Libbje stearleas, rijke tonge! Libbje, Gijsbert!*
It profesjonele fjild as spil tusken literere prizen en kultureel kapitaal
At last the Dodo said, ‘EVERYBODY has won, and all must have prizes.’Lewis Carroll, Alice’s Adventures in Wonderland, 1865
Stel ik hie de Gysbert Japicxpriis wûn!
Nea hie ik myn wurk sjoen as in mei in priis te beleanjen objekt. Nea hie ik myn skriuwerskip konsipiearre as súkses en falen yn in hurddraverij nei de top dêr’t mar plak is foar ien. Nea hie ik fernommen dat myn bioLewis Carroll, Alice’s Adventures in Wonderland, 1865logy op kompetysje rjochte wie. Mar de takende priis makke dat earst de testosteron my troch de ieren streamde, sadat de foarkar foar de stille iensumens fan myn freedsume bureau omsloech yn de oandriuw om te triomfearjen yn it striidperk en, as wie ik yn in fysyk man-tsjin-mangefjocht tsjin in weardige antagonist oerein bleaun as de earlike oerwinner, kentere yn de bekrûping om myn wolfertsjinne plak op te easkjen heech yn de Gysbert-hierargy, ynstee fan romleas nei de boaiem te sinken. Fuort dêrnei berikte de dopamine myn harsens. De ûnderfining fan de wille, it gelok, de hiele opwining fan fiktoarje—fermeardere troch de foar de losers allyksa wolfertsjinne kwel fan de delslach
Nee, sa gie it fansels net. Nee. Hoe hiene se it yn har holle helle om my dy priis te jaan?
De autoriteit dy’t de Gysbert Japicxpriis útrikt is de provinsje Fryslân. Ein 1946 hat Deputearre Steaten oan Provinsjale Steaten útsteld om in jierlikse Fryske literêre priis yn te stellen. Dat útstel wie net ynlústere troch de muzen. It Ald Selskip hold yn de njoggentjinde ieu al literêre, romantysk-nasjonalistysk kleure wedstriden en nei’t de ûnder Dútsk bewâld ynstelde Harmen Sytstrapriis in smet op de Fryske literatuer smiet, moast de oerheid wol sa gau mooglik in nije, respektabele priis betinke. Dy krige de ferheven namme Gysbert-Japicx-priis en wie ôfwikseljend foar proaza en foar poëzij. Want, stie yn de Ljouwerter Krante, “Gedep. Staten meenen op deze wijze te kunnen meewerken het algemeene peil van de Friesche literatuur nog belangrijk te verhoogen.” By beslút fan Deputearre Steaten—in sjuery foar de priis wie der noch net—wie de earste winner Obe Postma.
De Kommissaris fan de Keninginne dy’t yn Ljouwert oanwêzich is merkt dan op dat er bliid is dat de provinsje him ynset foar befoardering fan de kultuer en dat de priis wurket as stimulearring, mar dat dy foar de 79-jierrige Postma “dochs net nedich” is. Dêr hie de Kommissaris gelyk oan; yndividuele stimulearring wie net it doel want krige yn ‘47 in hast-deade skriuwer de priis, yn ‘48 waard dy postúm útrikt. It gie neffens de Kommissaris om in bekroaning fan it wurk fan de dichter mar “ek fan dizze greate gelearde.” It koe hast net oars as de Fryske Akademy hie de provinsje op it mêd fan de winner fan de it eigen Fryske ekwivalint fan de PC Hooftpriis advisearre—lês: de winner oanwiisd. Dat soe noch jierrenlang de praktyk bliuwe. Mar de Fryske Akademy koe dochs net my...
De provinsje jout gjin antwurd; dy wit net hoe’t it takennen fan harren eigen Fryske literatuerpriis giet. Yn 1949 wie der neffens de krante sprake fan in advyskommisje. Dat ynstitút bestiet no noch, mar googlejen nei de kommisjeleden leveret, foar wa’t it paad net wit, krekt nei lang oanhâlden nammen op, mar noch gjin funksjes. Fierder sykjen liedt ta in feromming; de foarsitter fan de advyskommisje 2015 blykt in boargemaster te wêzen. By it takennen fan de priis is partijpolitike neutraliteit garandearre. Mar oft boargemasters ferstân ha fan literatuer is net dúdlik en ek net oft saakkundigens winsklik is by it advisearjen, want de nijste provinsjale kultuerferoardering, fan 2003, seit inkeld dat der ‘fêststelde’ regels foar advysearring en takenning binne, net wat dy ynhâlde. “Bent u dan niet blij met de prijs?” freget de provinsje ynienen. Dat se yn it Provinsjehûs amper Frysk prate wist ik, mar dy fraach hie ik net ferwachte. No, dy tsientûzen... sjoch, de Nobelpriis foar literatuer is in miljoen dollar... dêr soe de Fryske literatuer... as jo begripe wat ik bedoel.
