
Poëzy
Kosmysk
Doe’t skodzjend fan de oerknal noch
de loft rûnom de skyl
it rûge oerflak skruten duts
gie lûd sonoar en yl.
Yn ’t blanko ûnbeheind begjin
atomen botsten blyn
as hong it libben derfan ôf—
Dochst ticht dyn dakgerdyn.
Yn dat hielal treau sapiens earst
mei einepikefel,
mar ringen as rûtinesaak
de ûnderskepsels del.
Tss, wa’t syn rol as kosmysk sjocht:
in swetser, seisto en
de rêst giet yn ’e blêdblaasgûl
fan bûtendoar ferlern.
Mear fan Friduwih Riemersma
‘wat bin ik sels, wat is in oar’ It oeuvre fan Sjoerd Spanninga |
Any other outcome I refuse It ôfslútpraatsje fan kulturele haadstêddirekteur Van Bekkum |
Brekkend! Webside Beammeboek stilset In moanne lyn koene wy de webside fan de nijste kanonassimblaazje, Salang’t de beam bloeit, al net fine. |
Tsjinwynkronyk 2018 #3 It tredde fearnsjier fan it kulturele haadstêdfoarfal ken it morele lok fan prachtich simmerwaar en toeristesprieding … |
Tsjinwynkronyk 2018 #2 It twadde fearnsjier fan it kulturele haadstêdfeest, it maitydsseisoen, is wannear’t de ferdivedaasjeflaggen plante wurde moatte yn it kulturele wapenkamp |
Pentastich foar A De dichter syn frou / Draaft oer de krytstreek |
Sekssênes út Bist al hast klear? ‘Hin, midslibbenkrisis? Jong jonkje foar derneist om de takom njoggenentritich jierren kinky te meitsjen, sportwein en tada! Keunstfraude!’ |
‘Ik stean der net yn, do wol?’ Oer Salang’t de beam bloeit: Koarte skiednis fan de Fryske literatuer |
Sekssênes út Bist al hast klear? Hy hat de royale selswissens en body-mass-index fan in tweintiger mei tefolle jild. |