name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

Hoe skriuwt men in ‘Oer ús’-side foar in ynternettydskrift

wat te dwaan & wat te litten

 

Kies in konversasjonele toan (net te plat)

 

De lêzer wol net ûnder in kamera foar in kûgelfrije glêzen doar stean, dy’t nei’t er ynsprutsen hat yn de ynterkom noch efkes ticht bliuwt en dan ynienen moardsuchtich iepen spriedt. Nee, de lêzer wol gewoan troch in iepen doar it tydskrift yn rinne kinne en farske kofje rûke en lûden opfange fan boartsjende bern en in âlderwetske typmasine.

It gie sa. Op sneontemiddei 22 novimber 2014 sieten wy yn teaterkafee De Smoeshaan yn Amsterdam—wilens yn Fryslân sjuttele de striid tsjin de nije stavering as Napoleon by Beresina—en wy misten in moai Frysk literêr tydskrift. Jo begripe dat wol. In kroech is typysk in plak dêr’t men fan alles misse kin en wêr’t dan de ideeën ûntsteane. Sa misten, yn in kroech yn Londen, Marx en Engels in klasseleaze maatskippij en skreaune har kommunistysk manifest.

Dat hat oars net folle brocht, sille jo no sizze. Dat soe kinne, mar sis no sels, heechsteande literatuer wie dat manifest ek net. En dêr komme jo foar: foar literatuer. Dêrom ha wy Fers2 opstart.

 

 

Fertel oer it business plan en de misje (net te langtrieddich)

 

Fers2 ferskynt ien kear yn ’e fjirtjin dagen op it ynternet as Fers2.eu. Ynsidinteel sil in printe temanûmer ferskine.

Fers2 rjochtet him op Fryske literatuer en bringt in breed ferskaat oan literêre sjenres. Dêrneist beljochtet Fers2 de Fryske en ynternasjonale ûntjouwingen yn de literatuer. Ek ûndersiket Fers2 fan wikseljende perspektiven út de sosjale en politike kontekst dêr’t de teskt syn oarsprong yn fynt.

Fers2 is in folslein nonprofit projekt. Fers2 wurdt net stipe mei publike jilden. Stipe fan private donateurs is dêrom mear as wolkom. Alle ynset fan de redaksje en alle bydragen fan de meidoggers binne pro deo.

 

 

Foegje persoanlike details ta (net te pikant)

 

Men sjocht se op hast alle ‘Oer ús’-siden, mar de trochsneedlêzer wol hielendal gjin portretfoto’s fan de redaksjeleden en de meidoggers. De lêzer googlet leaver sels; de lêzer wol sinfollere saken oer ús witte. Lykas dit:

Friduwih har favorite font is de Times New Roman. Mar Friduwih brûkt Linux, dat gjin Times hat. Want de Times is yn eigendom fan Microsoft. Te keap foar 200 dollar. Sa skoep de maatskippij de misdie. Berôve fan har Times is Microsoft as earnstich dupearre partij efterbleaun en Bill Gates sil Fers2 net stypje.

Abe hat in dream oer de dei dat Fryslân dea giet. De hiele wrâld stiet ferslein om it deadsbêd hinne. Douwe Kalma, dy’t tusken alle affêres mei de wrâld troch ek in skimige românse mei Fryslân hân hat, betinkt hastich foar Fryslân in deadsbêdbycht yn sonnetfoarm. Mar … ferfeling makket minsken wekker út har dream.