image

Nijs

Kaleidoskopyske blik op it resinte Fryske fers

Nije poëzyblomlêzing!

Elmar Kuiper en Abe de Vries - Fers2 6.6, 23 desimber 2020

In nije mylpeal ferskynt meikoarten: in nije frisse blik op ús literêre histoarje, keunstnersûnderfining en poëtyske ekspresje fan 2000 oant en mei 2020. Elmar Kuiper en Abe de Vries, de meast bekende en respektearre dichters fan Fryslân, hawwe de put der hast út: it blomlêzen—en ynlieden—fan it resinte Frysktalige fers. De prestisjeuze bondel fan 280 siden omfettet 100 gedichten fan 45 skriuwers en dêrûnder 10 froulju en 35 manlju, skreaun yn 20 jier en yn 1 taal, dus gjin stedsfrysk. De blomlêzing is twatalich, FY-NL, en komt as alles meisit ein takom jier út, wierskynlik by in rânestêdútjouwer.

Wat kinne de blomlêzers ús al fertelle oer de tematyk en de estetyske ferskowingen? Wat is de reden om de blomlêzing te meitsjen? Is allinnich ‘echte’ poëzy talitten, of binne de amateur­dichters ek wolkom? Komt der in credo; is de blomlêzing in manifest?

Koartsein, wat dogge de blomlêzers om Fryslân út de gnuverichheid fan de ynternasjonale dichterswrâld te lieden?

*
Wat binne fan de opnommen gedichten de sjenres: dogge folkloare en it populêre positiviteitsfers ek mei, of inkeld heechliterêr wurk? Wat is de estetyk dy’t jimme yn jimme seleksje waarnimme en sit dêr mooglik ferskowing yn? En wêrom en hoe dan?

Elmar Kuiper:

It giet inkeld om, yn ús eagen, heechliterêr wurk. Dat wol sizze: om wurk dêr’t de yntinsje fan de dichter net te bot troch it fers hinne prikke wol. It fers moat reitsje, sûnder datst krekt witst wêrom. De struktuer, it bonkerak is sterk en helder. Poëtyske yngrediïnten, lykas rym, binnenrym, lûden, bylûden en byldspraak, soene it leafst dosearre en subtyl yn (it fers) brocht wurde moatte en yn tsjinst fan it gehiel wurkje, inoar sels fersterkje. In goed fers beskôgje ik as in topatleet. Om in topprestaasje te leverjen moatst meters meitsje, effektyf trene en mei tsjinslaggen omgean kinne. Betrouwen is it kaaiwurd. Ut in goed fers sprekt besieling en konsintraasje. It jout de yndruk sa, yn de flow, opskreaun te wêzen. It is in breed ferskaat wurden: de lyryk spilet net swak by, mar der stean ek fersen yn dy’t sterk ferheljend binne of in anekdoate as útgongspunt hawwe. Soms binne it drûge notysjes út de deistige wrâld, mar sa opskreaun, datst efkes op de stoel sitst te skowen, it fers dy efkes optilt en meifiert. Gauris wurdt der in bekentenis dien, benammen by de jongere generaasje dichters falt op dat ja it lyrysk ik as útgongspunt brûke.

Abe de Vries:

It lân fan ’e poëzy is grut en dat fan de Fryske poëzy is dat ek. De gedichten út de ôfrûne tweintich jier dy’t wy lêzen hawwe, litte ferskaat sjen, se rinne fan ienfâldige en sprektalige anekdoatyk ta sterk muzikale lyryk en epyk en what have you. Wy hawwe poëzy as keunst foarop sette wollen. Foar my betsjut dat in kar foar poëzy dy’t de ambysje hat om op ferskate nivo’s wurksum te wêzen: as idee, as talich bouwurk, as muzikale konstruksje, as refleksje op in yndivi­dueel of maatskiplik tema, as opfallend hânskrift (neam it ‘eigen lûd’ of styl) en as memorabel wurkstik.

