image

‘Mar om wer op myn forhael to kommen’

Tsjibbe Gearts van der Meulen en de literêre krityk

Abe de Vries - Fers2 nû. 11, 25 maaie 2015

Krekt as by safolle dichters dy’t út it inge pakje fen hjar tiid woechsen, hat de neiteam by him folle goed te meitsjen. Lit ús dêr nou foart mei begjinne. Jan fen ’e Gaestmar, 1904

NÉ, achte lêsers! (hearders! sei ik foarhinne) de înbîlding docht folle; mar sa lang as de hegere standen net oertsjûge wirde, dat gjin rang of hege berte, gjin jild of ierdske preal, mar allenne deugd en witnis ûs boppe ’t gemien stelle ken, - sa lang benne wy fen miening dat mensken mensken benne, allegearre kôeke fen ien dai, fol fen dwaesheden en forkearde sinnen, ien folk: mar dat hy heech stiet, dy in sedelike folkommenheid, in rîkdom fen kennis en în ’t nuttich wêsen for sîn neiste boppe ’t algemien ûtmintet. Dêr de mensken op wîse mei frymoedigens en în goede miening, dat is ’t doel fen ’t Winterjoune-nocht. En wy meye wer sidse, hwet wy by de ûtjefte fen ûs earste samling ek al sein ha, dat ûs wirk byfal foun het by de Friesen, en dat tûsenen nei ûs harke habbe. Dat mei de resencent în de Tijdspiegel nou for greatspraek opnimme, as er efkes neitinkt scil er gau bigripe dat dat net hôeft, hwent as wy în in winter in fîftich sechstich plakken bisiikje, den is dat dôch sa’n great wonder net. En mei dy selde resencent nou mei heechwîse selsfoldwaning sidse, dat hy net onder dy tûsenen heart, as er ûs în ’t iepenbier biordielje woe hied er it ding oars ek wol ris efkes ondersiikje meyen, howol ik dêrom net sidse wol dat sîn oardiel den better ûtfalle scillen hie; mogelik yet wol minder. En mei hy nou ûs wurk berijmd prosa neame, dat is ûs goed, wy habbe ’t net for forhevene poësy ûtjown. Haldt hy mogelik mear fen poësy dy sa onbegrîplike djiepsinnich is, dat men in ding tsien kear oerlêse ken sonder der efter to wêsen hwet de dichter eigentlik sidse wol, - lîk as er ek în ’t frîsk wol ris levere wirdt, - dat meye wy wol lye; mar wy gean ûs gong en jowe Winterjoune-nocht. Wy kenne dy resencent în de Tijdspiegel net, mar wy witte wol dat er immen în Frîslân skûlet dy in pik het op ’t Winterjoune-nocht, mogelik wol mei de stille forsuchting: Och, dat men mij koning maakte in Israël!Tsjibbe Gearts van der Meulen, “Foarwird,” yn Frîske Winterjoune-nocht: Foardrachten yn rîm en onrîm, Oarde boek, fan Waling Dykstra en Tjibbe Gearts van der Meulen (Ljouwert: Kuipers, 1864), xv-xvi.

Dat skreau de Burgumer postrinner, reisagint, klokkemakker, kranteskriuwer en letter –útjouwer Tsjibbe Gearts van der Meulen (1824-1906) yn 1864. It wie part fan syn foaropwurd by it twadde Winterjounenocht-boekje. Hy tsjinne in anonime resinsint fan replyk en joech en passant moai dúdlik oan wêr’t it him en syn kompaan Waling Dykstra om te dwaan wie mei harren Winterjounenocht. Presys in ieu en in desennium letter, yn 1974, ferskynde der in oar geskrift fan resinsinten mei gâns krityk. Hat in Frysk skriuwer oait sa’n nuver postúm ‘earbetoan’ krigen as Van der Meulen yn syn 150e bertejier? Mei 23 bydragen fan ûnderskate skriuwers, sammele troch Freark Dam en Ype Poortinga, jout de bondel Wâldman en wrâldboarger gâns krityk en mar in bytsje lof en bewûndering.De konklúzjes fan 16 fan de 21 bydragen oer Tsjibbe Gearts befetsje bynwurden fan tsjinstelling (meastal ‘mar’) mei in diskwalifikaasje. Wat Anny de Jong oer Tsjibbe Gearts as kritikus fan oaren skriuwt, jildt a fortiori foar de bondel oer Tsjibbe Gearts sels: “Op ’t eintsjebeslút hat er ek noch wol in pear goede wurden foar it wurk oer, mar dy weage meast net tsjin de krityk op.” “Skriuwer fan oar biskôgjend proaza,” yn Wâldman en wrâldboarger: Tsjibbe Gearts van der Meulen (1824-1906), red. Freark Dam et al. (Ljouwert: Miedema, 1974), 5. It is krekt as falt de hiele moderne Fryske literatuer oer Van der Meulen hinne, it moat net mâlder. De redaksjekommisje jout dêr al mei de earste sin yn it foaropwurd in ûntskuldiging foar, sa liket it: ‘De literaire krityk en de literaire skiedskriuwing ha altyd hwat tangele sitten mei de figuer fan Tsjibbe Gearts van der Meulen (..).’ De kritikus hat oan syn wurk net folle ‘hâldfêst’, hjit it dan. Yn de beoardielingen soarget dat foar ‘ambivalinsje’. Der is yn de krityk wol ‘oprjochte wurdearring’ mar ek ‘stûf ôfwizen’ en dêrfandinne kin it yn de earebondel net te rêden wêze om ‘kritykleas huldebitoan’.Freark Dam et al., foaropwurd foar Wâldman en wrâldboarger: Tsjibbe Gearts van der Meulen (1824-1906), red. Freark Dam et al. (Ljouwert: Miedema, 1974), 5.

Ut de measte opstellen priuwt men net folle reewilligens om it skriuwerskip fan Tsjibbe Gearts van der Meulen op de merites fan syn foardrachten en teksten yn it ljocht fan harren tiid te beoardieljen. Namste mear rint in driuw yn it each om it wurk óf pseudo-psychologysk te relatearjen oan de persoan fan de skriuwer, óf it te hifkjen neffens de mores fan de modernistyske literatuer, mei syn klam op in ik-persoan, bewustwêzen en net op te lossen konflikten. In foarbyld fan it taskriuwen fan literêre mankeminten oan Van der Meulen syn persoanlikheidsstruktuer jout Klaes Dykstra as er it hat oer de ‘ûngelikensens yn it wurk’, dy’t ‘trou’ de persoan fan de skriuwer sels wjerspegelje soe: ‘(..) hy wurdt „bluisterich” neamd, „oerdwealsk”, „útwrydsk”, „wyldseauwich”, „ûnharmonysk”, allegear bineamingen dy’t ûnder it wurd „gefoelsminske” biflapt wurde kinne en út de twaslachtigens fan syn persoanlikheit forklearre wurde moatte’.Klaes Dykstra, “Yn gearfetting gearstald,” yn Wâldman, 17.

