sjieuwe borger image

New Orleans Jazz

Sjieuwe Borger - Fers2 nû. 3.18, 12 novimber 2017

Sybren spuide syn sigaret op ’e moarmeren flier en helle de skoech deroerhinne. Suver fuort efter de doar staten se op in dwylsinnige mannichte dy’t oan de bar ta troch rûn dêr’t de promininte jierklup Kontoer in fust bier oanbea. Wylst se har stadichoan troch de kliber nei foarren fochten waarden de jaskes har fan de lea ropt; se sieten ek allinnich mar yn de wei. Ljudger loek mei oerkrêften de studinten út inoar, sadat Sybren, Rolf en Jan dy’t ek yn byld kommen wie, troch de iepening foarút krôlje koene. As oandragers berikten se de foarste rigen by de bar. Richard en Arjen hongen sawat hoarizontaal, sa waard der oan harren skuord, en se koene har amperoan fêsthâlde oan de koperen buis om de bar. Harren beleagers heisteren har oan broek en de bleate bealch om har los te krijen. Richard en Arjen lieten tagelyk los. De oanfallers foelen mei in skok tebek, en mei koene Rolf, Sybren, Ljudger en Jan in plak oan de bar besette.

‘Bier?’ knypeage ien fan tapers fan Kontoer. Hy sette fjouwer grutte glêzen foar harren del. Se sloegen it yn ien swolch efteroer. Sybren fage him de holle ôf mei de strik dat as iennichste syn boppeliif bediek. Jan hie de strik as in bandana om de holle knope. In lange tufe ljocht hier foel him derûnderwei oer de foarholle.

‘Set dy teskoar,’ sei er. Hy griep de bar fêst. Fan efteren fielden se dat tusken de skonken troch by de broeksriem pakt waarden.

‘De neanderthaler,’ rôp Rolf. ‘Ik bin dea.’ Hy liet los en waard meitôge oan de riem. Doe waard er op de grûn smiten en seach er yn de gniizjende troanje fan syn opponint, dy’t him oerein holp en mei him fûstke. Richard en Arjen hiene wilens Rolf syn plak wer ynnommen oan de bar mei in glês foar harren. De mos sei dat men jins splinterfrij glês sa fluch mooglik útdronk en dat men jins plak oan de bar sa lang mooglik hâlde. As men dronk mocht men net fuort lutsen wurde, en hie men lok, dan krige men noch in faaske bier. De mos wie ynfierd neidat prûstige foargongers de foartosken stikken biten hiene of it ljocht út de eagen kwyt rekke wiene.

‘Ik haw myn nocht,’ sei Sybren tsjin Ljudger. ‘Wy geane nei de Souder, dêr is mear romte en it is der koel.’ Se lieten de drokte efter har en gongen de treppen op. Healweis kamen in pear fammen gibeljend út de húskes wei.

‘Hai, geane jim mei nei boppen?’ frege Ljudger.

‘Dêr komme wy wei. Wat hiest tocht, grizel,’ sei de studinte mei it strak nei efteren kjimde hunningkleurige hier, dêr’t highlights yn oanbrocht wiene.

‘Ha, ik sil dy wat grizelichs sjen litte,’ sei Ljudger, hy bleau stean. Hy seach har fûl oan en spande de spieren fan syn boppeearmen.

‘Tinkst dat ik ûnder de yndruk bin, kjirl,’ frege har freondinne mei it brún hier en se fielde oan syn biseps. ‘Hast dêr lang op traine moatten? It liket wol beton.’ De brunette knipere mei de eagen.

Ljudger makke syn strik ûnferskillich los en liet syn boarstspieren samar wat in lyts dûnske meitsje. De mûle foel har no sawat iepen.

‘Ik haw noch nea traind,’ sei Ljudger. ‘Dat haw ik net oan tiid.’

‘Sis Jack, sille wy dochs effen kennis meitsje mei dizze mannen?’ frege se har har freondinne. ‘Ik bin Ivette, sy hjit fan Jacqueline, foar freonen Ives en Jacky. Omheech, seist h’n?’ Se seach Ljudger djip yn de eagen en stiek de earm út nei Jacqueline, dy’t Ivette fêstpakte. ‘The only way is up.’

Sybren en Ljudger folgen har.

‘Soene it potten wêze? lústere Ljudger.

‘Nee man, se hawwe in pear op.’

Op de Souder ploften se foar inoar oer del yn healslitene chesterfields.

*

‘Wat sil it wêze, dames?’ frege Ljudger.

‘Jou my mar in cointreau on the rocks, pop,’ sei Ivette.