Foar wa of wat binne literêre prizen eigentlik? It standertantwurd op dy kwestje is dat se de literatuer befoarderje. Dat ropt daliks de fragen op fan hoe en wêrom. Prizen yn it algemien hawwe as haaddoel it erkennen en beleanjen fan de prestaasjes fan treflike faklju, om’t oannommen wurdt dat in priis yndividuen bekrêftiget en har fersekeret dat de enerzjy en de muoite dy’t se yn har wurk stopt ha erkend en wurdearre wurdt. It twadde doel is oantrunen ta treflikens, troch twa prosessen, nammentlik it selsûndersyk dat it nominearringsproses op gleed bringt en de dialooch dy’t ûntstiet by it gearstallen en tapassen fan in standertset fan kritearia foar wat goede literatuer is. It tredde doel is de promoasje fan de wearde fan de aktiviteit, om’t se tinke dat in literêre priis it skriuwen sjen lit as in hegere hanneling en it boadskip útstjoert fan berettens ta treflikens. Fierder moatte prizen de útrikker publisiteit jaan en nominearren moatte rolmodellen foarmje. Opfallend yn de rige fan doelen binne de stridige oannames oer de psyche fan de nominearren: fersekerjen en dochs selsûndersyk, yndividueel bekrêftigjen en dochs dialooch, muoite nettsjjinsteande treflikens? En sa’t in nominearre sei: “Op de útrikking giet it inkeld om de jurk.”
As offisjeel doel fan prizen wurdt it net faak neamd, mar ek wurdt wiisd op it ekonomysk effekt derfan, in effekt dat tanimme soe as it wurk tagelyk nominearre is foar mear prizen, lykas Libris, AKO en Gouden Boekenuil. De Prix Goncourt, mei syn symboalyske beurs fan tsien euro, liket elk jier de ferkeap op te driuwen nei in oplaach fan 300.000 of 400.000. Mar ûndersyk nei de belangrykste literêre priis fan de wrâld, de Man Booker Prize, lit in negatyf effekt op de populariteit fan de boeken sjen. Dat komt om’t de kritisy de boeken opnij besprekke yn it ljocht fan de nominaasje en dan in ferskil sinjalearje tusken goed en goed genôch foar de Booker. Boppedat, wat is it befoarderjen fan ‘de literatuer’? Saul Bellow sei al lang lyn oer de Pulitzer Prize dat dy hielendal net foar de pullets wie, mar inkeld de grutte fûgels noch grutter makke. Foar alle dúdlikheid: oft literêre prizen effekt ha wit men net. Kausale effekten binne inkeld fêst te stellen mei in eksperimint en net oars.
Kritysk selsûndersyk en dialooch, fan de hiele priisorganisaasje en net just of inkeld fan de nominearren, binne like ûnmisber as net ôf te kearen. Oer de wiere priiswinner wie al spul by de earste literêre prizen út de westerske skiednis, by de âlde Griken yn har troch wedstriid definiearre kultuer fan fiif ieuwen foar Kristus. Want sa’n ienfâldich oardiel as oer it wrakseljen lieten de trageedzjes fan Sofokles en Euripides net ta: hoe koe oardiele wurde oer literêre wearde? En wat is wearde? Of foar wa? Sa merkt de Ljouwerter Krante flak foar de alderearste Gysbertútrikking op: “[H]wat dêr forhakstûke wurdt, giet jin ornaris dochs boppe de pet.” It probleem is net dat analyze en debat ûntbrekke, it is dat dy net prinsipieel mar pragmatysk binne; se slute yntellektuele en artistike stânpunten út en mikke op praktyske oplossingen. Mar op de publyksprizen dy’t om reden fan it ‘boppe de pet gean’ gauris ynsteld waarden kaam ek krityk, want prizen soene kwaliteit beleanje moatte en net oantreklikheid foar de massamerk.
