
Poëzy
Kosmysk
Doe’t skodzjend fan de oerknal noch
de loft rûnom de skyl
it rûge oerflak skruten duts
gie lûd sonoar en yl.
Yn ’t blanko ûnbeheind begjin
atomen botsten blyn
as hong it libben derfan ôf—
Dochst ticht dyn dakgerdyn.
Yn dat hielal treau sapiens earst
mei einepikefel,
mar ringen as rûtinesaak
de ûnderskepsels del.
Tss, wa’t syn rol as kosmysk sjocht:
in swetser, seisto en
de rêst giet yn ’e blêdblaasgûl
fan bûtendoar ferlern.
Mear fan Friduwih Riemersma
Sjonge wy it út, ja of nee? Gerrit Breteler oer de frije poadiumkeunst en de populismepandemy |
Homo-stigmatisearjen is wer en vogue Of, LGBTQI as hannelswaar |
Untsnappe yn schadenfreude Hoe’t Syds Wiersma de pandemy opfleuret |
Tút fan Judas Politike Haiku I |
Postoarderpoëzij “Bear me, some God! oh quickly bear me hence/ To wholesome Solitude” |
Limoenen is min oan te kommen Fersen |
Gjin formalisme om ’e nocht It lyryske wurk fan Douwe Tamminga |
Limoenen is min oan te kommen Fersen |
Dekadintisme Oer de poëzy fan Elske Kampen |
De Swarte Hûn sil sjonge Oer de fersen fan Les Murray – dy’t oerset wurde sille troch Eppie Dam |