Ek komt nei foarren dat de komposysje fan de ferhalen net doocht, net strak genôch is en tefolle útwreidingen ynhat. As ûntskuldiging merkt Ype Poortinga op ‘dat de greatste humoristen fan ’e 18de en 19de ieu dit ek wol oer har hiene’; Van der Meulen wie him ek wol bewust fan syn eigen foarleafde foar sydpaden,Ype Poortinga, “Man mei in libben „tobinnenbringen”,” yn Wâldman, 27-28.mar likegoed noasket sok ferhaaltechnysk swalkjen de skôger net. Ek Klaas van der Veen set Van der Meulen tusken de ‘masters fan de humor’ yn de 19e-ieuske literatuer, dêr’t er ûnder mear syn ‘tomin oan kritysk formogen’ mei mien hawwe soe.Klaas van der Veen, “Tsjibbe Gearts en de humor,” yn Wâldman, 41. Wat nivo oanbelanget kin er dy net belykje. Likegoed sjocht ek Van der Veen wol dat Van der Meulen mei opset sin in ‘antikomposysje-prinsipe’ tapast om’t it weardefol wêze soe yn humoristyske teksten.Van der Veen, “Tsjibbe Gearts en de humor,” 45. It giet dan om ‘eleminten dy’t it koartswilige fuortsterkje’.Van der Veen, “Tsjibbe Gearts en de humor,” 46. Even fierderop wol Van der Veen lykwols hawwe dat it wurk fan Van der Meulen ‘fierhinne te forklearjen [is] út syn aerd’, dat it metoadyske him net lei en dat er him yn syn skriuwen troch syn emoasjes liede liet: ‘De komposysje yn guon stikken fan Tsjibbe Gearts is dêrtroch swak’.Van der Veen, “Tsjibbe Gearts en de humor,” 46.

Mei oare wurden: as skriuwer wit Van der Meulen wol wat er docht, en tafallich pakt it ek wolris goed út, benammen wat de humor oanbelanget, mar oan dat alles kin er neat ta of ôf dwaan want syn wize fan skriuwen wurdt diktearre troch syn ‘aerd’.

Anny de Jong mient sizze te kinnen ‘dat er grutte muoite hat, rjocht op syn doel ôf to gean en syn gedachten en sjenswizen dúdlik to formulearjen’;Anny de Jong, “Skriuwer fan oar biskôgjend proaza,” yn Wâldman en wrâldboarger: Tsjibbe Gearts van der Meulen (1824-1906), redigearre troch Freark Dam, Klaes Dykstra, Jacobus Knol, en Ype Poortinga (Ljouwert: Miedema, 1974), 49. ‘dêrfoar is er fiersto hin en wer en to emosioneel’.De Jong, “Skriuwer fan oar biskôgjend proaza,” 51. Nochrisom wurdt de ferûnderstelde selskennis fan Van der Meulen op dat stik oanhelle: ‘Tsjibbe Gearts ken yn dizzen syn tokoarten skoan, hwant yn mear as ien stik ropt er himsels ta de oarder fanwegen it feit dat er ôfdwaeld is’.De Jong, “Skriuwer fan oar biskôgjend proaza,” 52. Kritysk mar ek iepentlik anty-wittenskiplik yn syn bydrage is Trinus Riemersma, dy’t oars wol earlik tajout dat er it wurk inkeld hifkje wol oan syn eigen smaak.Trinus Riemersma, “De forhalen,” yn Wâldman, 62. Want, skriuwt er, ‘as ik myn eigen, subjektyf en troch de tiid foarme weardeskema oan kant set, dan hâld ik helendal neat oer’.Riemersma, “De forhalen,” yn Wâldman, 62.

Folklorisearje

Wâldman en wrâldboarger is oan no ta it lêste besykjen yn de Fryske skriftekennisse, wilens alwer 41 jier lyn, om ús in sa breed mooglik byld te jaan fan Van der Meulen syn wurk. Ut de essays docht bliken dat a) man (syn karakter) en wurk (syn literatuer) as stevich ferfrissele sjoen wurde; b) de klam lein wurdt op kompositoaryske swakte as wichtich skaaimerk, dat oan humoristyske literatuer keppele wurdt, en c) net besocht wurdt om it wurk literatuerwittenskiplik – neffens it doe yn ’e moade rekke New Criticism bygelyks – te beneierjen. Men kin dizze essaybondel besjen as in besykjen om it wurk fan Van der Meulen te folklorisearjen: as in foarm fan ‘folkskeunst’ ôf te skilderjen dy’t yn de 20e ieu oerwûn is troch de ‘echte’ en ‘wiere’ keunst fan it modernisme.

Dat meganisme seagen wy ek al oan it wurk yn de 20e-ieuske resepsje fan it wurk fan dy oare ‘folksskriuwer’, Waling Dykstra. It giet yn essinsje om deselde modernistyske (romantyske, utopyske en anty-histoaryske) ideology dêr’t de Fryske literatuerhistoarje al mei tangele sit sûnt Douwe Kalma en syn Jongfriezen. De literatuer giet ‘foarút’, it eardere is minderweardich oan it lettere en inkeld nijsgjirrich foar safier’t it oan dat lettere bydroegen hat (of as it mooglikheden jout om biografyske trivialia te ferheljen oer persoanen). Literatuer-sosjologysk formulearre wurdt it Fryske realisme yn de 19e-ieuske literatuer ûnder ynfloed fan de tanimmende yndustrialisaasje ta folkloare ferklearre: it beheart fan dan ôf ta in foarstadium of râneferskynsel fan de modernisearring en as sadanich wurdt it nostalgysk-romantysk makke. De etnolooch Jean Poirier sei it sa (oerset):

De folkloare wurdt berne as de refleksje fan yndustrialisearre maatskippijen op harsels begjint; de folkloare is yn dat ferbân belangwekkend om’t it it earst ferskynde yn maatskippijen dy’t it meast ‘organisearre’ wiene, dy’t de meast rasjonele technologyen ûntwikkele hiene, en dy’t har as gefolch dêrfan it fierst ferwidere hiene fan de natuer: de Skandinavyske en Angelsaksyske lannen; yn dy sin lit de folkloare him sjen as in weromgean nei boarnen dat net sûnder in beskaat romantysk aksint wie.Jean Poirier, "Le programme de l'ethnologie," yn Ethnologie générale, red. Jean Poirier (Paris: Gallimard, 1968), 567.

Yn Fryslân hat de yndustrialisearring net earder as yn it lêste fjirdepart fan de 19e ieu werklik opgong makke, bygelyks ôf te lêzen oan it ferskinen fan de suvelkoöperaasjes. Op it stuit dat it nije maatskiplike selsbyld manifest wurdt, krijt it literêre wurk fan Dykstra, Sytstra en Van der Meulen it stimpel fan ‘folksskriuwerij’ – in residue fan de modernisearring. Mar wat komt der tefoarskyn as men dy literatuer op syn eigen merites beoardielet en skôget?

De folklorisearring fan de ‘folksskriuwerij’ is dêrby ek noch te besjen as in, miskien wol foar in part ûnwillekeurige ferdigening tsjin de radikale, sosjale, frijsinnige en frijtinkende oanslaggen dy’t Dykstra en seker ek Van der Meulen út de pinne kommen binne. It is yn it ferlingde dêrfan, en spitigernôch, ek in trivialisearring fan it Frysk as kultuertaal. As Wumkes syn earste preek yn de eigen taal hâldt yn it ortodokse Tsjom op 3 jannewaris 1915, seit der in âld froutsje wat oer ‘kommeedzje’ yn tsjerke en giet fuort. It Frysk is kroechtaal, gjin hillige taal, seit de folklorisearring – de skuld dêroan hawwe twa skriuwers dy’t beide it ‘geloof der vaderen’ ôflein hawwe, Dykstra ûnder ynfloed fan moderne teology, Van der Meulen it meast tanksij it frijmetslerstinken.

