
Omkearing fan fabels
Hjoed wie it in dei!Obe Postma
1
Elkmansdyk, Ritsumasyl
Dit binn’ de dagen net fan ’e doarpen yn ’e omkriten.
Fierder as it stoart wankt, op ’e hast bouripe blabze,
in bestean middenmank oplûkende bloednoazen
& bulldogs oan in toutsje. Wylst ik my ôffreegje:
hoe dreech is it foar in drip & rin fan ’e tille
syn dauwiete lining ôf, fal it loftrom yn?
It kanaal iisfrij ferklearre.
Oer de lannen slûpt de takomst.
Noch in tel is oer foar de rop fan de skries,
faaks ien, twa om stront fan learzens
te skraabjen & in oerke mar & jou it ear
oan ’t fersuorre krûd by de dyk
& oan ’e broeiers.
Dagen en nachten tutet optutte nijbou keapers ta.
Mar it glês jout fan amper bemantele dagen
ek noch in glim - do bist op ’e rin
mei dichter’s bijke yn it nije gers.
Glês lit jim in killzone yndrave
& guerrilla games
& drek sil al dat asfalt wol wer drage &
do leist foar dea dêr by in Heak.
2
Fagebuorren, Techum
De grize boumasters fan it fort, fan it slach
dat graach kaarten kleuret yn ’e Grutte Seal,
sy woene in nije poarte, fier bûten de âlde.
Alsa stellingen mei oerlis groeven, stegers opboud,
sa ynklauden & ôffreden
de boargemasters foar in jier
en de boargerij streamt út
de opskuorgebieten oer.
Sjongt eigen lieten,
komt mei falske kraai & sjerrifstjer,
ferkeapet fastfood, Graal & idelheden,
dêr, yn ’t slachskaad fan ’t ynformaasjeboerd.
Tsjin elk dy’t tinkt dat er wit wat er lêst
út de helske tariedsels fan in útwreidzjende stêd –
net te kearen stiennesmiters, it nei krúspunten tsjennend
rezjimint dat koaltsjefjoer oprekkelet –
ja, tsjin jimme dei oan dei op & del reizgjende
bliktsjetteldragonders doar ik sizze:
sa brûst bûten muorren
& sil fan Techhum hjitte
fort syn fagebuorrren.
3
Heechspanning, Lytse Geast
Net in snipper fan in noch te ferskuorren skilderstik,
net in snypsnaar om foar planologen mei te pronkjen.
Nee, Potter, sei ik, beleaven gjin ko op syn ûnfoardelichst
foar in Amalia dêrjinsen yn Delftse kelder royaal bedobbe.
By eintsjebeslút is ditte hjirre
de Tytsjerksterfeart.
Doe soe er beplestike sinnespegeltsjes oerskilderje
op in oranje jûn, de greiden yn in nei brún útskaaiend grien,
mei tûfkes goudstof, fansels foar de iik op ’e achtergrûn.
Tikke him op dat stuit net in golfbal tsjin ’e kop?
Net ien hie it dien, mar Potter krige klop. (Golf,
myn bêste P., sei ik noch,
is de rêding fan dyn grien.)
Ferfoarme ûnder heechspanningstriedden
lûden syn lêste wurden net as ‘Aqua Zoo’
mar, sêfter, as ‘Lytse Geast’.
Dat plak sil ik hinne.
Tsien letters op in kaart dy’t ik net mear ha.
Tsien minuten is ’t te gean, te foet, fan hjir.
Dan gean ik mar.
4
Kontrapunt, Rengerspaad
Bilgaard hâlde ho doe’t de
gletsjer ophold fan skowen
& no sjocht men dus poddestuollen, de reidspleetlip,
elzeblaasskimmel & wol achthûndert
soarten floara & fauna, neffens de folder.
‘Sing we woods, woods worthy of a Consul let them be.’
It is gersmoanne. Segestria florentina
krûpt noch net troch de tinten.
De omkearde wrâld,
’t is in jachttafriel & Reynaert is rjochter.
Hy befellet yn te wreidzjen.
Mûzen fan ’e Ljouwerterbosken,
ferjou my as ik op jimme kattesturten traapje,
gjin klimop mei doleânsjes plantsje,
gjin geiten fan molke opswold fok
as earbewiis oan in Konsul.
By de kemping, oer ’t Rengerspaad,
komt likegoed de maitiid, dy’t alles nij makket,
mei deselde ridel stokjesykjende rotweilers as ferline jier.
Dat is noait it punt.
Mear fan Abe de Vries
Bauernepik, Dorfsgeschichte en it Fryske plattelânsproaza ‘Ik meen dat de mensen in de regio iets zelfbewuster ten aanzien van de eigen literatuur mogen zijn…’ |
Om de seine fan de skiene Goadinne: Tema’s en motiven yn de earste jiergong fan Iduna ‘Wy hawwe hjir te krijen mei literatuer, dy’t hjoed de dei amper mear lêzen en wurdearre wurdt…’ |
In modernistyske misser Hjerre Gerrits van der Veen neffens Anne Wadman. Anne Wadman wie 18 jier jong en op syk nei ideeën foar romansenario’s… |
Ferlet fan Frysk In Deltaplan foar it Frysk kin net ophâlde nei de paragraaf ûnderwiis. It komt oan op in belied dat soarget foar ferlet fan it Frysk |
‘Mar om wer op myn forhael to kommen’ Tsjibbe Gearts van der Meulen en de literêre krityk Né, achte lêsers! (hearders! sei ik foarhinne) de înbîlding docht folle… |
De stjerrekaart fan Harmen Sytstra It is July 1844; te Ljouwert wurdt in grutte Tentoonstelling van Voortbrengselen van Nijverheid en Kunst, door Friezen vervaardigd holden... |
‘In stikmannich goede wurden’ Oer de kulturele betsjutting fan it nije Lieteboek ‘Wa’t ea lústere nei it liet dat it minskdom op syn lange reis troch de ieuwen song, sil heard hawwe…’ |
Non-konformisme yn de ‘folksskriuwerij’ It Fryske realisme as emansipaasjeliteratuer Elkenien dy’t in rol spilet binnen de Fryske literatuer moat wekker wurde. |