearring en tekoartsjitten foar de kreamen komme – sa’t Anne Wadman syn eigen skriuwerskip seach.

Noaten

  1. Joke Corporaal, Grimmig eerlijk: Anne Wadman en het probleem van de Friese literatuur (Dissertaasje, Ryksuniversiteit Grins, Ljouwert: Fryske Akademy/Afûk, 2009), 330.
  2. Ibid., en id., 525, noat 1225: Brief Wadman oan Gerrit Borgers, Langweer, 24.10.1944.
  3. Id., 331, en 525, noat 1230: Deiboekfragmint 24.5.1944.
  4. Corporaal, 331.
  5. Anne Wadman, In skoalmaster yn de Dokkumerwâlden: Libbensgong fan Hjerre Gerrits van der Veen (Dissertaasje, Ryksuniversiteit Grins, Drachten: Laverman, 1955), 9.
  6. Id., 30.
  7. Id., 29.
  8. Id., 72.
  9. Id., 257.
  10. H...m to D...m [Hjerre Gerrits van der Veen], “God zij met ons-politiek,” Friesch Volksblad, 26 oktober 1879, n.p.
  11. Wadman, 256.
  12. Corporaal, 335. Wadman, 11 en 312: Wadman, dy’t ‘in psychologyske beskriuwing jowt oan ’e hân fan Prof. Heymans syn karakterology’, sjocht Van der Veen fan as in minske fan it ‘passionearre’ type, ‘d.w.s. de emosioneel aktiven mei sterk sekundaire funksje, minsken bihearske fan sterke hertstochten en duorjende bigeartmen, “die alle andere bewustzijnsinhouden terugdringen of althans kleuren”.’(Wadman syn Heymans-sitaten annotearre op s. 312: Gerard Heymans, Inleiding tot de speciale psychologie, vol 2 (Haarlem: Erven Bohn, 1929)).
  13. Corporaal, 328.
  14. Id., 333.
  15. Id., 334.
  16. Id., 346. Foar de RONO.
  17. Wadman, 40.
  18. Id., 44.
  19. Geart Aeilco Wumkes, Bodders yn de Fryske striid (Boalsert: Osinga, 1926), 552: ‘Mids dit earmoedzjen krige Fryslân him by it hert. De 22e Nov. 1844 forskynde de Iduna. It tiidskrift wier him as in iepenbiering, in oprop ta de Fryske striid. Sûnt dy tiid liet er it Fryske wird yn it iepenbier hearre, yn foardracht, petear, lêzing en skriften.’
  20. Wadman, 44.
  21. Ibid.
  22. Hjerre Gerrits van der Veen, Rymkes foär Friesen (De Jouwer: Munnik, 1844), 3-5.
  23. Wadman, 36.
  24. Sjoch bygelyks Anne Wadman, It kritysk kerwei: Resinsjes en skôgingen 1950-1970 (Ljouwert: Fryske Akademy, 1990), 40-41 et passim, en Anne Wadman, Mei Abraham fûstkje (Drachten: Laverman, 1969).
  25. Gjalt R. Zondergeld, “Wadman, Anne Sijbe (1919-1997),” Biografisch Woordenboek van Nederland, lêste wiziging 12 novimber 2013, http://resources.huygens.knaw.nl/bwn1880-2000/lemmata/bwn6/wadman; Anne Wadman, Fryske fersleare (Drachten: Laverman, 1953).
  26. Id., 52.
  27. Id., 53.
  28. Hjerre Gerrits van der Veen, Clipsrymkes [Frjentsjer: Bruining, 1846], http://www.gutenberg.org/files/19864/19864-h/19864-h.htm , 10. Eklipsen hiene der yn 1838 west (sjoch essay IV De stjerrekaart fan Harmen Sytstra) en op 8 july 1842, en wol in sinnefertsjustering. Sjoch foar dy lêste: “Zonsverduistering,” Leeuwarder Courant, 12 july 1842, 2, kolom 2.
  29. Van der Veen, Clipsrymkes, 10.
  30. Wadman, 53.
  31. Id., 56: ‘Gauris komme wy dus by it opspoaren fan de woartels fan Van der Veen syn geastlik libben yn Dútsklân torjochte, en wol yn it Dútsklân fan it Biedermeier.’
  32. Van der Veen, Clipsrymkes, 39-40: ‘Mear documinten in meditaesjes oer clipsery hat men ynne Visoenen fen Yntje Janszoon, Dr. Ludeman, Laurenbergch, Mathematische Verlustigingen, Jobsiade, de Domenys hifke, Dr. Strausz, Bijdragen tot de huishouding van staat fen dr. Eekma, Moeder de Gans, Thijl Uilenspiegel, Bunjans Christenreize, de wandelende siele in s.f., Clement Marot, de geest van Jan Tamboer, Bijdragen tot het lagere schoolwezen in Nederland van Rein Beerda, it Rad van Avontuer, Klaes Klim, studintenleven in Typen, Handleidinge om de menschelijke stem te bespelen, conjac met zout, de rok van Trier toegelicht, in mear oare bekinde in onbekinde taljeachtingen, handliedingen, awentoeren, wandelende sielen, bijdragen, verlustigingen, lear- en kerkredens, visioenen in sa fierder.’ Van der Veen verwiist ûnder mear nei: Karl Arnold Kortum, Die Jobsiade: Ein komisches Heldengedicht in drei Theilen [1784] (Dortmund: Mallinckrodt, 1799); Ludvig Holberg. Onderaardsche reis van Claas Klim behelzende eene nieuwe beschryving van den aardkloot met de historie der vijfde tot nog toe onbekende monarchie, uit het Latyn vertaalt [1741] ('s Gravenhage: Ottho en Pieter van Thol, 1744); en Klikspaan [Johannes Kneppelhout], Studenten-Typen (Leiden: Sijthoff, 1841).
  33. Sjoch Sytse Jan van der Molen, “De voorspellingen van Intje Jans Zoon, den Friesen volksprofeet, bezien in het licht van zijn tijd,” Volkskunde 53, nû. 2 (1952): 52-66; Wopke Jabikssoan de Jong, De dominys hifke, mar follen to ligt achte (Sint Anne: K. J. Posthumus, 1840).
  34. Joannes Henricus Scholten (1811-1885) oanfurdige syn oanstelling as heechlearaar teology yn Frjentsjer yn 1840 mei in rede dy’t jildt as de berte fan it teologysk modernisme yn Nederlân. ‘De supranaturalistische Jezus, geboren uit de maagd Maria, gekruisigd, opgestaan uit de dood en opgevaren ten hemel moest in de theologie plaatsmaken voor de historische Jezus. Die echt méns was geweest,’ alsa de Christelijke Encyclopedie, online, s.v. “Joannes Henricus Scholten,” lêste wiziging 13 septimber 2012, http://www.protestant.nu.
  35. Van der Veen, Clipsrymkes, 26.
  36. Id., 56.
  37. Neffens Harmen Sytstra ‘is ’t nei ús forstân én ellendich omknoffeljen mei der spraek, der boartjen hiete mat. Tael- end spelfouten metten wy by da fleet; diu útfiering koe fry hwet better.’ Sytstra, “Boekscôginge. Clipsrymkes fen H.G. van der Veen,” Iduna 2 (1846): 7.
  38. Tineke Steenmeijer-Wielenga, “Meer literatuur voor meer mensen: Van 1822 tot 1915,” yn Zolang de wind van de wolken waait: Geschiedenis van de Friese literatuur, red. Teake Oppewal et al. (Amsterdam: Bert Bakker, 2006), 75.
  39. Wadman, 131-32: ‘Yntuïtyf hat Van der Veen syn situaesje oanfield, doe’t er him letter, tobek sjend op feiten en ûnderfiningen, “Frisius Multatulius” neamde.’ It earste krantestik mei dy ûnderskriuwing fynt Wadman yn 1875, sjoch s. 205, noat 6: ‘Frisius Multatulius, “Vaccinatie in Dantumadeel,” Friesche Courant, 10 juny 1875.’
  40. Id., 132.
  41. Id., 265. It giet om Hjerre Gerrits van der Veen, “It gebed fen de ûnwittende (nei Multatuli),” Forjit my net! 6 (1876): 97-99, en it fers “Ut ‘e frjemdte oan Mem,” yn Swanneblommen: Jierboekje for 1887 (Apeldoorn: Hingst, 1887), 74-76.
  42. Van der Veen, Clipsrymkes, 17. Freark Dam, “Fansiden, mar wol oan ‘e goede kant: Harmen Sytstra en it jier 1848,” De Vrije Fries 53 (1973): 55-56, kin it út syn bewegersstânpunt wei net oars sjen as dat wat de Clipsrymkes oan tiidskrityk jout, ferlike mei Sytstra ‘suver bernlik’ oandocht ‘foarsafier’t it net to bizar nei nocht oan ûnnocht útskaeit.’
  43. Wadman, 154-55.
  44. Id., 158-59.
  45. Id., 322.

Mear fan Abe de Vries

‘Krysttiid 1899’ of it stjonkbedriuw fan de grutten
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten
Keunst is altyd polityk (podcast) Gerrit Breteler oer synergy mei it publyk
It sweverige wurd ‘spiritualiteit’ (podcast) Marty Poorter wol net útlizze
Mimesis (podcast) Keunst is gjin keunstsjes, seit Elmar Kuiper
Keukenstafelpetearen de alderearste fryske keunstpodcast
De Hylkje Goinga Priis foar Frysktalige Literatuer In trochstart fan de fallite Gysbert!
De treastpoezen fan it Frysk (it frysk is sa hoopfol en de minsken snappe it net)
De sosjale kosten fan fergriemen It neoliberalisme lit jo foar alles opdraaie
1 2 3 4 5 6 7 8 9