scott last minstrel image
The lay of the last minstrel, gravuere fan John Pye nei Richard Westall, 1809

‘Jimmer moat ik smeulend hearre’

De leste minstreel fan Walter Scott en it liet fan Waling Dykstra

Abe de Vries - Fers2 3.4, 26 febrewaris 2017

‘De Fryske taal’ fan Waling Dykstra is ien fan de ferneamdste striidlieten út it histoaryske bewegersrippertwaar.Yn: Waling Dykstra, For de praetstoel en de hirdshoeke. Rîm en ûnrîm (Waling Dykstra, Holwerd 1877) s. 156-157. Skreaun en publisearre yn 1877, waard it opnommen yn Troelstra’s Nij Frysk Lieteboek en letter ek yn de samling Fryslân Sjongt.P.J. Troelstra en P.H. de Groot, red., Nij Frysk lieteboek (A.L. Land, Heerenveen 1886); Fryslân Sjongt. Algemien Frysk lieteboekje, 1942- (Fryske Akademy, Ljouwert). De Fryske taal stiet faai en sil oait wol útstjerre, fielt Dykstra. Mar hy ropt likegoed op ta taalstriid, bewustwurding fan de Friezen, en ta ferset tsjin it ‘pest-dier’ dat it Frysk sa feninich leechleit. De ‘ferfalske Frânske wyn’ wurdt foargoed foar warskôge. Want dêr wurdt it ‘bastre skaai’ mei dronken fuorre, kin men fan tinken wol hawwe. Tsjut wurdt op ferdjerlike ynfloed fan it Hollânsk. Dit is de tekst, op de wize fan ’t Krijgsgerucht doet luid zich hooren.:

De Fryske taal

Jimmer moat ik smeulend hearre:

Fryslâns sprake moat fergean

En oan ferfal fan krêften stjerre;

Hja is tenein en kin net mear bestean.

Mar ik sil stride

Sa lang ik stride kin,

Foar Fryslâns taal

En frije Fryske sin.

Fryslâns taal, Fryslâns taal,

Fryslâns taal hâld ik yn eare;

Fryslâns taal, Fryslâns taal,

Fryslâns taal, sa fol fan krêft en praal.

Ja, ik sjoch it, by de Friezen

Nimt de sucht foar ’ t frjemde ta;

Dat docht my hast de moed ferliezen.

It bastre skaai wol ’t rûne Frysk net ha.

Mar ik sil stride, ensafh.

Al wat ienkear wêzen krige

Moat ek wer fersinke yn ’t neat.

Dy stielen wet – ik fiel it tige ,

Wurdt troch gjin krêft, gjin iz’ren wille keard.

Mar ik sil stride, ensafh.

Moat ús âlde sprake stjerre,

Frije Friezen! help net mei

Om har moedwillich te bedjerren.

Smyt al t’ oerdwealsk jimme âlders erf net wei.

Nee, ik wol stride, ensafh.

Lit jim dochs net dronke meitsje

Mei ferfalske Frânske wyn.

Nee, lit foar eigen taal ús weitsje,

Al spuit in pest-dier dêrop syn fenyn.

Ja, ik wol stride, ensafh.

Is dan mei ferrin fan ieuwen

Ek ús âlde taal fergien:

Sa lang der earne Friezen bliuwe,

Hja sille ’t witte en priizgje wat wy dien’.

Ja, ik wol stride

Sa lang ik stride kin,

Foar Fryslâns taal

En frije Fryske sin.

Fryslâns taal, Fryslâns taal,

Fryslâns taal hâld ik yn eare;

Fryslâns taal, Fryslâns taal,

Fryslâns taal, sa fol fan krêft en praal.

