image

Moanneman

Elske Kampen - Fers2, nû. 22, 12 desimber 2015

Dy jun doe bij us walmjend fjoer, ’t wie raar,

Sjoch, sjoch skerp want ûnder de râne fan it tsjokke iis leit

likegoed de reade gloede noch as fan in hammer dy’t suver

krekt yn in lêste slach it hite izer noch fûleindich rekke hat

en dêr’t it fine kraachje simmerskom as fan in poppejurkje

fong yn froast it iennichst teare is, it iennichst leave is, mei

de swiete treast fan rook fan simmermoannen lyn yn lytse beltsjes lucht bewarre.

En dêr’t in man, twa blauwe nachten wei no al, fier ûnder

de wite flakte skeat en doe mei swiere skonken en redens

oan ‘e fuotten earst ferheard noch draafde ûnder de hege

souder swier fan iis oant, as in astronaut as moanneman

wylst sêfte bûtenlûden yn syn earen dripten dimd as yn in

fiere dream, syn draven draaien waard.

Syn draaien lykas sakjen waard en stadichoan in kanteljen

en doe in lizzen krekt by it iepen plak dêr’t it wizen stomp

op rint en stikken en foar it sykjend each gjin ferdwynpunt

sichtber, inkeld iis, dêr’t inkeld iis mar is mei it pylkjend lûd

fan wyt akoestysk sjongen en op syn bêd fan boaiemblêden

de man yn djippe slomme.

Mear fan Elske Kampen

0 results