Abe de Vries

Omkearing fan fabels

Abe de Vries - Fers2 2.15, 9 oktober 2016

Hjoed wie it in dei!Obe Postma

1

Elkmansdyk, Ritsumasyl

Dit binn’ de dagen net fan ’e doarpen yn ’e omkriten.

Fierder as it stoart wankt, op ’e hast bouripe blabze,

in bestean middenmank oplûkende bloednoazen

& bulldogs oan in toutsje. Wylst ik my ôffreegje:

hoe dreech is it foar in drip & rin fan ’e tille

syn dauwiete lining ôf, fal it loftrom yn?

It kanaal iisfrij ferklearre.

Oer de lannen slûpt de takomst.

Noch in tel is oer foar de rop fan de skries,

faaks ien, twa om stront fan learzens

te skraabjen & in oerke mar & jou it ear

oan ’t fersuorre krûd by de dyk

& oan ’e broeiers.

Dagen en nachten tutet optutte nijbou keapers ta.

Mar it glês jout fan amper bemantele dagen

ek noch in glim - do bist op ’e rin

mei dichter’s bijke yn it nije gers.

Glês lit jim in killzone yndrave

& guerrilla games

& drek sil al dat asfalt wol wer drage &

do leist foar dea dêr by in Heak.

2

Fagebuorren, Techum

De grize boumasters fan it fort, fan it slach

dat graach kaarten kleuret yn ’e Grutte Seal,

sy woene in nije poarte, fier bûten de âlde.

Alsa stellingen mei oerlis groeven, stegers opboud,

sa ynklauden & ôffreden

de boargemasters foar in jier

en de boargerij streamt út

de opskuorgebieten oer.

Sjongt eigen lieten,

komt mei falske kraai & sjerrifstjer,

ferkeapet fastfood, Graal & idelheden,

dêr, yn ’t slachskaad fan ’t ynformaasjeboerd.

Tsjin elk dy’t tinkt dat er wit wat er lêst

út de helske tariedsels fan in útwreidzjende stêd –

net te kearen stiennesmiters, it nei krúspunten tsjennend

rezjimint dat koaltsjefjoer oprekkelet –

ja, tsjin jimme dei oan dei op & del reizgjende

bliktsjetteldragonders doar ik sizze:

sa brûst bûten muorren

& sil fan Techhum hjitte

fort syn fagebuorrren.

3

Heechspanning, Lytse Geast

Net in snipper fan in noch te ferskuorren skilderstik,

net in snypsnaar om foar planologen mei te pronkjen.

Nee, Potter, sei ik, beleaven gjin ko op syn ûnfoardelichst

foar in Amalia dêrjinsen yn Delftse kelder royaal bedobbe.

By eintsjebeslút is ditte hjirre

de Tytsjerksterfeart.

Doe soe er beplestike sinnespegeltsjes oerskilderje

op in oranje jûn, de greiden yn in nei brún útskaaiend grien,

mei tûfkes goudstof, fansels foar de iik op ’e achtergrûn.

Tikke him op dat stuit net in golfbal tsjin ’e kop?

Net ien hie it dien, mar Potter krige klop. (Golf,

myn bêste P., sei ik noch,

is de rêding fan dyn grien.)

Ferfoarme ûnder heechspanningstriedden

lûden syn lêste wurden net as ‘Aqua Zoo’

mar, sêfter, as ‘Lytse Geast’.

Dat plak sil ik hinne.

Tsien letters op in kaart dy’t ik net mear ha.

Tsien minuten is ’t te gean, te foet, fan hjir.

Dan gean ik mar.

4

Kontrapunt, Rengerspaad

Bilgaard hâlde ho doe’t de

gletsjer ophold fan skowen

& no sjocht men dus poddestuollen, de reidspleetlip,

elzeblaasskimmel & wol achthûndert

soarten floara & fauna, neffens de folder.

Sing we woods, woods worthy of a Consul let them be.

It is gersmoanne. Segestria florentina

krûpt noch net troch de tinten.

De omkearde wrâld,

’t is in jachttafriel & Reynaert is rjochter.

Hy befellet yn te wreidzjen.

Mûzen fan ’e Ljouwerterbosken,

ferjou my as ik op jimme kattesturten traapje,

gjin klimop mei doleânsjes plantsje,

gjin geiten fan molke opswold fok

as earbewiis oan in Konsul.

      By de kemping, oer ’t Rengerspaad,

komt likegoed de maitiid, dy’t alles nij makket,

mei deselde ridel stokjesykjende rotweilers as ferline jier.

Dat is noait it punt.

Mear fan Abe de Vries

Op Ropsyl Der is in flakte, neffens stedske mjitting leechte,/ fol kleur en rigen biten om tsjin stoarm te rinnen
Atsee Nee, de boarnen binne net ienriedich oer / Hoe’t it teneate gong en wa’t net woe
Foar Rink, no’t er in stien krije sil Trêdzje skulpebrekkend fierder nei it easten/ oer de âld spoardyk, de ûngediene achterkant
Minder minsken foar mear literatuer Demokratisearring en Fryske literatuer, 1960-1975
De spikerbrits fan Tsjirkje: De spikerbrits fan Tsjirkje: Jan Wybenga en de Twadde Wraldoarloch Nacht. It hotelkeamersrút oan de Wittekindstrasse lit it stasjon fan Delmenhorst sjen yn it skynsel fan strjitlampen, neonreklames en bondels autoljochten. In pear huzen fierder ferriedt it ôfbletterjende pears
Wachtsje op de lêste debutant? Untjouwingen yn it útjaan fan Frysktalige poëzij, 2005-2016
Wolkom yn Fryslan! Noch leit de oprôle fûst fan ’e buorren/ driigjend tsjin harren sûnder hûs en hiem.
De gek mei Prokrustes: Literatuer en identiteit yn de 19e ieu Vooraanstaande Friesche schrijvers zijn haast alle uit het midden van het (boeren = plattelands-)volk voortgekomen…
Unsichtberheid troch utsluting Dat Joke Corporaal har dissertaasje út 2009 oer Anne Wadman yn it Nederlânsk publisearre, liket in opmerklik feit …
Fan Europeeske oriïntaasje nei streekkultuer? Het rode tasje van Salverda fan Goffe Jensma is it sa njonkelytsen hast klassyk te neamen essay oer de konstruksje fan Fryske identiteiten…
1 2 3 4 5 6 7 8 9