Grinsposysje

In literatuerwittenskiplike beneiering fan Tsjibbe Gearts van der Meulen syn wurk sil op syn minst omtinken jaan moatte oan de grinsposysje dy’t it Fryske realisme yn it midden fan de 19e ieu ynnimt op de oergong fan in orale nei in skriftlike Frysktalige kultuer, in punt dêr’t ik earder op wiisd ha. Gâns wurk fan Van der Meulen is skreaun om (troch himsels) foardroegen te wurden, itsij op Winterjounenochtjûnen, byienkomsten fan ‘it Nut’ of yn it fermidden fan oarssoartige selskippen lykas rederikerskeamers en genoatskippen. It wie, letterlik, pionierswurk. De Fryske lêskultuer wie noch tige beheind en yn ’t generaal foarbehâlden oan de aristokrasy en de hegere boargerij; de legere middenstân en de arbeiders hiene faak mar in beheinde skoalle-oplieding hân en wiene net by steat om flot Hollânsk lit stean Frysk te lêzen, en al hielendal net om ‘literêr’ wurk te lêzen. Likegoed wie dat krekt wol ék it publyk dêr’t Van der Meulen en ek Dykstra har op rjochten, ûnder mear mei harren Winterjounenocht-ekspedysjes en it publisearjen fan leechdrompelige stikjes yn bygelyks folksalmenakken. Sok wurk koe ek goed as foarlêsmateriaal tsjinje.

In protte wurk fan Van der Meulen leit op it grinsflak fan orale en skriftlike kultuer en hat dúdlik skaaimerken dy’t yn de literatuerwittenskip en de antropology earder taskreaun wurde oan orale as oan skriftlike fertellingen (narratives):

Orale narratives binne der alsa op rjochte om rjochtstreeks (fia optredens, foardrachten en foarlêzingen) in sa breed mooglik publyk te berikken en fêst te hâlden: sa folle mooglik minsken moatte it ferhaal hearre wolle en har identifisearje mei of oansprutsen fiele troch sprekker, haadpersoan of hanneling/tema. Allinnich al dêrom hat de orale fertelling gjin emploai foar de binnenwrâld fan in ik-persoan; dat soe tefolle minsken útslute fan it ferhaal.

As Klaas van der Veen mar ek oaren yn Wâldman en wrâldboarger hawwe wolle, de kompositoaryske ‘tekoarten’ yn it wurk fan Van der Meulen binne te relatearjen oan de persoanlikheid fan de skriuwer en bygelyks syn partikuliere foarleafde foar de ‘ynienen opkommende ynfal’,Van der Veen, “Tsjibbe Gearts en de humor,” 46. dan lit boppesteande sjen dat soks op syn bêst noait mear as mar de helte fan it ferhaal wêze kin. Like belangryk is it feit dat de ferhalen, dy’t mei ien skonk noch yn de orale tradysje stean, in pre-modernistyske eigenheid hawwe dy’t yn de krityk meinommen wurde wol. Van der Veen sjocht it ‘ûnderbrekken fan de tried fan it forhael’ wol as eigen oan humor yn de literatuer (it ‘skynt eat to wêzen dêr’t alle humoristen danich mei oanhelle binne’),Van der Veen, “Tsjibbe Gearts en de humor,” 45. mar beneamt it net as in algemiene eigenskip fan de oraal foar ’t fuotljocht brochte narrative. ‘Mar om wer op myn forhael to kommen’ – dat is in wize sa’t de ferteller yn de stikken fan Van der Meulen de tried wer opkrijt.Tsjibbe Gearts van der Meulen, “Earmoed en banketten,” yn In brulloft yn ’e Wâlden, red. Freark Dam en Ype Poortinga (Ljouwert: Miedema, 1974), 11.

It keppeljen fan in sinjalearre tekoart yn literêr wurk oan de persoanlikheid fan de skriuwer hâldt in anekdoatyske wurkwize yn, wêrby’t literatuer net inkeld los fan himsels mar ek fan syn sosjaal-maatskiplike en politike kontekst besjoen en beskreaun wurdt. It is in wize fan sjen dy’t yn dizzen ferklearre wurde kin út folklorisearringsdriuw yn de Fryske literatuer – it Winterjounenocht inkeld beskriuwe as ferdivedaasje en fertier – en út de dêrmei korrespondearjende dominânsje fan de fernijingsideology, dy’t sûnt de Jongfriezen foar master opslacht.

Winterjounenocht

Noch in foarbyld fan ideologyske literatuerkrityk treffe wy oan yn de bydrage fan Marten Koops Scholten, fan 1959 oant 1969 de earste konservator fan it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD), oer it Winterjounenocht. Scholten hat der neat fan wearde yn fûn en moat ‘fêststelle, dat it geheel my ôffallen is’ en dat it publyk fan hjoeddedei ‘gau syn nocht ha soe fan sok nocht’. Om te besluten: ‘Mar ja, tiden hawwe tiden, en hwat der doe yn foel, kin nou fansels ek skoan gewoan: fálle’.Koop C. Scholten, “Winterjoune-nocht,” yn Wâldman, 143-44. Wat de ferskillen binne tusken dy tiden wurdt net útlein, noch wat de kommentator no presys net noasket. Dat is net noadich, it seit himsels.

Dat it Winterjounenocht in revolúsje betsjutte, net inkeld foar de fersprieding fan it Frysk mar ek yn de relaasje fan de Frysktalige keunstner mei syn publyk; dat Van der Meulen dêr mei inisjatyfnimmer Waling Dykstra de basis foar lein hat; dat it Winterjounenocht in ferbining ta stân brocht tusken de Fryske taal en sosjale krityk, en dat it Winterjounenocht mei syn oanfallen op religieuze hiërargy, tsjerklike praktyk en doktrinêr tinken in nije ynhâld joech oan in begryp as de ‘Fryske frijheid’ – dat alles komt net oan ’e oarder en men siket der omdôch nei. Ek de woldiedige selsrelativearring dy’t út guon bydragen fan Van der Meulen sprekt, benammen dêr’t er op ’e tekst is oer dichters, is oan it omtinken fan Scholten ûntsnapt. Hie syn eigen generaasje, dy’t likegoed withoe graach in grutte maatskiplike ymportânsje hawwe woe, no ek ris safolle selsspot opbringe kinnen!

Wy, dy’t de Fryske literatuerskiednis langer net mei sokke besleine bewegerseagen hoege te skôgjen, hawwe gjin muoite om in ferhaal as ‘In Boer Earelid fen ’t Fers-opsidsers- Selskip “De Earmslach”’Tsjibbe Gearts van der Meulen, “In boer, earelid fen ‘t fers-opsidsers-selskip “De Earmslach,” yn Frîske Winterjoune-nocht, Oarde boek, 2. te wurdearjen. Krekt net. It is in spotsk hekelstik oer de yn dy tiid oanboazjende gewoante om ‘keunst te beoefenjen’ út oerwagings fan status en sosjale stiging, sa’t dy bygelyks werom te kennen wie yn it grutte tal lêsselskippen en –rûntes dat oprjochte waard. Mar it is ek in tige direkt pleit foar literatuer yn it Frysk. It ferhaal wurdt ferteld troch ‘in boer út de súdhoeke fen Fryslân’ dy’t op in pleats buorket dêr’t syn heit en syn pake ek al buorken; lykas dy beiden hat ek hy each foar it nije. Oer syn pake seit er:

[E]n ûs Pake, al wier hy gjin wittenskiplike man, hy seach mei in pear goede soune eagen om him hinne. En as er den sa în de wrâld opmirk ho ’n hopen mensken, ût dwase foarlieafde for ’t alde, it goede fen hiar tiid forachten omdat it ny wier, den sei er faken: „Der benne en blieue mar mensken, dy yet altiid troch ’t wetter nei tsjerke wolle.” Sa woe hy lang net.Van der Meulen, “In boer, earelid fen ‘t fers-opsidsers-selskip “De Earmslach,” 2.