Benammen refrein en earste strofe binne bekend wurden, ek troch de sombere taspraak fan Dykstra yn 1894 by it fyftichjierrich bestean fan it Ald Selskip, doe’t er de rigels foardroech.Op 5 septimber 1894 yn de Harmony yn Ljouwert. Sjoerd van der Schaaf hat it oer it ‘ynholden fatalisme’ yn Waling Dykstra syn taspraak en syn sizzen dat de taal ‘de tarring’ hawwe soe. Sjoerd van der Schaaf, Skiednis fan de Fryske biweging (1977) s. 146. Myn ynterpretaasje fan it gedicht dêr’t Dykstra út foardroech, relativearret dat fatalisme. De persepsje sil foar in grut part ek lein hawwe oan de ûnfrede mei it ynaktive Selskip fan dy dagen. Lettere beweger-skriuwers as Douwe Kiestra wiene djip ûnder de yndruk fan sok stoef mar ek wat tragysk hoekhâlden.Ynterview Douwe Kiestra, Ynteruniversitêre Stúdzjeried Frysk, 1970. En ek nei de Twadde Wrâldoarloch is it liet net weirekke. De bondel opstellen oer Dykstra syn wurk fan 1971, by gelegenheid fan syn hûndertfyftichste bertejier, draacht de begjinrigel fan it refrein: ‘Mar ik sil stride…’Freark Dam, Jacob J. Kalma en Ype Poortinga, red., Mar ik sil stride… Persoan, libben en wurk fan Waling Dykstra (Miedema/De Tille, Ljouwert 1971). It liet jildt dus as in belangrike taalstriderstekst, mar hoe’t it relatearret oan oare literatuer en oft it dêr in reaksje op is of in ferbân mei hat, dêr is neat oer skreaun.

In earste ferkenning smyt al ferrassende risseltaten op. Philippus Breuker wiisde my op de oerienkomst tusken ‘De Fryske taal’ en de Nederlânstalige ‘Toegifte’ fan Joast Halbertsma út 1824, it gedicht oan ’e ein fan syn taspraak op de Gysbert-betinking yn Boalsert fan in jier earder.Petear, 17 febrewaris 2017. Joast Halbertsma, ‘Toegifte op de redevoering’, yn: Hulde aan Gysbert Japiks bewezen, in de Sint Martini kerk te Bolsward, op den 7 Julij 1823 (A. Hessing, Bolsward 1824) s. 34-36. De taal, it Nederlânsk, tsjut op it ‘frame’ dêr’t Halbertsma yn wurke: it ynkorporearjen fan Gysbert yn de Nederlânske kanon. In part fan syn symbolyk hat Dykstra wierskynlik oan dat gedicht ûntliend: sa fine wy by Halbertsma al it febastere skaai, de ferwizing nei Frankryk, de Fryske seden en de winsk om troch de neiteam priizge te wurden. Eigen oan de tekst fan Dykstra is lykwols dat it perspektyf by him ferskoot fan nasjonaal-Nederlânske nei spesifyk-Fryske identiteitsfoarming. It liet leit de klam op de ûnderskode posysje fan de Fryske taal, útrinnend op de erkenning dat it oait wolris dien wêze sil mei it Frysk. It sprekt net de Fries as Nederlanner oan, mar de Fries as Frysktalige.

Ek ferwiist it liet nei it wurk fan Gysbert Japiks; it ‘pest-dier’ is oan te treffen yn ‘Reamer en Sape’.J.H. Brouwer, red., Gysbert Japicx (1966) s. 56. Gysbert bedoelt mei dat pest-dier wat hy sjocht as twistsykte; Dykstra hat it Hollânske leechachtsjen foar it Frysk yn ’t sin: ‘Nee, lit foar eigen taal ús weitsje, / Al spuit in pest-dier dêrop syn fenyn’.

Opfallend is ek de wize-oantsjutting dy’t boppe de tekst stiet. Yn it Hollânsk noch wol: ’t Krijgsgerucht doet luid zich hooren. In wize of liet mei dy titel is yn de literatuer net bekend. Yn de Nederlandse Liederenbank mei syn 170.000 lieten, fan de midsieuwen oant de tweintichste ieu, is in liet mei dy titel, of sels mar mei it wurd ‘krijgsgerucht’ deryn, net te oan te treffen. No seit dat net alles, want de Liederenbank hoecht net kompleet te wêzen. De oantsjutting is yn de lettere publikaasjes fan it gedicht yn it NFL en yn it FS yn alle gefallen ferdwûn, dan wurdt ferwiisd nei ‘in folkswize’. Jaap Kalma meldt dat de Dokkumer dirigint en komponist A.J. Wolters it liet yn 1885 op muzyk set hat; earder wie der dus gjin blêdmuzyk by de tekst.Jacob J. Kalma, ‘Libben en wurk’, yn: Dam et.al., Mar ik sil stride, s. 7. Dat allegear makket inkeld mar nijsgjirriger: wêr hie Dykstra syn wize-oantsjutting wei?