Trije oare faak hearde, mei-inoar ferbûne klachten binne earst dat de liberaal-sosjale aginda fan kulturele ynstitúsjes it estetyske kritearium—bepriizge literatuer moast útljochtsje yn skientme—ferfong troch dat fan represintaasje, fan gender, klasse, ensafuorthinne. It stribjen nei in gelikense kâns op in literêre priis foar bygelyks in frou waard geregeld troch inoar helle mei tagonklikens: elkenien moast winne kinne. Twad binne kultueren net homogeen en dy netbesteande homogeniteit wol as polityk útgongspunt te nimmen liedt ta middlebrow culture, oftewol de ambivalinte bemiddeling fan hege kultuer yn it fjild fan de massakultuer. Tred soene der fiersten tefolle literatuerprizen wêze, mear prizen as talint. De prize-yndustry, dy’t by de Griken al bestie, kaam oeral echt op gong yn de jierren santich. Ek yn Fryslân waarden doe mear en hegere prizen bepleite, faak om it sosjale ideaal mar ek om’t it by de tiid hearde. “What’s with all these awards?” seit de held yn Woody Allens film Annie Hall út ‘77. “They’re always giving out awards. Best Fascist Dictator: Adolf Hitler.”
De nije Fryske literatuerprizen, lykas de yn 1984 troch de provinsje ynstelde Fedde Schurerpriis en Fedde Schurer Publykspriis, harren ferfanger de Douwe Tammingapriis en de Rink van der Veldepriis út 2003, feroaren de rol fan de Gysbert Japicxpriis foar de literatuer. Mar de fraach oft in priis, of in priiskultuer, überhaupt wol wurket as middel foar literatuerbefoardering waard doe net steld en no eigentlik noch net. In “ja” op dy fraach soe in priis(kultuer) noch net rjochtfeardigje, want dat is krekt it gefal as der ek gjin bettere manieren binne om literatuer, wat dat ek is, te befoarderjen—hjir kom ik strak op werom. Mar in parallel mei de Nobelpriis foar de Frede, dy’t de frede net befoarderje sil mar wol útrikt wurde moat, lit sjen dat it ek net de wichstichste fraach is om te stellen. It giet om it omtinken foar elemintêre minsklike rjochten en goeden. Mar ‘goed’ omtinken makket de kulturele relaasjes nammerste wichtiger; it makket it nammerste wichtiger wa’t de literatuer hifket, of om presys te wêzen, út wat foar kulturele groep it sjuerearjend ynstitút bestiet, en wa’t de sjuery besiket te betsjinjen. Prizen en sjuerybeoardielingen binne te beskôgjen as manifestaasjes fan “it spul fan de kultuer” dêr’t neffens sosjolooch Pierre Bourdieu “gjin wei út is.” Dat noeget derta út om myn gebrûklike hún yn te slokken, al mist de organisaasje Gysbert Japicxpriis alle foarmen fan ferantwurdlikens en transparantens dy’t by in demokrasy hearre, en om mear systematysk te ûndersykjen wat de “regels fan de keunst” binne. Hoe funksjonearret in priis, yn smelle sin as in symboalysk objekt dat it kultureel kapitaal fertsjintwurdiget, lykas ekonomysk kapitaal solvearre wurdt yn jild, en yn bredere sin as in apart ruilmiddel mei syn eigen útfieringsregels, eigen útfierders en aktoaren en eigen skiednis en takomst yn it maatskiplike en kulturele fjild. En wat ís it winnen fan it kultuerspul? It liket der ommers op dat de wichtichste partij, dy fan de literators, hieltyd mear bûtenspul set wurdt.
Der binne—lestich hurd te meitsjen—oanwizingen dat skriuwers dy’t subsydzje oanfreegje skriuwe wat se tinke dat de subsydzjejouwer foar eagen hat by ‘literatuer’. Kollega’s fan my ferûnderstelden bygelyks dat de provinsjesubsydzje foar myn biografy it earlik beskriuwen ferhinderet fan negative uteringen fan de biografyske held oer de provinsje. It is de provinsje dan wol ferbean om ynhâldlike easken oan it subsidearre produkt te stellen, mar sichtbere trou oan it gesach soe de kâns op nije subsydzjes ferbetterje. Oarsom freegje kollega’s gjin subsydzje oan foar kontroversieel wurk om it mispleatste idee dat men net bite mei yn de hân dy’t jin te iten jout.
