image ыntmoedigjen fryske froulike skriuwers

Joke Corporaal har untmoedigjen fan de froulike skriuwers

Friduwih Riemersma - Fers2 5.12, 17 juny 2019

Fan it nije Fryske literatuerskoalboekje/toeristesûvenirke Salang’t de beam bloeit is side 108 (noch) net oernommen op de allyksa nije webside fryskeliteratuerskiednis.frl. Dat is spitich, want de skriuwer fan it Beammeboekje, Joke Corporaal, docht dêryn de ferbjusterjende útspraak dat, om’t froulju in fyfdepart fan de Fryske skriuwers útmeitsje, kinne se ta mei in fyfdepart fan de Gysbert Japicxprizen.

As wy de oantalferhâlding tusken manlju en froulju mei 4:1 justjes leger skatte as dy is, dan soene je ferwachtsje dat de Gysbert Japicxpriis yn 35 edysjes sa’n 7 kear taparten wie oan in frou. Yn werklikens barde dat trije kear.Joke Corporaal, Zolang de boom bloeit: Korte geschiedenis van de Friese literatuur, 800-heden (De Gerdyk: Bornmeer, 2018) 108.

De lêste sin is korrekt: de Gysbert Japicxpriis wie op it stuit fan it ferskinen fan it boekje trije kear oan in frou takend. Fierder is de stelling, de ‘ferwachting’, boud op in searje oannames dy’t stik foar stik sa ûnfundearre en ûnhâldber binne, dat net ien war die om it út te slachtsjen.

Romanskriuwen, dichtbondelskriuwen en literêre priisútrikken is sosjaal hanneljen. Wy kinne dat hanneljen foarsizze, of ‘ferwachtsje’, al in hiel skoft sels. Want de fjouwer oarsaken fan hâlden en dragen joech Aristoteles ús om 350 fK hinne en wy brûke dy hjoed noch altyd, mei om’t de oarsaken ek jilde foar froulju. Fansels binne der dingen dy’t wy samar dogge, út rûtine en sûnder beleaning derfoar, lykas toskpoetse, mar it aller-allergrutste part fan ús hâlden en dragen wurdt feroarsake troch straffen en beleanjen. It ynternet neamt dat operant of ynstruminteel kondisjonearjen, drege wurden foar: it koekje & de stôk. Springt it sirkusbist braaf troch de hoep dan jout de dompteur him it koekje. Der is gjin inkelde prinsipjele reden dat jo froulike Fryskskriuwers net op deselde manier troch de GJ-hoep hinne trene kinne.

Utsein in stôk. In glêzen plafond, dus de stelselmjittich legere posysje fan froulju op in beskaat sosjaal of ekonomysk mêd, bestiet troch de stôk. De gender­ferskillen yn it bedriuwslibben—fiksje­skriuwen in priiswinnen is ek in bedriuw—komme wierskynlik fan it ferskil yn bekrêftigingen dy’t manlju en froulju krije foar it brûken fan strategyen om harsels te presintearjen. Selspromoasje, meidwaan op heechliterêr nivo, in assertive opstelling en sels simpelwei in hege produksje kin folle effektiver wêze foar manlju as foar froulju. Dat komt foar in part troch stive stereotypen dy’t assertiviteit ôfskilderje as winskliker foar manlju as froulju. De stereotypen treffe jo ek by Corporaal oan:

Nei 1989 binne der hieltyd troch froulju fertsjintwurdige yn de redaksjes fan alle literere (ynternet) tydskriften dy’t der yn Fryslân ferskine, mar noait as haadredakteur.Joke Corporaal, Zolang de boom bloeit: Korte geschiedenis van de Friese literatuur, 800-heden (De Gerdyk: Bornmeer, 2018).