It kin wêze dat it giet om in oait bekend lietsje of deuntsje dat weiwurden is. Oan de oare kant, dat Dykstra syn opwekkingstekst, dy’t as propaganda foar it Frysk in sa grut mooglik publyk hawwe moatte soe, op in ûntbetsjuttend wyske skreaun hat is net hiel oannimlik. It soe ek gean kinne om in literêre ferwizing, in hântaast yn it ryk fan de poëzij. Foar dy gedachte binne wol oanknopingspunten. Yn de earste strofe fan ‘Toegifte’ fan Halbertsma stiet bygelyks: ‘’t Halfslachtig onding doet zich horen’. Mei dat ‘onding’ wurdt tsjut op de ‘ellendling’, de Fries dy’t frjemde ynternasjonale kultuer (Brits, Frâns, Dúts) ferkiest boppe eigen:

Ver van dit heiligdom der Friesen

De ellendling, geen verachting waard,

Die, laf, het vreemde kon verkiezen

En afviel van der vadren aart.

Hij tooit zich zo Parijs wil wenken;

Laat Gal en Brit zijn harsens krenken

Met Duitsche nevels reeds bedekt;

’t Halfslachtig onding doet zich horen

Als op dier volken grond geboren…

Foei! Walging is ‘t, wat hij verwekt.Joast Halbertsma, ‘Toegifte op de redevoering’, yn: Hulde aan Gysbert Japiks bewezen, in de Sint Martini kerk te Bolsward, op den 7 Julij 1823 (A. Hessing, Bolsward 1824) s. 34.

Mar Halbertsma docht noch alle war om de grutste bedriging foar ‘der vadren aart’, nammentlik de Hollânske sprake en kultuer, krekt nét te neamen. Net Nederlân, mar Frankrijk, Grut-Brittannië en Dútslân ferskine yn syn nasjonale ramt as de ‘oar’. Yn 1877 kin dat net mear. Dykstra syn fers lit it ‘krijgsgerucht’ lûd trompetterje, want de Fryske taal stiet faai. ‘It bastre skaai wol ’t rûne Frysk net ha’; it praat en lêst dus benammen Nederlânsk. De taal wurdt in sosjaal probleem; foar Dykstra en neffens de njoggentjinde-ieuske romantyske opfetting yn it algemien binne taal en folk ommers suver synonym. De befêstiging fan Fryske kultuer as nasjonale, Nederlânske bysûnderheid by Halbertsma feroaret alsa yn problematisearring fan de Fryske subnaasje by Dykstra. It makket fan syn liet behalve in utering fan Frysk-nasjonale stegens en dregens ek, en foaral, in kommentaar op de diglosse taalsitewaasje, dêr’t Friezen alle dagen tsjinoan rinne. Halbertsma syn kultuernasjonalisme wurdt kritysk en emansipatwaar realisme.

Dêrmei is de werkomst fan de wize-oantsjutting ’t Krijgsgerucht doet luid zich hooren noch net opheldere. Wol is de politike ympli­kaasje dúdlik, nammentlik dat de belangen fan de Frysksprekker yn it Nederlânske nasjonalisme net fansels­sprekkend boarge binne. Hat Dykstra socht nei in foarbyld bûten de Nederlânske grinzen om syn punt noch fierder te ferdútsen? Dan koe er bygelyks útkomme by it wurk fan Sir Walter Scott, de skriuwer fan populêre histoaryske romans, mar ek in belangrike bouwer fan ‘Skotse’ represintaasjes. In goede kandidaat-boarne foar Dykstra syn wize-oantsjutting blykt Scotts ferneamde fers ‘The Lady of the Last Minstrel’ (1805) te wêzen, yn de Nederlânske oersetting fan Willem Moll, Den laatsten meistreel (1840). Dêr wurdt yn Sang IV, fers 16 oer de Skotse ridder en bôgesjitter Watt Tinlinn sein:

‘Het krijgsgerucht liet dof zich hooren’ lit him maklik feroarje yn ‘‘t Krijgsgerucht laat luid zich hooren’; de kadâns bliuwt eksakt gelyk. Dof is lûd wurden, mar belangriker: fan ferline tiid is tsjintwurdige tiid makke. De tsjinstanner komt der nó oan. Scott hat it oer ‘the approaching southern foe’, Moll oer de ‘Zuiderlandschen vijand’ en Dykstra oer de ‘ferfalske Frânske wyn’. Alle trije kearen komt it ûnheil út it suden wei. Ek de romtlike setting fan it Scott-sitaat is tapaslik foar de sprekker yn Dykstra syn liettekst. Ridder Watt Tinlinn stiet op in hichte, op in heuveltop; hy sjocht it gefaar fan fierren oankommen. Sa’n rol mjit de sprekker him ek oan. Hy is de man mei fisy, dy’t warskôget: ‘Ja, ik sjoch it … ’, ried jout, en opropt ta ferset.