Poëzy dy’t dat allegear foarelkoar krijt, slach ik heger oan as it folkloristyske gedicht dat ‘maklik’ syn punt makket of it belieds­ûnderstypjende gedicht dat sa moai oanslút by de subsydzje-easken. Mar fansels treffe jo yn de praktyk gradaasjes fan it iene of it oare oan. En like fansels binne der ek sjenres (swier) ûnderferstsjint­wurdige yn de poëzy dy’t wy oantroffen hawwe. Yn de Fryske poëzy oerhearskje de lyryk en de saneamde ‘bekentenispoëzy’. De epyske, absurde, ûntregeljende en surrealistyske sjenres komme oan ’e krappe ein, en sjenres lykas it politike en it filosofyske besteane sels amper. Fryske poëzy – en dat is tagelyk syn neidiel en syn sjarme – bliuwt faak ticht by hûs, wat in konsintraasje op werkenbere tema’s en motiven fan gefolgen hat: it Fryske lânskip as dekor, it deistich wurk, de heit, de mem, relaasjes, leafde, dea. It ‘grutte gebaar’, de ekspedysje, de missy en ek de reaksje op poëzy yn gruttere literatueren misse foar in grut part. Wy miene lykwols dat wy fan de measte hjir neamde sjenres alteast wat, hoe beheind soms ek, sjen litte kinne.

*
Dit wurdt in antology fan it ferline. Der is net, sa’t oare antologyen wol dogge, in oprop ta nije poëzy útgien, om in trochsneed fan it literêre no te jaan. De opnommen stikken binne net fan ’e moarn farsk skreaun, mar se leine al, faak al in skoft, yn boekjes yn bibleteken en argiven. Dêrtoch is it mear skiednis dy’t hjoed skreaun wurdt oer juster. Ek is dy skiednis sûnder de details fan selekte spesimen, mar just as oersjoch, as in fûgelflecht oer in pittoreske stêd dy’t der net mear is. Wêrom is de kar makke foar in wiid each oer it ferline ynstee fan de trochsneed fan hjoed?

EK:

Dêr ha ik gjin konkreet antwurd op. Nije poëzy dy’t hjoed skreaun is is moarn ek al wer âld. Us seleksje, fan de lêste 20 jier, hinget sterk gear mei de opkomst fan it ynternet. Faaks hat dy flugge, digitale wrâld ynfloed op de manier fan skriuwen, dy’t faaks wat fragmin­tarysk wêze kin. Ik doar der gjin hurde útspraak oer te dwaan. It is al aardich om te sjen hoe’t it poëtyske lân der hjoeddedei hinne leit: hokfoar dichters springe yn it each, neffens ús. Hiel subjektyf fansels. Wat opfalt: der is in hiel soad skreaun, de ôfrûne tweintich jier, mar oanwaaks fan jonge talinten is der amper. De Fryske poezy fergrizet, mar gelokkich sprankelje de fersen.

AV:

Wy hawwe in histoaryske blomlêzing gearstald, dat wol sizze: in kar makke út besteande gedichten dy’t yn in beskate perioade publisearre binne. It is de ‘nijste’ perioade dêr’t wy ús materiaal yn socht hawwe, de ôfrûne tweintich jier, en wat dat oanbelanget jout ús seleksje yn myn eagen it bêste, nijsgjirrichste of opfallendste fan in relatyf ‘hjoed’. In antology basearre op in oprop om fersen yn te stjoeren, in call for papers, ha wy net foar keazen om’t dan it kwaliteits- en keunstaspekt, dat foar ús foarop stiet, wierskynlik yn ’e knipe komme soe. Dan soe de rispinge al gau te lyts wurde en soenen wy ynleverje moatte op ien of mear fan ús ambysjes. Dêrneist is in seleksje fan poëzy út it jongste ferline tink ik better by steat om krêft en swaktes dúdlik te meitsjen as in kar út in momintopname. Mei ús wurkwize kinne wy better it punt meitsje dat wy meitsje wolle: dat de nije Fryske poëzy him weibewege moatte soe fan provinsjaal befoardere ‘entertainment’ en foaral nijsgjirrich is as er it each op keunst hâldt.

*
It obstakel by antologyen is fansels it probleem fan kiezen. Alle antologygearstallers sizze wol dat se “de bêste” kieze—de treflikste út oars allegearre ynstjoeringen: oef wat wie it dreech in kar te meitsjen—mar de bêste is subjektyf. Wat wiene de liedende kritearia by jimme kiezen?