Kulturele sensuer en selssensuer binne net per se en net inkeld it manko fan in oerheidssubsidiearre kultuer. Doe’t hûndert jier lyn de oerheid him noch net of amper foar Fryske literatuer ynsette streamlinen de ferskate bewegersorganisaasjes de ynhâld fan de keunst en ek it takennings- en erkenningsbelied. Dat bleau noch lang sa en op himsels wie it net slim. De Fryske Akademy wiisde foar de provinsje de Gysbertwinner oan dat koe ek net oars. It iepenbiere libben wie noch amper op oarder, guon deistige fiedingsmiddelen wiene op de bon en bleaune dat noch jierrenlang, guon skriuwers hiene noch in publikaasjeferbod. Yn dy kontekst fielde de beweging syn ferantwurdlikens. De funskjonarissen fan de Fryske Akademy, lykas mei-oprjochter Jelle Brouwer, skreaune leechdrompelige propaganda foar de priis en de derom hinne ynstelde Fryske Boekewike; alle minsken moasten komme, keapje en lêze, om’t se Friezen wiene. Op de earste útrikking Gysbert Japicxpriis wie de siktaris-generaal fan it ministearje fan U.K. & W. oanwêzich, de NCRV hie in útsjoering op Hilversum 2, op prime time fan healwei achten oan kertier foar achten, en de priis luts safolle minsken nei de Boalserter middenstân dat de gemeente oan de provinsje frege oft de priis tenei elk jier yn it stedhûs fan Boalsert útrikt wurde koe. De Gysbert Japicxpriis wie in politike priis, nammentlik in bewegerspriis, mar troch de seremoanje om de priis hinne, dy’t de takenning breed droegen en de Fryske literatuer ta in mienskiplik doel makken, is de literêre priis yn dy foarm te beoardieljen as kultuerbefoarderjend.
De hjoeddeiske konklúzje dat foar Friezen de Fryske literatuer ‘no ienris’ gjin mienskiplik doel mear is giet foarby oan de kompleksiteit fan de wearden en organisaasje fan kultuer. De hâlding fan de boarger is net de oarsaak fan in situaasje mar it effekt fan in oare situaasje. Skuldigen binne net oan te wizen; it probleem fan no is de organisaasjestruktuer dêr’t de bewegersklups mei de polityk ferfrissele binne.
Begjin maart hie de advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis de longlist klear, mei boeken “mei in literêr karakter, dy’t aventoerlik en fernijend skreaun binne en de rikens fan it Frysk dúdlik sjen litte.” Aventoer en fernijing binne gjin betingst foar kwaliteit en it lêste is gjin literêr mar in taalkritearium, mar yn dizze anekdoate giet it dêr net om—it giet om wa’t wa kultureel betsjinnet. It omtinken yn de media gie inkeld út nei it barren fan de longlistpresintaasje, net nei de tolve literêre wurken derop; Ensafh skreau amper wat en De Moanne hielendal net. De winter gie, de maityd kaam, de earste moaie simmerdei ferdreau de lêste spoaren fan Gysbert fan de aginda’s. Op 22 maaie krigen de tolve nominearren op de longlist ynienen post fan De Moanne. Se mochten, foar de webedysje fan De Moanne, yn 140 tekens har eigen nominearre wurk beskriuwe en fertelle hokker auteur har literêre held is en dat binnen fiif dagen, want op 1 juny soe de shortlist komme en de longlist ferfange. Ik soe twivelje, ik soe witte hokker mei-nominearren ek twivelen, ik soe foarsizze kinne hokker konsulinten fan mei-nominearren, konfrontearre mei deselde fraach as mines, skodholje soene: “Nee wisnet, net op yngean.” Mar as De Moanne sa kreatyf is om in prachtige test foar skriuwerskip te ûntwerpen, in reklametekst fan 140 tekens yn fiif dagen tiid, dan moat men dat beleanje, tocht ik, en ik mailde 24 tekens werom: “Smakket nei echte kofje.”