‘Foar my ek noch mar ien, dan,’ sei Jacqueline. ‘Hoe seist ek al datst hietst?’

Sûnder antwurd te jaan stapte Ljudger nei de bar en bestelde mei syn moaiste glim by de barkeepster.

‘Ik bin Sybren, dat is Ljudger,’ sei Sybren dy’t him nei de froulju tabûgde en harren in hân joech.

‘Jim wiene dochs net út op in flugge wip, no Sybren? sei Jacqueline.

‘Dêr hâlde wy net sa fan’, sei Ivette.

‘Dêr hie ik net fuort oan tocht, in gleske en dan…’

‘In oerlangsume wip?’ ferfolge Ivette.

Sybren moast laitsje. Hy seach op nei Ljudger, dy’t by de bar holpen waard, doe werom nei Ivette. Se prate in pypfol mei Jacqueline. Ek fan siden seach Ives der moai út, mar hy fûn Jacky kreazer. Hokker antwurd er ek jaan soe makke neat út, dat hij swijde.

‘Wy wolle net op in bangalist, wy hawwe gjin kanonsloop nedich,’ sei Jacqueline hoekich. ‘Dat der noch sokke mannen omrinne, sa frouûnfreonlik dwaan kinne. En dy dan mei dyn hiele hawwen-en-hâlden op ynternet sette, bah.’

Dêr kaam Ljudger al wer oan. Ivette lôke fol ferwachting nei him op.

*

‘Hjir is jim wiet, dames. Ik haw foar mysels ek in cointreauke nommen, bier foar dy, Sybren.’ Ljudger seach fan boppenôf op Ivette del en knibbele tusken de froulju yn. Hy lei syn frije hân op Jacqueline har boppe-earm.

‘It is fêst in stik geselliger, Jacky, dat mei ik as freon wol sizze, no, dat ik neist dyn freondinne sitten gean?’

Hy seach nei Ivette, dy makke al romte om oan te jaan dat Jacqueline har ôfjaan moast. Ljudger spande jitris opfallend syn boarstspieren oan foardat er njonken Ivette sitten gong en in earm om har hinne sloech. Hy tute har op de mûle en se tute him werom. Jacqueline gong keken mei de knibbels by inoar sa fier as mooglik wie by Ljudger wei sitten en nipte froed fan har gleske.

‘Dat docht se no altiten’

‘Moatsto dat altiten oansjen?’

‘Ik foldoch as selskip net goed, tink.’

‘Of bist har wingwoman?’

‘Wat is dat?’

‘Dy’t meijaget.‘

‘Haha!’ sei se skealik laitsjend en mei barste se los. ‘Tsja, as ik sjitte wolle soe. Almeast binne it de mantsjes dy’t sjitte wolle, in nacht fol geniet fan hûs en dan moarns wer fuort. Witst dat genietsje yn it Frânsk ek klearkomme betsjut, jouir. Ik hie in feint, mar wy sjogge inoar al in tiid net mear, it is út. Ik fiel op it stuit hielendal neat, ik bin leech. By Ives is dat al oars, sjoch ris hoe’t se har gean lit. Is tongje oars net ferbean op de soasjeteit?’

Se kuerde nei de barkeepster, dy’t de glêzen folrinne liet en allinnich each like te hawwen foar it mansjet op it bier.

‘Jou my mar in goed petear,’ sei se, se dronk it likeurke út en joech it lege glês oan Sybren.

‘Wolst my noch ien dwaan?’

Sybren gong stean. ‘Fynst it hoopje ik net slim dat ik hjir yn bleat boppeliif omrin?’

‘Ik fyn alles bêst, salang’st fan my mar net winskest dat ik dat ik doch, owh uhh, doch my wat sterkers, in whisky is wol goed.’

*

‘Dy twa dêre, freonen fan dy?’ frege de barkeepster Sybren wylst se dat fan Ljudger en Ivette útwiisde en de bestelling klear makke. Hy seach om, Ljudger en Ivette leine heal sichtber op de bank. Jacqueline ferfeelde har sa’t it like. Hy stiek in earm nei har op.

‘Ja, hoedat?”

‘Dat is op de dea ôf ferbean. Foar’st it witst dogge se it op de bank, it is hjir Bernlef net.’

‘Ik wit it, ik sil it sizze. Ik liket yndie ek wol fiis,’ sei er en hy seach hoe’t Ivette Ljudger oer de rêch streake.