Us boer ûndersiket alles en komt ek wolris op in jûn fan de Maatskippij fan Lânbou. Op ien sa’n jûn heart er sprekken oer koal. Allerhanne soarten fan koal passearje de revue: net inkeld stienkoal, houtskoal, reade koal en boerekoal, mar ek ‘dokters- en domenys-koal, ek oer politike koal en it wier of ’t er hast gjin ein oan komme scoe, sa’n soarten fen koal wist er oan te wizen’. It spotfers fan Harmen Sytstra út de Jouke Rommerts’ scriften, ‘De koalferkeaper’, liket dan net fier fuort.Harmen Sytstra, Tsien tuwsen uwt de lottery oaf Jouke Rommerts’ scriften (Frjentsjer: Ypma 1841), 205-15.

Sa komt de boer ek op in byienkomst fan it fers-opsizzersselskip ‘De Earmslach’. Yn in optocht fan fersopsizzers dy’t mei Hollânske fersen ‘de uiterlijke welsprekendheid’ tsjinje woene,In ferwizing nei de titel fan in learboek foar retoarika út dy tiid: Barthold Henrik Lulofs , De declamatie: Of de kunst van déclameren of réciteren en van de mondelinge voordragt of uiterlijke welsprekendheid in het algemeen (Groningen: n.p., 1848). De romantyske dichter Lulofs hie yn 1815 it professoraat yn Grins oanfurdige mei de ynaugurele rede De noodzakelijkheid van de beoefening der eigene taal en letterkunde voor de zelfstandigheid en roem van eene natie; hy krewearre strang foar Nederlânske redenrikens. gauris kompleet mei oerdreaun breed earmswaaien en folle beweech, ferskynt der ynienen in jonge skoalmaster op it poadium. ‘Biskieden en bidaerd kaem er op ‘e planken,’ skriuwt Van der Meulen. ‘Op in ynnimmende wize makke er ús bikend, dat er, as in oprjuchte fryske jonge, ljeafde hie for de fryske sprake (..).’ De skoalmaster draacht in Fryske oersetting foar fan ‘De trije ringen’ fan G.E. Lessing, de bekende Ferljochtingsparabel út Nathan der Weise oer de lykweardichheid fan de wrâldgodstsjinsten. De lêste strofe giet sa:

‘Echt liberael’, seit dan de notaris.Van der Meulen, “In boer,” 16. It giet troch jins holle om yn de skoalmaster Harmen Sytstra te sjen, de Burgumer skoalmaster (1847-1853) dy’t in freon fan Van der Meulen waard en ek de man dy’t him nei eigen sizzen oan it Frysk skriuwen brocht.

Falskheid komt alsa foar (ûnderdrukte) natuerlikheid en tolerânsje oer te stean. It ferhaal oer it fers-opsizzersselskip krijt ek wat it karakter fan in oprop en in oanklacht. It boadskip is: weevje ôf mei dy Hollânske opsnolkerij, gean ‘pohei’ en kitsch út ’e wei – it tema fan de ‘natuerlikheid’ fan de plattelanner. En dus ek fan de Fries, dy’t komt sa’t er is en dy’t net rjocht praat wat krom is. Yn it ferlingde, al is it yn de fierte, leit de út de midsieuwen stamjende, romantyske noasje fan de Fryske frijheid: it jin frij fielen as yndividu en as kollektyf, om nei jins eigen sede en gewoante en nei eigen goedtinken op jins eigen hiem yn jins eigen sprake troch it libben te gean.

Identiteitsfoarming

Opfallend is dat der yn de resepsje fan it Winterjounenocht yn de earste desennia hieltyd rom omtinken is foar it ‘nut’ fan de nocht: foar de oantrún ta it ferbetterjen fan persoan en maatskippij. Folle minder omtinken is der earst noch foar de rol dy’t it Winterjounenocht spile hat yn de emansipaasje fan it Frysk. Dat sil pas letter yn skôgingen oan de oarder komme. Ek it keunstsinnige elemint fan de foardrachten krijt net folle (posityf) omtinken; it moat likegoed belies jaan tsjin ‘de ynfloed dy’t de mannen mei harren wurklisten op ‘e minsken fan doe hân hawwe’, skriuwt S.J. van der Molen yn syn ûnmisbere stúdzje nei it Winterjounenocht. ‘Wy soene sizze kinne: de ideology krige mear klam as de literêre kant.’Sytse Jan van der Molen, “En us Harke mei syn kleare kop”: (65 jier Frysk Winterjûnenocht) (Grins: Frysk Ynstitút RUG, 1984), 75.

Dy ‘ynfloed op de minsken’ fan it Winterjounenocht is oan no ta lykwols net wittenskiplik ûndersocht, wat bygelyks wol kinne soe troch de wjerklang te bestudearjen dy’t tema’s en motiven yn de nochtbydragen krigen hawwe yn kranten en oare publikaasjes en korrespondinsjes. Lykas yn de bydragen fan Dykstra it gefal is, lit de ‘learing’ yn dy fan Van der Meulen him gauris fine yn de oanklacht tsjin stânsferskillen, tsjin byleauwe en tsjin it sûnder sels nei te tinken folgjen fan tsjerke en (benammen ortodokse) klerus. Dat lêste aspekt waard yn de earste helte fan de 20e ieu foargoed opmurken, benammen troch Wumkes en Folkertsma, beide behearrend ta de mear ortodokse rjochting. It waard dan redusearre ta in oar soart preekjen en in kampanjefieren tsjin de ‘finen’.

Ik soe de learing yn it Winterjounenocht leaver besjen wolle as in besykjen om de yndividuele, materiële en geastlike frijheid fan de minsken te fergrutsjen troch har te wizen op de beheiningen dy’t tradisjonele maatskiplike hiërargyen en opleine sosjale en geastlike skema’s betsjutten foar folksûntjouwing en sosjale emansipaasje. Dy frijheidsdriuw wurke ek op it religieuze mêd. Sawol Dykstra as Van der Meulen hawwe al betiid besocht om harsels frij te meitsjen fan religieuze dogma’s. By Van der Meulen hat ûnder mear de lektuer fan in boek (yn oersetting) as Volney’s RuïnesConstantin Francois de Chassebœuf, comte de Volney, Les Ruïnes, ou méditations sur les révolutions des empires (Parys, 1791); Volney preket antydogmatisme, de lêste fjouwer haadstikken (s. 174-330) befetjse kontroversjele religeuze stânpunten, Volney besprekt dêryn de skiednis fan alle gerutte religys op ‘e wrâld en ropt de naasjes op ta it oanfurdzjen fan it prinsipe fan skieding fan tsjerke en steat, om’t inkeld dan wrâldfrede mooglik is. folle fertuten dien. Volney waard ek yn de Nederlannen in protte lêzen. Hy propagearre, yn de wurden fan Anton Constandse, ‘een natuurlijke ethiek, die vrij zou zijn van kerkelijke dogmatiek’.Anton Levien Constandse, “Heeft Jezus ooit geleefd?” De Gids 139 (1976): 674.

Dykstra en Van der Meulen hawwe neffens Van der Molen yn trije winters yn totaal mear as fyftich kear in nochtjûn fersoarge, yn hast likefolle doarpen. Letter moast men yn in winterseizoen der gauris wol fyftich kear op út. Elke kear sil der op boppesealen en yn kafees in publyk fan gau in man as hûndert oanwêzich west hawwe. Waling Dykstra hat mei ûnderskate partners syn tochten sa’n tritich jier folhâlden; alsa moatte yn de perioade 1860-1890 tusken de tsien- en fyftjintûzen minsken him heard hawwe. Benammen de kombinaasje mei de fiertaal, it him ûntjaande, himsels frij meitsjende Frysk, jout de wierskynlikheid oan dat fan de liberalisearjende en sosjaal-krityske Winterjounenochtkultuer, dy’t doarp en plattelân ferbûn mei taal en ideaal, tige ynfloed útgien is op it proses fan Fryske identiteitsfoarming yn de 19e ieu.