‘The Lay of the Last Minstrel’ is it histoarysk-romantyske, fertellende gedicht oer Skotse grutskens en heitelânsleafde dêr’t Walter Scott syn namme definityf mei fêstige.‘In the entire history of British poetry there had never been anything like the popularity of The Lay of the Last Minstrel’. Edgar Johnson, Sir Walter Scott: the great unknown, diel 1 (New York 1970) s. 225. It ‘lêste minstreel’-motyf – it ferhaal wurdt ferteld, songen, troch in âlde bard dy’t himsels begeliedt op in snare-ynstrumint – is opfandele út folksballades en hat yn de romantyske literatuer yn hiel Europa wjerklank krigen. Yn Nederlân wiene bygelyks Nicolaas Beets en benammen Jacob van Lennep entûsjaste bewûnderers, oersetters en neifolgers fan Scott.Beets hat lêzingen oer Scott holden en twa fragminten fan Scotts ‘The lay of the last minstrel’ yn it Nederlânsk oerbrocht, te finen yn Nicolaas Beets, Gedichten. Deel 1 (6e pr.; A.W. Sijthoff, Leiden 1906): ‘De laatste meistreel’ (yntroduksje), s. 42-44, en ‘Vaderlandsliefde’ (begjin fan sang VI), s. 45. Sjoch ek: J. de Gier, ‘Nicolaas Beets en de historische roman’, yn: Gerrit J. Schutte, red., De geschiedenis aan het volk verteld. Populaire protestants-christelijke geschiedschrijving in de negentiende en twintigste eeuw (Verloren, Hilversum 2008) s. 91-104. Oer Jacob van Lennep: Lotte Jensen, ‘Literature as access to the past: the rise of historical genres in the Netherlands, 1800-1850’, yn: Lotte Jensen, Joep Leerssen en Marita Mathijsen, red., Free access to the past. Romanticism, cultural heritage and the nations (Brill, Leiden/Boston 2010), s. 137-138. Dat ek de rasjonalist Waling Dykstra, in folksferljochter pur sang, fierstente nofter en realistysk foar romantyske oanslaggen en elitêre clan-skiednissen, nei Scott ferwize soe is miskien ferrassend op it earste gesicht. De ferklearring leit yn in dielde subnasjonale sitewaasje foar in nasjonaal sintrum oer. Sa’t Scott him, as Skots skriuwer, ferhâldt ta ‘britishness’,Oer Scott syn posysje: Evan Gottlieb, Feeling British. Sympathy and national identity in Scottish and English writing, 1707-1832 (Bucknell University Press, Lewisburg 2007) s. 24, en: Andrew Lincoln, Walter Scott and Modernity (Edinburgh University Press, Edinburgh 2007) s. 35. sa moat ek de Fryske skriuwer Dykstra in antwurd fine op de assimilearjende macht fan de Nederlânske taal en steat.

Dêrby kaam it net raar út dat Scott syn fers ek in ‘Nederlânsk’ elemint befettet. Yn de annotaasje skriuwt Scott dat syn lêste minstreel skoudere waard troch it bewâld fan nota bene in Nederlânske Oranje, William of Orange (1650-1702). Foar dy syn ‘Glorious Revolution’ fan 1688 hie de âlde minstreel folle mear emploai, mar no binne alle barden sa njonkelytsen ferdwûn, op him nei.Walter Scott, The Select Poetical Works of Walter Scott (Richard Griffin & Co., Glasgow 1838) s. 1. Bekend is dat William of Orange – ek William III of England neamd – in ein makke oan it religieus tolerante bewâld fan de roomske James II yn Ingelân, Ierlân en Skotlân, en it Britske keninkryk in strak protestantsk rezjym oplei. ‘Old times were changed, old manners gone,’ sjongt de minstreel, ‘A stranger filled the Stuarts’ throne; / The bigots of the iron time / Had called his harmless art a crime’.Walter Scott, The Select Poetical Works of Walter Scott (Richard Griffin & Co., Glasgow 1838) s. 1.