Sybren krige de glêzen en gong nei Jacqueline werom. Just doe’t er har de tûmler oerlange seach se him mei grutte kjelle eagen oer him hinne en sloech se in hân foar de mûle. Hy liet de glêzen omtrint falle en fielde kâlde spatters op ’e rêch. Hy seach om; twa kroechkommissarissen hiene elk in lege amer yn hannen.

‘Ferjamme, wa weaget it…,’ raasde Ljudger, hy kearde him om en befrijde him út de earms fan Ivette.

‘Dat dogge wy, bist warskôge, pryngel. Hjir op de soasjeteit wurdt net geilboarte,’ sei de kroechkommissaris dy’t de lieding hie.

‘Ik bin yntrodusee,’ sei Ljudger.

‘Dat jout dy neat. Wa hat dy yntrodusearre, dy hie wol effen byprate mocht oer de mores hjirre,’ gong er fierder en hy smiet Ljudger en Ivette in handoek ta.

‘Hy is ûnder, mar wy geane,’ sei Ljudger, hy seach Sybren oan en hy drûge him wat ôf.

‘Ik bin dweil,’ sei Ivette. ‘It stjonkt, ik moat my opfrisje.’

De kroechkommissaris joech Ljudger in mouhimd en stie derop oan dat er oanloek, dat er gjin kjeld skypje soe.

‘En do, helje do dy aanst ek ien by de bar, dat is al sa desint,’ sei er tsjin Sybren.

Ljudger joech Ivette in hân en loek har nei de bar, dêr’t er wat mei de barkeepster smûze.

‘De taxi is ûnderweis,’ rôp er. Hy bestelde in contreau, sloech dy ynienen efteroer en rûn yn de earms mei Ivette nei de útgong.

‘Sa docht sy dat,’ stelde Jacqueline kalm fêst.

‘En hy ek,’ stimde Sybren mei. ‘Sille wy in rêstich en drûch plakje opsykje dêr’t it net stjonkt?

‘Ik wit net.’

Sybren fielde him net alhiel wis troch har wifkjend antwurd, mar hy gong stean.

‘Ik wit in smûk kafeeke oan de Noarderhaven,’ sei er. ‘De Kaai, op tongersdeitejûn libbene muzyk, Jazz.’

‘Jazz, seist. New Orleans Jazz? Dan komt ús heit dêr fêst ek mei syn band, ik gean mei.’

*

Sybren helle in mouhimd by de barkeepster en holp Jacqueline yn de jas. Se kuieren oer de grêft by de pakhûzen lâns. Se bleau stean en wiisde Sybren op ien derfan.

‘Dêr wennet Jop,’sei se.

‘Jop?’

‘Ja Jop, myn eks, dêr hie ik it oer.’

Sybren kearde him nei har ta. Hy seach triennen yn har eagen. Se loek sûnder erch mei de mûlshoeken. Se litte echt. Mar sy wie by him en hy fielde dat er har treastgje koe en se waard der suver noch oantrekliker fan. Hy lei de lofterearm op har skouder en hy aaide har mei de rjochterearm oer it hier. It fielde hiel swier oan, net liker as stie it ûnder spanning. Sok hier hie er noch nea field, allinne yn Toskane miskien, by Marcella. Hy fielde dat se ferstive doe’t er him foaroerbûgde. Hy woe har oanhelje, want hy fielde har djippe fertriet, mar se wraksele har los.

‘Ik wol net tusken dy en Jop ynstean, hear.’

Har eagen skitteren út in wiettens.

‘Ik moat him los litte, mar it falt net ta.’ Der gong in ljocht út yn in appartemint fan it pakhûs. Se line de holle tsjin syn skouder en glimke nei him, wat har mar heal slagge.

By de yngong fan de Kaai pakte er har hân as moast er har der ynlûke, mar de goed artikulearre jazz dy’t harren temjitte kaam miste syn útwurking op har net.

‘Dit is yndie New Orleans Jazz,’ sei se en se blierke. Se fûnen in leech taffeltsje, dêr’t se de muzikanten fan in ôfstantsje spyljen seagen.

