image skriuwersboun

Skriuwersboun skrast lid om drege briefkes

in flash drama

Friduwih Riemersma - Fers2 nû. 4.4, 25 febrewaris 2018

In dierbere freon yn in ûnmooglike situaasje. De koele fraach ‘is der wat datst witte wolst’ lei al klear yn ’e outbox. Skamte, argewaasje en dêrneist ek de winsk om der mear fan te witten. Healslachtich it Skriuwersbounkarbrief út myn âldponghâldershoekje op ’e Google-server helle. Josse de Haan mailt dat se him net skrasse kinne as lid, om’t it kêst ‘dumpen fan leden’ dat net samar talit. En doe dochs, och heden guilty pleasures, frege om de korrespondinsje tusken De Haan en It Skriuwersboun: “Is it wat foar Fers2?” Oef.

Ferieningen binne brânkearnen fan konflikt. Om te begjinnen wurde minsken lid fan ferieningen sûnder te witten wat in feriening feitlik is en hoe’t dy funksjonearret, wat hiel faak liedt ta skeel. In Feriening is in organisaasjes dêr’t om in beskaat doel te berikken, it doel dat fêstlein is yn it karbrief, de leden mei-inoar oparbeidzje. De feriening syn Algemiene Ledegearkomste is de wetjaande macht, it orgaan dat besluten nimt en troch karbrieven it foech fan de útfierende macht, it ferieningsbestjoer, fêststelt en bestjoersleden oannimt en ôfset. Dy grûn fan de leden allegearre mei-inoar jout de waarme gloed fan wy mei syn allen skouder oan skouder yn folle harmony op nei gloarje, Fryslân boppe.

Deryn komt it ferieningsbestjoer. Dat nimt besluten dy’t soms hielendal gjin draachflak hawwe by de leden. Dat hoecht syn gearkomsteoantekens net iepenbier te meitsjen. Dat hat in wetlik ferankere frijheid fan bestjoer—it begryp ‘bestjoeren’ is net definiearre yn ’e wet: jo kinne alles wat jo dogge bestjoeren neame—en hannelet net op ynstruksje fan de Algemiene Ledegearkomste. Dat hoecht ek de leden net de relevante ynformaasje te jaan sadat dy advys jaan kinne oan it bestjoer, sels as hja ekpert binne op it mêd.

Tagelyk hawwe ferieningsbestjoeren de morele plicht om, just om’t ferieningen eksplosive fetten binne, konflikten op te lossen, dus dy net út de wei te gean en al hielendal net sels te skeppen.

Deryn komt De Haan. Hy is al fyftich jier lang in bysûnder aktyf skriuwer, hat sa’n fjirtich Fryske boeken skreaun en is al lang lid fan it Skriuwersboun. Hy lêst yn it ferieningskrantsje Oesdrip dat it Skriuwersbounbestjoer “dit jier [2018] al mei meardere ynstânsjes yn petear west” hat om “ús soarch oer it fuortfallen fan it gesicht nei bûten ta sa as Teake Oppewal dat wie foar de Fryske literatuer” op it aljemint te bringen. De Haan is it net iens mei it nea mei de leden bepraat stânpunt dat no as offisjele ferieningsfisy foarsteld wurdt. Hoe sa hat de feriening dy ‘soarch’? Kinne de leden yndie it hanneljen fan Oppewal as ûnmisber beoardielje, sjoen Oppewal syn ynstitúsjonele definysje fan literatuer, en jouwe de leden (dus) net oan oare soargen de prioriteit?

De Haan skriuwt dalik in briefke nei de foarsitter fan it Skriuwersbounbestjoer. “Ik … stel dat dizze man in lytse 25 jier de Fryse literatuer it echte gesicht ûntnommen hat”, om’t er mei de produksje fan

2 ‘kristelike’ sammelbondels dy’t er ‘Spiegel van de Friese poëzie’ neamde de avantgardistyske poëzy … op side skode. … It Skriuwersboun soe fjochtsje moatte foar oersettings yn ûnderskate talen.

Der komt gjin antwurd.