Dan soe bliken dwaan dat mar njoggen fan de tolve nominearren op de útnoeging fan De Moanne yngien binne, dat dy njoggen har der noch mear fan ôfmakke hawwe as ik, dat se sa kreas as hiene se oerlis hân de deade eksistinsjalisten, Russen en oare net-Fryske literêre martlers ûnder inoar ferparte ha, en dat De Moanne de side mei de longlist ûnfynber weistoppe hat. Koartsein, De Moanne wie net kreatyf, mar hie deagewoan de ôfspraak fergetten om de longlist te publisearjen—in ôfspraak mei de organisaasje wol te ferstean, net mei de nominearre auteurs of mei harren fertsjintwurdigers. It publyk wurdt mei 140 tekens hielendal net betsjinne en dat hat grif nea de bedoeling west.
Yn it ideaalmodel fan de wearden fan kultuer fan kultuerwittenskipper John Holden hâlde trije groepen dy’t in rol spylje yn de kultuer, politisy & beliedsmakkers, publyk en profesjonals, inoar yn lykwicht. Elke groep hat foarkar fan ien fan de trije komplemintêre kulturele wearden dy’t in oerheidsfinansiere kultuer skept. Foar it publyk is dat de yntrinsike wearde. Taskôgers of lêzers binne yntellektueel en emosjoneel ynspirearre troch har subjektive ûnderfining fan kultuer. Politisy jeie de ynstrumintele wearde fan kultuer nei. Kultuer is foar har in maatskiplik ynstrumint dêr’t de wearde fan definiearre is as de bydrage dy’t it leveret oan de ekonomy of it algemien wolwêzen. De profesjonals rjochtsje har op ynstitúsjonele wearde, wat—it Latynske instituere betsjut begjinne, bepale of oplosse—de organisasjonele wearde ynhâldt dy’t fuortbrocht wurdt troch profesjonele organisaasjes dy’t meitsje dat kultuer in mear effektive rol spylje kin in de maatskippij.
Ynstitúsjonele wearde bringt de koarte-termyn sosjale wearde dy’t politisy sykje en de subjektive, yntuitive wearde dy it publyk neistribbet by-inoar en kin dêrom sjoen wurde as de lange-termyn wearde dy’t de maatskippij fierder bringt troch de kultuer. In te sterke rol fan it publyk, bygelyks troch in ientwaatsje fan polityk mei it publyk lykas by it Fries Museum en KH18, liedt ta museums en konserten as plakken fan ûnderfining. Mar dy ynstellingen moatte fuortbringers fan wearde wêze, foar elkenien; se moatte plakken wurde fan bourdieuaansk kultureel kapitaal. De profesjonals krije, njonken publyk en politisy, yn de measte kultueren lang net de erkenning en it betrouwen dat se fertsjinje en se spylje gjin fan de polityk—of it publyk—ûnôfhinklike rol. Yn Fryslân is histoarysk-letterkundich sintrum Tresoar mar ien fan de útfierders fan it provinsjale Gysbert Japicxbelied, mar de funskjonaris literatuerbefoardering fan Tresoar wit sels ûnderwilens folle better hoe’t men fan in priis in wiere kultuerbefoarderer makket.
“Waar zou u wel blij mee zijn?” frege de provinsje, like ûnfertocht as earder.
Resinsjes! Yn tweintich jier is de resinsjeromte yn kranten en tydskriften mei sa’n tachtich persint ôfnommen. Oars as wy earder tochten hawwe de online media dat net goedmakke, om’t dy leafst it papieren foarbyld folgje fan de kwantitative beoardieling mei ien oant fiif stjerren en tekst inkeld as koarte kwalitative taljochting dêrop. Kwantifikaasje fan keunst is ûnsinnich en mei de Fryske literatuer engazjearre en by de skriuwer belutsen, yngeande, intelliginte besprekken binne der hast net mear. Ek oare manieren om literatuer te befoarderjen binne fuortfallen. Wylst fêststiet dat foar literatuerbefoardering sichtberens fan boeken en lêzen en lêsûnderfining beide belangryk binne, slute iepenbiere bibleteken of wurde multifunksjonele sintra. De Fryske Boekewike, hoewol’t dy troch de ekstra mediaromte en it direkte kontakt fan boek en skriuwer mei it publyk kultureel en ekonomysk hiel effektyf wie, ferdwûn. Literatuerbefoarderjen opfette as ynspanning om de literêre kwaliteit te ferheegjen freget op it foarste plak om bettere ynstruksjeprogramma’s, dy’t net op in Frysktalich produkt mar op it universele artistike proses rjochte binne. Soks makket wittenskiplik literatuerûndersyk noch winskliker, mar dat wurdt hast net mear dien. Dy uterst ûnferskillige ûntfangst fan ús eigen wurk en fan de Fryske literatuer yn it algemien makket it takennen fan in priis fertocht: in maklik gebear, ús skikking wurdt kocht mei in bos roazen en in doaze bonbons.
