sjieuwe borger image

Koart ferhaal

Piano piano

Sjieuwe Borger - Fers2 nû. 5.12, 16 juny 2019

Myn sweager en ik tôgen de piano by ús yn de hûs. De piano kaam by myn suster en myn sweager wei, myn suster koe fertsjinstlik spylje en hie in swarte Yamaha kocht. In stylfolle piano dy’t better by har ynrjochting paste as de mei brún keunstoffinear op spoenplaten ôfwurke piano, dy’t wy oer de drompel tilden.

As bûkemantsje hie ik in freon, dy’t op blokfluitles siet. Hy fluite Au clair de la lune. Ik hie der grutte bewûndering foar. In pear jier letter wie dat ek sa by in oare freon dy’t op de piano Chopin úfierde. Hy gong nei it konservatoarium. It lêste dat er my koartby fernijde út Kataloanje wei, wie dat er de piano al mear as tweintich jier net mear oanrekke hie. It muoide my.

Ik eigene my de muzyk ta. Ik tink omdat ik ek muzyk meitsje woe, ik woe ek op les. Oft ik dat thús te praat brocht haw wit ik net. Ik tink fan al en ik tink dat it ôfwimpele is as in opstiging.

Myn suster krige in oare muzikale opfieding. Se gong earst nei muzikale foarming en dêrnei keas se de piano as ynstrumint. Se krige les en wie foar de piano oanwiisd op de lessen. Mei dêrom hat ús mem der foar keazen om sels in piano yn de hûs te heljen. Us mem hie de piano kocht fan oersparre jild yn de tiid dat myn suster les krige. Hiere koe noch net, dat se hie der foar sparre, mar de piano wie net echt moai. It wie grif ek net in djoerenien, mar de muzyk dy’t der útkaam wie goed. Safier’t ik dat beoardielje kin. It wie altiten hiel moai as myn suster op de piano spile en ik wie ek grutsk op myn talintearre suster as ik har spyljen hearde. Dat ús mem der mei foar keas bedoel ik mei, dat se út yn famylje kaam dy’t wol aardich muzikaal bejeftige is. Se spile sels ek wat piano, krekt as har mem en har suster. De soannen fan har suster spilen akkordeon. Nei’t myn tante sei in moai dreech ynstrumint en dat woe ik graach leauwe as ik al dy knopkes en toetsen seach en besefte datst it apparaat hinne-ende-wer bewege moatst om der lûd út te krijen. Us mem spile út en troch ek wol ris op sa’n apparaat en it mist my net dat der noch wol trije by har-en-dy op souder lizze.

De piano ferhuze mei myn suster nei de stúdzjestêd en folge har oant er net mear by it ynterieur paste. Se skille my en frege oft wy de piano hawwe woene. It soe moai wêze as er yn de famylje bliuwe soe. Ik lei it oer mei myn frou en wy gongen akkoart. It kaam goed út. Myn bern wiene sa âld dat sy op muzykles koene, in wichtich ûnderdiel fan in goede opfieding. Se gongen nei ‘muzyk boartsjenderwize’ en dêrnei op pianoles.

Myn sweager en ik setten de piano te plak en ús bern koene moai thús oefenje. De muzyk dy’t der út kaam wie yn myn earen noch altiten goed, mar it bleau in lillike piano, mei syn sabeare houtnerven yn it brune keunsttoffinear, it wie my net opfallen yn de jierren dat ik de piano yn it âldershûs meimakke hie. Myn bern learden pianospyljen, fan de weromstuit naam myn frou lessen en se waarden alle trije op harren eigen nivo fertsjinstlike spilers.

Mei’t myn frou better begûn te spyljen ripe by har it plan om de piano wat op te sjogjen. Sy fûn de kleur fan de piano ek net moai, mar in nije of oare piano, leafst swart al fûn se wyt ek moai, wie net om ‘e nocht. Op ynternet socht sy út oft it moolk wie om de piano te fervjen sûnder de kwaliteit fan it lûd oan te taasten. By muzykynstruminten kin it hiel nau hippe en it lûd dat út it apparaat kaam wie ienfâldich sein goed. Yn dy snuorje kamen wy by myn suster op in jierdeisfeestke en wy seagen har prachtige glânzjend-swarte piano. Wy komplimintearren har der foar in sy spile in stikje, ik wit net mear wat, mar de klanken wiene fan in himelske oarder ferlike mei dy út ús brune piano. Myn frou sei tsjin myn suster dat se fan doel wie om de piano in swarte heechglâns te jaan, sadat er yn ús ynterieur wat better ta syn rjocht komme soe. Myn suster sei dat se dêr ynearsten ek oer neitocht hie, mar dat se de hoekige foarmen fan de brune ek net moai fûn. Dêr wie ek mei in oare kleur neat oan te dwaan en dêrom hie sy in oarenien mei in moai model kocht. Licht klassyk!