Yn in diskoers oer steatsmacht, nasjonale sintralisearring en kultuerferneatiging stelt it liet ‘De Fryske taal’ fan Waling Dykstra yn syn ferwizingen nei Halbertsma, Japiks en Scott behalve de needsaak ta taalstriid dus twa achterlizzende tema’s oan de oarder: 1) it ûnderskode plak fan it Frysk yn syn diglosse ferhâlding ta it dominante Nederlânsk, en 2) it ûnfeilige plak fan de Fryske kultuer (‘jimme âlders erf’) yn it Keninkryk. De skriuwer mocht der op fertrouwe dat in ferwizing nei Scott wol werkend wurde soe. Der hie lang in wiere ‘Scottomanie’ hearske yn literêr Nederlân, mei ynjûn troch Nederlânsk-nasjonalistyske sentiminten om de Belgyske ôfskiedingsoarloch fan 1831 hinne.Polly den Tenter, ‘Scottomanie in Nederland. De Nederlandse vertalingen van Walter Scott’s romans tussen 1824 en 1834’, De negentiende eeuw 8 (1984) s. 3-15. ‘Vaderlandsliefde’, sette Beets boppe syn oersetting fan it begjin fan sang 6 fan ‘The Lay of the Last Minstrel’:

Bestaat er mensch, zoo dood van hart,

Die nimmermeer bewogen werd

Door ’t denkbeeld: vaderland?

Die nooit een stil genoegen smaakte,

Als hij, gekeerd van ’t vreemde strand,

Zijn eigen erfgrond weer genaakte?

Bestaat hij? ’t Zij zoo! Maar weet wel:

Voor hem geen lied of citerspel.Nicolaas Beets, Gedichten. Deel 1 (6e dr.; A.W. Sijthoff, Leiden 1906): ‘Vaderlandsliefde’ s. 45.

De definysje fan ‘heitelân’ wurdt yn de romantyk ynset yn naasje­foarming en produsearret sawol nasjonale syntetisearjende as regionaal-emanispearjende ferbyldingen fan it begryp. Literatuer draacht troch identiteits­represintaasje by oan naasjefoarming en behannelet yn de njoggentjinde ieu ek gauris de relaasje tusken sintrum en perifery, naasje en nasjonalisearjende groep, steatstaal en minderheidstaal. Wylst de Ingelsman William Wordsworth it Skotse elemint estetisearjend opnaam yn de Britse ferbylding, woe Scott foaral it Skots-nasjonale karakter fan dy ferbylding fuortsterkje.Evan Gottlieb, Feeling British. Sympathy and national identity in Scottish and English writing, 1707-1832 (Bucknell University Press, Lewisburg 2007) s. 147. Under syn súkses lizze in offensive stratezjy en in omdraaien fan de koloniale ferhâldingen.Evan Gottlieb, Feeling British. Sympathy and national identity in Scottish and English writing, 1707-1832 (Bucknell University Press, Lewisburg 2007) s. 156: ‘Walter Scott’s lasting literary and cultural legacy was to reverse the terms of the quasi-colonial dynamic forcefully articulated by Collins and Wordsworth.’ Yn Nederlân wie it Van Lennep dy’t Fryske eleminten, folklorisearre mei ruraal-romantyske en histoaryske motiven, ûnderbrocht yn syn nasjonale Nederlandsche Legenden (1828). Dykstra, dêrfoaroer, komt út de sosjale taalpraktyk en de deistige realiteit yn Fryslân wei ta politike krityk. Hoe lang moat de diglosse deprivaasje fan it Frysk – en dús de sosjaal-maatskiplike achterstelling fan Frysksprekkers en harren kulturele assimilaasje yn Nederlân – noch duorje?

