
Poëzy
Kosmysk
Doe’t skodzjend fan de oerknal noch
de loft rûnom de skyl
it rûge oerflak skruten duts
gie lûd sonoar en yl.
Yn ’t blanko ûnbeheind begjin
atomen botsten blyn
as hong it libben derfan ôf—
Dochst ticht dyn dakgerdyn.
Yn dat hielal treau sapiens earst
mei einepikefel,
mar ringen as rûtinesaak
de ûnderskepsels del.
Tss, wa’t syn rol as kosmysk sjocht:
in swetser, seisto en
de rêst giet yn ’e blêdblaasgûl
fan bûtendoar ferlern.
Mear fan Friduwih Riemersma
I hate to say I told you so Oer Kulturele autonomy fan Pier Boorsma |
De macht fan de harker: It oeuvre fan Jaap Veenstra Yn 1986 komt der in lyts read dichtbondeltsje út |
Unwittenskiplik en propagandistysk Skôging fan De Friese identiteit volgens het Fries burgerpanel |
Oer de biografy Stel, jo skriuwe in biografy, oer de Fryske beweger Jelle Hindriks Brouwer. Jo ha noch nea in biografy skreaun |
Us eangst om it doel nea te berikken Besprek fan De Fries die in de toekomst sprong fan Huub Mous: Sjarmant is de irony dat er nostalgysk is oer in beweging dy’t besocht alles nij te meitsjen. |
Wachtsje op de lêste debutant? Untjouwingen yn it útjaan fan Frysktalige poëzij, 2005-2016 |
Wolkom yn Fryslan! Noch leit de oprôle fûst fan ’e buorren/ driigjend tsjin harren sûnder hûs en hiem. |
Mear en better skreaun Frysk: Troch social media en Google Translate! |
Us taalbehearsking Gewoanlik wurde surveys, oftewol enkêtes, brûkt om te sjen oft in feroaring súksesfol wie en dat hat de Fryske Akademy dan ek dien. |
Taalatlas 2015 De Provinsje liicht mei de Taalatlas 2015 himsels en oaren foar |