Wurken

Sjieuwe Borger, Eksamenjier, Hispel, 2015, roman foar de nije book marketing demografy, sa suggerearret de efterflap ‘belibbing fan jongfolwoeksenen’ a.k.a. ‘young adult literature’, mar hoe subjektyf dy âldens­groep ek wêze mei, nota bene: ek dit ferhaal yntrodusearret tige taastber ferfrjemding as minsk­like kondysje en hat gjin oar antwurd as it rasjonalisearjen fan (ûnderstelde) sosjale (niche-)brûkmen en wensten (ynstee fan te akseptearjen dat minsken mar wat dogge en wy ús libben nea wis binne).