Wat dat oanbelanget passe reserves by de yn de Fryske literatuer oan te treffen oertsjûging dat de ‘platte realist’ Waling Dykstra de ferbylding fan it Frysk-nasjonale idee net foarútholpen hawwe soe.Sjoch Abe de Vries, ‘Nonkonformisme yn de folksskriuwerij. It Fryske realisme as emansipaasjeliteratuer’, Fers2 1-9 (26 april 2015). Web: http://www.fers2.eu/20150426-non-konformisme-yn-de-folksskriuwerij/. Krigen 15 febrewaris 2017. Syn krityske analyse yn ‘De Fryske taal’ fan de taalsitewaasje en de dêrby hearrende lege sosjale status fan de Fryskbrûker liket nei 140 jier noch altyd akkuraat en is mei troch syn wide fersprieding, yn lietebondels en op sjongjûnen, in belangrike literêre represintaasje yn de Frysk-nasjonale identiteits­konstruksje. De lettere oantsjutting ‘nei in folkswyske’ kin by in folgjende printinge dêrom mei in gerêst hert wer werom­feroare wurde yn dy rigel mei dat ‘krijgsgerucht’. Oft dy no ál (myn hypoteze) of net (is fansels ek in mooglikheid, seit Friduwih) fan Scott komt:

Deep in his heart he identified himself with the old ballad singers, felt himself a makar like them with some of their creative privileges, a last minstrel for whom these lays were eroded torsos that he might recarve to bolder beauty.Edgar Johnson, Sir Walter Scott: the great unknown, diel 1 (New York 1970) s. 205.

Noaten

  1. Yn: Waling Dykstra, For de praetstoel en de hirdshoeke. Rîm en ûnrîm (Waling Dykstra, Holwerd 1877) s. 156-157.
  2. P.J. Troelstra en P.H. de Groot, red., Nij Frysk lieteboek (A.L. Land, Heerenveen 1886); Fryslân Sjongt. Algemien Frysk lieteboekje, 1942- (Fryske Akademy, Ljouwert).
  3. Op 5 septimber 1894 yn de Harmony yn Ljouwert. Sjoerd van der Schaaf hat it oer it ‘ynholden fatalisme’ yn Waling Dykstra syn taspraak en syn sizzen dat de taal ‘de tarring’ hawwe soe. Sjoerd van der Schaaf, Skiednis fan de Fryske biweging (1977) s. 146. Myn ynterpretaasje fan it gedicht dêr’t Dykstra út foardroech, relativearret dat fatalisme. De persepsje sil foar in grut part ek lein hawwe oan de ûnfrede mei it ynaktive Selskip fan dy dagen.
  4. Ynterview Douwe Kiestra, Ynteruniversitêre Stúdzjeried Frysk, 1970.
  5. Freark Dam, Jacob J. Kalma en Ype Poortinga, red., Mar ik sil stride… Persoan, libben en wurk fan Waling Dykstra (Miedema/De Tille, Ljouwert 1971).
  6. Petear, 17 febrewaris 2017. Joast Halbertsma, ‘Toegifte op de redevoering’, yn: Hulde aan Gysbert Japiks bewezen, in de Sint Martini kerk te Bolsward, op den 7 Julij 1823 (A. Hessing, Bolsward 1824) s. 34-36.
  7. J.H. Brouwer, red., Gysbert Japicx (1966) s. 56.
  8. Jacob J. Kalma, ‘Libben en wurk’, yn: Dam et.al., Mar ik sil stride, s. 7.
  9. Halbertsma, ‘Toegifte’, s. 34.
  10. Walter Scott, Het lied van den laatsten meistreel. Vert. W. Moll (Van Houtrijve & Bredius, Dordrecht 1840) s. 91-92. By Scott: ‘Soon on the hill’s steep verge he stood, / That looks o’er Branksome’s towers and wood; / And martial murmurs, from below, / Proclaim’d the approaching southern foe.’ Walter Scott, The Select Poetical Works of Walter Scott (Richard Griffin & Co., Glasgow 1838), s. 14.
  11. ‘In the entire history of British poetry there had never been anything like the popularity of The Lay of the Last Minstrel’. Edgar Johnson, Sir Walter Scott: the great unknown, diel 1 (New York 1970) s. 225.
  12. Beets hat lêzingen oer Scott holden en twa fragminten fan Scotts ‘The lay of the last minstrel’ yn it Nederlânsk oerbrocht, te finen yn Nicolaas Beets, Gedichten. Deel 1 (6e pr.; A.W. Sijthoff, Leiden 1906): ‘De laatste meistreel’ (yntroduksje), s. 42-44, en ‘Vaderlandsliefde’ (begjin fan sang VI), s. 45. Sjoch ek: J. de Gier, ‘Nicolaas Beets en de historische roman’, yn: Gerrit J. Schutte, red., De geschiedenis aan het volk verteld. Populaire protestants-christelijke geschiedschrijving in de negentiende en twintigste eeuw (Verloren, Hilversum 2008) s. 91-104. Oer Jacob van Lennep: Lotte Jensen, ‘Literature as access to the past: the rise of historical genres in the Netherlands, 1800-1850’, yn: Lotte Jensen, Joep Leerssen en Marita Mathijsen, red., Free access to the past. Romanticism, cultural heritage and the nations (Brill, Leiden/Boston 2010), s. 137-138.
  13. Oer Scott syn posysje: Evan Gottlieb, Feeling British. Sympathy and national identity in Scottish and English writing, 1707-1832 (Bucknell University Press, Lewisburg 2007) s. 24, en: Andrew Lincoln, Walter Scott and Modernity (Edinburgh University Press, Edinburgh 2007) s. 35.
  14. Scott, Select Poetical Works, s. 1.
  15. Ibidem.
  16. Polly den Tenter, ‘Scottomanie in Nederland. De Nederlandse vertalingen van Walter Scott’s romans tussen 1824 en 1834’, De negentiende eeuw 8 (1984) s. 3-15.
  17. Beets, Gedichten. Deel 1, s. 45.
  18. Gottlieb, Feeling British, s. 147.
  19. Ibid., s. 156: ‘Walter Scott’s lasting literary and cultural legacy was to reverse the terms of the quasi-colonial dynamic forcefully articulated by Collins and Wordsworth.’
  20. Sjoch Abe de Vries, ‘Nonkonformisme yn de folksskriuwerij. It Fryske realisme as emansipaasjeliteratuer’, Fers2 1-9 (26 april 2015). Web: http://www.fers2.eu/20150426-non-konformisme-yn-de-folksskriuwerij/. Krigen 15 febrewaris 2017.
  21. Johnson, Sir Walter Scott, s. 205.

