
Omkearing fan fabels
Hjoed wie it in dei!Obe Postma
1
Elkmansdyk, Ritsumasyl
Dit binn’ de dagen net fan ’e doarpen yn ’e omkriten.
Fierder as it stoart wankt, op ’e hast bouripe blabze,
in bestean middenmank oplûkende bloednoazen
& bulldogs oan in toutsje. Wylst ik my ôffreegje:
hoe dreech is it foar in drip & rin fan ’e tille
syn dauwiete lining ôf, fal it loftrom yn?
It kanaal iisfrij ferklearre.
Oer de lannen slûpt de takomst.
Noch in tel is oer foar de rop fan de skries,
faaks ien, twa om stront fan learzens
te skraabjen & in oerke mar & jou it ear
oan ’t fersuorre krûd by de dyk
& oan ’e broeiers.
Dagen en nachten tutet optutte nijbou keapers ta.
Mar it glês jout fan amper bemantele dagen
ek noch in glim - do bist op ’e rin
mei dichter’s bijke yn it nije gers.
Glês lit jim in killzone yndrave
& guerrilla games
& drek sil al dat asfalt wol wer drage &
do leist foar dea dêr by in Heak.
2
Fagebuorren, Techum
De grize boumasters fan it fort, fan it slach
dat graach kaarten kleuret yn ’e Grutte Seal,
sy woene in nije poarte, fier bûten de âlde.
Alsa stellingen mei oerlis groeven, stegers opboud,
sa ynklauden & ôffreden
de boargemasters foar in jier
en de boargerij streamt út
de opskuorgebieten oer.
Sjongt eigen lieten,
komt mei falske kraai & sjerrifstjer,
ferkeapet fastfood, Graal & idelheden,
dêr, yn ’t slachskaad fan ’t ynformaasjeboerd.
Tsjin elk dy’t tinkt dat er wit wat er lêst
út de helske tariedsels fan in útwreidzjende stêd –
net te kearen stiennesmiters, it nei krúspunten tsjennend
rezjimint dat koaltsjefjoer oprekkelet –
ja, tsjin jimme dei oan dei op & del reizgjende
bliktsjetteldragonders doar ik sizze:
sa brûst bûten muorren
& sil fan Techhum hjitte
fort syn fagebuorrren.
3
Heechspanning, Lytse Geast
Net in snipper fan in noch te ferskuorren skilderstik,
net in snypsnaar om foar planologen mei te pronkjen.
Nee, Potter, sei ik, beleaven gjin ko op syn ûnfoardelichst
foar in Amalia dêrjinsen yn Delftse kelder royaal bedobbe.
By eintsjebeslút is ditte hjirre
de Tytsjerksterfeart.
Doe soe er beplestike sinnespegeltsjes oerskilderje
op in oranje jûn, de greiden yn in nei brún útskaaiend grien,
mei tûfkes goudstof, fansels foar de iik op ’e achtergrûn.
Tikke him op dat stuit net in golfbal tsjin ’e kop?
Net ien hie it dien, mar Potter krige klop. (Golf,
myn bêste P., sei ik noch,
is de rêding fan dyn grien.)
Ferfoarme ûnder heechspanningstriedden
lûden syn lêste wurden net as ‘Aqua Zoo’
mar, sêfter, as ‘Lytse Geast’.
Dat plak sil ik hinne.
Tsien letters op in kaart dy’t ik net mear ha.
Tsien minuten is ’t te gean, te foet, fan hjir.
Dan gean ik mar.
4
Kontrapunt, Rengerspaad
Bilgaard hâlde ho doe’t de
gletsjer ophold fan skowen
& no sjocht men dus poddestuollen, de reidspleetlip,
elzeblaasskimmel & wol achthûndert
soarten floara & fauna, neffens de folder.
‘Sing we woods, woods worthy of a Consul let them be.’
It is gersmoanne. Segestria florentina
krûpt noch net troch de tinten.
De omkearde wrâld,
’t is in jachttafriel & Reynaert is rjochter.
Hy befellet yn te wreidzjen.
Mûzen fan ’e Ljouwerterbosken,
ferjou my as ik op jimme kattesturten traapje,
gjin klimop mei doleânsjes plantsje,
gjin geiten fan molke opswold fok
as earbewiis oan in Konsul.
By de kemping, oer ’t Rengerspaad,
komt likegoed de maitiid, dy’t alles nij makket,
mei deselde ridel stokjesykjende rotweilers as ferline jier.
Dat is noait it punt.
Mear fan Abe de Vries
Tsjinwynkronyk 2018 #1 It earste fearnsjier fan it kulturele haadstêdbarren sit derop! Fers2 hat mar in bytsje lêst fan hân fan dat fearnspart. Mar LF2018 nammerstemear |
Ut Mienskar: Sonnetten Doarp, dij binn’ swierrichheden brocht / yn romtes dêr’t wy stikten fan it gnizen. |
Ut Mienskar: Sonnetten Men soe in ekspresjonist, in fauvist wêze wolle, / wurkjend yn syn earste blauwe perioade, / mei in toets, op foarbyld fan âlden stuolle |
Ferskriftliking en ferboargerliking fan Fryske literatuer: It wurk fan Cor Wielsma (1845-1922) |
Yn ’e iensumens fan it Koarnjumer Aldlân Hy siet beknypt tusken ‘klerikaal en liberaal, tusken sosjalist en populist’. Der is lykwols reden om oan te nimmen dat der noch wat oars wie … |
‘Fryslâns fee is hearefee, Fryslâns grûn is hearegrûn’ It is even nei healwei njoggenen, de kâlde moandeitejûn fan 18 November 1901, en hy hat tefolle dronken. |
Folksskriuwerij en lokale elites yn de Lytse Bouhoeke De Lytse Bouhoeke is yn it midden fan de njoggentjinde ieu in lytse wrâld. Drok ûnderling ferkear fan boeren, skoalmasters, dûmnys, smidden … |
Neo-folk as krityk op it kapitalisme Folksferhalen binne, om binnentroch te stekken, sterke stikken dy’t de generaasjes bylâns trochferteld wurde op jierdeisfeestjes. |
‘Freonen fan âlds, farwol!’ ‘Ofskie’ is, as ik myn sin sis, ien fan ’e kaaifersen fan Piter Jelles Troelstra. |
Indian summer yn in sjaletsy op ’e Twizelerheide Foar it rút Crazy, it hynder sûnder namme, / tjirget tsjin it spantou foar wat gers. |