
Poëzy
Kosmysk
Doe’t skodzjend fan de oerknal noch
de loft rûnom de skyl
it rûge oerflak skruten duts
gie lûd sonoar en yl.
Yn ’t blanko ûnbeheind begjin
atomen botsten blyn
as hong it libben derfan ôf—
Dochst ticht dyn dakgerdyn.
Yn dat hielal treau sapiens earst
mei einepikefel,
mar ringen as rûtinesaak
de ûnderskepsels del.
Tss, wa’t syn rol as kosmysk sjocht:
in swetser, seisto en
de rêst giet yn ’e blêdblaasgûl
fan bûtendoar ferlern.
Mear fan Friduwih Riemersma
Joke Corporaal har ûntmoedigjen fan de froulike skriuwers 1:4 Gysbert Japicxprizen |
Betsjuttingsfolheid yn de poëzy Poëzy giet oer betsjutting. Sa’t skilderkeunst giet oer ôfbyldzjen en muzyk oer gefoel … |
Wêrom’t De achttjin him wol wint Dat in boek in literêre priis takend krijt om’t it de supernova is boppe in beskaat jier/lân/korpus, is in lang efterhelle misfetting … |
In mûlfol treast foar de majesteit (Ferhalen) Pechdei |
Mar trije persint?! Oer it Letterefûns syn (earlike) subsydzjetakenning oan de Fryske literatuer |
Vesuvio fers |
In mûlfol treast foar de majesteit (Ferhalen) Fisk |
In memoriam Hessel Miedema 1929-2019 |
In mûlfol treast foar de majesteit (Ferhalen) Oppas |
In mûlfol treast foar de majesteit (Ferhalen) Elektrisien |