Net yn it Walhalla

Yn dat ljocht besjoen rint it yn it each dat yn 1974, doe’t der in bondel mei ferhalen fan Van der Meulen ferskine moast as begelieding by de essaybondel Wâldman en wrâldboarger, keazen waard foar it bondeljen fan in tal autobiografyske ferhalen, In brulloft yn ’e Wâlden.Tsjibbe Gearts van der Meulen, In brulloft yn 'e Wâlden, red. Freark Dam en Ype Poortinga (Leeuwarden: Miedema, 1974). Wêrom net keazen foar dy ferhalen dy’t op de iene of oare wize ‘ynfloed’ hân hawwe? ‘It waerd njonkenlytsen tiid,’ skriuwe de gearstallers Dam en Poortinga, ‘om wer ris wurk fan sines foar de hjoeddeiske lêzer tagonklik to meitsjen. Dêrfoar liken ús de “wiere forhalen” it gaedlikst ta. Net allinne dat Tsjibbe hjir as skriuwer gauris op syn bêst is, hy jowt ek in skat fan ynformaesje oer himsels en eigen geastlike ûntjowing, mar binammen op it stik fan kultuerskiednis en folkskunde út ’e foarige ieu.’Freark Dam en Ype Poortinga, foaropwurd foar In brulloft yn ‘e Wâlden, fan Tsjibbe Gearts van der Meulen (Leeuwarden: Miedema, 1974), 5.

Yn de koarte ynlieding by de bondel, ek fan Dam en Poortinga, komt in protte biografysks foarby, en it grutte ferskaat yn it wurk wurdt koart sinjalearre, mar net in wurd komt men tsjin oer de idealistyske en identiteitsfoarmjende kanten fan Van der Meulen syn skriuwerskip. Mei oare wurden, ek yn dizze bondel moat de literatuerwittenskip belies jaan tsjin in literêre ideology dy’t de 19e-ieuske literatuer en benammen it Fryske realisme mar leaver trivialisearret. It iennichste opnommen ferhaal dat it biografyske ûntstiget, is ‘In droom’, dêr’t mei foarút sjende blik yn ferhelle wurdt hoe’t it fierrewei de measte Fryske skriuwers, Van der Meulen himsels ynkluis, net slagget om yn it Walhalla te kommen. Wol is Gysbert Japiks talitten, en de Halbertsma’s, Althusius, Salverda en Sytstra, en ek Waling Dykstra sil, as it safier is, tagong krije, mar foar Van der Meulen – ‘fiersto folle wrâldboarger en to Hollânsk’ – bliuwt de doar ta.

Ferhalen dy’t rekkene wurde kinne ta Van der Meulen syn bekendste wurk binne net yn de bondel opnommen. Ik tink dan ûnder mear oan ‘Tsjerkgean’ (1854-1855), ‘In Snjeuntojoun by Steffen Krîns’ (1854), ‘Nei Amerika’ (1860), ‘De Dichter forlegen om in Rîmwurd’ (1860), ‘Fen 1856 oan 1859, of în great trije jier, ho is ’t moglik?’ (1860), ‘Hirddravery to Flearterp’ (1864), ‘In Boer Earelid fen ’t Fers-opsidsers-Selskip “De Earmslach”’ (1864), ‘Stelling en Godstsjinst’ (1866-1867), ‘Bikearing’ (1867), ‘Gepke sonder mofven oan nei ’t sindingsfeest to Feankleaster’ (1877) en ‘Fen it âlde yn it nye jier 1867-1877’ (1877). Sjoen it foaropwurd moatte wy oannimme dat de gearstallers dizze ferhalen minder gaadlik fûnen foar de ‘hjoeddeiske lêzer’; it wie net genôch ‘keunst’. Mar hoe moatte je dat útlizze yn in earebondel? It probleem fan de artisiteit waard mei de kar foar autobiografysk materiaal fierhinne út ’e wei gien, likegoed as dat it engaazjemint yn it wurk no minder prominint oan de oarder hoegde te kommen. Net inkeld de skriuwer waard alsa út de wyn hâlden, mar ek it 20e-ieuske publyk, dat faaks de anty-klerikale ynslach fan it wurk minder wurdearje soe?

Dat útrekkene de engazjearre skriuwersgeneraasje fan ‘sechstich’ yn Van der Meulen en Dykstra gjin geastferwanten en foarrinners sjoen hat, is it wurdich om efkes langer by stil te stean. ‘It slimste eins fyn ik dat Van der Meulen net by steat is om de binnenkant fan minsken to biskriuwen, om gefoelens to fortolkjen en taestber to meitsjen’, fettet Trinus Riemersma syn reserves gear. Dêrmei sit er yn it farwetter fan de krityk fan de Tachtigers op de Nederlânske en fan de Jongfriezen op de 19e-ieuske Fryske literatuer.Riemersma, “De forhalen,” yn Wâldman, 67. Literatuer, alle literatuer, moast blykber noch hieltyd beoardiele wurde mei 20e-ieuske ideeën oer artisiteit – ek 19e-ieuske, foar in part noch orale literatuer, dy’t engaazjemint as core business hat.

Dy kontra-yntuïtive sitewaasje is inkeld te ferklearjen út it utopisme fan de Fryske beweging wei, dêr’t alle skriuwers yn Wâldman en wrâldboarger en ek de gearstallers fan In brulloft yn ’e Wâlden harsels op ien of oare wize wol ta rekkenen. Op de achtergrûn spilet hjir fan datoangeande in modernistyske ideology mei dy’t libbet fan it tinken dat it nije ‘better’ is as it âldere en dat de Fryske literatuer algeduerich ‘by de tiid’ brocht wurde moat om ‘meikomme’ te kinnen mei de grutte literatueren. Allinnich dy literatuer is de muoite wurdich, dy’t him maklik ynpasse lit yn net-Fryske foarbylden en streamingen.

Keunstner foar elk

‘Hy wier yn de earste pleats dichter en in ding hie for him de wearde, dy’t syn forbieling der oan joech en it wier him as in tovermiddel, dat him libje liet yn oare tiden en yn oare lânnen,’ skreau Onno Sytstra yn syn ynlieding by de samling Ald en nij.Onno H. Sytstra, “Tjibbe Geerts van der Meulen,” yn Ald en nij: Forsprate en neilittene skriften yn rym en onrym fen Tjibbe Geerts van der Meulen, red. W.A. [Wigger Arnoldus] van der Meulen en Waling Dykstra (Burgum: Van der Meulen, 1907-11), xi-xii. Yn it follesidige dichtwurk fan Van der Meulen stride de romantikus en de realist om foarrang. Lykas by it proaza it gefal is, befettet in grut part fan syn poëzij ‘ried’ foar in goed libben. Oan de ûnderwerpskar falt ôf te lêzen dat Van der Meulen miskien wol it leafst de leavjenden advys joech of in spegel foarhold: mannich fers yn Ald en nij – gauris fleurich, gauris sentiminteel en altyd op rym en mjitte skreaun – hat it lok (mar ek wolris de tragyk) fan jonge frijers op it each.

