name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

Foaropwurd

Fers2 nû. 5.13, 8 septimber 2019

Tilroe tsjocht de provinsje yn

 

image Fers2

 

 

Op 22 augustus berjochtet de South China Morning Post dat de ynformaasjeôfdieling fan it Sineeske ministearje fan útlânske saken in brief stjoerd hat nei “doazinen” útlânske media, en dêr­ûnder de Britske BBC, de Amerikaanske NBC en de Japanske NKH; de Ljouwerter krante wurdt net neamd mar dat seit neat. Sina fersiket yn dat brief om “ûnpartidige, objektive en wiidfiemjende” berjochtjouwing oer de protesten yn Hong Kong. Neffens de krante hat it krekt promovearre haad fan ’e ynformaasje­ôfdieling skreaun: “Spitigernôch is der noch altyd ferslachjouwing basearre op selektive feiten of hielendal gjin feiten.”Catherine Wong, ‘China urges foreign media to ‘help right public opinion wrongs’ on Hong Kong protests’, Sout China Morning Post, 22 augustus 2019, www.scmp.com/news/china/diplomacy/article/3023886/china-urges-foreign-media-help-right-public-opinion-wrongs, krigen 22 augustus 2019. Thús draait presidint Xi Jinping de parsefrijheid hieltyd fierder de nekke om. Sina bongelet op plak 177 op de 2019 World Press Freedon Index, ferline jier op 176, dus se sakje. No stiet Sina derop dat (ek) de útlânske kranten “helpe om de iepenbiere misstannen rjocht te setten”. Mar hjir is it gjin Sina, tinke wy noch, naive Fers2-ers as wy binne.

Want op deselde simmerske tongersdei komt de Ljouwerter krante mei it nijs dat “betinkster” Anna Tilroe “har” fonteinen net fertoarkje litte wol troch amtlik gesanger (“sores”).Koen Pennewaard, ‘Bedenkster Anne Tilroe over ‘haar’ fonteinen: laat ze niet verworden tot ambtelijke sores’, Leeuwarder Courant, 22 augustus 2019, www.lc.nl/friesland/waadhoeke/Bedenkster-Anne-Tilroe-over-haar-fonteinen-laat-ze-niet-verworden-tot-ambtelijke-sores-24752225.html, krigen 22 augustus 2019. Fiederop is Tilroe “kreatyf betinkster”. Dat kin. Elkenien is kreatyf en in dichter yn Sina, seit nobelpriiswinner Mo Yan. Tilroe docht in lêzing “tijden (sic) het ‘simmerjûncollege’ in de academie van Franeker”. Mar dan wurdt de krante oermoedich. Tilroe is “de Amsterdamse buiten­gewoon hoogleraar”. Komno, de UvA hat wol wat betters te dwaan as sinecures útdiele oan fonteinoptinkers. De Academie van Franeker seit: “Anna Tilroe is kunstcriticus, buitengewoon hoog­leraar ‘Kunst en Cultuur’ aan de Radboud Universiteit Nijmegen en de artistic director van 11Fountains”. Mar op de Radboud sykje op meiwurkers en ‘Tilroe’ jout in: “Uw zoekopdracht heeft geen resultaat opgeleverd.”

In leagen is in bewearing dêr’t fan oannommen wurdt dat er ûnwier is, gewoanlik mei de bedoeling om immen te bedragen, seit in rige erkende wittenskippers op wikipedia. Wêrom’t wy leagens kommunisearje ferklearje se ek—it smyt de leagner wat op dat er graach wol—mar my komplimintearje dat myn jurk my goed stiet is echt wat oars as in ûnwierheid fan de media yn it post-autoritêre, demokratyske tiidrek. Just as der gjin taastbere beheiningen binne oan de frijheid fan de parse, wize ûnwierheden op machtsrelaasjes.