‘Dy iene kjirl ken ik goed, dêr efter it slachwurk. In freon fan ús heit, hy kaam faak by ús oer de flier. Se oefenen tegearre op souder en hy kaam ek del as heit der net wie. Dan oefene er mei ús mem, ik bin harren op in kear oer it mad kommen, ik wie earder út fan skoalle. Se leine op de keukenstafel, ik haw der net wer oan sitten te iten. Letter fertelde ús mem dat se har wreke op ús heit, dy die it mei dy syn wiif dêre. It wie de earste kears dat ik hearde dat er frjemdgong. Kinst dy yntinke, ik seach dat er him yn ús mem hie. Dêr bin ik útkommen… It fielde as waard ik oantaast, sa shocking. Ik wie dûm. Ik bin derút draafd en haw oerenlang kuiere,’ sei se hiel saaklik. Sybren harke nei de muzyk, dy’t er wol koe, mar dêr’t er net waarm fan waard. Jacqueline wie der mei opgroeid, foar har wie de jazz it dekôr fan it libben by har heit en mem thús. Se trommele mei de fingers op tafel in ritme dat Sybren der net yn werom hearde. Hy fûn de muzyk in net te fernearen kakofoany en hy besocht de tsjinstelling tusken har emoasjes oer Jop en it barren mei har mem te rymjen. Jop hie har wat oandien en dat brocht har fan it stik, mar wat har memmy har oandien brocht se hiel beskriuwend. Hy fielde har hân op sines wylst er der oer neitocht.

‘Jim mem gong frjemd mei de freon fan dyn heit om dyn heit dwers te sitten?’ frege er har.

‘Wat hie se oars dwaan kind?’ antwurde se mei in glim.

Sybren seach har freegjend oan.

‘Doe’t ik werom kaam glimke ús mem my beskamme oan. Se warskôge my foar muzikanten, jazz-muzikanten benammen, mar ik hâld fan de muzyk. Wolst in southern comfort foar my bestelle?’

Oan it taffeltjes neist harres siet in steltsje dat ynienen spul krige. De man sprong oerein, makke syn faam út foar kutbitch en kroaske breinroer it kafee út. De frou mompele ûntskuldigjends tsjin harren en sette ôf.

Jacqueline seach Sybren yn de eagen.

‘Hast heard wat er tsjin har sei? Krekt myn heit.’

‘Ik haw net meiharke,’ sei Sybren.

‘Ik fong op wat se him ferwiet. Hy hie wer ris porno sjoen en nei de huorren west.’

‘Dat die dyn heit net, dy koe him sels wol rêde.’

Se seach him iiskâld oan.

‘Hy die sawat itselde; hy gong frjemd. En dan is de hikke fan ‘e daam. Krekt as by bollen haw ik heard, ien kear en dan geane se letterlik troch alles hinne. Jop ek, ik hoopje mar datsto oars bist.’

‘Hiel pynlik,’ sei Sybren.

‘Ja,’ sei se en se begûn wer te snokjen. ‘Heit en mem binne út inoar, wolst dy southern comfort no foar my helje?’

Sybren kaam swijend oerein en bestelde by de bar. Hy naam de slachwurker op, sa’t er yn de muzyk opgong koe Sybren him net yntinke dat er ea taalde nei in frou.

*

Bûtendoar sloech er in earm om har hinne en joech er har in bûsdoekje. Se snute en glimke tormintearre. Se bliek by him yn de buert te wenjen. It fernuvere him dat er noch nea troffen hie yn de supermerk. Mei har opfallende, grutte eagen koe se jin suver net ûntkomme. Se fertelde dat har heit it nei de frou fan de drummer oanlein hie mei de mem fan har bêste freondinne. Har mem hie him warskôge dat se by him weigean soe as er net ophâlde mei syn bûtenechtlike eskapades. In tiidlang like it goed te gean oant er in ferhâlding begûn wie mei de buorfrou, in goede freondinne fan har mem. Dy hie har nocht, se hie him de doar wiisd en hy wie ynlutsen by ien fan de leden fan syn jazzband. Tsjintwurdich wenne er by syn nije leafde, neffens Jacqueline in jongere útfiering fan har mem. Sybren besocht him yn te tinken wat it betsjutte soe as ien fan syn âlden frjemdgong. Syn heit en mem hiene in goed houlik, en just dêrom koste it him muoite om him yn te tinken dat se in protte fertriet hân hie fan de skieding fan har âlden.

‘Binne se al lang út inoar?’ frege er.

‘Fjouwer jier lyn, doe’t ik mei de stúdzje begûn, ik wie njoggentjin,’ sei se en se begûn wer te snokjen. Hy besefte dat se in jier âlder wie as him. Hy loek har neier tsjin him oan. Sa rûnen se troch it Plantsoen nei har hûs.

‘Ik fyn it allegearre hiel rottich foar dy,’ sei er. Se hâlde him steviger fêst. Ynienen begûn it te spielen en setten se it op in draaf nei har hûs. Se loek him de portyk foar har wenning yn.

