Abe de Vries

Abe de Vries is de fanatykste dekanonisearder sûnt Sint Siprianus, hy wegeret lykwols de Nieuwe encyclopedie van Fryslân te bestriden dêr’t er sels yn opnommen is, hy wennet yn Aldsyl en is te berikken op abedevries@hotmail.com.

Bydragen fan Abe de Vries

Op Ropsyl Der is in flakte, neffens stedske mjitting leechte,/ fol kleur en rigen biten om tsjin stoarm te rinnen
Atsee Nee, de boarnen binne net ienriedich oer / Hoe’t it teneate gong en wa’t net woe
Foar Rink, no’t er in stien krije sil Trêdzje skulpebrekkend fierder nei it easten/ oer de âld spoardyk, de ûngediene achterkant
Omkearing fan fabels Dit binn’ de dagen net fan ’e doarpen yn ’e omkriten./ Fierder as it stoart wankt, op ’e hast bouripe blabze,
Minder minsken foar mear literatuer Demokratisearring en Fryske literatuer, 1960-1975
De spikerbrits fan Tsjirkje: De spikerbrits fan Tsjirkje: Jan Wybenga en de Twadde Wraldoarloch Nacht. It hotelkeamersrút oan de Wittekindstrasse lit it stasjon fan Delmenhorst sjen yn it skynsel fan strjitlampen, neonreklames en bondels autoljochten. In pear huzen fierder ferriedt it ôfbletterjende pears
Wachtsje op de lêste debutant? Untjouwingen yn it útjaan fan Frysktalige poëzij, 2005-2016
Wolkom yn Fryslan! Noch leit de oprôle fûst fan ’e buorren/ driigjend tsjin harren sûnder hûs en hiem.
De gek mei Prokrustes: Literatuer en identiteit yn de 19e ieu Vooraanstaande Friesche schrijvers zijn haast alle uit het midden van het (boeren = plattelands-)volk voortgekomen…
Unsichtberheid troch utsluting Dat Joke Corporaal har dissertaasje út 2009 oer Anne Wadman yn it Nederlânsk publisearre, liket in opmerklik feit …
1 2 3 4 5 6 7 8 9

Wurken

Abe de Vries, Blaumelly, De Ryp, 2020. Hjir fine jo it besprek fan de bondel op Fers2 en hjir de resinsje foar de Leeuwarder Courant, troch Elmar Kuiper. Ek by dizze top poëzij-útjouwerij, DeRyp yn Warkum, sil ein 2021 de blomlêzing út it wurk fan Abe de Vries ferskine.

Hjir fine jo it besprek fan de bondel attack sonnets Mienskar, troch Elmar Kuiper, yn ’e Ljouwerter krante.

Abe de Vries, Brek dyn klank, De Ryp, 2015. Wa’t der mear fan witte wol, freegje Eppie Dam (“de bêste bondel sûnt [syn eigen lêste bondel]”) en… lês it!

In waarm wek altyd, Bornmeer, 2005. Foar dizze twadde dichtbondel krige De vries de Gysbert Japicxpriis takend. Hjir fine jo it sjueryrapport.