In folle lytsere groep fersen foarmje de leedsangen, dêr’t ik der hjir twa fan besjen wol: it fers ‘By de dead fen Eeltsje Halbertma’ út 1858 en ‘Op de dead fen Harmen Sytstra’ fan 1862. It earste fers set de toan al dalik yn de earste twa strofen:

De doarpsklok bile ’t holle bombam oer

It Wetterlân – en earnstich wier dy stimme.

Gjin droever klank mocht fen ‘e Grouster toer

It ear fen echte Friezen oait fornimme;

Dy toane ropt: „It swarte grêf is iepen!

Bring hwa’t de deasliep rêstich leit to sliepen.”

Men bringt it lyk, it sakket yn ‘e groun,

Men nimt de lodde, in klute modder rôlet

Op ’t deafets-lid; hol klinkt it yn it roun

En frjeon en miich en dy’t it grêf wer follet,

Elk suchtet swier. De dead het hearskippije;

Wy weinje wol mar moatte yn Gods wil swije.Tsjibbe Gearts van der Meulen, “By de dea fen Eeltsje Halbertsma,” yn Ald en nij: Forsprate en neilittene skriften yn rym en onrym fen Tjibbe Geerts van der Meulen, red. W.A. van der Meulen en Waling Dykstra (Burgum: Van der Meulen, 1907-11), 321.

Dat it hjir om in fers giet dat by de orale earder as by de skriftlike tradysje heart, dêr soe op wize kinne de promininsje fan lûden; mar ek lêst men in earder literêr as ‘folksaardich’ fers en dat wiist wer nei skriftlikheid. Al dalik yn de earste rigel hearre wy de toerklok lieden yn in onomatopee (klankneidwaan); en troch it prachtige enjambemint rôlet ‘oer / it Wetterlân’ ek yn de earen en eagen fan de lêzer it lân oer. It roulet krijt mear djipte troch de stilte fan de deasliep, en fynt wjerlûden yn de holle klank fan fallende kluten op it deafets-lid en yn it suchtsjen fan it omsteand laach. In elemint út de orale tradysje is dat hjir gjin yndividu oan it wurd is, noch as lêzer oansprutsen wurdt, mar it kollektyf wurdt foarop set mei dat ‘ear fan echte Friezen’ en dat ‘wy’ yn de lêste rigel fan de twadde strofe.

Tagelyk binne dizze twa strofen ek tige byldzjend yn harren detaillearre skildering, mei wetterlân, iepen grêf, lodde, klute modder en deafets-lid. Boppe-natuerlik (en yslik) dêrby is dat de doarpsklok ‘praat’; hy ferkundiget dat it grêf iepen is en hjit de minsken om it lyk te bringen. Sa’n konstellaasje fan romantyske en ‘horror’-eleminten makket dat it fers in sterk ‘gothic’ karakter krijt en bygelyks oan it wurk fan Edgar Allan Poe (1809-1849) tinken docht. It rint dan noch acht strofen fan elk seis rigels fierder mei it priizgjen fan de ‘fryske geast’ fan Eeltsje Halbertsma, de ferjonger fan Gysberts taal. Mei dizze leedsang lei Van der Meulen folle eare yn, meldt de gearstaller fan Ald en nij, Waling Dykstra; fan Joast Halbertsma krige er as blyk fan tank en wurdearring in Fryske oersetting fan it evangeelje fan Mattheüs.Van der Meulen, “By de dea fen Eeltsje Halbertsma,” 322.

image

Folle persoanliker, yn de ik-foarm skreaun, mar ek minder ‘literêr foarmjûn’ is Van der Meulen syn leedsang op Sytstra. Dat fers datearret fan fjouwer jier letter; it is foarsjoen fan trije siden noaten mei biografyske ynformaasje en waard levere op fersyk fan Waling Dykstra foar dy syn tydskrift De Fryske Húsfreon. It heart earder ta de skriftlike as de orale tradysje. Yn 27 strofen fan tsien rigels ferhellet Van der Meulen oer wat Sytstra as freon foar him betsjut hie. Ek komt oan de oarder hoe’t ‘de minsken’ him seagen en wat syn betsjutting foar Fryslân wie. Styleleminten oars as jambe en rym binne net tapast; miskien ûntbruts dêrta de ôfstân of de tiid. Dat Dykstra om it fers frege hie, jout oan dat der ek in literêr-sjoernalistyk belang spilet. Dizze leedsang liket foaral fan biografysk belang, sawol foar de biografy fan Sytstra as foar dy fan Van der Meulen sels.Nijsgjirrich yn it ramt fan de fraach nei it leauwe fan Sytstra en de mooglike konflikten dy’t dat oprôp mei oaren is de achtste strofe fan “Op de dea fen Harmen Sytstra,” mei dizze rigels, s. 472: ‘Der wier fen him gjin hichte foart to krijen / „Hy is”, sei ’t folk, „geleard as domeny, / Mar dêr tsjinoer, fol ongelove er by, / In frijgeast, dy’t men mar hwet het to mijen”.’ Sjoch ek noat 27. De skriuwer sels wist dat goed; de lêste strofe seit it al:

Sjuch, Dykstra! dêr myn rymstik oer ús frjeon.

Ik mei it op noch út net kinstich hjitte;

Mar mocht gjinien it ongelêzen litte!

Ik ha natuer, gjin moaije optinksels skreaun.

Myn leedsang het in swiet tobinnenbringen

Oan folle nocht en wille for my wêst.

En witste wet! dit stjerren leart ús fêst:

Wy folgje ek ienkear him, hwa wit ho ringen?!

Lit ús om ’t goede en hege siikje, frjeon!

Dat bljuwt bistean, is ’t libben ús ontdreaun.Tsjibbe Gearts van der Meulen, “Op de dea fen Harmen Sytstra,” yn Ald en nij: Forsprate en neilittene skriften yn rym en onrym fen Tjibbe Geerts van der Meulen, red. W.A. van der Meulen en Waling Dykstra (Burgum: Van der Meulen, 1907-11), 477.

It bewustwêzen fan de foardrager-skriuwer fan syn eigen kulturele rol en funksje docht út dizze twa leedsangen dúdlik bliken: Van der Meulen earet hjir twa foargongers, dy’t er betsjutting jout. Hy wit dat er ienris sels ta de ‘foargongers’ hearre sil, want hy leaut dat wat er makket bliuwende wearde hat. Dêrom kin er tsjin Waling Dykstra sizze: ‘Lit ús om ’t goede en hege siikje, frjeon! / Dat bljuwt bistean, is ’t libben ús ontdreaun.’

Mar de keunstner fan it Frysk realisme op de grins fan orale en skriftlike kultuer, de foardrager-skriuwer yn it midden fan de 19e ieu, wurket net inkeld foar syn gelikensen of foar de hegere stannen dy’t literêre fersen wurdearje kinne. Hy is ek de ‘Jut mei ’t Oargel’ (1859) út it fers mei deselde titel. Yn dat gedicht fertelt de ik-figuer fan ‘(..) Jut, ús âlde stalke; / Jut mei ’t oargel is myn sang.’Tsjibbe Gearts van der Meulen, “Jut mei ’t oargel,” [1859] yn Ald en nij: Forsprate en neilittene skriften yn rym en onrym fen Tjibbe Geerts van der Meulen, red. W.A. van der Meulen en Waling Dykstra (Burgum: Van der Meulen, 1907-11), 265. Jut koe rymje, sjonge, spylje en brocht rippertwaar foar elkenien, foar jong en âld. Jut song oer eartiids, oer de âlde Friezen, oer Fryske krúsfarders, oer ‘Radbou’, oer Grutte Pier, mar hy song ek foar de bern, foar de jonge fammen, foar alleman:

Sa koe Jut oan alle minsken

Mei syn sjongen wille jaen.