De dei derop, tongersdeitemoarn 15 febrewaris, skriuwt De Haan wer in briefke. Opnij nei de foarsitter: “Om jo ûnkunde oangeande guon aspekten fan de Frysk literatuer wat op peil te bringen, hjir trije titels.” Yn de neamde wurken beskriuwe Huub Mous en De Haan sels de gefolgen fan it yn hannen lizzen fan de beskikkingsmacht oer wat Fryske literatuer is by ien persoan yn in machtige, ûndemokratyske semy-oerheidsynstelling. Dat resultearre yn in smelle, statyske en top-down opfetting fan literatuer en dêrtroch yn it op arbitrêre grûnen útsluten fan guon skriuwers fan erkenning. Stipe oan dyjingen is nicht in Frage: “It Boun soe foar skriuwers opkomme moatte, itensiede kinne se sels wol.”

No komt der wer gjin antwurd. Deryn komt Skriuwersbounfoarsitter Tryntsje van der Veer, op 15 febrewaris om teetiid.

Acht lid fan it Skriuwersboun,

Wy fersykje jo it ledejild foar it jier 2018 oer te meitsjen. It bedrach is itselde as ferline jier, dus € 25,00.

Graach dit bedrach oermeitsje op NL XX BANK XXXX XXXX XX op namme fan it Skriuwersboun mei fermelding fan jo ledenûmer.

Fierder hat by kontrôle fan de lede-adminstraasje fan 2017 bliken dien dat jo foar dat jier noch net betelle hawwe.

Soenen jo ek it bedrach foar dat oanbelangjende jier oermeitsje wolle?

It totaalbedrach komt dan út op: € 50,00

Wy freegje jo dat foar 1 maart 2018 te dwaan. Mochten wy foar dy datum gjin reaksje ûntfongen hawwe, dan geane wy der fanút dat wy jo as lid útskriuwe moatte.

Mocht it al oars wêze, wolle jo ús dit witte litte yn reaksje op dizze mail.

Tige tank yn ’t foar en mei freonlike groet,

út namme fan it bestjoer,

Tryntsje van der Veer, waarnimmend ponghâlder

Ienris troch de taalynnovaasjes en it meartalich Frysk hinne wurdt it De Haan dúdlik dat it giet om in moanbrief. Hy krijt tolve dagen, twa dagen minder as de standerttiidromte fan fjirtjin dagen, om in bedrach te beteljen dêr’t er nea in faktuer foar krigen hat, nea in betellingsattindearjen, nea in beteltermyn of ferfaldei, nea in faktueroersjoch, nea sels faktuernûmers en nea in fraach om kontakt op te nimmen sadat fragen beändere wurde kinne en (finansjele) kwestjes oplost. Faaks is der hielendal gjin winsk om kwestjes op te lossen. Stiltsjes giet de foarsitter ôf yn har tutútsje.

Mar opnij stjoert De Haan har in email: “Jo antwurd moat ik no begripe is: earst betelje?” Der komt gjin antwurd. In dei letter stjoert De Haan dan mar in berjocht nei de skriuwer fan it bestjoer:

Goeie Geart,

Ik krij fan mefrou Van der Veer in dwangbefel om foar 1 maart de kontribúsje fan ’17 (ik haw doe nea in rekken sjoen) en ’18 te beteljen. … Lykas 2 jier lyn reagearret dit frommis net op myn brieven … Ik bin al jierren lid en haw ek altiten betelle.

Ek dêr komt gjin antwurd op. Dan giet der in email nei publisist Sito Wijngaarden. Dy reagearret al:

Dokke en nokke.

De Haan beslút sa: hy sil syn stipe betelje foar 2018, mar kwytskelding oanfreegje foar de stipe fan 2017, dy’t it bestjoer ommers no krekt foar’t ljocht hellet. Wegeret it bestjoer de kwytskelding en skrast it De Haan as lid dan kin er yn berop gean. In berop hellet de saak wei by it bestjoer; de Algemiene Ledegearkomste beslist no. Lykas sein kinne de leden it bestjoer net twinge om op in beskate manier, bygelyks in behoarlikenien, te bestjoeren mar wol kinne se it bestjoer ôfsette. Dat sille se inkeld dwaan as it oer de hege skuon rint … Ynienen komt der dan op sneintejûn noch in antwurd! Deryn komt it folsleine bestjoer.

