Wurken

Geertje Kingma & Sieger Rodenhuis, Geen honinck soet sonder bitter gal. Brieven van Agatha, jonkvrouwe Van Groot Terhorne te Beetgum, Bornmeer, 2017. Alhoewol’t de kritiken út âlderwenst it persoanlike en hús­like fan de briefkerij beklamje, lit dy sjen dat santjinde-ieuske frouljus­brieven it private sjenre gauris oergean; foar in part memo’s oer jild en bedriuws­polityk tsjinje se de profesjonele aginda en it delsetten fan in managers­identiteit, likegoed as it trochbrekken fan ’e iensumens yn Bitgum. Kingma & Rodenhuis har eardere life writing omfettet ûnder mear Friese pioniers in Amerika, Adeldom verplicht, Oud Martena te Cornjum: een bewonings­geschiedenis, Wiarda State: een familieslot te Goutum van de families Wiarda, Emingha en Cammingha en Liauckema State en haar bewoners.