image eppie dam poëzij oersettingen: antjie krog

Poëzy

Oersetting fan Antjie Krog, Ut: Medeweten (2015)

Eppie Dam - Fers2 nû. 2.13, 11 septimber 2016

myn beppesizzer en ik bouwe sânkastielen

mijn kleindochter en ik bouwen zandkastelen

we bouwe sânkastielen bij de see fan Caesarea lâns

myn bernsbern en ik             krekt as bij de oare famkes op it strân

dideldeine har wriuwwaaksglânzige eagen en tsjokke swarte skaafselkrollen   de see

skittert stielblau en se lit út ’e fingers tinne tuorkes sân drippe

glêdskjirre amfoaradiggels bespikkelje it strân fan Caesarea

fan ’e moarn hat se har heit en mem frege om yn ’e keuken te bliuwen

en doe hakkele se yn har seis-jier-âlde Hebriuwse wurdfolchoarder:

‘fan mij ôf fuort gien Ouma, wil ek nie hê jy moet wees nie’

brûkte se de wurdtrochstammere bloedeigen dûbele ûntkenning

‘Ouma’s verskriklik lief vir jou.’ ‘Ek weet, Ouma, maar dit gehelp my nie’

bern mei de mûletreaste namme dy’t mij yn alle talen yninoar swije

lit      ik wol har ferline bij har weihelje yn ’e namme fan pine

yn ’e namme fan it ferlet om har fêst te hâlden    har hielje mei it heil

fan ús allegear dy’t altyd en altyd en noait út har libben ferdwine

wol har laitsjen sjen radslaggen meitsje lykas no – sulver en licht as in twiich

ik wol har fingertoppen ûntblynje tsjin it geloof yn ferneatiging

yn har helderreade swimbroekte liif sûst it fan de littekens

har gûlen yn fertrekhallen is in gelûd dat ik noait ferjitte sil

wat dócht in lichem mei sa’n gelûd wêr berget it sûnder skea safolle

smeekgebeden mei wache trêd rint se oer it sân myn proastige leafste lytse fin!

tsjin de midsiuwske sinne smar ik har de skouders yn mei sinnebrân

tsjin de bleakerjende Helleense akwaduktstien achter ús     tsjin

de delfallen blijreade pylders fan Herodes’ paleis dêr’t Paulus troch kening

Agrippa ferheard waard    tsjin de ferbroazeling    tsjin de ferblining    tsjin

baarnende pylkjende spearen en bloed oait hjir op Romeins grûngebiet

tsjin moslimfiskers en Rothschildfûnsen smar ik har de krêm dûbeldik op ’e rêch

deselde sinne deselde ferynlike gelûden deselde see deselde

liemreade diggels trillen    daagliks troch lichems like lichtfuottich as dy fan ús

   we grave in grêft om ús sânkastiel hinne wylst deselde

rûnomrocheljende tsjinwurdichheid fan god en wraak lichthollich

oer it strân sidderjen bliuwt    hoe reitsje we oait út ’e jiske

op dit helferljochte strân    út ús eigen ferplettere-wêzen en antwurd-

leazens    ús eigen ferskriklike stommens    ús dwaze folkswaan

donkertes dy’t yn earholten om foarrang stride mei ivich-nei-de-dea-oerhingjende

útspraken                                           súntsjes gripe golfkes har ankels beet

ús ûnôflosbere lichems sitte baaiend hjir op it sân oan ’e iene kant swimme

de moslimfamkes ûnder wriuwwaaksglânzige eagen en skaafselkrollen ik smar

de skonkjes yn fan it bloed fan myn bloed    de bienfoarming fan de dappere

krúsbonke    ik smar. ik gryp oan. war ôf. besykje te skilen. skep op wat driuwt.

mei gram yngiet tsjin in god dy’t fêsthâldt oan syn besteansrjocht troch bern te deadzjen

ik triuw de strânparasol djip yn it sân

en slaan de streepte handoeken iepen

we bouwe in sânkastiel en prate Afrikaans

se sjocht my oan en laket gol

myn bernsbern en ik op it strân fan Caesarea

Mear fan Eppie Dam

Oersetting fan Brodsky: In mich Tewylsto songst, is de hjerst al oanbrutsen./ In spoen hat de kachel oanstutsen.
Oersetting fan Brodsky: Sunder titel en Rotterdams Deiboek Jerstj&ucric;n yn dizze lytse trochsneestêêd/ dy’t likegoed de lânkaart wist te heljen
Oersetting fan Brodsky: Flinter Kin ik beweare: do bist dea?/ Do libbest mar in dei.
Gedichten fan Eppie Dam: hjoed wint it tinken hjoed keapet wilders in multyfokale bril
Oer De achttjin Hij kaam hjir faak: noch net yn rydbroek nee,/ mar yn in leaden jas, wat noartsk en krommich.
Oersetting fan Brodsky: It jier 1972 Gjin fûgel wit myn iepen finster noch te finen. / In frommes akselt tsjin en is op slach frigide.
Oersetting fan Brodsky: Hichten Hja sieten mei har beiden graach/ op ien fan de gloaiende hichten
Oersetting fan trije gedichten fan Adonis Yn it waarme, ûnrêstige bêd / wurdt leafde wekker
Oersettingen fan twa gedichten sûnder titel fan Joseph Brodsky In hûs is frjemd foar wa’t it ta him nimt./ In blik giet hastich oer fornús en stuollen
Slauerhoff yn Oersetting: Stjerrebern In stjerrenacht hommels op ierde bedarre,/ Troch stowyn jage yn sniedún ferlern …
1 2 3 4 5