Net wier. De frou Ytsje Hoekstra wie haadredakteur fan Farsk en de frou Jetske Bilker wie haadredakteur fan Trotwaer. Dat stiet gewoan op it ynternet. Mar it sykjen en ynterpretearjen fan ynformaasje dy’t wat jo dochs al tochten befêstiget, en it oer de holle sjen fan ynformaasje dy’t net strykt mei jo opfettingen, confirmation bias, is sterker as der in emosjonele komponint is. Emosjoneel as yn: der part fan útmeitsje. Sa kin it barre dat in froulik redaksjelid fan it Beammeboekje en fan Trotwaer, ûnder Bilker, likegoed net betocht dat Bilker har haadredakteur west hie doe’t hja it Beammeboekje redigearre. De confirmation-flater liedt ta minne besluten. En de gender­stereotypen hawwe grutte gefolgen yn de echte wrâld. Want wat mear oft se it byld yn stân hâlde dat froulju (no ienris) sa binne en dus (wol) sa wêze moatte, nammerste slimmer de diskriminaasje fan froulju. Ommers neigeraden froulju dimmener ‘binne’, komme der fûleiniger negative reaksjes as hja ris yn it fakgebiet it assertyf rjochte-opeaksjen sjen litte, dat heart by in profesjonele beropsútoefening.Alice Eagly en Linda L. Carli, ‘Women and the labyrinth of leadership’, Harvard Business Revue (septimber 2007), hbr.org/2007/09/women-and-the-labyrinth-of-leadership, krigen 15 juny 2019.

Profesjonele skriuwers binne by ús minsken dy’t mei it Frysk skriuwen har brea fertsjinje. Dy binne der neffens ús net.Johanneke Liemburg (boargemaster fan Littenseradiel, de gemeente dy’t doe eigner wie fan de Rely Jorritsmapriis), E-mail oan Friduwih Riemersma 30 augustus 2017.

Sa feit Johanneke Liemburg, oant koartlyn bestjoerder fan de Rely Jorritsmapriis, de saak fan tafel. Bestiet profesjoneel skriuwen net, dan kinne wy de froulike skriuwers dêr ek net om diskriminearje, is ’t net sa?

Mar dat wie fermoarde ûnskuld. By Joke Corporaal is de frou-ûnfreonlike útkomst inkeld mar kwestje fan strieminne oannames. Earst de ferhâlding fan ien froulike skriuwer foar fjouwer manlike skriuwers oer: wêr komt dat sifer wei? Dat stiet nearne. Mooglik hat Corporaal sels teld, mar o heden, se kin net iens twa haadredakteuren telle. Dus dat sifer set de saak al wif.

Twad, de gender­ferhâlding yn de Fryske literatuer is gjin wetmjittigens lykas de ferhâlding fan soerstof- en wetterstofatomen yn in wettermolekúl, dy’t ek moarn en oer tûzen jier noch wol 1:2 wêze sil. Wy telle 40 mei-in-bytsje-goede-wil-literêre skriuwers op de Sirkwy skriuwerssammelside. Neffens Corporaal binne dêrfan 8 froulju (Soepboer, Kampen, Hoekstra, Kingma, Van der Meer, Schotanus, Talsma, Bilker) en 32 manlju, mar stel, moarn kom ik oerein en, sis, Josse de Haan is útskreaun. Dan is de frou-man­ferhâlding yn de Fryske literatuer 1:3. Der is dus gjin literêre ierdferskowing nedich om Corporaal har ivige wierheid fan 1:4 wei te fegen; ien froulike skriuwer mear is genôch.

Tred, ek in falske ivige wierheid-oanname, like ûnûntdutsen troch de redaksje fan it Beammeboekje: Corporaal hâldt de biologysk-deterministyske teory oan. Dêryn is wat bart ûnûntkomber. Minsken hawwe net it fermogen om har eigen lot te bepalen. Tink oan Freud syn teory fan it ûnbewuste dy’t tige deterministysk is, wat net fernuveret, sjoen de teneur fan de njoggentjinde-ieuske wittenskip—mar Corporaal is in ieu letter. Wy litte wilens it oarsaaklik meganisme tusken ‘frou’ en ‘GJ-priis’ net langer ûnferklearre. Wy witte dat der gjin kausaliteit rint fan ‘frou’ nei ‘1:4’, dêr’t gjinien oan ûntsnappe kin, al skriuwt er de stjerren fan de himel en/of deadet er alle manlju.