EK:

De fersen moasten helder en oarspronklik wêze. It lûd fan de dichter moat deryn trochklinke. De fersen moasten ús yn de besnijing krije: wat hellet de dichter út de arkkiste fan taal, hoe set er de stylmiddels yn. Wol er it ûnderste út ’e kanne helje om it fers ta libben te bringen. De foarm is fansels wichtich. Foarmet it in ienheid mei de ynhâld. De struktuer moat sterk wêze en de byldspraak net te dizenich. Optochte poëzy, tefolle útgeand fan in idee, mei optochte, sochte byldspraak en forsearre gedoch, kamen we gauris tsjin. It is in foarm fan etalaazjekeunst dêr’t ik neat mei ha. It is gauris kyts. We binne sjarmearre fan in beskaat dekôr, in ramt, dêr’t de dichter syn gouden aai lizze kin, it wûnder plak fynt. De romte yn it fers is wichtich. As lêzer wolst dy identifisearje kinne mei it lyrysk subjekt. In skôgjend each is nijsgjirrich en likegoed ek in beskate driuw. Elts wurd moatst leauwe. Sa net, dan hellet it de blomlêzing net. In bytsje gûchelje mei taal is ek moai meinommen en fersen dy’t ritmysk en metrysk goed yninoar stekke krije in foarkarbehanneling.

AV:

Jawis: ús kar is ek subjektyf. Dêr ûntkomt gjin blomlêzer, gjin kritikus, gjin resinsint oan. Mar it is ek dúdlik dat der in ferskil bestiet tusken, oan de iene kant, in subjektiviteit dy’t berêst op in beredenearre kar dy’t mei arguminten nei foarren brocht wurdt, en, oan de oare kant, in subjektiviteit dy’t him fundearret op it ‘dat fine wy no ienris moai’ autoriteitsbegjinsel. Ik haw hjirboppe al wat sein oer wat yn myn eagen de ‘bêste’ (of nijsgjirrichste, of opfallendste) gedichten binne: dat binne dy fersen dy’t safolle mooglik mooglikheden fan de taal en de ferbylding sprekke litte. Ik sil minder faak de foarkar jaan oan in fers dat driuwt op ien idee of ien anekdoate, as oan in fers dat behalve it formulearjen fan in idee ek noch oare talige eigenskippen syn gerak besiket te jaan. Miskien mislearret soks wolris heal en heal. Of miskien hie der yn dit of dat fers wol mear sitten. Mar de ambysje telt ek mei. Ik hâld fan fersen mei in dúdlik dekor, in romte. Ik hâld fan fersen dy’t mei de taal boartsje. Ik hâld ek fan refleksive fersen dy’t har rekkenskip jouwe fan harsels as keunstprodukt en fan de kultuer en de sosjale posysje fan de taal dêr’t se yn funksjonearje.

*
Kritisy ûntfange steefêst antologyen as nolens volens skoalboeken dus de facto kanonisearring en generaasjes fan ferfeelde skoalbern. Wat dogge jimme om de skoalbern te rêden fan út it rút sjen, deidreamen & in libbenslange hekel oan poëzy?

EK:

De leafde fan taal wurdt yn elts gefal fêstlein yn dizze blomlêzing. Oft de bern der in bek op sette, dat leau ik net. It is ús taak net om bern derby te belûken, al bin ik net te beroerd om ris in workshop te dwaan. It giet om de yntrinsike motivaasje en om it ûnderwiis, dat folle mear oandacht oan it Frysk besteegje kin.

AV:

Wy hawwe net in skoalboek gearstalle wold en miene ek net dat wy dwaande binne mei in kanonisearringsoperaasje. Wy hawwe nei ‘goede’ gedichten – yn ús eagen – socht en ik leau net dat soks dalik in resept is foar ferfeling, net foar skoalbern en net foar de oefene poëzylêzer. Krekt oarsom: de kar foar keunst en kwaliteit soarget foar in spannende ûntdekkingstocht. Ja, wy hawwe wol in hiëargy oanbrocht. Yn dy sin dat de iene dichter mear fersen taparte krigen hat as de oare. It rint fan 1 oant 6 fersen de dichter, wat ferlike by eardere blomlêzingen lykas de Spiegel in relatyf egalitêre en demokratyske beneiering sjen lit. Mar ek wy ûntkomme der net oan om te konstatearjen dat de iene dichter no ienris yn ús eagen mear ‘goede’ gedichten publisearre hat as de oare. Dat hat net inkeld mei ús ynset op keunst en ús beredenearre ‘smaak’ te krijen, mar ek mei de mearsidichheid fan de dichter en de omfang fan syn of har oeuvre yn it keazen tiidrek fan de blomlêzing.

