
Poëzy
Kosmysk
Doe’t skodzjend fan de oerknal noch
de loft rûnom de skyl
it rûge oerflak skruten duts
gie lûd sonoar en yl.
Yn ’t blanko ûnbeheind begjin
atomen botsten blyn
as hong it libben derfan ôf—
Dochst ticht dyn dakgerdyn.
Yn dat hielal treau sapiens earst
mei einepikefel,
mar ringen as rûtinesaak
de ûnderskepsels del.
Tss, wa’t syn rol as kosmysk sjocht:
in swetser, seisto en
de rêst giet yn ’e blêdblaasgûl
fan bûtendoar ferlern.
Mear fan Friduwih Riemersma
Wa is wa? Yn Omstreken fan Eppie Dam |
In sjarmante mjuks fan kontradiksjes In Memoriam Josse de Haan, 20 January 1941 - 31 October 2020 |
Adieu oan in humanistyske dichter In Memoriam Jaap Veenstra, 17 March 1959 - 31 October 2020 |
Ensafh docht literere priis sunder sjueryrapport Alwer in nije literêre prizespûster yn ’e Fryske belletry. |
Keunst om ’e keunst Keunst om ’e keunst is ûnmooglik, ûntminskliket en neutralisearret de ynhâld fan keunst. |
Help mem, der sit in korona under myn bed! Fryske kranten yn panyk smite literatuersjoernalisten derút? |
Rely hat us by de poat De literêre priis hat sels gjin skyn fan earlikheid |
Déjà lu Fjoertoer yn it wâld fan Arjan Hut |
Nije bylden! & de rol fan de keunstner |
“Wa is dy wite man?” Lilkens om ‘Floyd’ bemantelet handich ús eigen rassistysk geweld |