*

‘Ik wit it net,’ sei er. ‘Begryp my goed, net om dy hear, mar wat is no sa bysûnder oan New Orleans Jazz. Dat dy muzikanten har ynstrumint goed bespylje kin ik sels hearre. Mar ik fyn it sa rommelich.’

‘It giet om fielen, allinnich mar fielen,’ sei se.

Hy seach har oan. Har hier wie dweiltrochwiet wurden. It hie him folsûge en wie opbolle ta in mânske kroljende massa. Sy beweegden nei inoar ta en se iepene har mûle ûnder syn lippen. Se patten inoar wylst hy wuolle troch har har wyld útspringende krollen. Se hie de earms om him hinne en hy streake oer har kont dy’t strak yn har spikerbroek spand siet. Hy krige in stivenien, hy aaide troch har hier en oer har rêch en kaam haar bh-bantsje tsjin. Meidat er it iepen gaspje soe en se gleone tuten wikselen waarden se yn de portyk werom helle mei in fleurige groet.

‘Goedemoarn, leave minsken.’

Jacqueline en Sybren hâlden op fan tútsjen en seagen prot op.

‘Ha dy Radboud,’ sei Jacqueline brûkel.

‘Hey Jacky, giest mei yn de hûs?’

De glim fan de iepen eagjende jongfeint feroare yn in fâld doe’t er Sybren yn it each krige. De jongfeint kaam Sybren al wat bekend foar.

‘Ik doch it my jûn oan tiid, Boudsje!’ sei se mei in lûde gniis. ‘Ik bliuw hjir noch effen, oant moarn.’

Radboud klapte de doar efter him ta.

‘Hy liket my al wat teloarsteld,’ sei Sybren.

‘Fynst ek net? Foarige wike gong ik te stappen mei Frank, dy wennet ek by ús yn de hûs.’

‘Ik tocht dat it út wie mei Jop.’

‘Ja, en mei ik der dan net mei in oare man op út?’

‘Fansels.’

‘Of moat ik dan mei Radboud de stêd yn?’

Se wreau Sybren oer it krús. ‘Hmm, net gek. Mwah, Radboud, nee. Neat foar my, hy is fierstente leaf… Hy yntrodusearret Ives en my wol ris op de soasjeteit, mar fan my kriget er net in kâns.’

Se tute him op it wang en hy helle de hân jitris troch har swiere krollen. Hy krige foar it ferstân dat er Radboud koe fan de kroechkommisje. Hy fielde wat fan oergeunst en tagelyk hie er in tinkbyldige rivaal ôftroeve mei dizze moaie frou hjir by him foar de doar.

‘Wat in moai hier hast, dat hie ik yn it begjin fan de jûn net sjoen,’ sei er.

‘Krollen, krollen, krollen, ôfgryslik,’ sei se. ‘Ik kjim se der altiten safolle mooglik út, mar ik haw it juste middel noch net fûn om de boel in hiele jûn steil te hâlden.’ Se kearde har fan him ôf en die de foardoar iepen. Se naam in pear treden en seach op him del.

‘Wy appe,’ se bûgde nei him ta, tute him hoeden op de mûle en gong fierder omheech. Hy eage har nei, de doar foel ticht en hy sette nei hûs ôf.

Mear fan Sjieuwe Borger

Memento mori Dêr is de âld toer al, hy wibelet my suver temjitte.
Piano piano Myn sweager en ik tôgen de piano by ús yn de hûs. De piano kaam by myn suster en myn sweager wei …
Yntermezzo Yn de nacht waard er wekker en frege er him ôf oft er Jacqueline sjen moast as syn faam lykas dy froulju dêr’t er wat mei hân hie foardat er …
Eksamen It ûnthjit fan de simmer gong goed yn ferfolling, de sinne sprate syn gleonens allinkendewei oer de stêd.
Toernoai Sybren trof syn jierklub yn de hockeykantine. It jierlikse toernoai fan de studinteferiening wie oer it wykein útsmard …
Freed ‘ekker wurde bûke’ trúnde de man oan mei syn heech nasaal lûd, wylst er him oan de earm op loek. ‘Is dat no normaal …
Dies ‘Sorry, ik moat fuort’ sei er. ‘Jierklub.’ ‘Litst my yn de steek?’ frege se kjel.
Cordon bleu Sybren griep nei syn snoadfoan. ‘Giest hjoed wer nei de UB?’ frege se.
Dwylsin Sybren pakte de brûskop út de hâlder liet it wetter oer it liif rinne. Hy spande de lofter boppe-earm …
Oan de Efterwei Ljudger stie te beljen. Syn útdrukking feroare fan kjel yn helpleas en hy einige it petear.
1 2