image reaksje op schurerlêzing 2018

Radikalisearring yn de man cave: de Schurerlezing

Friduwih Riemersma - Fers2 nû. 5.1, 13 jannewaris 2019

Ienris it jier garret de Ried fan de Fryske Beweging ús jonges yn de man cave op de Bûterhoeke om dêr de takomst te foarsizzen, wat in goed ding is, want dan kinne wy (har wiven) har plinten efkes fris fervje en de slimste malware fan har laptops ôf feie. Boppedat komme se fleurich thús en as in bern dat sûnder bantsjes swimme kin sa grutsk op har kofjedikdigerjen sille se ús de krante bringe, ta bewiis foar ien of oare fint syn profetyske mansljus­wurden, sju! Och prachtich pop, krijst in tút.

Ek dit jier ekstrapolearren se wer takomstige ûntjouwingen út foarbye trends, lykas de gleonens fan de nije Moto Guzzi en de koerts fan Doutzen Kroes. Mar de feitlike opjefte fan de Fedde Schurerlêzing fan 8 desimber, neffens de ynkoarte ferzje yn de krante, wie it kombinearjen fan in hânfol floating signifiers dy’t se sa te sjen fûn hiene op it etiket fan har gewichthefferssuppleminten: fryskeigen, maatskiplike ynklusiviteit, wolwêzen en libbenskwaliteit.

Ut sa’n floating signifier-sop siede se dan in ‘wierheid’, dit jier ien ‘dêr’t de millenial meinskip [sic] sa hurd nei op syk is’. Halleluja. Om dêr te kommen, en dat is wis net nij mar wol nijsgjirrich, kiest de Schurerlêzer, dy’t nei eigen sizzen noch sa’n fjouwer jier nei de baas wispelsturtsje moat foar’t er mei pinsjoen mei, it fassistoïde tinkpaad. Hy docht dat ûnder mear mei it ekonomyske konsept ‘yndividueel kapitaal’. Dat betsjut eins inkeld de kwantifisear(be)re wearde, dus it oantal dollars of jens, dy’t bûn is oan it liif fan in minske. Mar it wjerspegelet in fisy fan ekstreme rasjonalisearring. As wy fan in yndividu in belestingopbringst ferwachtsje fan mei-inoar in ton, moat er it dwaan mei in konservatoariumbeurs fan op syn heechst in ton. Oan in racehynder kinne wy mei in beskate trening in beskate opbringst ferwachtsje, is dy som binnen dan slachtsje wy him.

It knyppunt is—bûten de Bûterhoeke—maklik yn te sjen: it sosjale kapitaal, dat wol sizze de status dy’t in yndividu garret, of ûntlient oan wat dan ek, tink oan Kim Kardashian en professor Jensma, beskaat it ekonomysk súkses foar in hiel grut part. En wat te tinken fan it ferfangingsprobleem, de stazjêr dy’t de lieding oernimt op it bedriuw. Inkeld en allinne yn laboratoariumomkriten, tinkeksperiminten en boeken fan George Orwell kin (hooplik) yndividueel kapitaal skieden wurde fan sosjaal kapitaal, lykas by slavernij en Lebensborn.

Fassisme is in ekonomysk systeem dêr’t de oerheid alle privee-ienheden yn kontrolearret dy’t de produksjefaktoaren yn besit hawwe. Sa is der op Fers2 nei gjin kultuerproduksjefaktor dy’t net op de ien of oare manier stjoerd of beynfloede wurdt troch de Fryske oerheid. Stjoeren en ynfloed útoefenjen omfettet mear as finansjele stipe. Kontrôle krijt ek syn beslach troch propaganda, bygelyks troch flink oppoetste besikerssifers te neamen as rjocht­feardiging foar in piperdjoer stik oerheidskultuer, 425.000 wylst der yn it echt mar sa’n 134.000 unike besikers nei it spektakel kamen. En wylst de alderbêst besochte event fan 2018 de rjochtsaak tsjin de blokkearfriezen wie, mei wrâldwide medianiget, mar net programmearre troch de provinsje—meie wy hoopje.

De fjouwer faktoaren fan de fassistyske ekonomy binne ûnder­nimmerskip, kapitaalgoed—dus gebouwen ynstee fan boeken—en natuerlike boarnen en wurk. In sintrale planningsautoriteit soarget dat alle bedriuwslieders foar it nasjonale doel wurkje. Dogge se dat net, dan ha se spul mei Ljouwert, fertelde toerismepromotor Heeringa fan ’e Noardwesthoeke ferline wike en fertrok. Fassisme is it tinken út ‘ús’ liif, ‘ús’ grûn en ‘ús’ ‘kultuer’ wei. It brûkt nasjonalisme, it trochgeand trompetterjen fan fryskeigen, om ús yndividuele belang út te skeakeljen. De inkeling is allinne nijs­gjirrich om syn dehumanisearre ekonomyske wearde. De mienskip giet fanselssprekkend foar de inkeling. Fassisme twingt it wolwêzen fan de minske del ûnder wichtige maatskiplike doelen, it rjochtet him op eksterne útwreiding en yntern suverjen. Minder­heden en kritisy fine harsels net sasear mei de bek bûn werom bûten de ‘mienskip’, as wol mei selssensuer en akseptaasje fan de ‘feiten’. Sjoch wat Ljouwert dien hat mei it fangnet foar syn earme, sike en swakke boargers, om’t der beslist kulturele en technologyske ‘fernijing’ en ‘talint’ komme moast. Gjinien seit der wat fan.