Fjird nimt Corporaal oan dat wy ‘ferwachtsje’ dat de Gysbert Japicxpriis jûn wurdt op grûn fan kwantiteit. Just hielendal net! Elkenien dy’t ik ken en elkenien dy’t ik lês op it ynternet ferwachtet dat de Gysbert Japicxpriis takend wurdt om—útsûnderlike—kwaliteit. Net sa neffens Corporaal. Ek al skriuwt hypotetysk har fyfdepart mei twa fingers yn de noas de oare fjouwerfyfde ûnder de tafel, de froulju harren ‘ferwachtsjen’ fan in GJ-priis bliuwt basearre op kwantiteit. Yn 1993 skreau Jelma Knol in knappe oanklacht tsjin de befoaroardiele resepsje fan poëzy fan froulju: de kwaliteit fan de fersen waard stelselmjittich te leech wurdearre op grûn fan de sekse fan de dichter. Corporaal neutralisearret Knol har kwaliteitsargumint troch kwaliteit gewoan net mear te erkennen as de reden foar in GJ-priis.

Fyft, de standert foar gendergefoeligens yn skoalboeken hipt meastal tusken de fraach om in ideale maatskippij en eat dat liket op in feitlike werjefte fan de man-frousituaasje. Corporaal kiest de ‘feiten’, en/want nimt oan dy it edukative diskoers neutraal meitsje. Nee. It bliuwt in reproduksje fan genderûngelikens, fia klisjees, iensidich feitesamljen en negative etiketearring. Profesjonali­searjen en genderhifkings­stelstels foar skoalboekredaksjes binne yn Fryslân net fan de grûn kommen, mar kom, hie de suggestive sin oer de haadredakteuren skrast, dan wie it boadskip al minder ûntmoedigjend.

Wy witte fan de laboratoariumdowen fan it operante kondisjonearjen dat, as se op it knopke drukten dêr’t se fan leard hiene dat it beleaning joech, mar it hantsjefol dowesied kaam net, dan besochten se it mar in pear kear opnij. Dêrnei hiene se leard dat se ferrifele wiene mei in ‘fopknop’ lykas by de fytsstopljochten yn A’dam; gjinien brûkt dy. Mar beleanje jo net en swaaie jo ek jo stôk nei de ûnbeleande, kom no gjin priis, dan hiene jim mar mei mear wêze moatten, bygelyks 2:4, mar 1:4 ha nee wat tochten jim no sels—dan sitte de dowen stil yn in hoekje en ferreppe har net en wachtsje op bettere tiden.

Noaten

  1. Joke Corporaal, Zolang de boom bloeit: Korte geschiedenis van de Friese literatuur, 800-heden (De Gerdyk: Bornmeer, 2018) 108.
  2. Joke Corporaal, Zolang de boom bloeit: Korte geschiedenis van de Friese literatuur, 800-heden (De Gerdyk: Bornmeer, 2018).
  3. Alice Eagly en Linda L. Carli, ‘Women and the labyrinth of leadership’, Harvard Business Revue (septimber 2007), hbr.org/2007/09/women-and-the-labyrinth-of-leadership, krigen 15 juny 2019.
  4. Johanneke Liemburg (boargemaster fan Littenseradiel, de gemeente dy’t doe eigner wie fan de Rely Jorritsmapriis), E-mail oan Friduwih Riemersma 30 augustus 2017.

Mear fan Friduwih Riemersma

Wa is wa? Yn Omstreken fan Eppie Dam
In sjarmante mjuks fan kontradiksjes In Memoriam Josse de Haan, 20 January 1941 - 31 October 2020
Adieu oan in humanistyske dichter In Memoriam Jaap Veenstra, 17 March 1959 - 31 October 2020
Ensafh docht literere priis sunder sjueryrapport Alwer in nije literêre prizespûster yn ’e Fryske belletry.
Keunst om ’e keunst Keunst om ’e keunst is ûnmooglik, ûntminskliket en neutralisearret de ynhâld fan keunst.
Help mem, der sit in korona under myn bed! Fryske kranten yn panyk smite literatuersjoernalisten derút?
Rely hat us by de poat De literêre priis hat sels gjin skyn fan earlikheid
Déjà lu Fjoertoer yn it wâld fan Arjan Hut
Nije bylden! & de rol fan de keunstner
“Wa is dy wite man?” Lilkens om ‘Floyd’ bemantelet handich ús eigen rassistysk geweld
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15