Koart dêrnei kamen myn heit en mem by ús del. Wy wenje net fier by inoar wei, it is in lytse tsien minuten mei de lúkse wein en se hiene it paad wol gauris nei ús. Se kamen graach yn ús tún om de blommen en planten te bewûnderjen of te sjen hoe’t ús jonges har ûntjoegen, wy praten in pypfol en dan fersille myn heit al gau yn syn stokhynderkes, fuotbaljen en it leauwen. No wie it lykwols oars.

Ik seach harren om it hûs hinne kommen en troch de ruten fan de wenkeamer gowen. De tún gongen se gau troch, it joech harren sa te fernimmen net de bewende foldwaning en se bleaune net lang bûtendoar. Foardat ik it rjocht trochhie stiene se oer de flier yn de hûs. Ik begroete harren en frege oft se in bakje kofje ha woene of in glês fruchtesop. Myn heit gong sitten wylst myn mem ûnrêstich wat omdangele en troch de keamer loerde. Har each stûke op de piano. It slagge myn frou net om mei har oan de praat te kommen. Us mem frege ek net troch op de jonges, ek net doe’t myn frou wat fertelde oer it nije skoaljier. Us mem joech gjin azem en rûn op de piano ta. Us heit frege oft de tillefyzje oan koe, want it nijs soe sa’n bytsje begjinne. It hie der fan dat se al langer bliuwe soene en ik makke dochs mar kofje klear.

Ik naam in bakje en geat ús heit ek ien yn. Hy hearde al neat mear om him hinne. Mem wie wilens by de piano stean gongen en streake de klep oer de toetsen. Se frege oft it apparaat ús noch foldie. Myn frou sei dat se les krige en dat se der in protte wille fan hie. Safolle dat se der oer tocht om de piano te fervjen yn in moaie djipswarte glâns dat it wat better paste by de ynrjochting. De mûle fan ús mem ferloek ta in streepke.

— Ik haw fan dyn suster heard dat soks striemin is foar de akûstyk fan in piano, biet mem ús ta.

— Ik haw útsocht dat it wol wat tafalt, sei myn frou. Der binne ferven dy’t gjin inkelde ynfloed op de kwaliteit fan it lûd hawwe. Sy sloech har tablet op en brocht it mem ûnder eagen.

— Sjoch, hjir stiet it, sei sy.

Us mem seach de oare kant op.

— Sokke ynformaasje is my it praat net wurdich, sei sy. As ik fan myn dochter al hear dat fervjen net goed is foar in piano, wêrom soe ik dan noch op de kompjûter sjen. Dêr kinne sy jin alles wiis meitsje. Ik wit fan mysels genôch om te sizzen dat it ynternet neat tafoeget. Boppedat it ynternet, dat is wat foar de jongerein.

Myn frou stie der ferstuivere by, mar liet neat fernimme. Ynstee dêrfan hâlde sy ús mem it tablet opnij foar.

— Dat is de kleur dy’t ik yn de holle hie, sei myn frou. Op it skerm wie in djipswarte glânzjende kleur te sjen.

De walging spatte mem fan de holle.

— Bah, sei sy mei in heech noaslûd.

— Bah, werhelle sy.

Sy sette it krêft by mei nonverbale krampen dy’t har grimeljend oer it antlit loeken. Har mûle feroare fannijs yn in streepke. Sy rûn nei de bank en tikke ús heit op it skouder.

— Kom man, we moatte fuort, wy hawwe noch mear dingen dwaan, sei se.

Ik frege my ôf wat dan wol, want de mûle stie har sa twang dat se fannejûn foar it neiste mei in oanfal fan akute migrêne of hege bloeddruk op bêd reitsje soe. En dan hie ik ús heit letter wer oan de tillefoan.

Us heit seach op. It nijs is noch net dien, sei er. Se wachte it net ôf en stapte de skodoarren troch de tún yn. Hy hastige him oerein en folge har nei in ôfwêzige groet.

Myn frou seach my oan en sei dat se der wat fan ôf wie. Se frege my oft ik begriep wat it boadskip fan ús mem-en-har besite west hie. Der broeide wat, ik wist net krekt wat, se hiene net iens frege hoe’t it wie mei de jonges. Wy praten der in skoft lang oer nei, wisten dat wy der tegearre net útkomme soene en gongen oer ta de deistige saken.