Mear fan Abe de Vries

Bauernepik, Dorfsgeschichte en it Fryske plattelânsproaza ‘Ik meen dat de mensen in de regio iets zelfbewuster ten aanzien van de eigen literatuur mogen zijn…’
Om de seine fan de skiene Goadinne: Tema’s en motiven yn de earste jiergong fan Iduna ‘Wy hawwe hjir te krijen mei literatuer, dy’t hjoed de dei amper mear lêzen en wurdearre wurdt…’
In liberale profeet op in Dongeradeelster terp: Rinse Posthumus fersus de Nederlânske polityk ‘Ach! mijn verdwaasde vriend! Hij zag nergens een traan van ellende weenen, die hem het hart niet doorboorde’
Imazjinêre reizen nei bettere wrâlden ‘Met de beste teleskopen kan men niet verder dan tot den bodem van het kleinste hoekje van het heelal doordringen; en wat hebben wij daardoor dan nog van onze naaste buurvrouw in ons ellendig zonnestelseltje kunnen ontdekken’.
In modernistyske misser Hjerre Gerrits van der Veen neffens Anne Wadman.
Anne Wadman wie 18 jier jong en op syk nei ideeën foar romansenario’s…
Ferlet fan Frysk In Deltaplan foar it Frysk kin net ophâlde nei de paragraaf ûnderwiis. It komt oan op in belied dat soarget foar ferlet fan it Frysk
‘Mar om wer op myn forhael to kommen’ Tsjibbe Gearts van der Meulen en de literêre krityk
Né, achte lêsers! (hearders! sei ik foarhinne) de înbîlding docht folle…
De stjerrekaart fan Harmen Sytstra It is July 1844; te Ljouwert wurdt in grutte Tentoonstelling van Voortbrengselen van Nijverheid en Kunst, door Friezen vervaardigd holden...
‘In stikmannich goede wurden’ Oer de kulturele betsjutting fan it nije Lieteboek ‘Wa’t ea lstere nei it liet dat it minskdom op syn lange reis troch de ieuwen song, sil heard hawwe…’
Non-konformisme yn de ‘folksskriuwerij’ It Fryske realisme as emansipaasjeliteratuer
Elkenien dy’t in rol spilet binnen de Fryske literatuer moat wekker wurde.
1 2 3 4 5 6 7 8 9