Sa besjoen is de konklúzje fan de Schurerlêzing op himsels, dat it meartaligensbelied súksesfol is (gjin definysjes, gjin argumint, gjin bewiis), frij ûnskuldich. Lit se mar moai wat ompiele yn har manljussânbakje.

Wêr’t better fluch in ein oan komme kin is it fassistoïde diskoers mei syn nea-definiearre konsepten, syn ad nauseam-heitemetafoar dy’t it bêste foar hat mei de bernstjes, syn ferlokjen fan de massa mei nostalgyske bylden plus it komfortabel belasterjen fan de naysayers, syn opsetlik ferhoaljende taal en syn propagandistyske soundbites. ‘Der hat dêrtroch yn it tinken oer Fryslân in ferskowing plakfûn fan kennis nei belibbing’—? Wa krekt tinkt wat krekt? It allegeduerigen de passive foarm brûken, om sa de ferantwurdliken foar in situaasje en de fersprieders fan beskate tinkbylden wei te muozjen, liedt ta in sfear fan fertochtmeitsjen, fan skimige ‘oaren’ dy’t geheime dingen diene, brr. En wa binne, yn de seldsume aktive sin, ‘ús’? Lis dat earst ris út. Sis it ris sûnder ‘identiteit’, dêr’t nimmen fan wit wat it is en dat allerminst relevant as it simpelwei giet om in fatsoenlik libben, gelikense útkomstkânsen yn it ûnderwiis en frijheid fan ekspresje, dus deagewoan it rjocht en de mooglikheid om jo eigen taal te praten, jonges: hoe dreech kin it wêze.

It is net stoer om in minske as in wichtige asset foar de steat te sjen, en al hielendal net as dat om triviale redenen is. Yn 1981 sei dichter Bartle Laverman my: “Do bist gjin wiere Fries.” Hell no, ik wie in wiere Friduwih. Mar wylst ik tocht fan se groeie wol op, fertelde yn 2008 myn kollega Hindrik út Boalsert my dat er gjin Fries wie, want hy koe gjin Frysk mar allinne Nederlânske gebeartetaal. Yn 2018 fertelt de Schurerlêzing sûnder te ferblikken dat immen as Hindrik ek minder tolerant is en minder ‘yndividueel kapitaal’ hat as dat de oerheid winsket. Doe’t ik fiif jier âld wie learde ik fan ús heit dat jo nimmen beoardielje meie op it dialekt dat er praat; fyftich jier letter mei ik leare dat jo wol immen beoardielje kinne op it tal dialekten dat er tafallich leard hat?

It fryskeigenjen en identiteitsjen hat foar in radikalisearring yn de man cave soarge, dy’t sa slim net wêze soe as de Bûterhoeke op slot koe. In pear kear yn ’e wike in pizza pompeblêd ûnder it stek troch skowe en doch mar lekker jim ding. Mar al yn 2017, mei de flaggeswaaierij op de sneldyk en de krústocht yn Berltsum tsjin de East-Europeeske arbeidsmigranten, wie dúdlik dat de blaudrukte mienskip sa útslutend en ûnderdrukkend is as wat. Ynienen waard der mei sânskepkes op kopkes huft en nimmen rôp juf. Dat is stout.

Mear fan Friduwih Riemersma

Fryslan as failed state De reden dat eartiids it najonalistysk sentimint fan fraternité, frij oer te setten as ‘mienskip’, sa súksesfol om him hinne sloech …
Skiuwersboun skrast lid om drege briefkes In flash drama- In dierbere freon, yn in ûnmooglike situaasje. De koele fraach ‘is der wat datst witte wolst’ …
Iepenbiere romte Werom nei it merkeplak fan eartiids… It bart gewoan wêr’t jo neist steane.
Postma yn ’e Proustgreep Fan alle Fryske akademisy meitsje jo mei Goffe Jensma oan jo side de bêste kâns op winnen yn in pub quizz …
Loaiïngea I, II en III De ûnferwacht kâlde, wiete Marchwyn liet amper ta om op fuotten it alderearste paad fan myn libben del te gean.
De Fryske kristenen en de literêre kanon Dat de literêre kanon fan de wite kristlike mannen foar de wite kristlike mannen is, jildt tsjintwurdich as in klisjee.
Keunstners? “Yn Fryslân is elkenien in dichter,” is in húsrieme skimp fan ús mem.
Agatha’s briefkeunst Alde emails smite jo fuort, mar âlde brieven dat is in hiel oar ferhaal.
Groeimodel bestiet hielendal net en is desastreus as it der komt “Groeimodel moet niveau van Fries op basisscholen vooruithelpen”, suggerearret deputearre Sietske Poepjes
Keunst yn it Friesch Dagblad It trochgeande lytser wurden fan de romte foar keunst yn de media is net unyk foar Fryslân. Oeral op ’e wrâld …
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15