Taal tsjinnet hjir de macht troch de gewoanlik aparte fjilden fan polityk, media en ‘keunst’ te ferbinen. Wie Tilroe har tekst net inkeld mar power talk, mei it doel fan ynfloed en oerhearsking? Sei Tilroe net tsjin de Volkskrant oer de Fryske winsk om in rol te spyljen yn har fonteineprojekt: “Het was interessant om te kijken of ik dat kon doorbreken.”Anna van Leeuwen, ‘Elf grote kunstprojecten langs de route van de elfstedentocht: een ‘krankzinnig plan’ met happy end’, de Volkskrant, 18 maaie 2018, www.volkskrant.nl/cultuur-media/elf-grote-kunstprojecten-langs-de-route-van-de-elfstedentocht-een-krankzinnig-plan-met-happy-end~bf229f8b/, krigen 7 septimber 2019. Sei se net tsjin wa’t it mar hearre woe fan “Ik heb aan elke stad een geschikte kunstenaar gelinkt”, ommers “Vreemde ogen zien andere dingen.”Maïthé Chini, ‘Hoe Friese fonteinen de Elfstedentocht even doen vergeten’, De Morgen, 2 juny 2018, www.demorgen.be/leven-liefde/hoe-friese-fonteinen-de-elfstedentocht-even-doen-vergeten~b067fcdc/, krigen 7 septimber 2019, en oeral op it ynternet; ‘Opening Culturele Hoofdstad-fonteinen op Kletterdei’, Omrop Fryslân, 17 maaie 1918, www.omropfryslan.nl/nieuws/811037-opening-culturele-hoofdstad-fonteinen-op-kletterdei, krigen 7 septimber 2019, en oeral op it ynternet. Al gau sloech Tilroe om nei negatyf machtsfertoan, slachtofferkeboartsjen: “En dat terwijl … lokale fonteincommissies, waarvan de leden – stadsbewoners – zeggenschap kregen …”Zander Lamme, ‘Omstreden fonteinen af’, De Telegraaf, 17 maaie 2018, www.telegraaf.nl/nieuws/2051921/omstreden-fonteinen-af, krigen septimber 2019. Mar hie Tilroe it yn Fryslân ea oer keunst, ik bedoel: waard alle oerwicht wol rjochtfeardige, ik bedoel: net troch befreone kollumnisten,Joyce Roodnat, ‘Benepen Friezen en de 11 fonteinen’, NRC, 27 april 2017, /www.nrc.nl/nieuws/2017/04/27/benepen-friezen-en-de-11-fonteinen-8430375-a1556198, krigen 7 augustus 2019; Nico van den Berg, ‘Een spuitende lul, dat is pas echte kunst volgens de Friezen’, HP/De Tijd, 24 maaie 2018, www.hpdetijd.nl/2018-05-24/een-spuitende-lul-11-friese-fonteinen/, krigen 7 septimber 2019. mar troch útsûnderlike ekspertise, ik bedoel: op keunstmêd?

As jo fierder sochten om it doel fan it oerwicht, mear as maklik jild of de ferkeardenien yn it gesicht spije op hope fan martlerskip, dan die bliken dat ideology dy’t yn Tilroe in ’e plasse slein wie ferburgen wie as in antykrist yn in bûrka. Dêr brocht de niisneamde Ljouwerter krante feroaring yn. “Ontegenzeggelijk”, sa begjint it fraach­petear mei Tilroe oer har fonteinen, hat har fonteineprojekt “zijn stempel gedrukt op de provincie.” Metafoaryske taal yn ’e nijsmedia! Fers2 skeat op it puntsje fan syn lounge-unit en batste de kofje oer it karpet. It stimpel sette is dat de autoriteit syn merk op eat printet as teken dat er it goedkart of, hjoeddedei, dat immen troch syn meiwurkjen eat sterk beynfloedet. Foar ‘ontegenzeggelijk’ hat de van Dale “geen resultaat. Het woord is verkeerd gespeld.” ‘Ontegenzeglijk’ bestiet wol yn: it is net te ûntkennen. As soene wy ûntkenne wolle dat Tilroe skrept & bodde hat om ús stedske iepen­biere ynrjochtingsbelied te beynfloedzjen! Mar komt it oan op sjoernalistyk ûnderbouwen fan de bewearing dat Tilroe in sinne­kleare kulturele (r)evolúsje berne hat, dan is der iepen plak.

Faak wol de Ljouwerter yn it lokale nijs earst húslike sfear skeppe, mei plak en omkriten dêr’t de apoteoaze syn beslach krijt. Hjir hipt it ynienen nei de takomst en fuort nei Tilroe:

Over de toekomst wil zij het liever niet te veel meer hebben. “Ik heb wat moois achtergelaten. Nu is het de taak aan Friesland om er zorgvuldig mee om te gaan. Ik heb er eigenlijk niets meer over te zeggen. Ik heb mijn erfstuk achtergelaten.”

