image yva hokwerda loaiingeaster leafde

Poëzy

Loaiingeaster leafde / om opkommende tiden, opkommend wetter

Yva Hokwerda - Fers2 nû. 5.8, 21 april 2019

I. Doedestiids, it alde Lyongie – exit Boreas

Reformaasje raasde noardewyn oer Fiifgeaster grûn

it makke dat – om 1580 hinne – dizze man ferdwûn:

Joannes Boreas, pastoar yn Lyongie.

Syn deistich libben makke ’n ommeswaai.

Wy witte alles net, mar wol dat er tenei

as stridend man syn tsjinsten die;

ûnder Van Geenen dy “frjemdling” en haadman,

Stellingwervens lêste Spaanske grytman.

Alsa skriuwe de Conscriptio exulum Frisiae

– of dêrfan ’t faksimilee –

oer 1580 en dêrnei, in jier as sân.

Mar salang hat Joannes net mear hân.

Koart nei syn flecht fan Loaiïngea sloech ien him op ’e Jouwer:

dea.

Muoide Boreas ’t ferbaljen fan ’e ’geaster grûn

en seach er efterom, nei simmers de Marijetún fol beien

-hat er de muontsefjilden tige mist, syn eigen noarden boppe Snits?

Eage hy noch yn ’t gean in lêste kear de leane oer,

fan ’e hichte fan de -letter fallen- Loaiïngeaster toer?

Seach er wat er witte woe?

Wist hy wat hy litte soe?

II. Skatplicht (om stiennen yn it alde lan)

Dy ’t de delsetting fan Snits

werom lêst (in ieu as fiif yn tiid)

fynt hjir in âlde stinS:

in stiennen toer mei lân rûnom

en bochtsjend wjitter-wetter nei de Swette.

Twahûndert jierren letter leit dit statich

stee fan Auck fan Harinxma yn pún.

Miskien it wurk fan sompich lân,

te lege grûn en fierstefolle grêft?

Mei grif-as-in-hûs wat ekstra dommekrêft

fan minskehân.

{Freegje oars de geast fan Boreas

ris nei de tiden fan op- en ôfgean…}

Dit is it lân fan Loaiïngea,

dêrst simpelwei de Oerdyk nimst

en komst op ’e Ivige leane.

Under it hjoeddeiske ûnsjoch fan ús nijbou

–mei hast alle nije túntjes yn ’e tegels,

“Sù lekker maklik nou?”–

rinne djip noch âlde tinne paden.

{Befreegje it oars it wurk fan keunstners dy’t hjir

earder wennen, bygelyks in Trinus, in Maria…}

Dit is it lân fan Loaiïngea,

dêrst simpelwei de Oerdyk nimst

en komst op ’e Ivige leane.

Hûndert jier lyn laten dy âlde paden

ús pakes ta de pacht fan skoander OB-Weeshúslân.

Fyftich jier letter molk ús heit syn kij yn ’t stik

fan 8 pûnsmiet mei de krommebochtefeart

en ‘holpen’ wy as bern.

Lizzend yn blommegerzen mei it sicht

op ’e ‘fjouwere’ en ‘lange njoggene’

hearden wy rûnom ljurken en ljippen mei piken,

telden it fee en de miggen, dolden hjir

ús angelwjirmen, bouden de heger-heechste bulten

fan it hea.

It wie myn lân fan Loaiïngea,

dêrst simpelwei de Oerdyk nimst

en komst op ’e Ivige leane.

Gjin boerebern mear, Snitser boarger no.

Myn hûs anno 2018 stiet statich yn’e rigele

op in fjouwerkant fan foarútgong:

Op ’e net mear kromme achte.

Hjir stiet myn stinS, hjir is myn skatplicht heech

-oan de boaiembodders yn ’e see fan eartiids

-oan de bernsbern fan ús bernsbern

foar it lân fan Loaiïngea,

dêrst simpelwei de Oerdyk nimst

en komst op ’e Ivige leane.

O, mei ik hjir hillich leauwen bliuwe

yn it klimaat fan blommeseeklaai,

yn wittenskip fan wetter dat yn it ûnthâld

fan griene seadden bankje mei,

út hokker hoeke de wyn der ek oerhinne waait.

Buorfrou! Sille wy de nije appelbeammen plantsje,

en ús boumerk-manlju hofkesjongen leare

út leafde foar it lân fan Loaiïngea?

Dy’t hjir simpelwei de Oerdyk nimt

komt út op ’e Ivige leane.

Mear fan Yva Hokwerda

Geloksykster op ’e-fyts Yn it swiete bitter heden/ fyts ik tinkelbeljend nei bestimming/ en ik flok soms op dejingen
Elegy foar Marina (Rilke oersetting) O, dy ferliezen yn ’t al, Marina, dy fallende stjerren!
Je suis Charlie Hebdo dit lead, lead, lead út namme fan/ dyn leauwen/ om myn leauwen