Sjueryrapporten! Yn it rapport by de oeuvre-priis fan Durk van der Ploeg yn 2011 stiet gjin wurd oer it haadtema dat de wurken ferbynt. Sa’n omisje is sa soarchlik just om’t er sa maklik út ‘e wei te gean is. De sjueryrapporten fan de Gysbert Japicxpriis binne ûnder de maat net trochdat it te bepriizgjen wurk de advyskommisje foar boppeminsklik lestige fragen set, mar troch noflike sleauwichheid. Dat hat net allinne in negatyf effekt op it prestiizje fan de priis mar ek op it gefoel fan erkenning by de skriuwer.
Seremoanje! De seremoanje om de priis hinne is it belangrykste elemint, as de priis mear wêze wol as in yndividuele beleaning of wurkbeurs en yndie de literatuer befoarderje wol. It resinte taheakjen fan long- en shortlist, dêr’t de advyskommisje yn 2011 al op oanstie mar dy’t de provinsje doe tsjinhold, is hiel weardefol. Private literêre prizen, meastal bedriuwsprizen, dogge it op dit mêd faak better as oerheidsprizen om’t de seremoanje wurket as bedriuwsreklame yn de konkurrinsjestriid. In oerheid hoecht gjin reklame; de konsumint kin mar kieze út ien oerheid. Private prizen binne net perfoarst effektiver as literatuerpromoasje. Essinsjeel foar effektiviteit is dat it publike gesicht fan de priis, dus ien nonprofit organisaasje en priisútrikker, apart bliuwt fan de sponsor dy’t it prizejild, de lean fan de organisators, de seremoanje en oare kostefergoeding finansieret. De PC Hooftpriis wie in steatpriis mar is al hast tritich jier in stichting. It hat in jierliks wikseljende, ûnôfhinklike sjuery, wylst de Gysbert Japicxpriis gjin sjuery hat, mar de priisjouwer, de provinsje, hat in advisearjend orgaan, wat in wrâld fan fersil is. Hoe’t men lid fan dy advyskommisje wurdt is ûnbegryplik foar wa’t The Godfather net bestudearre hat. In âld-advyskommisjelid sei: “Ik waard skille. Se koene my.”
In eigen tagonklike, ynformative, wervjende website, gysbertjapicx.frl, soe in moai begjin wêze fan transparantens. Dêrneist is it foar doelen mei in grut publyk belang net snoad om in lyts tal minsken oan te sprekken. Oligargyen kweekje net inkeld ferset of in apaty dy’t strak by de priisútrikking yn septimber tsjin elk mediabombardemint resistint blykt, mar as men net breed ôffeardiget út publyk en profesjonals is dat skande fan harren ekspertise. De bedriuws-sponsore niche-priis Annual Lambda Literary Awards, de saneamde ‘Lammys’, behelje mear as hûndert frijwilligers út it profesjonele sirkwy by it lêzen, oertinken en mei-inoar disputearjen om ta de kar fan de finalisten te kommen. As dat yn California mei syn slimme analfabetisme kin, slagget it yn Fryslân maklik. Mear lêzers en meibeslissers meitsje dat de Gysbert Japicxpriis in kollektiver en dus effektiver sosjaalkultureel barren wurdt, want sosjale feiten woartelje yn dielde yntinsjonaliteit. Filosoof John Searle beskriuwt de sosjale werklikheid as ien dêr’t kollektive yntinsjes statusfunksjes jouwe oan artefakten en dy yn sosjale feiten feroarje. Stikjes papier funksjonearje as jild om’t it ús yntinsje is dat se dat dogge. Eksperiminten yn it bedriuwsmanagement litte sjen dat in ferantwurdlike kultuer, dêr’t mei-inoar praat en oparbeide wurdt sadat de effektiviteit heech is en dêr’t it meiwurkers in útsprutsen maatskiplike posysje ynnimme en inoar motivearje om de beloftes wier te meitsjen, skept wurde troch in dield doel. Dêrom moatte kultuerprizen just net de yndividuele kompetysjedriuw oanjeie. In oerkoepeljend doel as Fryske literatuer, dat gearwurking fan de ferskillende kulturele groepen en aktoaren easket, moat in dield doel wêze.