Us mail oer de kontribúsje (ûntertekene troch Tryntsje as waarnimmend ponghâlder) wie fansels net bedoeld as antwurd op de mails oer Teake Oppewal. Mooglik ha wy in fersin makke wat it ledejild oer 2017 oangiet.

Ek it ‘al mei meardere ynstânsjes yn petear’ yn ’e Oesdrip liket in fersin: “Wy hawwe Bert Looper derop oanskreaun dat wy ús grutte soargen meitsje.” En dat iene, blykber ûnbeändere “brief is fansels net bedoeld om de hear Oppewal … de himel yn te priizgjen.” Mar middenmank dy stikjes fan ’e “net bedoeld”-puzel bliuwt it royemint, by útbliuwen fan beteljen, oerdúdlik stean—ek al kin der in administratyf “fersin” wêze. Lies De Haan it goed? Ja. Nei trije dagen koe it bestjoer him gjin útslútsel jaan oer de dubieuze troefkaart fan de ûnbetelle stipe fan 2017. “Kontrôle” op tongersdei liet noch sjen dat der net betelle wie, mar op snein witte wy it net mear? Wêr is de ledeadministraasje? Kwytrekke en gjin back-up makke?

Krekt noch hie ik gerêststellend tsjin Josse de Haan sein dat it fansels ûnmooglik is dat it Skriuwersbounbestjoer it swijen oplizze kin mei in skaadadministraasje foar drege briefkesleden. Ferjitte harren de stipefaktuer te stjoeren, trije moannen wachtsje en harren dan as wanbetellers fan ’e ledelist skrasse: “Soks kin fansels net.” No, it kin al by it Skriuwersboun. Dat is fier oer de alderheechste skuon.

Hjir fine jo de korresondinsje tusken De Haan en it Skriuwersboun. Foar it iepenbiermeitsjen fan priveekommunikaasje is tastimming jûn.

Noaten

* It Ferieningsrjocht is opnommen yn it Boargerlijk Wetboek, kêst 2:26 oant en mei 2:52 BW (NL); royemint (ûntsetting) is regele yn kêst 2:.35 3.
** Sjoch de Tips oer it royearjen fan ferieningsleden (NL).

Mear fan Friduwih Riemersma

‘wat bin ik sels, wat is in oar’ It oeuvre fan Sjoerd Spanninga
Any other outcome I refuse It ôfslútpraatsje fan kulturele haadstêddirekteur Van Bekkum
Brekkend! Webside Beammeboek stilset In moanne lyn koene wy de webside fan de nijste kanon­assimblaazje, Salang’t de beam bloeit, al net fine.
Froulju ‘heechliterer’ skriuwe litte is befestigjen fan de wite manljuskanon De minyreboelje om it boeke­wiketema ‘Moeder de vrouw’ liet sjen hoe’t de gender gap yn de literatuer weiwiuwd wurde koe as feministyske drokte om neat.
Tsjinwynkronyk 2018 #3 It tredde fearnsjier fan it kulturele haadstêdfoarfal ken it morele lok fan prachtich simmer­waar en toeristesprieding …
Tsjinwynkronyk 2018 #2 It twadde fearnsjier fan it kulturele haadstêdfeest, it maityds­seisoen, is wannear’t de ferdivedaasjeflaggen plante wurde moatte yn it kulturele wapenkamp
Pentastich foar A De dichter syn frou / Draaft oer de krytstreek
Sekssênes út Bist al hast klear? ‘Hin, midslibbenkrisis? Jong jonkje foar derneist om de takom njoggenentritich jierren kinky te meitsjen, sportwein en tada! Keunstfraude!’
‘Ik stean der net yn, do wol?’ Oer Salang’t de beam bloeit: Koarte skiednis fan de Fryske literatuer
Sekssênes út Bist al hast klear? Hy hat de royale selswissens en body-mass-index fan in tweintiger mei tefolle jild.
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15