Wist er ho ’t de ljuwe ’t winsken,

Meastal koed er hjar foldwaen.

Liet er mar syn oargel hearre,

Den roan ’t folkjen om him gear,

En den krigen se allegearre

Hjar biskie fen de âlde hear.

Jut dy wist wol hwet er die,

Altyd wist er hwer ’t er stie.Van der Meulen, “Jut mei ’t oargel,” 266.

Jut is de keunstner fan de orale tradysje, de sjongende ferteller, dy’t hjir besongen wurdt troch de keunster fan de skriftlike tradysje, de dichter. En is it net as werkent de ik-figuer yn it fers himsels werom yn de marzjinale maatskiplike posysje fan dy sjonger, dy’t fierder – pre-modernistysk – gjin gesicht hat, gjin yndividualiteit, dy’t oars noch net is as in trochjouwer en fersprieder fan taal, folkshistoarje en -kultuer? De lêste strofe seit:

‘k Tink yet faek om ‘e âlde sjonger,

Dy ’t fen elk forgetten stoar.

Faken lidte er kjeld en honger

Yn ‘e winter kâld en goar.

Yn syn jonge flugge dagen,

Hie ‘er for ’t lân ek sines dien,

        Lykwol stoar er onbiklage.

        Nimmen liet om Jut in trien;

        Mar ek nimmen wie ‘r dy ’t sei:

        „Jut naem hwet fen mines mei.”Van der Meulen, “Jut mei ’t oargel,” 266-67.

Beslút: Frysk realisme en artisiteit

Sûnt it wurk fan de Russyske kultuersemiotikus Yuri Lotman (1922-1993) hinget it ûnderskied tusken literêre en net-literêre talige uteringen ôf fan oan de iene kant de kulturele funksje fan dy uteringen en oan de oare kant fan harren ynterne organisaasje.Algemeen letterkundig lexicon, online ed. 2015, s.v. “literatuur,” krigen 21 desimber 2015, http://www.dbnl.org/tekst/dela012alge01_01/dela012alge01_01_03080.php. Tapast op de it heal orale, heal skriftlike Fryske realisme fan de perioade 1840-1870 is it no dúdlik dat de kulturele funksje fan dat realisme foar in grut part bestiet út it konfrontearjen fan syn publyk mei refleksje op maatskippij, religy en taal. Wat de ynterne organisaasje fan de uteringen oanbelanget, is in tal literaire eigenskippen oan te wizen, lykas fiktiviteit, styl, fertelperspektyf, ferteltechnyk, wurdgebrûk, rym, ensafh. It negative oardiel fan guon lettere skôgers oer it literêre karakter fan it Fryske realisme hat dus net te krijen mei it ûntbrekken fan literêre eigenskippen of in kulturele funksje; it giet folle mear om de ôfwikende ideology en it fierhinnne ûntbrekken fan nije literêre eigenskippen, dy’t yn de 20e-ieu nei foarren kaam binne: in strakker plot, in yngeander karaktertekening en –ûntjouwing en mearlagichheid.

Oft dat ûntbrekken sok âlder wurk foar de lêzer fan hjoeddedei ‘ûnlêsber’ makket, sa’t Riemersma ymplisyt úthâldt, sil fan jin lêshâlding ôfhingje. De kâns is grut dat in leafhawwer fan modernistyske eksperimintele romans net folle ophat mei 19e-ieuske foardrachten dy’t in didaktysk en folksopfiedend doel hiene. Dat is, yndie, in kwestje fan in bredere of smellere kulturele belangstelling en dito smaak. Foar de stúdzje fan de Fryske literatuer is ‘smaak’ lykwols fan gjin belang. It giet dêrby ommers net om it hifkjen op basis fan smaak, mar om it tawizen fan wearde, betsjutting en funksje op grûn fan ynvintarisaasje, analyse, ferliking en it relatearjen oan talige, biografyske, sosjaal-politike en histoaryske konteksten. Dat wurk moat, sa is myn konklúzje, foar in grut part noch begjinne as it giet om it wurk fan Van der Meulen en ek om it Fryske realisme yn it algemien. Ofset tsjin de tige ambysjeuze aginda fan de ‘folksskriuwers’ – in trije-ienheid: it fersprieden fan de Fryske taal, it befrijen fan beknipende maatskiplike tastannen en de opfieding ta selsstannich neitinken – ferskynt de ynspanning dy’t yn de Fryske skriftekennisse letter dien is om dat projekt yn kaart te bringen as beheind, ideologysk misfoarme en ûnder de mjitte.

Yn dit opstel ha ik my talein op de suggestje dat de foardragerij en skriuwerij fan Tsjibbe Gearts van der Meulen yn dat projekt in belangryk plak ynnimt en net los sjoen wurde kin fan de Fryske identiteitsfoarming sa’t dy yn de 19e ieu plakfynt. Itselde kin sein wurde fan it literêre wurk fan Harmen Sytstra en Waling Dykstra. Yn it ôfslutend essay wol ik dat punt neier besjen.