Troch te kiezen foar gedichten út de perioade 2000-2020 komme fansels de dichters dy’t al foar 2000 in belangryk part fan har oeuvre byinoar skreaune, oan de krappe ein. Dat neidiel is ynherint oan de opset en de klam op relative hjoeddeistigens. As ús blomlêzing in kanonisearjende wurking krije sil, dan moat dy kanttekening der wol by makke wurde. Us blomlêzing seit dêrom net sasear wat oer dichters as wol oer gedichten, oer poëzy, en mear yn it bysûnder de ‘nijste’ Fryske poëzy. Dat wy dy nijste Fryske poëzy fan 2000 ôf sjen litte, hat wat arbitrêrs – in symboalysk begjinjier, de nije ieu – en dêrmei wat kommersjeels as achtergrûn, dat is wier. Likegoed tinke wy dat it jier 2000 symboal stean kin foar in fûneminteel oare ynformaasje- en kultuermaatskippij, as begjinpunt fan de brede opkomst fan ynternet en digitalisearring. Dy opkomst hat net inkeld de ‘selspublikaasjes’ mooglik makke fia drokbesochte ynternet­platfoarms mar ek de mooglikheden oanmerklik fergrutte foar oerheden, organisaasjes en bedriuwen om kultuer te kommersjali­searjen en foar eigen doelen yn te setten. Koartsein: it skied tusken poëzy as keunst en gedichten as entertainment is ûnder druk kommen te stean. Ik sjoch ús blomlêzing ek as in manifest dat dy ûntjouwing tsjingean wol. Ik pleitsje foar it meitsjen fan skerper ûnderskied.

*
Mei in kommersjele antology ferheffe jo jo ta de hegemony: út in statusposysje wei, mei in elegante útjouwer en erkende sake­partners, (be)fêstigje jo de smaak fan de boargerman dy’t aansen it boek keapje moat. Hoe ferhâldt him dy opfieding ta goeie smaak mei keunst? Wat is yn jimme eagen keunst en hoe draacht in antology fan poëzy út it ferline by oan de keunst fan de takomst?

EK:

Keunst is foar my it net sichtbere/sisbere, sichtber/sisber meitsje. De keunst lit dy mei nije eagen nei de wrâld sjen. It is bûtengewoan, ordinêr, dwylsinnich, tipelsinnich, ôfwikend, eigen. It lûkt him gjin byt oan fan de (goede) smaak. In antology fan poëzy kin in neislachwurk wêze of in wurk dêr’t in jonge, nije generaasje dichters wer ynspiraasje út helje kin.

AV:

Ik mei yndied hoopje dat de ‘boargerman’, al wit ik net krekt wa’t dat is, syn smaak beynfloedzje litte sil troch de gedichten dy’t wy opnimme. Net inkeld om’t ik tink dat dy gedichten, dy samling fan ús, de nijsgjirrichste kanten sjen lit fan wat der allegear yn it Frysk wol net byinoar dichte is de ôfrûne tweintich jier. Mar ek om’t ik tink dat dy samling dúdlik makket dat der in ferskil is tusken it keunstfers en it gelegenheidsfers (watsto neamst it ‘populêre positiviteitsfers’). Dat lêste fers kin ek goed yninoar sitte, in foarm hawwe, in idee kommunisearje, mar it mist wat dat de lêzer optilt nei in oare diminsje en delset yn in lyts wrâldsje fan tekstuele needsaak. Keunst nimt safolle mear (om)wegen nei dy needsaak. Dy reis te meitsjen ferget fan in dichter behalve de faak neamde mar oerskatte jeften as ynfal en ynspiraasje foaral ek algeduerige oefening op in eigen toan en fisy, kennis fan techniken, tawijing oan it ambacht, taalmacht. Dêr op te wizen, krekt dat is yn it audio­fisuele tiidrek fan blog, Facebook en Instagram in funksje fan ús blomlêzing dy’t bydrage kin oan de takomst fan Fryske skriftlike poëzy.

Mear fan Elmar Kuiper

Eeltsje Hettinga kriget de Gysbert In resinsje fan it bekroande wurk: ‘Subtiliteit is fier te sykjen.’
Holiday Inn Fragmintsje fan Elmar Kuiper
Business Park
It ferhoar Ienakter fan Elmar Kuiper
Haagsma en Gurbe Ienakter fan Elmar Kuiper
Autonomy is in posysje under fjoer fraachpetear mei Elmar Kuiper
Widnersbonkje Fersen fan Elmar Kuiper
Kaleidoskopyske blik op it resinte Fryske fers Nije poëzyblomlêzing!
‘Dream’ en oar arbitrêr barren De romte is keal. In pop draacht in pak fan Gucci. Eva sûget …
Tút fan Judas Politike Haiku I
1 2