De iene kant fan de medalje is dêrom de útwei út de spjalt tusken estetyske wearde—de priis as bekroaning fan it moaiste heech-literêre wurk—oan de iene kant en sosjale rjochtfeardigens
Fierder lêze
Bourdieu, Pierre. The Field of Cultural Production. Essays on Art and Literature. New York, NY: Columbia University Press, 1993. Print.
–––. “The forms of capital.” Handbook of Theory and Research for the Sociology of Education. Ed. John. G. Richardson. New York, NY: Greenwood, 1986. 241-258. Printe.
–––. The Rules of Art. Stanford, CA: Stanford University Press, 1996. Print.
English, James F. “Winning the Culture Game: Prizes, Awards, and the Rules of Art.” New Literary History 33.1 (2002): 109-35. Printe.
Guillory, John. Cultural Capital: The Problem of Literary Canon Formation. Chicago, IL: University of Chicago Press, 1993. Print.
–––. “The ordeal of Middlebrow Culture.” Transition 67 (1995): 82-92. Print.
Hettinga, Eeltsje. “Gysbert en de Frucht fan de Fryske Ynstitusjonalisearring.” De Moanne, 11 Oct. 2011. Web. 1 Jun. 2015.
Holden, John. Capturing Cultural Value: How Culture has Become a Tool of Government Policy. Demos, 2004. PDF file.
–––. Cultural Value and the Crisis of Legitimacy. Demos, 2006. PDF file.
Kovacs, Balazs and Amanda J. Sharkey. “The Paradox of Publicity: How Awards Can Negatively Affect the Evaluation of Quality.” Administrative Science Quarterly 59.1 (2014): 1-33. PDF file.
Searle, John, “Collective Intentions and Actions.” Intentions in Communication. Eds. Philip R. Cohen, Jerry L. Morgan, and Martha E. Pollack. Cambridge, MA: Bradford Books, MIT Press, 1990. Print.
–––. Making the Social World: The Structure of Human Civilization. New York, NY: Oxford University Press, 2010. Print.
–––. The Construction of Social Reality. New York, NY: The Free Press, 1995. Print.
Noaten
* J.C.P. Salverda, út it gedicht “Gijsbert Japix”, 1824.
Mear fan Friduwih Riemersma
Taalatlas 2015 De Provinsje liicht mei de Taalatlas 2015 himsels en oaren foar |
Njoggen en in heale tip oer drave en date en seks Krekt as wy yn kontakt komme mei in bline reizger falt de koartsichtichheid op dêr’t wy it konsept sense of place mei brûke |
De tafel fan Eppie Dam en Gerrit Terpstra ‘Skilderjen is poëzij dy’t mear sjoen as field wurdt en poëzij is skilderjen dat field wurdt ynstee fan sjoen.’ |
De wearde fan poëzij Shelleys ‘In Ferdigening fan Dichtkeunst’ opnij besjoen |
In memoriam Hedzer Oostra It ferhaal fan ús freonskip begjint feitlik trije jier lyn, op sa’n Novembermoarn dy’t troch syn ferfeelsumenshellip; |
In ferdigening fan dichtkeunst Hiemsiik fan Elmar Kuiper, as nomaden in tinten teplak fan Sytse Jansma en Brek dyn klank fan Abe de Vries |
Mytology menear. Jo witte wol werom It Ensafh-Spesjaalnumer ‘Germanen yn de Fryske literatuer’ jout de lêzer te tinken |
Sosjale situaasjes yn de Gysbert-shortlist De longlist foel al op troch it út de wei gean fan extreme reading… |
Ferlet fan Frysk In Deltaplan foar it Frysk kin net ophâlde nei de paragraaf ûnderwiis. It komt oan op in belied dat soarget foar ferlet fan it Frysk |