De moandeis kaam ik thús fan myn wurk en trof ik myn frou oerstjoer yn de wenkeamer oan. Sy gûlt net gau mar spoaren fan opdroege triennen tekenen no ûnder har eagen. Sy brûkt gjin make-up, dat ik kin net sizze dat de maskara útrûn wie. Ik frege har wat der wie. Se lichte de kont en makke in bakje tee.

Us heit hie har opbelle. Hy sei dat hy en ús mem ris neitocht hiene oer de piano. Us mem woe net lije dat wy de piano opferven. Myn frou hie ús heit ien, twa, trije kear útlein dat it gjin kwea koe, sa’t se lêzen stie op ynternet en der bestiene ek noch ris spesjale ferven foar.

Us heit wie it al like folle, mar hy foege der oan ta, dat ús mem, syn wiif – sa’t er sei – der hiel oars oer tocht. Se woe út noch yn net dat wy de piano in oare kleur joegen.

Myn frou hie tsjin him sein dat wat wy mei de piano oanwoene ús eigen saak wie, want de piano wie fan ús.

Dat wie no just it punt sei ús heit, want de piano wie net fan ús, mar fan harren. En ek al sei er dat sels hiel sterk te betwifeljen, ús mem hâlde dat út en hy hie it boadskip fan ús mem mar oer te bringen. As wy de piano net ferven wie it him wol goed, dat er by ús stean bleau want hy stie al jierren by ús oer de flier, mar hy bleau fan harren. Sa wie it tillefoantsje likernôch ferrûn.

— It giet der winliken net om fan wa’t de piano is, sei myn frou tsjin my. As de piano by ús stean bliuwt dan moat er sa aaklik brún bliuwe. Wy kinne him dan net mear mei deselde eagen sjen. Dat er sa brún is is noch net it slimste, mar wat wy dêrmei oanjouwe is dat wy it sels net mear foar it sizzen hawwe hjir yn de hûs, mar dyn mem. Wat wy woene en wolle is in swarte piano. Wy hawwe in sin by in moaie glânzjende swarte piano. As wy him net swart meitsje kinne om hokker reden ek, dan kinne wy him ek net mear yn de hûs hawwe.

— Der is mar ien oplossing, sei ik. Ik haw de piano altiten as ús eigen beskôge en myn âlden hawwe der nea net nei taald, lykwols de lol is der no wol ôf. Wy moatte dat ding kwyt.

Ik gong stean en krige myn snoadfoan. Ik skille myn heit en mem.

Ik frege ús heit wannear’t heit en mem it ynstrumint ophelje soene. Dêr hiene se noch net oer neitocht, hearde ik ús mem him ynstekken. In pear wike letter belle ik mei deselde fraach. Se wynden der wer om hinne. Twa moanne letter krige ik ús heit wer oan de tillefoan. Ik joech troch dat de pianoman by ús delkomme soe mei in moaie glânzjende swarte Yamaha. Dêrnei soe er by heit en mem del gean om harren piano ôf te leverjen. Oft sy in gatsje foar him yn de aginda frijhâlde koene. Wylst ik it sei tocht ik dat ik ús mem op de eftergrûn sêft snokkerjen hearde.

Mear fan Sjieuwe Borger

Memento mori Dêr is de âld toer al, hy wibelet my suver temjitte.
Yntermezzo Yn de nacht waard er wekker en frege er him ôf oft er Jacqueline sjen moast as syn faam lykas dy froulju dêr’t er wat mei hân hie foardat er …
Eksamen It ûnthjit fan de simmer gong goed yn ferfolling, de sinne sprate syn gleonens allinkendewei oer de stêd.
Toernoai Sybren trof syn jierklub yn de hockeykantine. It jierlikse toernoai fan de studinteferiening wie oer it wykein útsmard …
Freed ‘ekker wurde bûke’ trúnde de man oan mei syn heech nasaal lûd, wylst er him oan de earm op loek. ‘Is dat no normaal …
Dies ‘Sorry, ik moat fuort’ sei er. ‘Jierklub.’ ‘Litst my yn de steek?’ frege se kjel.
Cordon bleu Sybren griep nei syn snoadfoan. ‘Giest hjoed wer nei de UB?’ frege se.
Dwylsin Sybren pakte de brûskop út de hâlder liet it wetter oer it liif rinne. Hy spande de lofter boppe-earm …
Oan de Efterwei Ljudger stie te beljen. Syn útdrukking feroare fan kjel yn helpleas en hy einige it petear.
De feesttinte Sybren spielde de lêste hap fuort mei it lêste slokje bier út it blikje en smiet it op de grûn.
1 2