it russykse haadstik: ferfryskingen fan abe de vries

It Russyske Haadstik: Ferfryskingen

Abe de Vries - Fers2 nû. 5.2, 27 jannewaris 2019

Tristia

fan Osip Mandelstam

In master bin ik yn de grutte keunst fan ’t ôfskied,

    ’t weirinnen foar de klachten yn ’e nacht,

as de oksen tiid as tarring kôgje yn it strie,

    de lêste oere foar de stedswacht slacht.

Ik ha bûgd foar ’t iere kraaien fan ’e hoanne

    oer in rêchsek fol mei spyt, doe’t eagen bang

en read fan ’t gûlen stoarren nei de moanne;

    fertriet fan froulju mong mei Muze’ sang.

Wa seit, dy’t heart dat paden skiede,

    wat lot sok ienlik fierder gean betsjutte mei,

of is it út meneuvels fan de hoannen te rieden,

    sa’t it kearsefjoer op ’e Akropolis seit?

Wêrom’t, as in oare takomst ús besibbet,

    mar oksen kôgje ûnfersteurber yn ’e stâl,

dy hoanne, de heraut fan ’t nije libben,

    opspat út syn wjokken op ’e stedswâl?

En ik rin heech mei ’t lûd fan ’t weeftou.

    De spoel dy’t snoarret, de núnder fan de klos.

Sjoch hoe’t Delia, bleatfoets geande frou,

    smyt har hier sa sêft as dûns fan swannen los.

O, op skriele boaiem reitsje wy yn slom

    en earm yndie oan wurden foar ferrukking.

Alles hat al west, en alles komt werom;

    swiet is inkeld mar it fielen fan werkenning.

Sa sil ’t wêze: ’n tinne, waaksen foarm,

    in iikhoarnfacht allyk, leit útspraat op in skaal

foar in faam dy’t, eangjend foar in stoarm,

    bûcht en freget nei de ein fan it ferhaal.

Mar de Erebus te tantsjen, ús sil ’t neat jaan.

    Froulju hawwe waaks, manlju bline hate.

Kriich sil grif oer ús syn tekens dwaan;

    sy mei’ stjerre wylst se mei de goaden prate.

Abe de Vries - Fers2 nû. 5.3, 10 febrewaris 2019

it russykse haadstik: ferfryskingen fan abe de vries

Suze nane fan Cape Cod

fan Joseph Brodsky

I

De eastlike punt fan it Ryk dûkt yn ’e nacht;

sikaden falle boppe in leech gersfjild stil;

op klassike frontons hâlde ferskiere ynskripsjes de wacht,

wylst it tsjuster it sicht op in lêste krúsbyld benimt

en op de hast lege flesse op tafel.

Ut de lege strjitte syn plysje-auto in refrein

fan Ray Charles’ keyboard tinkelet derhinne as rein.

Krûpend nei in frij strân út it fiere wiet wei

fan ’e oseaan, dolt in krab yn sân en sierskom

en sliept. In ûnbidige klok oan in stiennen toer

rattelet syn skjirre. It gesicht swit sines mei.

De strjitlampen komme fan benaudens om;

regelmjittich ljochtspul,

wite boesgroenknoopkes, iepene oant de mul.

’t Is ferstikkend. It each heint de blink fan in stopljocht

op syn gong de keamer troch nei de drank

yn de nachtkast. Tel falt it hert fuort, mar de doffe bonk

begjint wer, en it bloed, pylgerjend nei fiere oarden,

komt wer op in krusing. It liif, in rjocht

oprôle rûtekaart, lûkt mei in wynbrau nei it Noarden.

Nuver – mar sa is ’t gien - om te tinken oan oerlibjen.

Stof slacht del op meubels, en lingte bûcht in auto

de hoeke om, Euklides of net. En it ferdjippe

tjuster makket goed it missen fan minsken, stimmen

en sa mear, feroaret se troch tûke krêft, ik leau

yn deserteurs net, dy’t oeral foar weirinne,

mar wol yn guon, dy’t no út sicht rekke binne.

’t Is ferstikkend. En fan tsjûke blêden it raspjend lûd

is op himsels al genôch en set dy yn ’t swit.

Wat yn ’t tsjuster in lytse stip liket dêr

kin mar ien ding wêze – in stjer. Boppe it ûnkrûd

op it ferlitten basketballfjild hat in trekfûgel krekt

syn fragile aai lein, yn fan ’e stielene hoep it oplape net.

Der is in rook fan mint no, en fan mignonette.

Abe de Vries - Fers2 nû. 5.4, 24 febrewaris 2019

it russykse haadstik: ferfryskingen fan abe de vries

Suze nane fan Cape Cod

fan Joseph Brodsky

II

As in despoatyske Sjeik, dy’t faaks inkeld ûntrou

oan syn seraglio en al syn lusten allyk

wêze kin as er himsels in nije harem jout,

mei ferskaat, en sûnder tal, bin ik wiksele fan Ryk.

In stap diktearre troch it ûngeriif

fan skerpe brânlucht, droegen op winen

út alle fjouwer hoeken (bid stil as bedoeïnen!)

en, út de kraai syn foardielich stânpunt wei, út fiif.

As in slangebeswarder, as de rottefanger besteld,

ûntkaam ik fluitspyljend oan de griene jannisaren,

fielden myn kloaten fan har twasidige bile de kjeld,

itselde ast wetter ynrinst. En doe, mei de pine

fan it sâlte seewiet as oerfloed yn ’e mûle,

reizge ik oer de line

en sylde skieppewolken yn. Under my bochten

serpentinerivieren, stofdiken, gielestientsjestrjitten,

en oeral yn dy lyts lykjende krochten,

foarinoar oer, mei macht en misbaar,

optúchd foar in plaat yn in boek dat hast út is,

oefenen legers op har eigendunk en hybris,

en alle stêden waarden swart as kaviaar.

En doe woeks it tsjuster tsjûker. Elk ljocht út,

in turbine droane, in kop die ritmysk sear,

as in krab luts romte him werom, tiid syn snút

naam it foaroanplak, en, in westlike stream,

like nei hûs te gean, ferlitten fan alle ljocht,

oanklaaid mei de tarre dêr’t de nacht om sjocht.

Ik foel yn sliep. Doe’t ik wekker waard foar de dei,

wie fêster it magnetysk noarden syn deadlike grip.

Ik oanskôge nije himels, ik seach in nije ierde.

Dy’t tebrutsen wie, net ûngewoan foar platte dingen.

Mear fan Abe de Vries

De Frîske Literatuerkrityk …oftewol it Wonderbaarlike Leechlizzen fan Waling Dykstra.
Bjusterbaarlik troffen hat Waling-om it net mei de literatuer dêr’t er yn skreau.
‘Dat skrutene taesten koe har sear dwaan’ Op himsels hied er tsjin it seksuele gjin biswieren. Al to folle moast dêr it tsjuster foar tsjinje.
‘Language Lab’: In protte taal, te min literatuer Language Lab is in programma ‘to raise awareness but also knowledge and technology, concerning language’, alsa Nana Haug Hilton en Goffe Jensma
Belofteparadoks: Fers2 yn 2016
Hannibal Lecter sljocht op Bachs Goldberg Variazionen &ld;Only fools and madmen are born along the Issa,” seit de beppe fan Tomasz Dilbin, de haadpersoan yn de roman The Issa Valley (1955) fan Czeslaw Milosz.
“Wy binne it hert” Ynienen like it wer in issue: de ynstitúsjonalisearring fan Fryslân.
1 2 3 4 5 6 7 8 9