Noaten

  1. Tsjibbe Gearts van der Meulen, “Foarwird,” yn Frîske Winterjoune-nocht: Foardrachten yn rîm en onrîm, Oarde boek, fan Waling Dykstra en Tjibbe Gearts van der Meulen (Ljouwert: Kuipers, 1864), xv-xvi.
  2. De konklúzjes fan 16 fan de 21 bydragen oer Tsjibbe Gearts befetsje bynwurden fan tsjinstelling (meastal ‘mar’) mei in diskwalifikaasje. Wat Anny de Jong oer Tsjibbe Gearts as kritikus fan oaren skriuwt, jildt a fortiori foar de bondel oer Tsjibbe Gearts sels: “Op ’t eintsjebeslút hat er ek noch wol in pear goede wurden foar it wurk oer, mar dy weage meast net tsjin de krityk op.” “Skriuwer fan oar biskôgjend proaza,” yn Wâldman en wrâldboarger: Tsjibbe Gearts van der Meulen (1824-1906), red. Freark Dam et al. (Ljouwert: Miedema, 1974), 5.
  3. Freark Dam et al., foaropwurd foar Wâldman en wrâldboarger: Tsjibbe Gearts van der Meulen (1824-1906), red. Freark Dam et al. (Ljouwert: Miedema, 1974), 5.
  4. Klaes Dykstra, “Yn gearfetting gearstald,” yn Wâldman, 17.
  5. Ype Poortinga, “Man mei in libben „tobinnenbringen”,” yn Wâldman, 27-28.
  6. Klaas van der Veen, “Tsjibbe Gearts en de humor,” yn Wâldman, 41.
  7. Id., 45.
  8. Id., 46.
  9. Ibid.
  10. Anny de Jong, “Skriuwer fan oar biskôgjend proaza,” yn Wâldman en wrâldboarger: Tsjibbe Gearts van der Meulen (1824-1906), redigearre troch Freark Dam, Klaes Dykstra, Jacobus Knol, en Ype Poortinga (Ljouwert: Miedema, 1974), 49.
  11. Id., 51.
  12. Id., 52.
  13. Trinus Riemersma, “De forhalen,” yn Wâldman, 62.
  14. Ibid.
  15. Jean Poirier, "Le programme de l'ethnologie," yn Ethnologie générale, red. Jean Poirier (Paris: Gallimard, 1968), 567.
  16. Foar in behanneling fan de ferskillen tusken orale en skriftlike kultuer ferwiis ik nei it standertwurk fan Walter J. Ong, Orality and literacy: The technologizing of the word (Londen-New York: Routledge, 2005), 36-56 et passim, en foar de betingsten foar orale literatuer nei Rosa Knorringa, Het oor wil ook wat: Over mondelinge literatuur (Assen: Van Gorcum, 1980).
  17. Van der Veen, 46.
  18. Id., 45.
  19. Tsjibbe Gearts van der Meulen, “Earmoed en banketten,” yn In brulloft yn ’e Wâlden, red. Freark Dam en Ype Poortinga (Ljouwert: Miedema, 1974), 11.
  20. Koop C. Scholten, “Winterjoune-nocht,” yn Wâldman, 143-44.
  21. Tsjibbe Gearts van der Meulen, “In boer, earelid fen ‘t fers-opsidsers-selskip “De Earmslach,” yn Frîske Winterjoune-nocht, Oarde boek, 2.
  22. Ibid.
  23. Harmen Sytstra, Tsien tuwsen uwt de lottery oaf Jouke Rommerts’ scriften (Frjentsjer: Ypma 1841), 205-15.
  24. In ferwizing nei de titel fan in learboek foar retoarika út dy tiid: Barthold Henrik Lulofs , De declamatie: Of de kunst van déclameren of réciteren en van de mondelinge voordragt of uiterlijke welsprekendheid in het algemeen (Groningen: n.p., 1848). De romantyske dichter Lulofs hie yn 1815 it professoraat yn Grins oanfurdige mei de ynaugurele rede De noodzakelijkheid van de beoefening der eigene taal en letterkunde voor de zelfstandigheid en roem van eene natie; hy krewearre strang foar Nederlânske redenrikens.
  25. Van der Meulen, “In boer,” 16. Gotthold Ephraim Lessing skreau Nathan der Weise (1779) as reaksje op sinsuer. Yn syn pinnestriid (‘Fragmentenstreit’) mei in ortodoks-luterske pryster út Hamboarch, Johann Melchior Goeze, oer krityske ynterpretaasjes fan bibelteksten waard him nei syn replyk Anti-Goeze (1778) de bek bûn troch it adelik gesach, te witten hartoch Karl I von Braunschweig-Wolfenbüttel. De sitewaasje docht tinken oan it konflikt dat Sytstra mooglik hân hat mei de Winamer dûmny J.P. Escher. Lessing sleat him oan by de Frijmitselarij, lykas Van der Meulen dwaan soe. Yn in besykjen om syn freon Lessing te stypjen, publisearre Carl Philipp Emmanuel Bach yn 1781 syn Dreissig geistlichen Gesängen von Herrn Christoph Christian Sturm. Van der Meulen brocht syn stik oer it fers-opsizzersselskip foar ’t earst op ’e planken yn de winter nei Sytstra syn ferstjerren yn 1862.
  26. Van der Meulen, “In boer,” 16.
  27. Sytse Jan van der Molen, “En us Harke mei syn kleare kop”: (65 jier Frysk Winterjûnenocht) (Grins: Frysk Ynstitút RUG, 1984), 75.
  28. Constantin Francois de Chassebœuf, comte de Volney, Les Ruïnes, ou méditations sur les révolutions des empires (Parys, 1791); Volney preket antydogmatisme, de lêste fjouwer haadstikken (s. 174-330) befetjse kontroversjele religeuze stânpunten, Volney besprekt dêryn de skiednis fan alle gerutte religys op ‘e wrâld en ropt de naasjes op ta it oanfurdzjen fan it prinsipe fan skieding fan tsjerke en steat, om’t inkeld dan wrâldfrede mooglik is.
  29. Anton Levien Constandse, “Heeft Jezus ooit geleefd?” De Gids 139 (1976): 674.
  30. Tsjibbe Gearts van der Meulen, In brulloft yn 'e Wâlden, red. Freark Dam en Ype Poortinga (Leeuwarden: Miedema, 1974).
  31. Freark Dam en Ype Poortinga, foaropwurd foar In brulloft yn ‘e Wâlden, fan Tsjibbe Gearts van der Meulen (Leeuwarden: Miedema, 1974), 5.
  32. Riemersma, 67.
  33. Onno H. Sytstra, “Tjibbe Geerts van der Meulen,” yn Ald en nij: Forsprate en neilittene skriften yn rym en onrym fen Tjibbe Geerts van der Meulen, red. W.A. [Wigger Arnoldus] van der Meulen en Waling Dykstra (Burgum: Van der Meulen, 1907-11), xi-xii.
  34. Tsjibbe Gearts van der Meulen, “By de dea fen Eeltsje Halbertsma,” yn Ald en nij: Forsprate en neilittene skriften yn rym en onrym fen Tjibbe Geerts van der Meulen, red. W.A. van der Meulen en Waling Dykstra (Burgum: Van der Meulen, 1907-11), 321.
  35. Id., 322.
  36. Nijsgjirrich yn it ramt fan de fraach nei it leauwe fan Sytstra en de mooglike konflikten dy’t dat oprôp mei oaren is de achtste strofe fan “Op de dea fen Harmen Sytstra,” mei dizze rigels, s. 472: ‘Der wier fen him gjin hichte foart to krijen / „Hy is”, sei ’t folk, „geleard as domeny, / Mar dêr tsjinoer, fol ongelove er by, / In frijgeast, dy’t men mar hwet het to mijen”.’ Sjoch ek noat 27.
  37. Tsjibbe Gearts van der Meulen, “Op de dea fen Harmen Sytstra,” yn Ald en nij: Forsprate en neilittene skriften yn rym en onrym fen Tjibbe Geerts van der Meulen, red. W.A. van der Meulen en Waling Dykstra (Burgum: Van der Meulen, 1907-11), 477.
  38. Tsjibbe Gearts van der Meulen, “Jut mei ’t oargel,” [1859] yn Ald en nij: Forsprate en neilittene skriften yn rym en onrym fen Tjibbe Geerts van der Meulen, red. W.A. van der Meulen en Waling Dykstra (Burgum: Van der Meulen, 1907-11), 265.
  39. Id., 266.
  40. Id., 266-67.
  41. Algemeen letterkundig lexicon, online ed. 2015, s.v. “literatuur,” krigen 21 desimber 2015, http://www.dbnl.org/tekst/dela012alge01_01/dela012alge01_01_03080.php.

Mear fan Abe de Vries

Grand tour God brekt ûnrjochtfeardige rjochters de nekke, / tocht de mem. En liet har soan gean op grand tour.
Gedichten om mar better dalik te lêzen Miskien wiene wy der beide, Jennifer, mei de holle / net by, miskien wie ik by Simen Styl
De frijmitseler fan Camstrabuorren Libben en wurk fan Dirk Bouma Nieuwenhuis (1814-1873)
De betsjoende boeredochter Skriuwer en mienskip yn it Spannum fan Waling Dykstra
It plagiaat fan Verwijs Fryske literatuer yn Platdúts en Hollânsk perspektyf
It folk, skjin as wetter Konstruksje fan kritysk Frysk folkseigen by Waling Dykstra
De histoarje fan de duvel en Watse Klop Waling Dykstra, in folksferhaal en de skoalstriid yn Noard-Fryslân
‘Jimmer moat ik smeulend hearre’ De leste minstreel fan Walter Scott en it liet fan Waling Dykstra
Wa riidt dêr oer de dyk Yn September en October 2018 sil yn it WTC Expo yn Ljouwert it “spectaculair indoor theaterevenement” De Stormruiter plakfine. It wurdt ien fan de klapstikken fan it Lwd-Fryslân 2018 programma.
Scientias Miskien ha de aliens gjin/ fêste grûn ûnder de fuotten.
1 2 3 4 5 6 7 8 9