Al tizet se der wat yn om, se bedoelt inkeld fan ‘it is oan Fryslân’, i.e. ‘Fryslân is oan bar’, of ‘it is de taak fan Fryslân’. Mar dêr’t jo ferwachtsje dat de krante har freget te ferdútsen wat sekuer omgean mei de takomst yn har eagen is, en wêrom’t dat de taak is fan in partij dy’t nea frege hat om dy takomst, dêr stiet in wytrigel. Hastich riist in nij kopke op: Ik ben bezorgd. No giet Tilroe har selsfoldienens omheech nei izige hichten: de noed oer reklame en ûnderhâld (“marketing”, “beheer”) dy’t de fontein­kommisjes earder fan ’t jier uteren, ûnderskriuwt hja, mei oare wurden, hja bekrêftiget dat de noed dêr’t in oar yn sit strykt. It is akkurate noed neffens Tilroe. Mar op it plak dêr’t de antwurden op de fûnemintele krantefragen stean moatte, wat wa wêr wannear wêrom hoe + hokker noed krekt, stiet dat it giet om “zorgen” dy’t “recht uit het hart” komme.

Rêd swaait it diskoers opnij nei in platitude as wie it in Loesje-ansicht, en sa’t politisy altyd dogge as se har fingers net baarne wolle oan it hjoed, nei de takomst: “Een succesvolle toekomst is gebaat bij een goede marketing.” Is dy dan net goed? is hjir de wenstige fraach, dêr’t it antwurd fan mist. Nei de frase “goede marketing” giet de nije alinea hommels oer de lêzing. De krante beskriuwt de foto dêr’t dy lêzing mei iepenet. Goed twa jier lyn is er nommen yn “de” tsjerke—Frjentsjer hat sa’n 13 tsjerken—en der stean “bestuurders” op “met een groot, kleurig lint in de handen.” De krante seit net dat de ‘simmerjûnkolleezjes’ publyksjûntsjes en promoasjes binne dêr’t se “wetenschap en de maat[s]chappij” of “partijen” tichter byinoar mei bringe wolle, en ek net dat de kaartsjes derfoar te krijen binne yn ’e kroech derneist en dat der in drankje nei ôfrin by yn sit.Academie van Franeker, www.academiefraneker.nl, krigen 7 septimber 2019. Mo tsjut yn syn roman oer alkohol op it iependoarbelied yn Sina, om de minsken te helpen makliker dwaan te kinnen wat de partij graach wol. It kin net oars as it fraach­petear hat yn ’e kroech west. De net-gearhingjende konstruksje fan de krantetekst, mei hiaten dy’t net te beljeppen binne en foechwurden op ’e doele, lit sjen dat der slim skrast is.

Sensuer, selssensuer of noch in ekstra wyntsje mei Tilroe? De ferline jier útstjoerde dokumentêre 11 Friese Fonteinen, mei de slogan ‘Tilroe tsjocht de provinsje yn’, hat de ‘heechlearaar’ sa’t it liket gâns populêr makke yn Fryske horeka/toerismerûnten. Se kin sizze wat se wol. As se fêststelt dat de tiid begjint te driuwen om te garandearjen “dat de erfenis in goede handen is”, is it in feit, o heden. Mar hoe krekt stelt se soks fêst? Hokker konkrete saken gean beskûl efter it teatrale erfskip en de allegoaryske nuodlike memmehannen? De krante, lykwols, lit Tilroe oanfolje dat it ‘publyk’ is sljocht op har fonteinen en “als ik soms hoor wat er allemaal omheen gebeurt, dat is geweldig.” Wat Tilroe heart dat Fers2 net heart ek al folgje wy de Tilroetwitter, slokt de krante fluch yn mei in non sequitur fan jewelste: “…dat is geweldig. Maar toch:” ûnderhâldt Tilroe prima kontakten mei de fonteinkommisjes. Mar toch wie har fonteinegrap súksesfol. Mar toch hat se in duorsum freontsjesnetwurk opboud yn Fryslân, punt út.

Dat tochten wy al: de ideology fan neotsaristyske macht, fan in aristokrasy fan nommele nonagraryske oerwinners fan dy rottige, mei âlde Ljouwerter kranten tichtplakte folkssoevereiniteit.