
Poëzy
Kosmysk
Doe’t skodzjend fan de oerknal noch
de loft rûnom de skyl
it rûge oerflak skruten duts
gie lûd sonoar en yl.
Yn ’t blanko ûnbeheind begjin
atomen botsten blyn
as hong it libben derfan ôf—
Dochst ticht dyn dakgerdyn.
Yn dat hielal treau sapiens earst
mei einepikefel,
mar ringen as rûtinesaak
de ûnderskepsels del.
Tss, wa’t syn rol as kosmysk sjocht:
in swetser, seisto en
de rêst giet yn ’e blêdblaasgûl
fan bûtendoar ferlern.
Mear fan Friduwih Riemersma
Dus do tinkst datst skriuwe kinst It Skriuwersboun mient dat se de P.C. Hooftprijs net earlik ferdiele |
In Ried foar de Keunst Keunstbestjoer kin net sûnder in offisjele, ûnôfhinklike, selsstannige, saakkundige advysried |
Brulloft, s. de [útfeart] oerlis oer in Gysbert-reglemint |
Keunst is altyd polityk (podcast) Gerrit Breteler oer synergy mei it publyk |
It sweverige wurd ‘spiritualiteit’ (podcast) Marty Poorter wol net útlizze |
Mimesis (podcast) Keunst is gjin keunstsjes, seit Elmar Kuiper |
Keukenstafelpetearen de alderearste fryske keunstpodcast |
Kom ta de saak, Gysbert! Kleare prosedueres en trochsichtich belied binne essinsjeel foar betsjuttingsfol engaazjemint fan it grutte publyk. |
Autonomy is in posysje under fjoer fraachpetear mei Elmar Kuiper |
De Hylkje Goinga Priis foar Frysktalige Literatuer In trochstart fan de fallite Gysbert! |